| |
| |
| |
23
Brucht leit langút op bêd. Hoe't er him niis wer de keamer út stjoere litten hat, as in bern wurdt er behannele. Hy is sechstjin! Fierder sjocht heit finaal by him lâns. It makket him gjin donder út oft er no al of net bestiet. Peter syn heit nimt Peter mei nei de kompjûterbeurs en keapet in twaddehâns kompjûter foar him. Steven syn heit giet in wike mei Steven nei Denemarken te seefiskjen. Noait bemuoit syn heit him mei him. En no wurdt er nei boppen stjoerd mei in stile bôle omdat dy slet sa noadich mei troude keardels omslaan moat. Sy hat altyd al syn popke west. Him kin er net ferdrage en helendal net mear nei dy kear dat er de opmerking makke dat er him yn 'e stêd sjoen hie mei dy blonde del neist him yn 'e auto. Al hie er dat lêste der net by sein. Doe hat er it bedoarn en dêrom moat er no hieltyd fernedere wurde. Iepentlik kin er der fansels neat oer sizze. Dat doart er net, hy is bang dat der dan noch mear loskomme sil oer wat hy miskien sjoen of heard hat. En dan moatte je sjen hoe't er mem behannelet, elk minske dy't eagen en earen yn 'e kop hat fait it op dat er har net telt, dat er op har delsjocht. Wêrom oft er Tessa sa oanbidt is net te begripen. Op skoalle bakt se der neat fan en dy trutten dêr't se mei omgiet moatte him ek net bekoare kinne. Hy hâldt fan sjike dames. It sil der wol mei te krijen hawwe dat it in famke is. Alles wat frou is, of better sein, wat boarsten hat, dêr falt er foar. Wat Tessa docht of seit is okee, de bewonderjende oandacht dy't er har bytiden jout is helendal om de kots fan te krijen. Sels de Hierfrou fynt er boeiend, allinne omdat Tessa der komt fansels. As Tessa in probleem hat, lost er it foar har op, de
| |
| |
learaar wurdt belle as se har húswurk net meitsje kin. Se moat goed ite, goed sliepe, ien en al begrutsjen en soarch is er. Mar hy wurdt meisleept nei Jan Snoek en foar skut set omdat er ien sa'n kloate iel út in fûke helle hat. Noait sil er wat posityfs oer syn sifers sizze, dat is allegear heel normaal. It is handich dat je goed leare kinne, dan ha je letter mear kâns op in goede baan, is alles wat him ta de strôt útkomt. Noait in komplimint, alles draait om de maatskippij! Want dêr is it grutte jild te fertsjinjen en dêr binne de boatsjes en de froulju. Boatsjes? Boaten! Jachten! Wat langer en lúkser, wat ynteressanter oft it wurdt. Mem moat ek fan boaten hâlde, foaral fan sylboaten. Se moat hâlde fan de dingen dêr't hy fan hâldt. Docht se dat net, dan hat se pech hân, dan giet er der allinne op út. Mei freonen op fakânsje yn in twamester nei Ingelân, want hy moat it aventoer fiele, syn enerzjy kwyt. Se moat oare ldean oandwaan en it hier oars ha. Dat de tún foar mem opkomt en dat je dêr net yn galajurken yn omteantsje ferjit er. Se moat wurk sykje. Wêrom wurket se net? Hy moat wol witte wat er seit, as er no thúskomt hoecht er neat te dwaan. Hy kin thúskomme as it him past, hy hoecht allinne mar op 'e stoel del te ploffen en him betsjinje te litten. It leafst achter de krante, want dan hoecht er net ien oan te sjen en net ien hoecht him te sjen, kin er fijn neigenietsje fan syn aventuerkes. As Tessa yn 'e keamer komt, lit er de krante even sakje. Tessa is de muoite wol wurdich. Dat mislike bern is noch te eigenwiis om him fatsoenlik antwurd te jaan as er har wat freget. Se sjocht finaal by him lâns. En as se al nei him sjocht, dan sjocht se nei syn pûkels, se docht it mei sin, dy trut. Sa ûnskuldich as heit har hawwe wol, is se net. Se tinkt dat se frijút gean
| |
| |
sil, se wit presiis hoe't se heit bespylje moat. Hy hat har wol op Jeroen ombleien sjoen yn 't lân by dy ko dy't se sa noadich melke moasten. Heit moast ris witte wa't dy leave Tessa fan him echt is.
De fuotten en hannen jokje him. It leafst skopte en sloech er har wêr't er har reitsje koe. Dat er mei nei Jan Snoek moast, hat er oan har te tankjen. As it heit syn popke net west hie, hie er him der net sa drok om makke. Bespodik, it like wol as hie er in misdied begien. Hy sjocht op it horloazje. Hy moat fuort. Hurd stoot er by de trep del. 'Hoi!' ropt er lûd yn 'e gong.
It hûs is leech. Krekt sa leech as dat se harsels fielt. Tessa is as lêste fuortgongen. 'Hoi!' rôp se hastich troch de doar, krekt as wie der neat gebeurd. Dat moat se dan mar leauwe en mar wer ôfwachtsje wat har fierder noch boppe de holle hinget. Se sjocht nei de smoarge brot op 'e itenstafel. Simen komt net earder thús as jûn let, hy moat de útstelde ôfspraak fan earjusterjûn noch neikomme. Mei Tessa wurdt it ek net earder as iterstiid as dy nei skoaltiid nei de Hierfrou giet. Brucht sil wol op 'e neimiddei thúskomme, hy hat freeds in lange dei. As se Brucht net hie, wie der helendal gjin eare mear oan te beheljen. Dy jonge hâldt har noch in bytsje op fuotten. Dy oare twa dogge mar wat se wolle, se steure har oan gjin minske. As se it beslút net nommen hie om har ynskriuwe te litten foar dy oplieding yn 'e sikesoarch, wie 't har helendal oanflein. Straks even belje hoe't it dêrmei liket, oft se ek selektearre is. Miskien jout dy oplieding har wer wat mear doel yn 't libben. Se hat altyd al mal mei poppen en lytse bern west. Eartiids hie se graach foar froedfrou leare
| |
| |
wollen, mar se moast har heit yn 'e winkel helpe om't har mem it net oan koe. It griisde har mem oan om alle dagen wer nei itselde ôfwaaide praat hearre te moatten. Mar dat ôfwaaide praat wie wol goed genôch foar har dochter. 'Moai waar, net? Suterich hjoed, net? In hûn litte je der mei sok waar noch net út. Waarm hear! It is my te benaud, in pear graden minder kin't my ek wol dwaan.' As der ien deagongen wie of in slimme sykte hie, of ien hie wat dien dat net troch de mesken koe, hokken se yn groepkes byelkoar gear, yn of bûten de winkel. Se wienen net mear fuort te brânen. Neat woenen se misse en elk wist presiis út te lizzen hoe't it al of net moast. Oant se sels it slachtoffer fan wat waarden, yn gjin wiken of moannen seagen je se dan wer. Se stjoerden de bern of gongen nei in oar doarp te boadskipjen. Tsjin har holden de minsken har noch wol in bytsje yn, miskien fûnen se har te jong foar drege ûnderwerpen, it praat bleau meastal yn wat algemenichheden stykjen. 'Ja fanke, it is in rare wrâld... men moat it ferstân derby hâlde, mar bytiden soe it je oanfleane, de minsken dogge tsjintwurdich mar. Respekt foar elkoar is der net mear by.'
By heit hienen se net folie lans, hy draafde sa gleongekhastich troch de winkel dat net ien him steande doarst te hâlden. Nei in pear wurden wie er al wer fuort, fierder as: 'Moarn Abele, ek mar wer drok net?' kamen se net.
'Ja bern, it wurk giet wol troch', sei er deis wol tritich kear. Se koe it net mear hearre. Mem siet wat by de kachel te ldommerjen, se wie altyd kâld. It iennichste wat se die wie de boekhâlding safier bywurkje dat heit der net yn omkaam. Albert wie har bern. Dêr libbe se foar, se wie grutsk op him. Hy soe it letter fier skoppe. Albert dit en Albert dat. Yn alles
| |
| |
blonk er út: yn learen, akkordeonspyljen, fuotbaljen, hy stie net foar neat op 'e spits. It fuotbaljen gong foar, ek al wie it ien dei foar de Krystdagen, dan krige Albert frij fan mem, de buorjonkjes koenen wol even byspringe. Houkje wie sa handich en se koe sà mei minsken omgean. Dat wienen har kwalifikaasjes. Se koe net oars, der bleau net folie oer as fatsoenlik wêze, oars hie se harsels te pakken. Der wienen dagen dat se de minsken wol mei de boadsldptas om 'e earen slaan woe, mar as se dat blike liet, koe se it letter wer dûbeld en dwers belije. Dan klagen se by har heit dat 'Houkje mei de ferkearde foet fan 't bêd stapt wie' of se seagen wikenlang de oare leant út by de kassa. Doe't Albert nei Grins ferhuze en hy kaam ien kear yn 'e trije moanne del, dan ferklaaide mem har en gong se derfoar sitten. De sneinske koeken kamen derfoar op 'e tafel. Ien kear hie se har mem derop betrape dat se it hier útkjimde midden op 'e dei. De spjelden kamen derút en it hier waard op 'e nij opstutsen. Dat die se oars noait, moarns die se it hier, fierder seach se der net wer nei om. Je koenen oan de tufen hier, dy't út 'e knoet weisakke wienen, sjen hoe let oft it wie. En dat wylst se amper fan 't plak kaam.
Trouwe hie de iennichste oplossing west om in eleskús te hawwen de winkel de rêch ta te kearen. Doe't se ferhuze nei in oar doarp en deis even mei Tessa yn 'e bernewein en Brucht neist har dûnsjend en springend nei de winkel gong te boadskipjen, geniete se. Dat se der net sels yn hoegde te stean, joech har alle kearen wer in oppepper. Sa frij as in fûgel fielde se har yn dy tiid. Faale gong se op 'e weromreis even by buorfrou Sytslee oan om tee. Dy wie gele mei Brucht en Tessa, wizer as har eigen mem mei de beppesizzers. Dy
| |
| |
wie finaal ôfstompt nei it jierrenlange omheukerjen yn it keammerke achter de winkel.
Simen siet doe noch op 't kantoar, jûns kaam er om healwei fiven al thús. Se dienen fan alles mei de bern, wykeins nei de mar te swimmen, fytse, ergens wat dtinke of ite. Doe't de bern grutter waarden fermakke se har ek wol mei 't frijwilligerswurk op 'e basisskoalle en yn 't ferieningslibben. Mei jûns ris in kursus te folgjen ferfeelde se har net. Simmers wie de tun der wol. Stadichoan wie alles oars wurden. Kursussen folge se net mear, se hie har nocht fan it gegriem mei blommen, klaai, papier, mei al dy froulju dy't yn 'e selde sitewaasje as har ferkearden. It skoallewurk hie se noch in jier dien nei't Tessa derôf gongen wie. Wynstil wie it om har hinne wurden. Simen gong hieltyd mear op yn syn wurk en de bern waarden ûnôfhinkliker, se gongen har eigen gong, hienen har der net mear by noadich. Mar der broeide wat de lêste twa jier, it fielde as in stilte foar in stoarm. It koe útrinne op in wynhoas, dy't alles yn 'e rûnte gisele en in ein fierderop wer delkwakte. Stikken, alles oan gruzeleminten wat sa moai west hie. Ek al die se noch sa har bêst om de boel byelkoar te hâlden, it bruts har by de hannen om 't ôf. No wer dat gedoch mei Tessa. En wat hie Simen allegear by de ein? Hy sei lêstendeis wol dat er syn libben oars ynrjochtsje woe, betsjutte dat ek dat der noch plak foar har wie? Nei't er ferkeaper wurden wie, wie er in oar minske wurden. Yn t begjin fertelde er noch wolris wat oer de djoere boaten dy't er ferkocht en oer de rike sakelju dêr't er mei út te iten west hie, oer de easken dy't harren froulju oan har stelden. It mear wie noait fol, alles draaide allinne mar om jild en status by dy lju. In stresserich bestean, mei drank fer- | |
| |
sette se de sinnen, de measten liede in dûbellibben. Sels fersette er de sinnen ek, de ferhalen kloppen net mear. Hy wie der blykber troch oanstutsen rekke. Hy ûntwiek har eagen ek. Soms, as
se harsels sterk fielde, besocht se noch wolris om wat út him te krijen, mar hy sei net mear as wat er kwyt woe, hy kaam der net foar achter de krante wei. Jûns op bêd mocht se foar him klear lizze. Mei wa wit dy't er noch yn 'e holle hie mocht se it bêd dele. Tocht er echt dat se ûnnoazel wie? Hoe koe se it keare? Leaf tsjin him dwaan? Wannear moast dat as er noait thús wie en as er wol thús wie, ûnberikber? Mei Tessa ferliest se it kontakt ek hieltyd mear. En se wie doe noch wol sa bliid dat se in famke krige, se woe it oars dwaan as har mem. Doe't Tessa lyts wie, wie 't in prachtbern, spontaan en heel oanfallich mei dy grutte eagen en dat wite hier. De minsken lutsen as magneten nei har ta. Nei de basisskoalle wie 't in heel oar bern wurden, se wie stil en ôfwêzich. Se tocht dat it de ynfloed fan de Hierfrou wie.
In skoft stoarret se nei de krommen yn har board.
Wie it wol earlik om de Hierfrou allinne alle skuld yn 'e skuon te skowen? Wist se mar wat der mei Tessa wie. Soms hat se it gefoel dat se ergens mei ompakt. Brucht feroaret ek, mar dan earder de goede leant oer. As bern mocht er graach pleagje en kattekwea úthelje. It wie mar in gelok dat Tessa doe goed foar harsels opkomme koe, se biet en klaude fan har ôf as in jonge kat. De lêste jierren lit Brucht har mear gewurde, it bekfjochtsjen ûnder iten net meirekkene. Se groeie út elkoar. Dat leit him earder oan Tessa as oan Brucht. Tessa kin sa ôfstanlik dwaan, sa'n arrogante hâlding oannimme, madam stekt de noas yn 'e loft en se heart der net mear by. It is oalje yn 't fjoer by Brucht. En net allinne
| |
| |
by him, sels kin se der ek net oer. As ien ding har yrritearret, is it wol dat ivige arrogante swijen fan har en dan dy snibbige antwurden. Miskien seurt se tefolle, miskien hat Simen gelyk, mar moat se it dan gewurde litre dat se der op skoalle neat fan bakt? Dan kin se letter ek achter de kassa sitte en oer it waar en de lange dagen prate. As se Simen leauwe moat, komt alles wol goed as sy har der mar net mei bemuoit. Moaie boel, moat se Tessa fersûpe litte? It soe skande wêze, se hat deselde kapasiteiten as Brucht as se har bêst docht, mar se aait leaver de katten by Sjerda.
Houkje rint nei de dûs en hellet in seresta. Se jit har in nije kop tee yn. Ofwêzich strykt se wat krommen by elkoar yn it pantsje foar har. Ynienen skrikt se fan har eigen gedachten: it begjint op 'e sitewaasje foarhinne by har thús te lykjen. Brucht en Albert. Brucht is har bern wurden. Oer twa jier sil er nei Grins te studearjen. Se is grutsk op him. Tessa hâldt har op in ôfstân, krekt sat sy dat mei har mem die. Miskien wol om deselde simpele reden as har, dat se har mem net ferdrage kin en gjin inkeld respekt foar har hat. Soe se jaloers op Tessa wêze, omdat dy wol har eigen libben doart te lieden? Sit der wrok by harsels oer har eigen jeugd dy't se no op Tessa ôfreagearret? Sy hat dien wat der fan har ferwachte waard, alle dagen wer, wylst se leare wollen hie. En noch altyd lit se har brûke troch elkenien. Wêrom wol se alles sa ûnder kontrôle hâlde? Elk minske kin op elk momint fan de dei ldeze foar in oar bestean, sy ek. No op dit stuit wol. En wêrom soe Tessa ailes lerekt sa belibje moatte as har? Miskien hat se de ambysje wol net om fierder te studearjen! Se hat har noch noait frege wat har letter in moai berop taliket. Teleenjen fynt se moai, dat fait wol op, it is it ien- | |
| |
nichste fak dêr't se har foar ynspant. Wat kin in minske mei tekenjen? No begjint se al wer de boel foar in oar yn te foljen! Krekt as eartiids yn 'e winkel, fakken folje, fraach en oanbod. Wêrom soenen je neat mei kreative fakken kinne? Grafysk ûntwerpers, arsjitekten, yn 'e moade, dekôrbou, yn 't ûnderwits, banen genôch. Gau giet se oerein en rëdt de tafel op. Underwilens moat se oan Simen syn wurden tinke: 'Do leaust alles wat it doarp seit, tink sels nei'. Miskien is dat wol net sa'n gek idee, dat kin se wolris wat faker dwaan. Se hat altyd bang west foar wat de minsken sizze, dat is ek noch út 'e tiid
fan 'e winkel. Se wit hoe wreed oft se wêze koenen, hoe't se elkoar mei de nekke oansjen koenen, hoe't se elkoar deaswije koenen as der wat wie dat har net befoel. 'Hoe tinke se oer dij?' Dat sei er ek noch. Daliks hie se de bal weromkeatst en roppen: 'En oer dij?' Hoe soenen se eigendik oer har tinke? Se docht neat ferkeard. Helendal neat? Ynienen wol se graach dat Tessa thúskomt.
Se krijt it tillefoanboek en siket it nûmer fan Soarchsintrum AOS.
Mei spanning wachtet se op 'e stim oan 'e oare kant.
'Soarchsintrum AOS, mei Janny Kramer.'
'Jo prate mei Houkje Simonides, ik hie in fraach oer de oplieding Sikesoarch dy't yn septimber út ein sette sil.'
'Momint, ik ferbyn jo even troch.'
Nei in pear tellen heart se in manljuslûd koartôf sizzen: 'Achenbach.'
'Houkje Simonides. Ik woe graach witte oft ik ek pleatst bin foar de oplieding Sikesoarch, dy't yn septimber...'
'Ik krij de list der even by. Wat wie de namme?'
| |
| |
'Houkje Simonides.'
'Jo binne pleatst, mefrou. De ynformaasjebrosjuere en de formulieren mei ynsletten akseptgirokaart kinne jo begjin nije wike yn 'e brievebus ferwachtsje.'
Se rint troch de keamer en rommet hjir en dêr wat op, ûnderwilens sjocht se yn 'e spegel. It hier sit har as in pankoek op 'e holle, de lêste kear hat se it sels wat byknipt. It wurdt griis by de sliepen. Se hellet de spegel fan 'e muorre en giet derby sitten. Dan falle har ek in pear lytse, swarte hierkes op, se sitte yn in groepke by elkoar op it kin. Taaie hierkes binne it, mei de fingers kin se se net te pakken krije, hieltyd gliidzje se tusken tomme en wiisfinger troch. Se lûkt de ûnderlippe yn en stekt it kin nei foaren. It binne mear as dat se tocht hie, gau hellet se in pinset en begjint te lûken. Under de noas sitte ek in protte, gelokkich binne dy ljochter fan kleur. De triennen spatte har derfan yn 'e eagen. Se kuert it hele kin bydel en ferjit even alles om har hinne. As se klear is besjocht se harsels mei de spegel in eintsje fan har ôf. Miskien koe in kleurke yn 't hier de boel wat opfleurje, wat readachtichs, kastanjebrún mislden? Doart se dat? Wat soenen se yn 't doarp sizze?
Altyd de minsken! Wa bin ik en wa binne de mìnsken? freget se lûdop oan harsels. Se skrikt fan har eigen lûd, it heart har frjemd yn 'e earen. Is dat har stim? Se sjocht op 'e nij nei harsels, nei de útdrulddng op har gesicht, nei de eagen, de foarm fan 'e mûle. Wat ferkrampt is de mule. Ferwondering leit yn 'e eagen, teloarstelling, wanhoop en... ûnte-fredenheid op it gesicht. Doart se dat, echt nei harsels te sjen? Achter it masker fan ûnfrede mei har bestean? Doart
| |
| |
se wol in eigen miening te hawwen? Earst sels te tinken en har dêrnei ôf te freegjen wat in oar derfan fynt, yn pleats fan oarsom? Miskien hoecht se har net iens ôf te freegjen wat in oar derfan fynt, is dat net noadich... Soe se fan lytse poppen en lytse bern hâlde omdat dy noch gjin foaroardeel hawwe en fol fertrouwen binne, earlik en suver? Berne-eagen binne feilich. Eigentlik is se net allinne bang foar de minsken, mar ek foar harsels. Har grutte angst is dat elkenien har yn 'e steek litte sil. It hat der fêst mei te krijen dat se harsels yn 'e steek litten hat, jierren lyn. Se moat in baan hawwe dy't har foldwaning jout en jild fertsjinje om wer selsrespekt te krijen. Miskien is it heel goed om oan 'e basis te begjinnen, by de alderlytste poppen. Miskien kinne dy har it fertrouwen weromjaan dat se mist. Oan har takomst sil se wurkje, dan kin se harsels rêde. Oant no ta ûndient se har besteansrjocht oan de minsken om har hinne, se is ôfhinklik fan dy har grillen hoe't se har deis fielt. Wêr hat se al dy jierren eigentlik op wachte? Miskien kin se nei dizze stúdzje foar froedfrou leare. As se sels earst mar jild fertsjinnet, dan is se frij om te dwaan wat se wol. Sjerda rêdt harsels ek. Tessa sjocht heech by har op en Simen is ek wakker posityf oer har. Nuver eigendik dat se noait de muoite nommen hat om ek mar ien kear mei de Hierfrou te praten. Wat soe it foar frou wêze?
Simen is op wei nei in klant. Twa fyftjinmeter syljachten fan amper in jier âld sil er straks besjen yn IJmuiden, mar syn gedachten binne net by de boaten. Se binne by Brucht. Earst wienen se in skofdang by Tessa, mar oer it gedrach fan Brucht makket er him mear soargen. Tessa is in puberfamke, dêr heart
| |
| |
ferlyfdwêzen by en de problemen der omhinne. Hoe faak hearre je net dat dy famkes ferlyfd wurde op in âlder persoan. Ferfelend is dat se sa min yt en dat duzelich wêzen en spuien; it moat net op anoreksia útdraaie. Hoe't se fan 'e moarn ek wer mei dat stik bôle mei pastasjoka om siet te griemen. Hooplik is it tydlik, binne it senuwen troch dat gedoch mei Fyt en Jeroen. Hy wurket no ek op 'e haven, benijd hoe't dat ôfrinne sil, hy skynt him goed rêde te kinnen mei de mule. It sil mei de tiid wol wer oerwaaie, dy ferlyfdheid. Hoe faak hat er sels net ferlyfd west, en like faak hat bliken dien dat it neat oars west hie as in flecht út it saaie bestean. It jout tydlik wat mear ynhâld en spanning, mar je kinne raar mei de motten op 'e grûn telâne komme as it wer oer is, foaral as ien fan twaen al in partner hat. Wa is hy om dat oan Tessa út te lizzen? Se stiet noch foar it libben, mei hy har no al de yllúzjes ûntnimme? It soe boppedat neat jaan, ien dy't ferlyfd is, is fan 'e wrâld. Neat is mear sat it is, oare wenen jilde. Dy Jeroen soe witte moatte dat sa'n relaasje net kin, wat moat in fint fan oer de tritich mei in famke fan fjirtjin? Je soenen fan in filosoof ferwachtsje dat er syn sûn ferstân brûkte.
Eigendik kin er him wol stilhâlde. Sa ûnskuldich hienen syn flirtpartijkes net altyd west, mear as ien kear wie it út 'e hân rûn. Echt neitinke oer de gefolgen derfan docht er sels ek noch mar sûnt koart. Stadichoan is er derachter kommen dat net ien him jaan kin wat er mist. Hy moat it mei himsels sjen te reden, oars net mear ferlange as 'it belibjen' mei oaren te delen, sonder dat er 'besitte' wol. Nuver dat it him in heal minskelibben koste hat om út te finen, dat je net it rjocht hawwe om ergens beslach op te lizzen. It liket ek wol as woe er himsels pinigje yn dy tiid. Blykber hat er dy spanning
| |
| |
fan it hawwe moatten noadich hân, tefreden wêze ferfeelde sa gau. Spanning, watfoar spanning dan ek, ferjage de slomjende depresje, dy't hieltyd de kop opstekke woe. Mar hy sil de konfrontaasje oangean mei himsels: in nije útdaging. Fjochtsje tsjin de leechte, better sein, de leechte de romte jaan. It flirten mei oare froulju hinget him sa stadichoan ta de keel út. Se hâlde elkoar allinne mar foar de gek, it is in spultsje fan fjochtsjen om elkoars oandacht en bewondering, mei in protte ellinde op 'e keap ta. Not er derop weromsjocht, wie it ien grutte poppekast. Hy skammet him ek. Sonja hat him de skellen fan de eagen falle litten. En it geflean achter himsels oan hat er ek skjin syn nocht fan. Dy Sjerda hat it noch net sa gek betocht. Se ferstiet de keunst om fan de lytse dingen om har hinne te genietsjen, wat bysonders om har hinne te kreëarjen. Wat in sfear wie dêr, sa stil en fredich, midden yn 'e natuer mei al dy bisten om har hinne, dy't de dei nimme sa't er komt. Dat Tessa sa goed oanfielt wêr't se wêze moat! Selden hat er sa'n minske as Sjerda sjoen, je feroarje derfan as je by har yn 'e buert komme. Allinne libje hat wol wat, je binne ècht frij. As je it oan kinne wurde je alle dagen méar minske, minder ferskuord omdat de iene dit fan je easket en de oare dat. It skeelde net folie of hy hie oan Sonja fêst sitten, se ferstie as gjinien oars de keunst om je te manipulearjen. Mar wêr seurt er oer, as hy mei minsken boartet kin er itselde werom ferwachtsje. De opmerldng fan Brucht dat er him yn 'e stêd sjoen hie komt him wer yn 't sin. Brucht woe him fansels fernimme litte dat er wist dat der in frou by him yn 'e auto sitten hie. Dy kear hie it ûnskuldich west. Hy en Sonja hienen neat mear mei elkoar, it hie tafal west dat er har
| |
| |
rinnen seach yn 'e stêd. Hy hie har thús brocht om te hearren hoe't it mei har wie. Dy ôfspraak yn Seelân wie op it lêste momint ôfblaasd. Hoe koe er dat údizze? Hy hie gjin ekskús, hy wie net skjin op 'e hûd.
Brucht is Brucht. Net te folgjen bytiden mei syn frjemde ynfallen. Miskien tefolle kronkels. Troch Houkje tefolle oer it hynder tiid, grutsk as se is op syn knappe prestaasjes op skoalle. Se ferwyt har mem dat dy Albert foarluts. Albert waard op in fuotstik pleatst, sy docht presiis itselde mei Brucht. Soe har dat fergetten wêze? It hat har oars behoarlik dwers sitten, al dy jierren dat se thús de boel berêde moast, achter en foar yn 'e winkel.
Tinkt se dat yntelliginsje alles is? Je hawwe kâns op in bettere baan, mar wat betsjut in goede baan as je iensum binne en gjin goed kontakt hawwe mei minsken? Brucht is net allinne in stikemert, hy belibbet der ek wille oan as in oar yn 'e knoei sit. Hoe krije je dat der wer út? It liket wol as wol Houkje dat net sjen. Doe't er jonger wie narre er beesten: miggen waarden de poaten en wjukken útlutsen, hynders stokjes yn 'e noas optreaun, katten blikjes oan 'e sturt bûn. Wreekt er him no op minsken? Sa't er fan 'e moarn ek wer nei Tessa seach, it wie om bang fan te wurden. It like wol as hie er der alle belang by dat se fernedere waard. Hy iet net foar neat fjouwer stikken bôle op, hy woe neat misse. Mei piipjende remmen stiet er dwers op 'e dyk. In wite auto fljocht noch krekt foar him lâns. It stopljocht wie read, hy hat it te let sjoen. Boppe yn 'e holle bûnzet it him, fan 'e moarn wie er al net frij fan pine yn 'e holle, it wurdt allinne mar slimmer.
Hy lûkt op. Sadree't er in gatsje sjocht dûkt er deryn, de
| |
| |
moter raast deroer. Straks sil er in restaurant opsykje en in kop kofje drinke, dan kin er tagelyk in chefarine nimme. Op 'e rûnwei set er de radio op 1, miskien dat in aktualiteiteprogramma it prakkesearjen wat ferdriuwe kin. It jout neat. Fan alles hat er by de kop... Desert Fox, Clinton en Monica Lewinsky kinne syn soargen om Tessa, Brucht en Houkje net ferkringe, it wurdt der earder slimmer fan. Wat is er foar man? Hy is net in hier better as dy Clinton, hy hat Houkje bedondere en Brucht en Tessa oan har lot oerlitten. Foar de baas is er in bêstenien, dat wol, wa wol seis dagen wurkje, mear as santich oeren yn 'e wike? Houkje is deselde net mear, se begjint op har mem te lykjen, ûntefreden en ivich en altyd ldeie en seure. Alle dagen hat se wer wat oars, Tessa dit en Tessa dat. It doarp seit dit en it doarp seit dat. Normale kommunikaasje is amper mear mooglik. Wannear is it begun, foar of nei syn affêres?
In boerd oan 'e leant fan 'e dyk wiist him op in restaurant. Hy docht de rjochtingoanwizer oan. Se kin alles net witte, mar miskien fielt se mear as dat er tinkt. Hy faget him it swit fan 'e holle. Hoe kin er har fertrouwen wer winne? Is it de muoite noch wurdich? Se sitte elkoar no allinne mar yn 't paad.
As er boppe in kop kofje hinget, slacht de skrik him ynienen om 't hert. Brucht sil it dochs net flikt hawwe om anonym nei Fyt te beljen? Dat dy gedachte by him opkomt, moat al in reden wêze om him soargen te meitsjen. Der is wat mei dy jonge, hy moat fol haat sitte, oars die er sa net. Wêrom haat, foar wa? Hat Brucht in reden om Tessa sa te haatsjen? Of hatet er himsels? Wêr komt dat destruktive wei? Op skoalle binne der gjin problemen, teminsten net dat er
| |
| |
wit. It sil him dochs net oan him... nee, dat is ûnmooglik, hy is ommers noait thús. Konflikten hawwe der amper west tusken Brucht en him. Der is, de lêste dagen net meirekkene, hast noait wat te rêden. Der is neat. Neat? Miskien is dat it wol. Hy hellet de strip mei chefarines út 'e bûse en knypt der twa út. Mei it lêste stealtsje kofje slokt er de pillen troch. Sa kin it net langer thús.
|
|