foar my. Dat beloof ik mysels. Hjoed moat ik in plakje sykje om my te fermeitsjen en moarn nim ik in briefke mei foar de rektor:
Omdat Tessa siik wie koe se net op skoalle komme.
Dan haw ik net liigd, want ik bin siik. Siik fan mysels, fan alles en elkenien.
Hantekening. H. Simonides-van der Meer, mei in grutte haal dwers troch har hele namme hinne. Se krast harsels fuort. Dat docht se altyd. Eigenaardich.
Jos komt deroan, de jas wapperet in ein achter har oan. 'Wat dochsto hjir?' ropt se al út 'e fierte.
Ik wachtsje oant se by my is.
'Wat is der mei dy oan 'e hân, do sjochst sa, ja, wit ik it...'
'Ik kom hjoed net op skoalle, ik...'
'Wat dochst hjir dan?'
'Ik spijbelje, mar dat moat Brucht net witte. Dus as Brucht al tafallich mei dy praat, dan moatst neat sizze.'
'Wêrom spijbelst?'
'Ik haw myn repetysjes net leard.'
'Wêr giest hinne?'
'De stêd yn.'
'No al? De winkels binne noch ticht.'
'Ik fyts earst in blokje om. Seist it ek even tsjin Anita dat se har stilhâlde moat?'
'Kinst earst noch wol in eintsje mei my opfytse net?' De swarte lippen meitsje it gesicht fan Jos noch hurder as oars.