| |
| |
| |
21
Sjerda sit stiif rjochtop yn 'e wachtkeamer. It swarte hier fan de man foar har stekt skerp ôf by de hagelwite doktersjas. De stetoskoop hinget him ûnferskillich en kâld op't boarst. Der leit in blauachtich flues oer de brune eagen as er by har lâns stoarret. Se wachtet oant er wer begjinne sil te praten. Mar it duorret bûtengewoan lang foar't er de stilte ferbrekt.
'De kar leit by josels. As jo sizze: Ik fyn it net slim om fiif hierberntsjes te krijen, dan litte wy de boel sjtte. Mar jo moatte der wol rekken mei hâlde dat de lytse poppen net allinne mei read hier bedutsen hoege te wêzen, der binne ek oare fariaasjes mooglik. Donkerder hier fait noch mear op. Watfoar kleur hier hie de man dêr't jo omgong, eh... seksueel kontakt mei hân hawwe? Watfoar eagen hie er?'
'Swart hier en brune eagen.'
'Dan is de leans grut dat de measte bern bedutsen binne mei donker hier. Swart is dominant.'
Hy sjocht wer by har lâns.
'Jo moatte it mar sizze, abortus of net. Wy meie net in beslút foar jo nimme, dat moatte jo sels dwaan.'
Se sjocht fiif swarte apeberntsjes om har hinne springen. Dyselde apeberntsjes krioelje no yn har om. Se kin fiele dat se skoppe, soms is it as draaie se har allegear tagelyk om, sa giet it der dan oan wei. Ien grutte hierbal moat it wêze yn har liif. Lykas in nêst jonge kninen yn in hoekje fan it kninehok, allinne stekke der no gjin poatsjes ta'n út, mar hannen en fuotten en de eagen binne ekstra helder yn it donkere hier, se sjogge je oan mei ferstân, mei minske-eagen. Glês- | |
| |
skerp. Eagen dy't om oandacht, leafde en beskerming freegje. De eagen, dy dogge it him. Se kin se mar net kwytreitsje. It is allinne sa frjemd dat se net brune eagen foar har sjocht, mar grize yn in wollich swart gesicht. No al fielt se dat se der gjin ôfstân fan dwaan kin. Se sjogge der sa útsonderlik leaf út, noch leaver as jonge katsjes. Mar hoe komt it as se grutter wurde en nei 't doarp wolle of as se nei skoalle moatte? Wolle oare bern wol mei har boartsje? Wurde se net narre? Ek al binne se mei har fiven, ienris komt de dei dat se elk in leant ut gean sille, dat se wurk sykje moatte en graach in partner hawwe wolle.
'Jo binne der noch net út?' Hy giet stean en rint nei 't rút. Mei de hannen op 'e rêch lit er har fernimme dat it syn saak net is en dat it syn saak ek net wurdt. Syn iennichste taak is it mes deryn te setten, as sy him dêr teminsten de opdracht foar jout. Hy sil soargje dat it mes skerp is. Flymskerp.
'Jo moatte der mar even in pear dagen oer neitinlee. Dat is sels in betingst, it is yn 'e wet sa regele, wy geane net oer ien nacht iis.'
Hy klapt de haldeen tsjin elkoar, tilt de knibbels heech op en mei de eagen op 'e doar rjochte marsjeart er de keamer út.
De doar fait mei in klap ticht. De klap dinderet nei yn 't liif. De berntsjes moatte wol slim kjel wurden wêze. Se hâlde har kalm. Beide hannen leit se op it liif. In lyts fyn traaplee fielt se no wer tsjin 'e binnenkant fan har rjochter hân en dan liket it wol as begjinne se allegear tagelyk te kopleetûmeljen. It rôleballet mar troch, sa bot dat se der even oer ynsit oft se net yn elkoar fertize reitsje sille. De grutte driging is foarearst oer, de poplees moatte it fernommen hawwe, se
| |
| |
binne net mear te hâlden. Noch altyd lizze har hannen op it rûne liif. In pear sentimeter hûd en weefsel sit tusken har en de bern. It liket wol as tikje se har om beurten op 'e fingers. Se wit it ommers wol: dizze hierminskjes wol se foar gjin goud mear kwyt. Eigentlik binne se folle leuker as keale minskjes. Wêrom soenen dizze bern gjin rjocht fan bestean hawwe? Allinne omdat oaren net it fatsoen en geduld opbringe wolle om troch in boskje hier hinne te sjen? Is al dat hier dan net praktysk? Winters is it lekker waarm en simmers biedt it beskerming tsjin 'e fûle sinne. It sparret ek klean út. En dy heldere eachjes, dy't sa wiis sjogge dat it hast ûnminsklik is, it moat in teken wêze. Soe dit in test fan hegerhân wêze kinne? Soe se op 'e proef steld wurde? Wolle se dêrboppe har fertelle dat se gjin hier better is as alle oare minsken as se dizze bern it ljocht yn 'e eagen net gunt? Se begjinne te spinfuotsjen. Se wolle libje. No op dit stuit kin se bewize dat it oardeel fan de minsken har kâld lit. De berntsjes sels wolle libje, dêr giet it om en sa lang as sy libbet sille se net leafde tekoartkomme. En se sil se beskermje! Fjochtsje as in liuw as it moat.
As se oereingean sil om de man op 'e hichte te stellen fan har beslút, fljocht de doar krekt iepen. It gesicht fan de dokter is pearsread, hy hat in slachtersmes yn 'e hân. It is sa krom as it mes fan in seine, allinne breder en koarter. It metaal flitst troch de keamer. Hy sjit op har ta mei it skerpe mes.
'Dêr! Lizzen gean! En gau in bytsje!' raast er, 'Wat miene jo wol net!'
'Nee, ik wol it net, ik wol de bern hâlde...' gûlt se.
'Lizze, dêr! Of ik snij jo mei oan flarden.'
It mes hinget boppe har, se stroffelet nei de brankaar. Se kin
| |
| |
der net op komme, it ding is te heech en as se de knibbel derop leit, rôlet er fuort. Hy skopt har sa fûl ûnder de kont, dat se heech troch de loft sûzet en op 'e brankaar delfalt. 'Dat ha je fan dy goare neukerij, bleien binne jimme wiven, geile hoeren. Poaten út elkoar! De poaten ut elkoar. Nó! Jo hawwe my wol heard! Hoer! Smoarge slet!'
Se knypt de billen stiif tsjin elkoar en hâldt de hannen in heale meter boppe it liif. It mes komt der mei in fûle klap op telâne, fingerseinen stowe yn 't rûn. Dan tilt er it op 'e nij omheech, in ein boppe syn holle. Wer rekket er har, no midden yn 't liif.
Fan in sacht, earmoedich geskriem wurdt se wekker.
Se raast it út en sjocht wyld om har hinne. Wêr binne de bern? De dokter? It mes? Se leit net op in brankaar, se leit op har eigen bêd. It is ljocht yn 'e sliepkeamer, de sinne tekenet in smelle baan op it behang, de gerdinen binne net goed oan elkoar ta lutsen. Se driuwt yn 't swit, it boarst giet hurd op en del. Skoftenlang stoarret se nei de houten planken fan it skeane dak boppe har.
De nachtmerje moat mei Fyt har boadsldp te krijen hân hawwe, konkludearret se. It tillefoanpetear krekt foar't se op bêd gong, hat alles wer by har iepen skuord. Yn gjin jierren hie se mear oer de abortus dreamd, al wist se wol dat se dat noait wer kwytreitsje soe. It wrotte noch ergens om, djip yn har. Se fernaam it as de katten jongen krigen of as der in kealtsje kaam. Mar sadree't se fielde dat de gedachten har oermânsk waarden of dy kant út woenen, socht se hurd ôflieding. Yn 'e tiid dat se noch in hynder hie, socht se treast by him. Doe't se gjin hynder mear hie begûn se oan in swier karwei bûtendoar: se hakke in stik tún om of se heakkele
| |
| |
in feart út. Dat it noch sa ticht ûnder de hûd siet en sa sear dwaan koe, komt har raar oer 't mad. De pine en angst wie yn 'e dream suver like sterk as fiifentweintich jier lyn doe't se it bern weinimme litten hat. Ynienen sjocht se harsels wer rinnen op wei nei it sikehûs, mei de blauwe wykeintas yn 'e hân. De reis troch it park, it bankje dêr't se op siet, omdat se te betiid wie. De minsken op 'e paden, meast froulju mei berneweinen en âlderen, seagen har net allinne nijsgjirrich oan, dat wie se wol wend, mar ek mei wat fan begrutsjen, as fielden se dat der wat net ynoaider wie. Dat se in djip fertriet yn har meidroech.
'Dan litst it mar weinimme,' hied er sein, 'it wie myn bedoeling absolút net om in fêste relaasje mei dy te begjinnen.' Letter krige se te hearren dat er mei har op bêd gongen wie út nijsgjirrigens, om te sjen hoe't it lichem fan in frou, bedutsen mei hier, derút sjen soe. Hy ferwachte dat it him opwine soe. In 'goede' freondin hie it fan oaren heard en oan har trochferteld, omdat se miende dat it better foar har wie as se wist watfoar soarte man er wie, dan koe se him haatsje. Haat wie in goed medisyn foar in ûnbeantwurde leafde, tocht har freondin. Oan haatsjen kaam se net ta, it die te sear. Se fielde har net allinne fernedere en yn 'e steek litten troch him, mar ek troch har.
Sjerda smyt de fuotten neist it bêd. In lilkens sa't se dy yn gjin jierren mear field hat wrot stadich omheech. Se bliuwt op 'e râne sitten en besiket harsels wer wat ûnder kontrôle te krijen. As Jeroen it oandoart en kom hjoed del, dan komt it op 'e kop ferkeard, dêr ken se harsels goed genôch foar. Wat hat er mei Tessa útfretten? De wurden fan Fyt hawwe
| |
| |
har de hele nacht troch de holle hinne meald. Dat Tessa de lêste tiid oars as oars is, komt net allinne troch Brucht, har mem of skoalle, dat wist se wol. Mar se hat de ferkearde leant út tocht, se hat it probleem tefolle by Tessa sels socht. Famkes fan dy leeftyd feroarje, se fernimme dat der heel wat fan har ferwachte wurdt. Se moatte net allinne presteare op skoalle, se moatte ek leuk, flot, moai en oantreldik wêze, se moatte de goede klean oan ha en de goede dingen sizze op it juste momint. Dat alles leit in druk op har. Tagelyk besjogge se de wrâld mei oare eagen, kritysker. Hoe fine se de goede wei om oan alle ferwachtingen te foldwaan en harsels der net by te ferliezen? Se kinne har net mear uterje sa't se dat as bern dienen: gûle, skelle en raze, om har hinne slaan. Guon litte har liede troch de groep, mar dêr is Tessa net de persoan foar. It komt derop del dat se alles allinne befjochtsje en ferwurkje moat, ek it frou wurden, de seksuele ûntwikkeling. Har mem jout tefolle tsjingas. En dan dy Jeroen om har hinne te draaien. Dat der in nuvere spanning tusken Tessa en him hinget, hat se al wiken oanfield. Mar dat it sokke foarmen oannommen hat, dat hie se net tinke doarst! Tessa sil har der net oer úditte, tsjin net ien, dêr ken se har te goed foar. Fan wat Brucht altyd allegear mei har úthelle, waard se ek amper wat gewaar. Se nimt de minsken yn beskerming, sels har eigen fijannen. Oer har angsten, striid en twivels praat se net. As se it fan har ôfset, bestiet it net, dat sit derachter. Hat sy harsels sa ek net jierrenlang oerein holden? Jeroen sil har wol ûnder druk setten ha, dêr is dy kloat tûk genôch foar.
Sjerda spat oerein. Hjoed ûntkomt dy moaiprater har net, se sil alles út him krije! Te hastich rint se by de trep del, se
| |
| |
mist in trieme. In pear tellen letter leit se ûnder op 'e houten flier yn it smelle gonkje. De rêch leit har yn twaen. Wurch en stiif wrot se oerein. Stapke foar stapke skarrelet se nei de keuken, it hynsteriden en it minne sliepen sitte har noch yn 'e lea. Fjouwer oere sliepte se noch net. As se net in slieppil nommen hie, hie se de hele nacht net in wink yn 'e eagen krigen. Mei in switterige hân hâldt se triljend de tsjettel ûnder de kraan. Har gedachten fleane fan it iene yn it oare, fan it ferline nei de takomst. 'Hoe is it om mei in aap te frijen?' 'Rekkest net fertize yn al dat hier?' 'Fielt it lekker om mei de holle tusken twa kokosnuten te lizzen?' 'Se hat in kin as fan in berchgeit.' 'Is it in ferkrongen homogefoel dat makket datst op har falst?' hienen se tsjin har earste freon sein. Net allinne har freondin, ek oaren fertelden har soms wat der allegear oer har berabbe waard. Doe wie se noch net op har iepenst om se fuort oer de mûle te slaan. De dokter yn 'e dream wie de fint dêr't se letter noch in koarte relaasje mei hân hie en fan yn ferwachting rekke wie. Dat se him wer sa helder en dúdlik foar har hie!
Se sjocht nei de earmen en hannen dy't út de moarnsjas wei stekke. De hûd is amper te sjen. Wat hie se har bern te bieden hân? De angst dat it in famke wurde soe en dat se itselde meimeitsje moast as har hie de trochslach jûn om it weinimme te litten. It wie in famke.
Wat fret Jeroen mei Tessa út?
Se pielt mar wat om, se kin mar net op gong komme. Djoke moat molken wurde en se moat skieppetsiizje. It tredde kopke tee stiet foar har en noch altyd slagget it har net om baas oer har eigen gedachten te wurden. It ferline hat har
| |
| |
wer by de strôt. De lilkens dy't se fielde is ûnderwilens smoard yn mankelikens. Dat makket har noch banger. It is gefaarlik, it kin wer op in depresje útdraaie. Alle oare kearen is it ek sa begun. Better is it om lilk te bliuwen. Wie Jeroen hjir mar, dan koe se har op him wreke, har ôfreagearje. Dat se har sa op him fersjoen hat! Krekt lyk as doedestiids op dy oare fint mei syn fluenske praatsjes. Leart se it dan noait? Se hat it te fier komme litten, har fan 'e sokken prate litten. Je kinne it net allinne oan 't ferstân oerlitte, je wolle de minsken altyd better ha as dat se binne, je wolle ferklearringen sykje, it goede sjen, om mar gjin argewaasje te fielen. Hie se mar mear nei har yntuysje heard, djip yn harsels wist se it ommers wol dat it net doogde. De lilkens komt werom. Se fjurret it flamke oan troch har al it opblaasde praat yn't sin te bringen dat er de lêste wiken hân hat. Grutte wurden oer frijheid, oer syn rjochten, oer Fyt dy't neat fan him begrypt, oer de maatsldppij dêr't er him net yn thús fielt omdat er te kreatyf, te yntelligint en te fyngefoelich is.
Se palet de beker mei tee en keilt him tsjin 'e doar oan. Hy brekt, in brún spoar rint by de doar del. Dat krekt Tessa it slachtoffer wurde moast! Boppe op 'e krún fielt se in nuver pimperjen en tûkeljen, se ken it, it kaam foarhinne ek altyd foar in woede-oanfal. Se goait de stuollen en de tafel om, palet alles wat har foar de hannen komt en soalt it dêr't se it mar krije kin. As se op 't lêst neat mear fine kin om mei te smiten, lit se har deawurch by de muorre delsakje, midden yn 'e gaos. Mar dan fljocht har in nije gedachte troch de holle: Tessa sil dochs net yn ferwachting wêze? Dat smelle, bleke kopke, de ôfwêzigens, it duzelich wêzen. It klamme swit brekt har derfan út, se fljocht nei bûten, net wittend
| |
| |
wêr't se it sykje moat. Se draaft fan 'e skuorre nei it hûs en fan it hûs nei de skuorre. Gek wurdt se fan de gedachte. Wêr kaam dy dream fan fannacht wei? Gong it net om har eigen ferline? Soe se djip yn harsels mear witte? Jeroen syn eachopslach, it stikeme gluorkjen nei Tessa. Dat se sa blyn wêze koe! Se hat der mei de eagen boppe-op stien en net yngrypt. Like dom is se as fiifentweintich jier lyn. Se rint de reed út en skopt tsjin alle losse stikken pún oan dy't har foar de fuotten komme, se stuiterje foar har út. Se moat har ynbine om net nei Jeroen ta te fytsen en him de nekke om te draaien.
Oan 'e ein fan 'e reed stoarret se skoften foar har út. Dan sjocht se Djoke midden yn 't lân stean. As wie er út stien beitele, sa stil stiet er dêr. Ut 'e fierte sjogge se skoften nei elkoar. Se bedarret. Wurch rint se nei de skuorre.
Silke wrinzget, it hynder fielt it troch de muorren hinne; der is wat mis. In goed hynder kin dat. Se stapt by Silke op 'e stâl en begraaft it gesicht yn syn moanjes. Se gûlt.
|
|