lang alles net, mar ik freegje my ôf wat er noch mear mei har úthelle hat. Fan 'e middei hat er har hele keamer oer de kop skuord, it wie kleare tafal dat ik him betrape.'
'No liket it wol as hat Brucht hjir alles dien. Tessa kin der ek wol wat mei, yn it genyp. Withoefaak jout se him gjin antwurd as er har wat freget, se docht bytiden as is er lucht. Juster smiet se him noch in fluts tee yn 't gesicht. Do hast maklik praten, bist in hele dei fan hûs. Sa simpel leit it net, der spilet him mear ôf as datsto tinkst. Boppedat fyn ik it flau, no'tst dy der al in kear mei bemuoist, om dan fuort de hele wrâld derby te skuorren. Wy hienen dit binnen doarren hâlde moatten. Wat in fernedering foar sa'n jonge om him as in bern oan 'e hân mei te nimmen nei Jan Snoek.'
'Hy leart it net ôf. Hy moat it blykber earst fiele.'
'As it Tessa west hie, hiest it sa net dien.'
'Tessa docht soles net.'
'It is dyn soan. Do praatst oer him as is it in frjemd.'
Simen krijt de krante.
'Ja, krij de krante mar, krûp mar wer ferside.'
'Goed,' - hy smyt de krante oer de grûn - 'sis it mar.'
'Ast sa dochst bin ik fuort útpraat.'
'Wol witte.' Simen krijt de krante wer fan 'e flier.
Houkje besjocht de achterkant. It duorret in ivichheid foar't er in side omslacht.
'Miskien begjin ik fan 't hjerst oan in oplieding sikefersoarging. Der is ferlet fan kreamfersoarchsters. In pear wike lyn stie der in advertinsje yn 'e krante.'
Simen skoot de krante in eintsje oan 'e leant.
'De oplieding duorret twa jier, it twadde jier is foar 't grutste part praletyk. It earste jier is, op in pear oriïntaasjewileen nei,