| |
| |
| |
16
Bevruchtdng - it hert slacht my fûl tsjin t boarst, it fielt as trillet myn lichem by elke slach mei. De fingers binne my klam fan't swit as ik de bledsiden omslaan.
Side 176. Bevruchting. Net mear as in heale side beslacht it. Versmelting van een mannelijke en vrouwelijke geslachtscel tot een bevruchte eicel, waaruit zich een nieuw individu kan ontwikkelen. Bij de mens vindt de bevruchting plaats in de eileider. De bij geslachtsgemeenschap in de schede gebrachte mannelijke zaadcellen dringen op eigen kracht... op eigen krêft?... via de baarmoederhals en de baarmoeder in de eileider door, tot zij een eicel ontmoeten. Het mannelijke zaad... ejaculaat, bevat beweeglijke geslachtscellen en een hoeveelheid vocht... Hoe wit ik oft ik... ik freegje my ôf oft... is der wat yn my kommen? Der is mar ien dy't dat seker witte kin en dat is Jeroen. Hy sei fan net, mar stel dat er it net field hat. Hoe kin er it field hawwe? Ien seltsje is genôch, hoe kinne je ien sel streamen fiele? Ik bin gjin man, ik wit net hoe't it fielt. Hoe moat ik witte dat it feilich wie? Ik wit it net earder as dat it miskien al te let is. It hert bonkt my no noch fûlder, mar likegoed lukt it alle krêft út my. De hannen en fuotten lizze as deade dingen om my hinne. Iiskâld wurd ik. Ik krûp ûnder it dekbêd en besykje it triljen fan myn lichem te kearen troch my sa fyts mooglik op te rôljen. 'Der komt neat fan, it is ûnmooglik...' fansels sei er dat. Hy sil wol net sa dom wêze om my yn panyk te bringen.
Ik druk mei de platte hân op it liif, hieltyd fûlder, sa fûl dat my in brok yn 'e keel komt. Ik flean fan 't bêd en nim gau in slok wetter. Ik hap nei lucht. Ik sjoch nei mysels yn 'e spegel
| |
| |
as bin ik in frjemd wêzen, it swit stiet my op 'e foarholle. Hoe kin ik switte wylst ik kâld bin? ik spiel de mûle in pear kear om mei kâld wener en gean wer op bêd. In skoft lang bliuw ik deastil lizzen, mei de rjochterhân knyp ik hieltyd yn 't liif. Sacht en dan wer heel fûl, oant ik kramp yn 'e hân krij. Ik set de neils deryn. Alle spieren yn my wurde stiif, fan 'e tean oan 'e nekke ta. Ik lis as in planke op bêd, oant ik heit ûnder yn 'e keamer omrazen hear. Fuort dêrnei slacht in doar fûl ticht. Ik freegje my ôf oft ik nei de oerloop rinne moat om te hearren wat der te rêden is... it is my ek wol goed. Se dogge mar.
It sil wol mei Brucht te krijen hawwe. Miskien mei dy iel, dêr't heit it niis oer hie. Op mem wurdt er noait sa lilk dat er begjint te razen. Der is mar ien dy't him sa fier krijt en dat is Brucht.
Ik pale it boek en syleje it trefwurd 'Bloed' op. Bloed. Bloed is vloeibaar weefsel dat zich in een min of meer afgesloten buizennet, het bloedvatenstelsel, bevindt. Bloed bestaat voor circa 40 procent uit bloedlichaampjes of bloedcellen en bloedplaatjes; het resterende deel... Ik kin better ûnder 'Zwangerschapsdiagnose' syleje, betink ik ynienen, bloed leveret my fêst neat op.
Ik set in kessen achter de rêch en gean rjochtop tsjin 'e muorre oan sitten. Yn 'e ynhâldsopjefte syleje ik it wurd 'Zwangerschapsdiagnose' op. Der wurdt ferwiisd nei side 201. Het vaststellen van een zwangerschap op basis van objectieve gegevens. De diagnose berust op een aantal verschijnselen, die deels alleen door de vrouw zelf kunnen worden opgemerkt, subjectieve verschijnselen. Deels door de vrouw zelf? Troch mysels? Wat fiel ik? Duzelichheid, gjin sin oan iten, in ûnbestimd
| |
| |
gefoel yn 'e mage. Zwangerschapsreacties. Zie zwangerschap, side 189. Zwangerschap is een toestand waarbij zich in het lichaam van de vrouw en wel normaal in de baarmoeder, een zich ontwikkelende vrucht bevindt. Het is meestal niet moeilijk zwangerschap te veronderstellen. De vrouw is er meestal al van overtuigd voordat zij de arts raadpleegt... er van overtuigd? Bin ik derfan oertsjûge? Miskien wit ik it sels al dat ik it bin! Wêrom soe ik my oars sa drok meitsje? Wêrom soe ik hjir oars sa sitte en yn dit boek omlêze? Wêrom kin ik mar oan ien ding tinke? Ik wit it al djip yn mysels, dat is it... een beginnende zwangerschap is gekenmerkt door een aantal verschijnselen. Gewoonlijk houdt, zodra er zwangerschap bestaat, de menstruatie op. Dit komt doordat bij bevruchting van het ei het zogenaamde 'gele lichaampje', corpus luteum... in de eierstok niet te gronde gaat, maar blijft werken en bepaalde hormonen blijft afgeven. De hormonen houden het baarmoederslijmvlies intact... ik knyp de eagen stiif ticht... swarte en reade plakken... er zijn ook vele andere veranderingen in het lichaam van de vrouw. Veranderingen aan de borsten, stoornissen in het spijsverteringsstelsel, misselijkheid, ochtendbraken. Ik fiel oan myn boarsten, se binne hurd. De lêste dagen stekke en pimperje se, soe it dêr ek mei te krijen hawwe? It moat wol sa wêze.
Ynienen fiel ik my freeslik mislik wurden, hurd draaf ik nei 't húske.
Alles spui ik derút, it spat by de bril omheech. Ik sjoch dernei en begjin wer opnij. Read mei grien, der sitte noch hele reade beien tusken.
Ik lûk troch en hanwaskje. Mei in wietmakke tippe fan de badhandoek fei ik it gesicht ôf. Dêrnei meitsje ik mei in stik
| |
| |
húskepapier de bril skjin. Ik hear oft der net tafallich ien op 'e gong is. Krekt as ik nei boppen gean wol, rattelet de tillefoan. Ik bliuw yn 't húske stean. De keamersdoar giet iepen. Mem ropt lûd: 'Tessa? Tillefoan foar dy!'
Ik hâld my mûsstil. Fuotstappen geane de trep op. Ynienen komt it boek my yn 't sin, it leit iepen by 'Zwangerschap'. Mem kennende, wit ik dat se yn 't boek sjen sil, se wol witte wat ik lês, sa nijsgjirrich is se wol. Alles wol se altyd witte. Ik sto út it húske wei en rop by de trep op: 'Hjir, hjir bin ik! Ik bin der al. Wat is deroan?'
'Sjerda foar dy,' seit se wylst se har omkeart en nei ûnderen rint. 'Wêrom kinst net even earder antwurd jaan? Litst my om 'e nocht nei boppen bongelje.'
Ik soe Sjerda noch belje. Wat stom dat ik der net oan tocht ha. Se sit fêst oer my yn. It bloed fljocht my nei de holle. Ik wachtsje oant mem yn 'e keamer is en de doar ticht docht. Ik moat der wis fan wêze dat se net wer nei boppen rint en it boek fynt. Dan pas krij ik de hoarn. Heit kipet om 'e krante hinne.
'Mei Tessa.'
'Hoi Tessa, hoe is 't no mei dy?' Sjerda har stim sit fol mei ynholden spanning.
'Goed. Sorry dat ik net belle ha.'
'Hindert neat, hiest genôch oan dysels. Is it echt goed mei dy?'
'Ja.'
'No, dan ha 'k goed nijs! Dy man fan it hynder hat my krekt belle. Hy bringt him jûn, it sadel en haadstel ha 'k mei oernommen. Hy hyt Silke. It is in Frysk hynder, in merje. Wat fynst derfan? Hoe liket it dy ta?'
'Prachtich, eh... moarn kom ik wol, fuort út skoalle wei.'
| |
| |
Mem hat de eagen net fan my ôf, se stiet noch gjin meter by my wei. Se docht de mûle iepen en wer ticht. Se wachtet even foar't se seit: 'En dyn húswurk dan?'
Ik draai my om, ik wol har net mear sjen. Wat Sjerda krekt sein hat bin ik kwyt... 'dat is eigendik ek in reden wêrom 't ik dy belje. Dyn aginda leit noch neist de stoel yn 'e foarkeamer. Moat ik it foar dy oplêze watst leare moatst foar moarn?'
'Goed, doch dat mar.'
'Ik haw him hjir, hast ark by de hân?'
'Palet mem even in pen?' freegje ik.
'Wat moatsto mei in pen?'
'It húswurk opskriuwe.'
'Moat Sjerda dy dat fertelle? No hawwe wy helendal de hichte.'
'Houkje, hâld dy wat yn,' ropt heit. Hy klapt de krante yn elkoar.
'Myn aginda leit dêr noch,' byt ik har ta.
'It is ivich en altyd itselde mei dy.'
Se hellet in pen en papier en stekt it my ta as is it smoarch. Ik skriuw op wat Sjerda seit.
'Ast it moarn net oan tiid hast, komst letter mar, it hynder moat earst dochs noch wat oan alles wenne, oan de nije stâl en oan my. Mar ik koe it net litte om it dy even te fertellen. Gelokkich mar dat ik de skuorre krekt skjin haw. Wolst wol leauwe dat ik der in bytsje oerémis fan bin? Dit hie folle earder moatten. Asto it no ek mar leuk fynst.'
'Ik kom moarn fuort út skoalle wei. Ik wol him hartstikke graach sjen. No hoi!' Ik lis de hoarn op 'e heak. As de wjerljocht sto ik nei boppen want by de lêste wurden fan Sjerda rûn mem de keamer út.
| |
| |
De kust is feilich. It boek leit der noch krekt sa. Ik klap it ticht en smyt it ûnder it kessen. In hynder... moarn al. Miskien kin ik my derôf falle litte en krij ik in miskream. En oars pale ik mem har slieptabletten. As ik net ûngesteld wurd, nim ik in hânfol. Soe se genôch hawwe? Ik krûp wer op bêd. Allinne de gedachte oan selsmoard kin my noch rêstich meitsje. Ik sjoch nei de wite balken boppe my. Nei de naden dy't tusken de planken sitte. De iene naad is grutter as de oare. Ik tel de planken tusken de balken en besykje net mear te tinken en yn 'e sliep te fallen. Moarn sil ik sjen hoefolle slieptabletten oft se op foarrie hat. Doar ik dat? Pillen nimme? Sliepe, foar ivich?
Ik hear ien de trep opkommen, triemen kreakje. De doar giet iepen. It is mem, se hat in briefke yn 'e hân: 'Ik tocht, dit silst wol noadich hawwe, it lei noch by de tillefoan. Wat hawwe wy no, leist al op bêd?'
'Ik bin slûch.'
'Ik begryp bytiden echt helendal neat mear fan dy,' seit se, wylst se my oansjocht as ferwachtet se in ferldearring. Ik draai my om en lûk it dekbêd oer de holle. In skoftsje letter hear ik de doar ticht gean. Sacht dizze kear. Har stim hearde ek wat oars as oars. En it is noch aparter dat se neat mear sei foar't se de keamer út rûn. Soe heit har oanpakt hawwe? Even liket it as litte myn gedachten my mei rêst, mar it duorret net lang. Abortus? Doar ik dat? Ik hear in baby gûlen, earst sacht, it liket op skriemen, der sit fertriet yn, dan lûder, hy begjint te razen. Hy raast sa fûl, no mei safolle pine deryn, dat ik de hannen tsjin 'e earen oan druk. De mûle yn it readpearze holtsje stiet wiid iepen, it is in weak bluodderich gat mei dêromhinne fleizige rôze wankjes en in ronfelich foar- | |
| |
holtsje. Mei djippe, grutte úthalen raast er mar troch. Dan folget in djippe snok en it is yn ien klap stil. Abortus? It berntsje leit dêr, sonder him te bewegen, blau en stiif, ik doar it net te pakken. Treaste jout neat mear. De eachjes steane stil yn 'e holle. Se stoarje my oan, ik wurd bang, it is krekt as sjogge se mear, as witte se wa't ik bin. Ik moat ophâlde! Net mear tinke. Ik meitsje mysels gek. Leare, ik moat leare. Ik mei gjin ûnfoldwaandes mear helje. It dekbêd smyt ik fan my ôf en ik helje it keunstskednisboek út 'e tas.
It briefke dat se brocht hat leit op it buro. Ik sjoch nei bûten. It skaad fan ús hûs leit yn in swarte punt oer it paad. Dêromhinne is alles ljocht, it grint tusken de dûbele rige tegels liket heel wyt yn 'e sinne. Altyd as ik dat sjoch komt de gedachte by my op dat mem elk stientsje poetst hat. Hjir en dêr groeit in fetplantsje tusken it grint, rôze, geel en pears. Ik lit it mar stean, sei se in pear dagen lyn noch, wêrom soe ik it omskoffelje, it bloeit, it stiet net ien dêr yn 't paad. As it net deagean wol, wa bin ik dan om it al út te roeien? Se hâldt fan blommen. Ik skrik. Brucht komt it paad opfytsen. Hy fytst foar syn dwaan oerstadich. Gau rin ik by it nit wei.
It keunstskiednisboek is grut en swier. Ik sykje de siden op dy't ik fan 'e middei ek al besocht haw te lêzen. De moed sakket my fuort wer yn 'e skuon. Hoe moat ik it ûnthâlde? De holle sit my aaifol. Ik jou my wer op bêd del. Myn eagen gliidzje oer de wurden: Volgens de getuigenis van vele mythen is de Kosmische Mens niet slechts het begin maar ook het einddoel van het leven - van het geheel van de schepping. 'Alle graan-natuur bedoelt tarwe, alle schatten-natuur bedoelt goud, alle voortplanting bedoelt de mens,' zegt de Middeleeuwse wijze Meester Eckhart... lit mar... de gehele
| |
| |
innerlijke, psychische realiteit van ieder individu is uiteindelijk georiënteerd op dit archetypische symbool van het Zelf... in praktische bewoordingen betekent dit, dat het bestaan van menselijke wezens nooit bevredigend verklaard zal worden in termen van afzonderlijke instincten of doelgericht mechanisme, zoals honger, macht, seksualiteit, overleving, voortbestaan van de soort, enz. Dat wil zeggen, dat het voornaamste doel van de mens niet is te eten, te drinken, enz., doch menselijk te zijn... It rint my troch. Wat wolle se beweare? Bin ik minsklik? Is it minsklik earst in bern te meitsjen en it dêrnei dea te dwaan?
Gau lês ik fierder. Boven en buiten deze driften dient onze innerlijke, psychische realiteit tot het openbaren van een levend mysterie, dat alleen door een symbool uitgedrukt kan worden en voor deze uitdrukking kiest het onbewuste dikwijls het machtige beeld van de Kosmische Mens...
Us doel is net ite en drinke. En ek net seks. Mar wat dan? Wy stjerre út. So what. Om my hoecht it net. Om myn part stjerre wy út, leaver hjoed noch as moarn. Wêrom moatte wy libje?
Ik bin it net wurdich wat Sjerda foar my docht. Ik wol it hynder net sjen. Ik kin it hynder net sjen. Silke. Moaie namme. 'Silke,' sis ik lûdop. Ik klap it boek ticht. Moarn gean ik net nei skoalle. Ik fyts dy kant in ein út en wachtsje Anita of Jos op om te sizzen dat se har stilhâlde moatte tsjin Brucht, dat se net fertelle dat ik spijbelje. Dêrnei gean ik de stêd yn. Ik kin gjin ûnfoldwaandes mear helje.
|
|