net kwetse en foarsichtich mei dy omgean. Hy tinkt datst om oandacht ferlegen sitst, datst problemen hast...'
'Se sei datsto ferlyfd...'
'Hat se dat wurd brûkt, Houkje? Se kaam der oars behoarlik nuânsearre mei oan, ik krige de yndruk dat se har wurden mei soarch keas.'
'Do hoechst Fyt net yn beskerming te nimmen, dy kin harsels wol rêde. Se fine har yn 't doarp in bekstik; it is har oan te sjen.'
'It doarp bepaalt hjir wer ris hoe't de minsken binne. Hast dy wolris ôffrege wat it doarp eigentlik fan dij seit, hoe't se oer dij tinke?'
'Of oer dij?'
'Ik wit net goed hoe't ik mei dit ferhaal fan Fyt oan moat. Beskôgje it mar as in warskôging, Tessa. Wa yn 'e fredesnamme bellet oer sokke dingen... it sil wol ien wêze dy't de boel opruie wol. Miskien is it ien dy't Jeroen net útstean kin.'
Ik sjoch Jeroen foar my hoe't er foar Fyt stiet te ligen mei dy achterbakse eachjes en dy sloppe mûle fan him. Mar ik sjoch ús ek yn 'e wâl lizzen. Itselde panykgefoel fan fannacht knypt my de keel ticht, ik kin gjin lucht krije. Myn liif! Help my! It wurdt alle dagen grouwer, noch even en dan is it bewiis levere.
'Tessa, wat is der?' heit syn lûd komt fan fier.
'Ik haatsje Jeroen,' preuvelje ik.
'Do hatest Jeroen?' It is mem.
'Ik haatsje him,' sis ik sacht.
'Wat fret er dan mei dy út?' freget mem.
Heit sil wat sizze, mar hy hâldt him yn, hy wachtet op myn