| |
| |
| |
19
Ik sjoch op it horloazje, it is tsien minuten oer trijen. Dan kin ik no nei Sjerda om it hynder te besjen. Silke. It griist my oan, sa'n grut hynder, jou my Sjerda har katten mar. Tiger, de boarre, wol altyd sa graach krûpe, hy is linich en sacht, it fielt sa fijn, sa'n spinnend protsje guod op 'e skoat. As er oerein komt en mei de poatsjes yn myn liif drukt, my krûpkes jout tsjin 't wang en my yn 'e hals slikket, ferjit ik alles om my hinne. Hoe moat dat mei in hynder? Se hawwe prachtige koppen, dat wol, mar dy grutte bekken, mei dy lange wite tosken, ien hap... of hy sil mar skoppe, ik sil mar in traap krije fan sa'n bikkelhurde poat. Oan 'e oare kant, ik sjoch my der al op sitten, it moat in machtich gefoel wêze om oer alles en elkenien hinne te sjen en ek om sa maklik foarút te kommen, sels hoege je net folie te dwaan. Jeroen kin neat mear begjinne! Hy is nergens mear! It iennichste dat je dwaan moatte, is derop sitten bliuwe. Midden yn 'e natuer allinne mei in hynder. Hoe bliuw ik derop? As er gewoan rint, falt it wol wat ta, mar hy sil mar begjinne te draven of te fjouwerjen. Noch slimmer: as er in mâl sin krijt en hy begjint te bokjen of hy skrikt ergens fan en rekket op 'e rin... miskien fal ik derôf, miskien fal ik mei sa'n klap op 'e kont dat it lossjit. Dat soe moai wêze, ik haw it derfoar oer. Graach sels.
As ik it reedsje ynslaan en it tichte boskje trochfyts dat op de leane útkomt, krije de senuwen my ynienen te pakken. Jeroen is hjir dochs net? Ik sjoch om my hinne, wêrom fiel ik syn oanwêzigens dan sa sterk? Dom achternei, dat ik diskant nommen haw, ik hie de oare leant om gean moat- | |
| |
ten. It is better dat learlingen fan skoalle my sjogge as dat ik him hjir allinne oantref. Ik begjin hurder te fytsen, sa hurd dat ik hast net mear ôfremje kin foar it izeren stek dwers op it paad. Te wyld slingerje ik de fyts der tusken troch, hy heakket by de traper. As ik opstappe sil, komt Jeroen út de boskjes wei. Stadich komt er op my ta, mei presiis deselde nuvere útdrukking op it gesicht, dêr't alles ek mei begong. Hy leit de hân by my op 't skouder en sjocht my mei in flau glimke oan. Syn pupillen binne grut, der sit in nuvere gloed yn syn eagen. Soe er wat brükt ha? Ik sko syn hân by my fan 't skouder en besykje foar de twadde kear op te stappen, mar hy is der hastich by, hy palet my by de earm fêst. Ik fiel syn hân lenipen.
'Hast my de kop goed oeral makke, Tessa. Ik kin dy net mear kwytreitsje, do sitst foargoed yn my ferankere, sa fielt it. Ik wit bytiden net mear wêr't ik bin en wat ik doch, sa sterk ha 'k it noch noait mei ien hân. It skrynt asto net yn 'e buert bist. Kom even tsjin my oan stean, al is it mar in tel, dan kin ik der hjoed teminsten wer tsjin... toe, ik móat dy even fiele. Doch net sa ôfstannelik Tessa, dat past net by dy, lit my even gewurde.'
Ik skuor my los en set de foet op 'e traper, mar hy hat my like hurd wer by beide polzen te pakken en makket myn hannen los fan 't stjoer. De fyts falt. ik set de tosken yn syn hân. ik skop him tsjin 'e skynbonken. Hy docht in stap achterút, mar hy lit my net los. Ik begjin te razen. Dan lit er my al los.
'Ik begryp neat mear fan dy, Tessa, do doarst net oan dyn gefoel fan leafde foar my ta te jaan. Dyn lichem liigde net, tinkst dat ik dat net fernommen haw? Ik wol dat gefoel bewarje, ik wol it de hele dei by my drage en nachts op bêd
| |
| |
wer oproppe. Ik mis dy. Wêrom wolst net nei dyn lichem harkje? Wêrom makkest it dysels sa swier? As in minske syn djipste gefoel ûntstriidt, wat is it libben dan noch wurdich? Wat is dan de reden fan ús bestean hjir op ierde? Fertel my dat ris. Dan is it libben ien grutte leagen.'
'Ik hear nó nei myn eigen gefoel, mar dat komt dy net goed út. Dêr wolsto neat mei te meitsjen hawwe.'
De earmen falle slop by him del. Hy sjocht my djip ûngelokkich oan. Gau pak ik de fyts út it hege gers.
'Wêrom wiest net op skoalle? Healwei trijen stie ik al op dy te wachtsjen.'
Hurd fyts ik fuort.
Hy is achter my. Moai dat er hjir net neist my fytse kin. 'Dyn aginda lei noch by Sjerda. Ik haw de skoaltiden even opskreaun, dan kinne wy elkoar ûnderweis moai in kear treffe.'
Ik hear neat mear. Noch in heale kilometer, dan bin ik by de hikke, dan moat ik wer ôfstappe. It iennichste dat ik dwaan kin is sonder fyts troch it lân nei Sjerda drave. Noait nim ik dit paad wer, nim ik mysels foar.
'Tessa?'
'Tessa, ik moat dy wat sizze.'
It fytst swier yn 'e moude, deawurch bin ik. Ik kin net mear. Ik sakje djip wei yn in spoar fan in trekker. Hy stiet neist my, syn gesicht is ien stik wanhoop. Hy liket wol siik of gek. Ik wurd bang fan him.
'Der is ien dy't Fyt opbelle hat,' seit er. 'It sil dy leuke broer fan dy wol west hawwe. Wa soe it oars dien hawwe? It wie in anonym tillefoantsje, Fyt moat my yn 'e gaten hâlde, waard der sein. It wie in hystearyske stim, sei Fyt. It koe in
| |
| |
man wêze, mar ek in frou. Tessa, do moatst my ien ding belove, do fertelst noait wat oer ús. Helendal neat! Tsjin gjin minske. Want oars wit ik net hoe't it mei Fyt komt, se is depressyf en seurt my de hele jûn om 'e kop, ik wurd der net goed fan. Se fertroude my al net mear de lêste tiid, mar no liket it wol as hat se lêst fan paranoia. It doocht net mei har. Asto my no ek noch stikke litst...'
Hy leit de fyts yn 't gers. Ik soe fuortdrave moatte, mar ik bliuw stean, tefolle fan slach. Hy makket der misbrûk fan. 'Nee, net wer... miskien bin ik al yn ferwachting, ik bin sa bang dat ik...' myn eigen stim slacht oer, ik krij gjin wurd mear troch de keel.
Ik fiel syn hân oer myn rêch gean, in wiete mûle yn myn nekke. De hân skoot ûnder myn earm troch, nei myn boarst. 'Dat kin net Tessa, dêr bin ik wis fan...'
'Gean fuort! Bliuw fan my ôf!'
'Ik haw net foar neat oeren op dy wachte.'
'Ik sis net datst op my wachtsje moatst!'
'Tessa, wy hoege der gjin drama fan te meitsjen. Ik doch neat watsto net wolst, dat haw ik noch noait dien en dat sil ik ek noait dwaan. Mar dêrom kinne wy wol even mei elkoar prate of mei dat ek al net iens mear? Ik fyn it wol heel frjemd datst fan de iene op 'e oare dei neat mear fan my witte wolst. Dat kin sa hurd net. Dat bestiet net, ik leau it ek net. Dat makkest my net wiis.'
'Ik gean nei Sjerda. Ik wol neat mear mei dy te meitsjen hawwe. Noait wer!'
'Ik kear dy net, ik bin de lêste dy't dy keare sil.'
'Bliuwst hjir dan stean? Fytst net achter my oan? Litst my allinne nei Sjerda ta gean?'
| |
| |
'Wy kinne der wol tagelyk hinne. Wêrom moat ik fiif minuten nei dy komme, wêr slacht dat op, dat rint helendal yn 'e gaten. Wy kamen elkoar hjir gewoan tsjin.'
'Ik wol graach datst nei hûs ta giest.'
'Wêrom soe ik nei hûs gean? Ik soe nei Sjerda.'
Wy fytse achter elkoar.
Ynienen hear ik in apart lûd yn 'e fierte, doffe ploffen binne it, hieltyd yn itselde soart ritme. Earst kin ik it net te plak bringe, mar dan lûkt alle spanning út my wei. It is it hynder. Silke. Mei Sjerda derop. Hurd fyts ik nei de hikke.
Dêr bliuw ik fol bewondering stean. Sjerda fjouweret troch it lân. Djoke stiet nei it spektakel te sjen, har kop draait stadich mei. Sjerda sit sa rjocht as in kears. It liket as giet it heel maklik, as witte se fan elkoar wat se wolle. It hynder hâldt de kop strak nei foaren en smyt de poaten einen foarút. De lange swarte sturt dûnset derachteroan. De poaten dogge it wurk, se dinderje oer de hurde droege grûn, de bealch is ien rjochte line.
'Ha je no wol oait!' seit er. 'Dy lit je alle kearen wer fersteld stean. Wisto dat se in hynder hie? Of is it harres net?' Hy stiet neist my by de hikke.
Ik klim oer de hildce en út de fyts oan 'e oare leant lizze. Sa ticht mooglik rin ik by de beamwâl lâns.
Djoke ferset net in poat. It swarte gefaar dat as in torpedo troch it lân daveret, fertrout se blykber net. In kear fljocht Sjerda ticht by my lâns, se ropt wat. Ik kin it net ferstean. Op it hiem jou ik my op 'e karre del, dêrwei haw ik goed sicht op it hele stik lân. Nei't se it lân noch in slach yn 'e rûnte west hat, komt se kearsrjocht yn 'e stap de reed del. Se stekt de hân omheech.
| |
| |
Yn 'e fierté sjoch ik Jeroen oankommen, hy rint mei twa fytsen.
'Hoi Tessa, dit wie even in show, spesjaal foar dy, ik fielde datst deroan kaamst. It is in goed hynder.' Sjerda is achter de pûst, it swit stiet har op 'e holle. Dan kloppet se Silke op 'e hals, bûcht har foaroer en preuvelet fan alles: 'Bêst hynderke hear, jonge jonge, wat kin er drave net? Goed dien.'
Se liket ynienen heel oars, folie jonger.
De swarte moanjes fan it hynder binne wiet, de hûd glânzget yn 'e sinne. 'Dit is no ús Silke, Tessa. Fynst it net in pronkje? Oer in pear moanne draafsto hjir krekt sa as my troch it lân. It jout je in geweldige kick.' Se springt derôf. 'Moarn bin ik sa stiif as in âld doar, dan kin ik fan ellinde net mear op 'e tuolle sitte, mar dat sjogge wy dan wol wer. Kom Silke! Kom! Hy sil wol toarst ha.'
It klepperjen fan de hoeven oer it pún makket my wonderlike bliid, it heart ek sa grappich. Sjerda rint neist it hynder op wei nei de skuorre. Ik rin derachteroan.
'Kom mar neist my rinnen, moatst noait te ticht achter in hynder rinne,' seit se, har nei my omdraaiend. 'Moatst ien fan beiden, of heel ticht tsjin in hynder oan rinne, krekt as my, of der op skopôfstân by wei bliuwe. Je witte it noait, se kinne samar ergens fan skrikke.'
Ik hear Jeroen op 'e reed achter ús oan kommen, syn fytstassen rattelje. Sjerda reagearret net, miskien heart se it wol net troch it klappen fan 'e hoeven. Yn 'e skuorre docht se wer krekt as is hy der net.
'Tessa, asto no even tee foar ús setst, dan sadelje ik Silke ôf en boarstelje ik him even. Hy moat earst mar wat bekomme en útswitte.'
| |
| |
'Ik moat sizze, alle respekt, dat wie in poepke rydkeunst dêr't je in puntsje oan sûgje kinne,' seit Jeroen. Hy wol graach blike litte dat er der is. Sjerda hellet it hynder it bit út 'e mûle en spiek it ôf yn in amer mei wetter. Dan hinget se it oer in spiker oan 'e muorre. It sadel leit se oer in aid hikke.
'Wolsto it riden ek leare?' freget se oan Jeroen.
'Nee, út mar, ik betankje wol foar de eare.'
'Dat tocht ik al hast,' seit Sjerda.
'Wêr slacht dat no wer op?' freget er misledige.
'De echte hynsteleafhawwers kenne je der sa út.'
Dit sil wol wer op in diskusje útrinne.
It antwurd fan Jeroen kin my neat skele.
Soe se my wol in echte hynsteleafhawwer fine?
Op in hoekje fan 't oanrjocht lizze de blêden fan 'e sitroenplant al klear. Ik doch se yn 'e teepot en set wetter op. De tsjettel is helendal bespat mei opdroege wetterdrippen, ik stoarje dernei. As der in plûm ta de tute út komt, kom ik wer wat ta mysels. Ik doch it gas út en jit it siedend hite wetter op 'e bieden. Alles giet automatysk, sels it opsnuven fan de sitroen. Ik rûk it wol, mar net lykas oars. Trije kopkes set ik op 'e tafel, Sjerda harres oan de iene kant en Jeroen en mines oan 'e oare kant. Wy sitte neist elkoar hjoed, Jeroen en ik. Dan hoech ik him net oan te sjen. De pot huning plantsje ik op 'e tafel mei it koekjetromplee derneist. Straks gean ik by 't rút sitten, dan kin ik nei bûten sjen.
'Dêr bin ik wis fan... dat kin net,' sei er. Hoe kin er der wis fan wêze? Hy is oeral altyd wis fan. Straks sil er my wol wer op dy frjemde manier oangapje, mar diskear reitsje ús eagen elkoar net, dat beloof ik him. Dy wille gun ik him
| |
| |
net. Sjerda sil Jeroen sa no en dan wol wer best oanpakke en him flinke snearen ferkeapje as er derom freget. Je soenen dan bang fan har eagen wurde as je har net koenen. It liket wol as mei se him hieltyd minder graach lije. Se laitsje ek noait mear.
Tiger is bûtendoar. Hy rint kontsjedraaiend, stronteigenwiis oer it paad. De hele wrâld is wer ris fan him. Sa no en dan draait er de kop nei linies, en dan wer nei rjochts. As wol er sizze: Hjir rin ik, hâld dêr even goed rekken mei. Samar ynienen stekt er oer nei it bankje ûnder de appelbeam. Hy keurt it, ja it is him nei 't sin, hoepla, hy springt derop. Op it bankje docht er in pear gymnastykoefeningen foar't er him deljout, hy set in rûne rêch op en stekt dan de iene poat nei foaren en dan de oare. Dêrnei duorret it in skoftsje foar't er echt lekker leit, hy skeukt hinne en wer. Der mei neat oan mankeare, hy is sinnich. No feroaret er yn in reade bal. Ho! Hy stekt it kopke noch ien kear nijsgjirrich omheech, gappet mei de bek op 't wiidst iepen en leit it dan definityf del. Neat rekket him mear, ik bin jaloers. Hearlik om te sliepen en nergens oan te tinken... mar dan sjit it my yn 't sin hoe't minsken de jongen fan in poes ôfpakke kinne, se deaspuitsje of noch slimmer, fersûpe. Jan Snoek troppet se yn in panty mei in dikke stien derboppe-op en twa knopen deryn. Lit mar sakje yn 'e sleat, hy stiet net in tel mear stil by de meagere, neakene katsjes yn dat iiskâlde wetter, happend nei lucht. Ynienen moat ik oan Auke tinke, Sjerda har foarige boarre dy't ik tichtby har hûs oan 'e kant fan 'e dyk fûn. As Auke dêr net lein hie, hie ik hjir net sitten en hie ik Jeroen ek noait troffen. Net oan tinke!
Auke wie helendal slop, hy waard hieltyd swierder doe't ik
| |
| |
him op 'e earm hie, op wei nei Sjerda har hûs. Se wie op 'e grientetún. Ik wist dat der in frjemd minske wenje moast en dat se de Hierfrou neamd waard, mar op dat stuit tocht ik dêr net oan, de kat naam my yn beslach. De triennen rûnen Sjerda ta de eagen út, doe't se op knibbels foar him lei en sacht tsjin him prate. It like heel frjemd, al dat hier op it gesicht, mar ik fergeat it omdat se sa om Auke gûlde. Se fergeat my ek. It foel my dêr ta mei de rommel, de minsken oerdreaunen. It oanrjocht stie wol fol, mar it wie net smoarch en it stonk dêr ek net. Ik wit noch dat ik it wol raar fûn, dat nergens in matte oer de flier lei en dat se de learzens oanhold yn 'e hûs. Doe't se mei Auke útpraat wie, murk se dat ik der ek noch siet. Se joech my sinas en in moalkoekje. 'Ik sil straks mei him nei de feedokter,' sei se, 'ik bin bliid datst him brocht hast, ik moat der net oan tinke dat er yn 'e wâl lizzen bleaun wie en dat ik him noait fûn hie. Miskien kin ik him no rêde of heel wat leed besparje.' Se hie reade eagen fan it gûlen, it gesicht wie read en it hier ek. Ik wist net wat ik dwaan moast, fuortgean of sitten bliuwe. Ik doarde net fuort te gean, omdat ik dan sizze moast: Ik gean fuort. Dêr wie ik te ferlegen foar. Ik wachte oant sy it sizze soe. Mar dat die se pas letter. It drinken en de moalkoekjes hie 'k allang op, mar se prate gewoan troch en frege my fan alles. Doe't se my derút liet, sei se: 'Kom mar ris wer ast der sin oan hast, dan kinst ek even hearre hoe't Auke it derôf brocht hat.' It joech my in apart bliid gefoel dat ik noch in kear by har komme mocht. Tagelyk wie ik bang dat it net fan mem mocht. Der wurdt oan 'e achterdoar skuord. Ik paie hurd de teepot om yn te jitten. Sjerda komt der allinne yn, se docht de doar achter har ticht.
| |
| |
Ik doar net te freegjen wêr't Jeroen is, ek al soe ik graach hearre dat se sei dat er nei hûs ta gongen wie. Sjerda seit neat. As se by my lâns rint, rûk ik it hynder. De rook past by har, it is as hat se altyd al sa rûkt.
Sjerda palet de sûkerkoeke út it oanrjochtkastke, se brekt der in grutte hoeke ôf. 'Hjir, dat helpt dy better as san suterich moalkoekje.'
Ik sjoch der mei ôfgriis nei.
'Dat krij ik noait op,' sis ik.
'Yt mar salang dat it dy ta de noas út komt.' Se laket, har eagen glimme mear as oars. It sil wol fan 't hynder komme. 'Prachtich is dit, Tessa, dit hie earder moatten. Wolst straks ek even op Silke sitte? Dan kinst alfêst it gefoel in bytsje krije. Balans fine, dêr giet it yn 't begjin om.'
'Soe Silke fiele kinne dat ik gjin hynders wend bin?' freegje ik.
'Dat fêst, mar it is in bedden hynder. Hy is net skrikkerich. Wy rinne hjir it hiem in eintsje op en del en bouwe de boel stadich op.'
Even hâldt it hynder my dwaande, mar dan ha 'k Jeroen wer foar my. Wêr soe er hinne gongen wêze? Wachtet er my straks op?
'Wêr tinkst oan?' freget se.
'Ik tocht hoe't it wêze soe heel heech op in hynder te sitten en troch it lân te draven.'
'Jeroen is fuort,' seit se samar. Ik skrik.
'Hy moast it gers meane by de haven, se bellen him niiskrekt op yn 'e skuorre, mobyl. Dus dy sjochst hjoed net wer.'
Sjerda nimt my skerp op.
Hoefolle meanen soe it wêze by de jachthaven? Hoelang soe
| |
| |
er wurk ha? It binne mar smelle stroken. As er klear is, giet er hjir fêst wer hinne. Straks as ik dêr yn 't restaurant wurkje, sil er ek wol gjin kâns slûpe litte om by my yn 'e buert te kommen. Dan fait it elkenien op. Miskien kin ik better it fakânsjebaantsje opsizze.
'Hast dyn repetysjes wat goed makke?'
Ik sjoch nei it stik koeke, dêr't noch mar ien hap út mist.
'Net dus?'
'Nee.'
'Hellest it dit jier?'
'Ik wit it net.'
'Dan mar net, dan dochst it mar in jier oer. Dat hindert ek neat.' Ik plúzje wat fan 'e koeke ôf. It krij it net troch de keel, ik kokhalzje der hast fan, gau nim ik in slok tee om it fuort te krijen.
'Noch in bakje? Of kinst net langer wachtsje om nei Silke ta?'
'Ik hoech gjin tee mear.'
'Dan geane wy nei Silke.'
'Doch even dyn âld broek oan, hy hinget yn 'e bijkeuken. Kinst dizze skuon wol oanhâlde. As it dy goed foldocht, keapje wy riderslearzens.'
Tegearre rinne wy nei de skuorre. Tiger leit der noch krekt sa, mar hy hat ús al fernommen, want hy tilt de kop omheech en docht de eagen iepen. Fuort knypt er se wer ticht. 'Hjir. Ik haw in pear caps fan Klaas liend, pas mar even, foar de maat.'
|
|