| |
| |
| |
20
'Hjir wol ik wol even wat mear fan witte!' Fyt sjocht Jeroen woest oan, de fonken spatte har ta de eagen út.
'Bin ik al thús?' Jeroen faget him it swit fan 'e holle. 'It wie hyt te gersmeanen yn 'e fûle sinne. Ik haw wol sin oan in pilske.'
'Hie 'k my wer dyselde persoan oan 'e tillefoan mei dy nuvere stim. Wer anonym. “Tink der mar om wat Jeroen mei Tessa útfret!” En doe waard der dellein.'
'Bespotlik soks! En dêr trapesto yn? Dêr makkesto dy drok om, om sokke ûnnoazele dingen?'
'Sok praat moat ergens wei komme.'
'Net mei bemuoie, it hâldt fansels wer op.'
'Wat dochsto mei Tessa?' Fyt sjocht him mei heal taknypte eagen oan.
'Tessa is in alderaardichst famke. Heel puer, se giet helendal op yn alles. Spitich dat se it thús net sa troffen hat. Miskien dat se dêrom safolle oandacht freget. Se hat in broer dy't net in kâns foarbygean lit om har te narjen en oer har mem ha 'k ek myn twivels. Dy mem-dochterrelaasje kloppet net. It liket wol as gunt se Tessa gjin sprút libbenswille. Se kin it net útstean dat Tessa sa faak by Sjerda is en it dêr sa nei 't sin hat. Begrudile, dat soldée memmen besteane, se hawwe net yn 'e gaten dat se har bern dêrttoch ferlieze. Har heit is noait thús, al krij ik wol de yndrule dat se dêr goed mei opsjitte kin.'
'Do joust gjin antwurd op myn fraach, besileest it wer in oare kant op te stjoeren. Ik freegje dy watsto mei Tessa útfretst.'
'Ik fret neat mei Tessa út. Wat ik dy oan it ferstân besykje
| |
| |
te bringen is dat Tessa te min leafde krijt. It is in jong famke, mei normale behoeften. Yn my sjochst se in soart, ja... hoe sil ik it neame, miskien in heitfiguer, in âldere broer om myn part. Miskien is se wol wat ferlyfd op my wurden sonder dat ik it sels yn 'e gaten haw, se kin my no't ik deroer neitink, heel bewonderjend oansjen mei dy grutte eagen fan har. It kin best wêze dat se thús faak oer my praat, miskien wol op in wat dweperige manier, sa't sokke famkes dat dwaan kinne. Ik sjoch har broer foar dit tillefoantsje oan, gewoan om de boel wer ris foar Tessa te ferpesten. As je it my freegje doocht er net heiendal. Syn eachopslach stean ik net. Hy hat wat skurfs oer him, it soe my neat fernuverje as er rare sadistyske streken úthelje kin. Moatst him mar net al te serieus nimme, oars hat er syn sin ek noch, it hat weddik neat om 'e hakken. Asto hjir wurk fan makkest, dan hat dy fint syn sin en rint Tessa de kâns dat se net mear nei Sjerda ta mei. Sjerda hat kiekt in hynder foar har kocht, dêr't se op ride mei. Se hat der sa'n sin oan.'
'God noch ta. It is my wat. Dy earme Tessa. Slachtoffer fan in jaloerse mem, in sadistyske broer en in heit dy't noait thús is en dus gjin oandacht foar har hat. Se moat rêden wurde, en der is mar ien dy't dat kin. Jeroen Geerlings!'
'Wat kinsto wreed wêze.'
'Wat in gelok datst sa yntelligint bist. Eartiids by jimme thús hiest de patroanen ek al sa goed yn 't snotsje. It lei him oan elkenien behalve oan Jeroen seis. Kin de Hierfou de taak fan rêder net op har nimme? Dan hasto de hannen wer frij en kinst dyn eigen drama útwurkje yn De Dingen fan It Bestean. “Sommige dingen binne sa en oare dingen binne oars”, is dat gjin goede titel? De havenmaster fan Sleat hat
| |
| |
it op syn boat stean. Dan bist mei ien rigel klear en kinst wurk foar fiif dagen sykje. Bist fan 'e dyk.'
'Wêr slacht dat no ynienen wer op?'
'Ik praat no krekt even as dy, ik slaan fan 't spek yn 'e klompen. Fiel do dy no mar net ferantwurdlik foar Tessa, rinst oars ek net oer fan ferantwurdlikheidsgefoel. As ik dy wie, soe 'k de rol fan surregaatheit mar gau falle litte en it fjurke net mear oanblaze as dat noadich is. Ik skrok fan dat bern doe't ik har seach, wat in meager skarminkel, echt san puberding, boarsten op stelten. Sokken binne oergefoelich foar oandacht fan âldere manlju, witst dat wol? Dat kin syklike foarmen oannimme, tink dêr mar om, straks komst der mei goed fatsoen net mear fanôf. Dan wol se selsmoard plege of oare bablegûchjes.
'Ik kin har net samar ynienen falle litte om ien dom tillefoantsje, wol! Boppedat tref ik har by Sjerda, ik kin har net ûntrinne. As minsken elkoar net meat wat oandacht jaan meie, wêr bliuwe wy dan mei ús allen!'
'Ast mar mei dyn hantsjes fan har ôfbliuwst. Ik bin trouwens al fan doel hjir mei har âlden oer te praten. Se moatte witte wat der spilet.'
'Is 't dy yn 'e plasse slein? Makkest it folie slimmer as dat it is.'
'As it wier is watsto seist oer dy broer fan har mei syn healwize fratsen, mei dêr wolris oer praat wurde. Ik bin foar iepenheid. Miskien is se dêr mear mei holpen as mei dyn moaie praatsjes.'
'Wa fielt him hjir eigentlik ferantwurdlik?'
'Ik wol even heel djip oer dizze saaie nei tinke en dêrom moatsto dy in skoftsje de bek hâlde.'
'Ik mei wol wat iten.'
| |
| |
'Ik ek wol. Meitsje it mar klear.'
'Wat rûkst frjemd. Wêr hast hjoed west?' Se is der klear foar. Se hat de hannen yn 'e side stean.
'Hoesa?' Ik smyt de tas yn 'e hoeke fan 'e gong.
'Toonstra hat belle, hy frege hoe't it mei dy wie.'
'Shit!'
'Wat seisto?'
'S-H-I-T. It is goed mei my. Doch him de groeten mar.'
'Wiest net op skoalle.'
De wei nei boppen is blokkearre, se stiet foar de trep. 'Troch dat gedoch fan juster koe 'k myn repetysjes net leare. Ik woe gjin ûnfoldwaandes mear helje, dêrom haw ik net nei skoalle ta west. No wit mem it.'
'Do makkest der in potsje fan. Ast fuort yn 't begjin al dyn best dien hiest, dan hienen wy dit gedonder no net hân, dan hie 't wat lije kinnen. Wêr rûkst nei? Wat hinget der in nuvere lucht oan dy.'
'Dat is gjin nuvere lucht. It is in natuerlike lucht. Ik haw oan 't hynsteriden west. Sjerda hat in hynder.'
'Hast de hele dei by Sjerda west?'
'Net de hele dei.'
'Wêr hast oars noch west?'
'Yn 'e stêd.'
'Net yn sa'n kofjeshop wol? Jos wie hjir fan 'e middei noch. Wat sjocht dat bern derut. Ik kin my net begripe datsto by sokken ferkeare kinst.'
'Is mem klear? Mei 'k nei boppen?'
'Toonstra sei datst sa ôfwêzich wiest de lêste tiid. Hy sit oer dy yn. Hy frege wat der mei dy wie.'
| |
| |
'Wat woe Jos?'
'Dat hat se net sein. Se soe dy belje. Ik krij gjin hichte fan dy. Ik haw der gjin idee fan wat der allegear yn dyn holle omgiet en helendal net watst oerdei by d' ein hast.'
'Ik wit ek net wat mem by d' ein hat en ik kin likemin gedachten leze.'
'Do wurdst mei de dei brutaler.'
'Mei ik no nei boppen?'
Se giet oan 'e kant. Ik rin by har lâns, de trep op.
De doar fan Brucht syn keamer stiet iepen. Ik sjoch him net.
Ik lit my op bêd ploffe. As Jeroen my net sa yn 'e holle sitten hie, hie 't hynsteriden prachtich west. Ik hold de reed tefolle yn 'e gaten.
Dat Sjerda my al sa gau op Silke fertroude, ride yn t lân, wylst sy Djoke molk! Se hie net witte moatten watfoar gedachten my allegear troch de holle hinne spoken. Soe it helpe? Soe in fal fan 't hynder in miskream feroarsaakje ldnne? As ik mei in hurde klap op 'e kont telâne kaam, soe it dan lossjitte? Earst ôfwachtsje. Wat soe Jos hjir dien ha? De lêste tiid kaam se noait mear samar even del. Miskien gong it oer sneontejûn. Of... it sil dochs net mei Brucht te krijen ha?
Sa stil mooglik rin ik by de trep del. Mem hear ik yn 'e keuken yn 'e pannen omslaan, dat treft. Sonder leven te meitsjen rin ik nei de keamer, foarsichtich doch ik de doar ticht. As ik gelok haw, heart se my net praten. By de tillefoan ûntdek ik dat ik it nûmer fan Jos net mear út 'e holle wit. Shit! Gau pale ik it tillefoanboek.
Gelokkich nimt Jos sels op.
| |
| |
'Hoi, it is mei my, mei Tessa. Us mem sei datst hjir fan 'e middei west hiest.' Ik flusterje hast.
'Wat praatst sacht!' Jos raast sa fui yn myn ear dat it der sear fan docht.
'Wat is deroan? Wêrom hast hjir west?'
'Ik bin fuort ut skoalle nei dy ta fytst, ik woe dy warskôgje foar Toonstra, ik fertroude him net. Hy frege my út oer dy, hy hold mar net op fan eameljen oer datst sa bleek seachst en net by de les wiest, go on, mear fan dy flauwe kul. En dat it oare leararen ek opfallen wie. Hy skuorde der fan alles en noch wat by en sei dat er mei jim mem en heit belje soe. Der wie trouwens noch ien dy't nei dy frege. Dy nuvere fint, dy filosoof, hoe hyt er ek mar wer, ik bin de namme kwyt... kin ek neat skele. Anita ken him better, se hat syn namme neamd, mar al slachst my dea... Se sei dat er ek altyd by dat frjemde minske komt, dêr'tsto ek hinne giest, de Hierfrou of sa. Hy frege oan ús wêr'tsto wiest. Wat in kwal, ju. Wat wol er mei dy?'
'Wêr trofst him?'
'Dyn stim heart hieltyd sa apart, sa bangich. Of kinst net frij prate?'
'Wêr wie er? Wêr hast mei him praat?'
'Praat wat lûder! Flak by skoalle, hy stie yn 'e bocht op 't fytspaad by garaazje De Boer te wachtsjen.'
'En Brucht, hat dy ek nei my frege?'
'Nee, Brucht ha 'k net sjoen. Giest sneontejûn wol mei, no? Ik moat dy noch wat fertelle oer Marjan, witst wol, dy lange swarte. Jim mem moat it net hearre, is se yn 'e buert of net? Kin ik it dy no...'
'Nee, moarn mar.'
| |
| |
'Wat wol dy fint mei dy? Ik bedoel dy filosoof?'
Mem stiet yn 'e keamersdoar.
'Hoi!' sis ik gau en smyt de hoam derop.
'Mei wa hast belle?' Se hat it oanrjochtdoekje yn 'e hân, se knypt deryn.
'Mei Jos.'
'Wat woe se?'
'Neat. Ik woe wat.'
'Wat woest dan?'
'Witte wêrom't se hjir fan 'e middei wie.'
'En? Wêrom wie se hjir fan 'e middei?'
Ik draaf nei boppen. Yn myn keamer besykje ik wer wat lucht te krijen. As ik yn 'e spegel sjoch, skrik ik fan mysels. Ik wist net dat er sa ticht by skoalle west hie.
In klap fan in autodoar skuort my út 'e gedachten. Heit. Brucht haw ik noch net fernommen. Miskien sit er al ûnder yn 'e keamer.
It is tsien foar seizen. Noch even en dan roppe se my. Foar de safolste kear rin ik nei de spegel om mysels te besjen. 'Tessa, ite!'
Mei in wiet waskhantsje ros ik fûl oer it gesicht, noch fûlder droegje ik my ôf, de holle docht my der sear fan. Dêrnei waskje ik de nekke, de hals en earmen en doch in skjin T-shirt oan. Ik smar wat rûzje op 'e wangen. It elastykje luie ik út it hier, ik skodzje in pear kear mei de holle, sa fiel ik my minder bleat. Stadich rin ik by de ttep del.
Brucht en heit sitte al by de tafel.
'Hoe is 't?' freget heit.
'Best.'
| |
| |
'Hast gelokkich wer wat mear kleur op 'e wangen.'
'Se hat hjoed net nei skoalle west. Toonstra, har Frânske learaar, belle, hy frege hoe't it mei Tessa wie. Hy tocht dat se siik wie.'
Se sjocht heit oan, as dy net reagearret hellet se in panne op. Ik fiel dat Brucht myn kant út sjocht.
'Wêrom hast net nei skoalle west, Tessa?' freget heit. Hy tilt it lid fan 'e panne, sjocht deryn en leit it wer del. 'Omdat ik my juster net lekker fielde koe 'k myn repetysjes net goed leare. Ik woe gjin ûnfoldwaandes mear ha.' Brucht seit neat. Hy stoarret nei it lege board foar him. 'Dan moatst jûn mar goed leare, ik belje straks wol even mei dy learaar. Miskien kinst it moarn ynhelje of letter in kear. Ik lis it him wol út. Siik wurde kin elkenien oerkomme, mar hiest wol nei skoalle gean moatten. Hie mar frege oft wy in briefke foar dy skriuwe woenen.'
Mem hat yn beide hannen in panne, se sjocht lilk. It liket wol as kin se it net útstean dat heit it sa maklik opnimt. 'Wat bisto stil, Brucht,' seit se, har stim heart ynienen heel oars, hy is leger en sachter. Se hellet de lidden fan 'e pannen.
'Sy moat hjir ommers altyd alle oandacht ha, se hat altyd wol wat,' seit er.
'Ik freegje my ôf wat hjir de measte oandacht krijt. It is earder oarsom,' seit heit.
'Ik wit wol dat heit it altyd foar Tessa opnimt.'
As ik de grienteleppel pakke sil, rattelet de tillefoan.
'Lit mar rattelje,' seit heit, 'wy sitte no te iten.'
Mem giet oerein.
'Houkje Simonides.'
| |
| |
It is stil, ik doar net om te sjen.
'Dat is net sa moai,' seit se nei in heel skoft. Heit en Brucht hâlde mes en foarke stil boppe it board.
Ik nim in hapke fan de prei. It is te hyt, ik spui it werom yn 't board.
'Waard der oars neat mear sein?' hear ik har freegjen.
'Doch net sa goar,' byt Brucht my ta.
'Goed, jo komme jûn mar even del,' seit se. Brucht begjint ynienen hurd te iten. Heit sjocht mem freegjend oan.
'Dat wie Fyt, se woe jûn mei ús prate. Se hat twa nuvere tillefoantsjes hân, anonym. Der wie ien dy't har warskôgje woe. Jeroen soe wat mei Tessa útfrette.' Se sjocht my sa raar oan dat ik it net mear úthâld. Ik flean by de tafel wei.
Wat moat Fyt by ús? Wat wit se? Brucht krige in reade kop doe't mem oan 't beljen wie. Hy sei neat. Hat it mei him te krijen? Wraak? Help! Miskien hat Jeroen gelyk.
Der komt ien oan. Oan 't rinnen te hearren is it heit, mem rint folle flugger. De doar giet foarsichtich iepen. It is heit. Hy palet in stoel en giet neist myn bêd sitten.
'Sil ik oars jûn mar tsjin dy learaar sizze datst moarn ek net komst? Sa wurdt it mei 't learen wer neat.'
'Ik gean wol nei skoalle moarn,' sis ik.
Ik sjoch my al in hele dei by mem yn 'e hûs sitten. Wat fertelt Fyt jûn? Heit docht no noch leaf, mar moarn bin ik him ek kwyt. Dan bin ik elkenien kwyt. Sjerda krijt it ek wol te hearren. Miskien giet Fyt dêr jûn ek hinne.
'Hast gjin iten hân.'
'Ik hoech gjin iten.'
'Kinst wol leare? Hawwe jimme moarn ek proefwurken?'
| |
| |
'Ja.'
'En?'
'Wol heit in briefke skriuwe dat ik it húswurk net meitsje kin?'
'Goed. Jou dy mar lekker del, miskien kinst sliepe, sjochst der heel wurch út ynienen. Ik sil tsjin mem sizze dat se it iten foar dy bewarret.'
'Se mei it wol fuortgoaie.'
Hy sjocht my wer oan. Hieltyd as er op dy manier nei my sjocht, kin ik wol gûle.
'Tessa, wat is dat mei dy Jeroen? Hy komt dochs net oan dy, wol? Oars moatst it echt sizze. Dan binne wy der om dy te helpen.'
'Nee.'
'Witst it seker?'
'Ja.'
'Kinst my fertrouwe, ast net wolst dat ik der mei ien oer praat, hâld ik my stil. Ek tsjin mem. Dat beloof ik dy.'
'Hy sit net oan my.'
'Tessa, ik kom jûn noch in kear om te freegjen hoe't it mei dy is. Mei dat?'
'Wol heit tsjin mem sizze dat ik sliep? Sy hoecht net mear boppe te kommen.'
'Goed.'
De doar giet ticht. De stilte palet my by de keel. Koe ik mar sliepe. Ynienen sjit my wat yn 't sin. De slieppillen fan mem, der lizze guon yn 'e dûs yn 't medisinekastke.
Ik slûp by de trep del.
Der leit in stripke neist it doaske, twa misse derút. Yn it doaske sitte noch trije strippen. Ik helje der ien út. Der stiet
| |
| |
in brún potsje neist mei lytse wite piltsjes. Seresta's. Ik lit in stik of tsien yn myn hân rûgelje en teantsje wer nei boppen. As ik hast boppe bin, hear ik de keamersdoar fûl tichtslaan. Hurd flean ik yn myn keamer. Imovane 7,5 mg stiet mei lytse letterkes op it sulverpapier, dêr't it yn ferpakt is. Ik nim twa, doch de spikerbroek út en krûp op bêd. It dekbed lûk ik oan 'e earen ta. Ik knyp de eagen ticht, it leafst soe 'k se noait wer iepen dwaan. Ik woe dat ik net bestie.
It is tsjuster. Ik til de holle op en sjoch nei de ferljochte griene stipkes op 'e wekker. Fiif minuten foar twaen. Wat wie der ek wer? In raar ûnbestimd gefoel pleaget my.
Fyt! As de wjerljocht slacht it yn my. Fyt soe hjir komme, Brucht en ik mochten der net by wêze. De anonime tillefoantsjes... tink derom wat Jeroen mei Tessa útfret. Mem en heit witte it. Utfret. Wat betsjut 'útfret'? Kin 'útfrette' allinne tútsjen betsjutte? Kin it ek ûnskuldich wêze of hat it altyd mei seks te krij en, mei fielen en neuken? Of slacht it op gemene streken? Jeroen hellet rotstreken mei Tessa út. Dat is it, mear hat it net om 'e hakken. Hy narret har, krekt sa't Brucht dat altyd docht.
Jeroen hat fêst tûk genôch west om der in oare draai oan te jaan. Hy liicht heel maklik, en hy kin ferskrildike ûnnoazel oerkomme. It leafst wol er superyntelligint oerkomme, mar as dat him net goed útkomt, switst er honderttachtich graden en is er dom. Hy skammet him der ek net iens foar. Mem! Ik sjoch it gesicht al foar my as Fyt it ferhaal docht. Walging en ôfgriis drippe derôf. Heit sjocht mismoedich, in bytsje ûngerêst. Soe hy ek lilk wêze? Mem is razend, se skammet har dea foar sa'n dochter. Se sjocht de minsken
| |
| |
yn't doarp al skodholjen en mûskopjen. Dat wurd brûkt se altyd: mûskopje. It past wol by har. Allegear grize mûskes dy't de kopkes byelkoar stekke. Psss...pssss...psss... it is wol wat, sa'n fanke, sa jong noch en no al de hoer úthingje. Ja, dat is ien fan Simen en Houkje, fatsoenlike minsken oars. Of? No, dy Simen, wie dat ek net wat in apartenien? Hie dy ek net ris... hat dy fint ek net in wylde hier yn 'e nekke? De appel fait net fier fan de beam, dat sjochst mar wer. It leafst wie mem nei boppen flein sadree't Fyt fuort wie. Heit sil der wol in stokje foar strutsen hawwe.
Myn hân gliidt oer 't liif, it is waarm en sacht, sa as altyd. Soe der wat yn sitte? Wat gebeurt dêr binnenyn op dit stuit? Groeit der wat sonder dat ik it sels fernim? It swit brekt my út, ik smyt it dekbed fan my ôf. It hert bonkt my ûnder de ribben. Lucht. Ik stik. It wol net, ik krij net genôch lucht. Healwei it boarst knypt it tefolle ôf. It jout neat, hoe't ik ek myn bêst doch. Ik flean fan 't bêd. It rut stiet noch iepen. In kâlde sigen lûkt my om 'e nekke hinne en krûpt my by 't nachthimd yn. It hûs fan Andrys en Sytske stiet fierderop as in grutte driging tsjin 'e donkere loft. Sy witte it straks ek. Wat soenen se slimmer fine, dat Brucht en ik achter elkoar oan de reed delfytse of dat ik in bern fan Jeroen ferwachtsje? De loft is fol mei stjerren, se laitsje my út.
Ik slaan mei de knûsten op 't liif, hieltyd fûlder. It docht net sear. It wol mar net sear dwaan, hoe fûl oft ik ek slaan. Deawurch lis ik de holle op it kâlde finsterbank. Wat is der leuk oan dit libben? Ek al wie ik net yn ferwachting, al soe alles wer gewoan wêze, dan noch. Wat doch ik hjir? Is it normaal dat ik alle dagen bang wêze moat foar Brucht, foar de kâlde eagen fan mem, foar repetysjes, beurten foar de
| |
| |
klasse? Bang dat heit fuort giet? Bang, altyd mar bang. Jos en Anita haw ik neat oan, se flústerje mei elkoar. Oer my? Binne oaren ek bang? Heit? Mem? Brucht? Sjerda net, Sjerda hat mei net ien wat te krijen. Heit ek net. Mem wol, se is bang dat er fuort giet. Dêrom dy seresta's. Brucht is ek bang, oars as my. Hy laket noait. Hy is bang dat er oer de kop sjoen wurdt, dat net ien him belangryk of ynteressant fynt. Dêrom moat er oandacht hawwe. Posityf of negatyf, dat makket him neat út.
Wêrom kin ik hast gjin lucht krije? Soenen je deagean kinne as je gjin lucht krije? Tessa is fannacht stoarn, se koe gjin lucht mear krije. Ik hâld de azem yn, heel lang. Ik knap hast. It wol net mear. It docht sear, yn 'e holle, op 'e rêch, oeral. Ynazemje, útazemje, ynazemje, útazemje, dêr giet it al wer hinne, sonder dat ik it sels wol. Ik hâld mysels yn libben oft ik it wol of net. En miskien noch wol ien derby.
Wat stie der ek al wer yn dat boek? De vrouw voelt het... weet het zelf al voordat... Alles wat der yn myn liif gebeurt giet buten my om, dat is net earlik. In hantsjefol ldieren en hormoanen sette gewoan troch, tsjin myn sin. Der is mar ien manier om it te kearen, in mes. Ik bin sa bang foar messen, altyd al west. Ik bin gjin held.
De blêden oan de wylgebeam bewege licht op 'e wyn. Skoften sjoch ik nei it stadich hinne en wer gean, it makket my rêstich. It jout my itselde gefoel as wannear't ik by Sjerda op it hiem kom. Huverjend fan 'e kjeld rin ik by 't iepen finster wei, ik moat nei 't húske.
Foarsichtich slûp ik by de trep del. As ik de húskedoar beet haw, hear ik wat achter my.
'Bisto dat, Tessa?' Mem stiet yn 'e sliepkeamersdoar. It lange
| |
| |
wite nachthimd ljochtet gefaarlik op yn't tsjuster. Har gesicht kin ik net goed ûnderskiede, gelokkich mar.
'Wat dochst?'
'Neat.' Gau sjit ik yn't húske, ik doch de doar op't slot. Klappertoskjend sit ik op 'e kâlde bril. It lûde ratteljen ûnder my makket dat ik my noch bleater fiel as oars wannear't sy yn 'e buert is. Ik rin leech, der bliuwt neat mear fan my oer as in dobbe wetter. As ik trochspield haw, wit ik net wat ik dwaan sil, derút of bliuwe.
'Bisto op it húske Tessa?' It is heit! Hy wol my witte litte dat er der is. Ik ferstopje myn gesicht yn 'e handoek. As ik wer kalm bin, lit ik iiskâld wetter oer myn polzen rinne, krekt sat Sjerda dat altyd docht as se wurch en beswit fan't lân komt.
'Tessa sjit op, ik moat ek.' It is mem.
Der sit in doar tusken, mar ik fiel de driging yn har stim. Hear ik se flústerjen? Se prate no sacht mei elkoar, it is foaral heit dy't ik brommen hear. Ik besykje wurden op te heinen. It slagget my net. It heart as is er ek lilk. It lûd wurdt hastiger, swierder, moatst net... kinst net... dat famke... midden yn 'e nacht. Ik doch de doar iepen en strûs hurd by beide lâns.
'Lekker sliepe Tessa,' seit er.
Ik sjoch net achterom.
Houterich en stiif fan 'e kjeld rin ik nei boppen. As se mar neat seit, as se mar neat seit... dinderet it by elke trieme troch my hinne. De húskedoar giet ticht.
De seresta's! Ik helje se út it hoekje fan 't boppeste burolaad, dêr't ik se ferstoppe haw yn in sieradedoaske. Soenen twa genôch wêze? Oerdei haw ik se miskien minder noadich.
| |
| |
Nachts, as ik net sliepe lein is it it slimste. Ik nim twa. Even bliuw ik stean te harkjen. Dan sko ik it gerdyn ticht en sjoch noch ien kear nei de wylgebeam, dy't my treast joech sonder dat er it sels wist. Krekt as de mankelike eagen fan Djoke dat dwaan koenen.
|
|