| |
| |
| |
15
Yn 'e fierte hear ik guon praten. Twa bekende lûden binne it. As ik de eagen iepen doch, sjoch ik heit op 'e knibbels foar my lizzen, Sjerda stiet neist him. Wy sjogge elkoar lyk yn 'e eagen. Ik skrik derfan, syn eagen sa ticht by mines.
'Tessa, do hast even wei west.'
De angst bespringt my fuort wer. Fyt wie hjir niiskrekt. Wêr is se?
'Giet it?' freget er.
'Ja.'
Ik krûp oerein. Wat sei Sjerda ek al wer? Fyt hie in anonym tillefoantsje krigen. Fyt moat Jeroen yn 'e gaten hâlde. Dat koe mar ien dien ha. Brucht. Ut wraak. It fytskaike. Ik gean stean.
'Gean hjir mar even sitten.' Sjerda hat in stoel yn 'e hân en skoot dy ûnder my.
'Ik helje in konjakje foar dy,' seit se.
'Is dat wol goed foar har? Oan 'e drank?' freget heit.
'Flau falle is ek net goed. Se moat in opkikkerke ha, no fuortendaliks, foar't se wer fuortfalt.'
Sjerda rint fuort.
'Ik skrok wol doe't ik dy hjir sa oantrof.' De útdrukking dy't er op it gesicht hat docht my tinken oan jierren lyn doe't ik út it klimrek foei, mei de holle achteroer op 'e grûn. Ik siet yn groep 1 fan 'e basisskoalle. Se brochten my nei dokter. Ik siet foaryn by heit op 'e skoat, mem ried. Letter fertelde mem my dat ik allinne mar by heit sitte woe, se woe witte wêrom. Dagen dêrnei seach er noch ûngerêst en besoarge. Ik wie bliid dat ik fallen wie.
| |
| |
'Do bist noch wat stil, moatst noch even wat bekomme, tink?'
'Ja.'
Fuort sit ik wer oer myn liif yn. Heit syn fragen geane foar de helte by my lâns, it kostet my muoite om hieltyd antwurd te jaan. Wat spoket Brucht út? Hie 'k it mar net dien, syn fyts op 't slot setten. No is er helendal net mear te hâlden, hy moat syn eare rêde.
Sjerda komt deroan rinnen mei in kopke yn 'e hân.
'Do seachst ynwyt niis, ik waard der bang fan. Hjir Tessa, drink op, dêr silst fan opknappe. As it goed is, fielst it binnen in kertier. It is it iennichste medisyn dat fuort helpt, ik haw der wat sûker yn dien foar de smaak.' Sjerda stiet foar my, se jout my it kopke oer, der sit smoarch brúnachtich focht yn, ûnderyn leit drabze. Ik griis derfan as ik in slok nim. It falt my op dat har hier noch wiet is, se hat it ek noch net útkjimd, dan sil ik wol net sa lang bûten westen lein ha. Heit moat ûnderwilens kommen wêze. Ik haw syn auto net heard. Soe Sjerda him belle ha?
'Haw ik hjir lang lein? Wêrom is heit hjir?'
'Ik, ja... dat is tafal, ik hearde fan mem dat der wer problemen wienen mei Brucht en dy. Mar dat prate wy letter wol út, moatst earst mar wer wat ta dysels komme.'
'Watfoar problemen binne der?' De keel knypt my ticht. 'Brucht miste it kaike fan syn fyts, hy beweart by heech en by leech datsto it dien hast, mar dêr leau ik neat fan. Soks is neat foar dy.'
It bloed fljocht my nei de holle.
'Is dat alles?' freget Sjerda. 'Ik bedoel, der is fierder gjin reden wêrom't jo hjir binne?'
| |
| |
'Simen hyt ik, sis mar do. Houkje frege oft ik Tessa ophelje woe.'
'Just. Soe't ek wêze kinne dat Tessa bloedearmoed hat?' freget Sjerda. 'Se is wat oan 'e meagere kant, sokke famkes groeie op in bepaald stuit suver hast te hurd, it is mei iten amper by te hâlden. Miskien kin dokter in kear nei har sjen, ik haw it der net op stean.'
'Ik gean net nei dokter. Ik haw nergens lêst fan,' sis ik gau. 'Wat soe it hinderje? Ik tink dat Sjerda gelyk hat. Dan kin er even kontrolearje oft alles wol yn oarder is.'
'Heit mei wol nei hûs gean. Ik bliuw hjir fannacht te sliepen.'
'Dat moat dan letter mar in kear. Ik bin hjir no, ik nim dy mei nei hûs. Kinst sels fytse?'
'Is heit op 'e fyts?'
'Mem sei dat it op 'e fyts binnentroch likefolle tiid naam as bûtenom mei de auto. Kom Tessa, litte wy it mar besykje.'
'Ik soe hjir leare, ik haw al myn boeken hjir brocht. It wol hjir folle better as thús.'
'Thús op dyn keamer is net ien dy't dy lestich falt. Ik nim dy no mei nei hûs, mem wachtet mei 't iten.'
'Dan moat ik in pear boeken mei ha.'
Sjerda rint my achternei.
'Bellest jûn noch even hoe't it mei dy is?'
'Okee. Miskien kom ik moarn wol wer.'
As wy by de hikke binne en ik it tou losmeitsje, komt Djoke der op har alve-en-tritichst oan keuteljen. Ik wachtsje oant se der is. Heit stiet neist my mei twa fytsen yn 'e hân, hy seit neat.
| |
| |
Djoke bliuwt lyk foar ús stean, in lange glisterige tried hinget har in ein út 'e bek wei, hy rekket hast de grûn. Se slingert in pear kear mei de kop, de tried brekt en falt yn 't gers. Ik klopje har tsjin 'e hais, de eagen bliuwe like tryst. Ik lis myn holle op de brede kop. Heit sjocht nei ús. 'Djoke mei dy wol lije, leau 'k,' seit er. 'En Sjerda trouwens ek wol.' Djoke rint achter ús oan.
Heit sjocht in pear kear om. 'Hy rint noch hieltyd achter ús, docht er dat altyd?' freget er as wy by de oare hikke binne. Djoke rekket it tou mei de wiete bek oan en snúft der nijsgjirrich oan, se slikket my oan 'e hannen as ik de knoop losmeitsje. Ik moat oars altyd laitsje as se dat docht, it fielt sa gek.
'It komt mar selden foar dat se net mei my oprint. Meastal leit se dan te sliepen of is se te lui. Mar se kin net prate, ik wit it net altyd by har.'
'Wy seinen altyd “hy” tsjin in ko.'
'Djoke is sy. Se hat in jaar en se krijt kealtsjes.'
Ik sjoch nei it plak dêr't ik mei Jeroen lein haw. Ik woe der net nei sjen, mar myn eagen wienen my foar. It gers leit dêr noch plat. Wy stappe op 'e fyts. Djoke fottelet fuort.
Under it fytsen fernim ik dat heit faak even stikem nei my sjocht.
'Wat wennet Sjerda dêr moai, net?' seit er. 'Je sjogge je dêr de eagen út 'e holle, it liket my trouwens in poerbêst minske. Se sit wol oer dy yn, fernim ik. Ik ek de lêste dagen. Doe'tst dêr niis sa leist, gong it my troch alles hinne. Tusken Brucht en dy sit it net goed. Hy makket it dy net maklik, wat mankeart dy jonge eigendik? Fertel my ris earlik, Tessa, hasto syn fyts op 't slot setten of net?'
| |
| |
It paad is te smel, ik út my ôfsakje. Hy fytst no foar my, hy sit rûngear op 'e fyts, je kinne sjen dat er noait fytst. Hy sjocht wol hieltyd om him hinne, soms ek omheech nei de beammen.
'Bist der noch?' freget er. Hy draait him heal om, út 'e eachhoeken wei sjocht er nei my.
'Hasto Brucht syn fyts op 't slot setten en syn fytskaike pakt?' freget er wer.
'Nee.'
'Dat wist ik ek wol, sokke streken binne neat foar dy. Mar ik woe it even befestige hawwe.'
Hy sjocht wer foar him. Ik plantsje de eagen op syn griene, brede rêch. Hy hat it pale ferruile foar de klean dy't er altyd mei 't gersmeanen oan hat. Ik besykje net oan thús te tinken, net oan wat my straks allegear boppe de holle hinget. Net oan wat him yn myn liif ôfspilet. Ik wol nergens oan tinke. Leaver sjoch ik ek net nei dy rêch foar my, der stiet in leagen op.
'Wat is it hjir moai, net? En dat allegear sa ticht by hûs, ik moat mar ris faker te fytsen.' Hy draait him wer om.
'Tessa?'
'Ja?'
'Sis ris wat. Fielst dy wol goed, net?'
'Ja, prima. Wol heit it net tsjin mem sizze?' rop ik.
'Wat net?'
'Dat ik flaufallen bin. Dan docht se wer sa oanstellerich, mislden mei ik dan moarn net nei Sjerda ta.'
'Wachtsje even.'
Hy remmet en stapt fan 'e fyts. Ik remje ek en stean neist him stil. Hy leunt mei de earmtakke op it sadel en sjocht
| |
| |
my oan. Achter him bloeie de toarnbeistruken, guon sitte fol mei lytse wite blomkes.
'It kontakt tusken mem en dy is op 't heden lang net optimaal. Bist dêrom altyd by Sjerda? Of komt dat troch Brucht? Sis ris earlik, ik wol it der even mei dy oer ha.'
'Ik tel net mei, ik bin net belangryk yn mem har eagen. Dat kin my fierder neat skele, as se my dan mar gewurde lit, mar dat docht se ek net.'
'Foar my bist wol belangryk. Miskien bist foar mem wol tè belangryk, ik sjoch dat se dy gjin inkele romte jout.'
Hy set de fyts wat ûnhandich tsjin in beam en rint nei my ta.
Hy leit de earm om my hinne en krûpt my oan, syn snor prikt tsjin myn wang. It leafst treau ik him fuort, mar dat doar ik net. Ik moat oan it briefke tinke dat Brucht op myn kessen lein hat. Sa docht er dat dus by oare froulju, as er mem ûntrou is. It is as kin er gedachten lêze, want syn earm drukt ynienen minder fûl. Ik sjoch nei syn skuon en nei myn skuon.
'Ik fyn dy leaf,' seit er. 'It is as foelen de skellen my niiskrekt fan 'e eagen. Ik bin tekoartsketten, ik haw te min oandacht foar dy hân. Ik tocht datsto it wol rêdest... sa wiest altyd wol... do koest dy altyd sa goed rêde...'
In fûgeltsje sjongt boppe ús yn 'e beam, de toanen tûmelje oer elkoar hinne, oan 'e ein hellet er heel lang út. Is er sa bliid of wol er syn territoarium ôfbeakenje? Fielt er ús as in bedriging? It is raar dat heit hjir op dit plak mei de earm om my hinne stiet. Ik bliuw stiif rjochtop stean mei de fyts yn 'e hân.
'Ik wie der net altyd foar dy, dat ha 'k no wol yn 'e gaten
| |
| |
krigen. It spyt my, ik wol it oars dwaan. Dit kin sa ek net.' Hy lûkt my tsjin him oan, myn fyts giet mei. De wurden wolle net yn my del, se komme net op it plak dêr't se hearre, se bliuwe yn myn holle hingjen. Miskien komt it omdat ik it net fertsjinne haw. Ik haw him foarliigd oer it kaike en as er al it oare wist die er no net sa.
'Tessa, sjoch my oan.' Hy leit de hân ûnder myn kin en tilt myn holle omheech. Ik sjoch nei de rûge wynbrauwen, der sitte in pear lange grize hierren tusken. Hy is te ticht by my, ik kin him net goed oansjen. Wêrom docht er ynienen sa abnormaal leaf? Krekt no? No't it te let is.
'Ik freegje my ôf wêrom't Brucht dy net ferdrage kin. Ik kin it my mar net begripe, want do bist net in famke dêr't je in hekel oan hoege te hawwen.'
'Ik haw syn fyts wol op 't slot setten, it kaike haw ik yn 'e sleat smiten,' sis ik gau.
Hy wit even net wat er sizze sil.
'Dat hasto net samar dien, dan hat er dy it bloed ûnder de neils weihelle. Ik wol witte wat deroan foarôfgongen is, earder geane wy hjir net wei.'
As ik alles fertel oer de rotsoai dy't Brucht op myn keamer makket, oer de dingen dy't ik mis, boeken, sieraden, sjaaltsjes... oer de mus mei dy goare maitsen, dan praat er der mei Brucht oer en dan bin ik ferlern. Brucht begjint tsjin him oer Jeroen en my.
'Neat, der is neat oan foarôfgongen. En ik wol leaver net dat heit it fertelt, ik bedoel dat fan it fytskaike. Hy fermoardet my.'
'Ik sis neat oer it fytskaike, ek net tsjin mem. Mar dan moatsto my belove datst fan no ôf oan fuortendaliks by my komst as Brucht dy ek mar ien kear wer dwers sit.'
| |
| |
'Goed. Dat doch ik.'
'Fyts do mar foar, dan kin ik dy wat yn 'e gaten hâlde. Ik sil tsjin mem sizze dat se in ôfspraak mei dokter makket, ik wol dat dyn bloed ûndersocht wurdt. It is net normaal dat in famke fan fjirtjin samar midden op 'e dei sonder ien oft oare oanlieding flau falt. Bist te meager, Sjerda hat gelyk.'
'Ik gean net nei dokter, der mankearret my neat. Dat wit ik sels wol.'
'Dat bepaal ik foar dizze kear. Moatst net sa ferhipte eigenwiis wêze.'
De skrik slacht my om 't hert. Wat kin in dokter allegear út it bloed gewaarwurde? Kin er oan it bloed sjen oft ik yn ferwachting bin? Of kin dat allinne mei in urinetest? Ik nim my foar om jûn de medyske ensyldopedy mei nei boppen te smokkeljen, mislden kin ik wat fine oer befruchting en bloed.
'Hast moarn ek repetysjes? Oars moat it moarnier fuort mar even.'
'Ik haw twa repetysjes, de earste oere haw ik ek ien.'
'Dan meitsje wy foar oaremoarn in ôfspraak.'
Wy binne op 'e strjitwei. Heit fytst neist my, hy leit de hân by my yn 'e nekke. It pikefel rint my derfan oer de rêch. Ik moat oan Jeroen syn hân tinke.
Ynienen brekt it swit my út. Dat flaufallen, dy duzelichheid sil der dochs neat mei te krijen ha? It sil dochs net in symptoam wêze?
Mem har holle sjit foar it foarkeamersrút wei as wy it hiem opfytse.
Yn 'e garaazje sjoch ik Brucht syn fyts net stean. Wêr soe er úthingje?
| |
| |
De fraach hoe't ik de medyske ensyklopedy te pakken krije moat sonder dat mem it sjocht, haldt my sa bot dwaande dat ik har net iens yn 'e doar stean sjoch.
'No en?' freget se.
Heit jout gjin antwurd, hy jout har in triuwke de gong yn. Ik rin nei de keamer, helje de medyske ensyldopedy út 'e boekekast en tropje him hurd yn myn tas.
As ik op myn keamer bin, lis ik it boek ûnder myn kessen.
'Ite!' Heit ropt nei boppen.
Ik moat net oan iten tinke.
Brucht syn plak bliuwt leech oan 'e tafel.
'Hoecht Brucht gjin iten hjoed?' freget heit. 'Der stiet gjin board.'
'Brucht hat al iten, jim kamen mar noait, hy hie san honger.'
'En wêr is er no hinne as ik freegje mei?'
'It doarp yn.'
'Dus Tessa hat it fytskaike net?' Se sjocht my earst freegjend oan en dan heit. Heit seit neat. Ik ek net.
'Kinne jim gjin antwurd jaan?'
'Wat hie 'k niis ek al wer sein?'
'Okee, ik bin al stil.'
'Deawurch wurd ik fan dy,' seit er.
'Hoe wie 't by Sjerda?' Se skept spinaazje op. Ik sjoch nei de griene dridze yn har board, nei de gehakbal dy't se der neist drapearret, de twa ierpels dy't folgje. In beste sleef sju wurdt oer alles hinne pjutske, it griist my oan.
'Bêst, wy meie ús miening wol gau bystelle, Sjerda is in poerbêst minske,' hear ik heit sizzen, 'soarchsum en lang net gek as je it my freegje.'
| |
| |
'Wie 't dêr ek in smoarge troep?'
'Se wennet dêr prachtich en se hat de boel prima foar elkoar.'
Ik lit wat spinaazje fan 'e leppel gliidzje.
'Nim noch even in skep derby, Tessa.' Se sjocht my like fais oan as de spinaazje.
'Dat goare guod mei ik net, dat wit mem wol, it is al de tredde kear yn ien wike dat wy it ite. It is seker wer yn 'e reldame.'
'Dat bedoel ik no.' Se sjocht heit oan.
'Wat bedoelsto no?'
'Dy grutte bek fan har altyd.'
'It is de tredde kear binnen in koart skoftsje tiid dat wy spinaazje ite, dêr hat se gelyk oan. En mislden is it wol yn 'e reldame, it soe my earlik sein neat fernuverje.'
'Der sit in protte izer yn. Sjoch no ris hoe't se derút sjocht, se is like suterich en skraal as wat, se hat neat om by te setten.'
'Meitsje mar even in ôfspraak by dokter foar Tessa, moarn net, want dan hat se repetysjes. Foar oaremoarn.'
'Doch even normaal man, ik haw nergens lêst fan,' sis ik. 'Tessa, wat hienen wy ûnderweis ôfpraat, it giet allinne mar om in heel gewoan kontrôle-ûndersyk. Hy kin wol even sjen oft alles yn oarder is.'
'Moatst no ris sjen wat se yn 't board lizzen hat, ien lyts rudich ierpeltsje en net mear as twa happen spinaazje. Dêr kin in mins dochs net op libje?'
'Pak even in gehakbal Tessa, en wat sju.' Hy begjint him te ergerjen, hy sjocht net ien mear oan.
'Ik haw gjin sin oan sa'n fette gehakbal.'
'Je kinne neat mei har, dat sjochst no sels. Hast niis mei har praat? Ik fernim der net folle fan.'
| |
| |
'Lit har even gewurde.'
Mem begjint te iten, mar de eagen binne net fan myn board ôf.
Sonder te priuwen slok ik it iten troch. Sa no en dan komt it my omheech en hel ik it soer yn 'e slokterm biten. It bliuwt stil, miskien ferjitte se de ôfspraak mei dokter. Se hat der neat op sein niis, heel apart.
Messen en foarken tikje skoften achter elkoar troch sonder dat ien wat seit. It falt my ta dat se heit net fierder útfreget oer Sjerda.
'Moatst even sjen wat we oerholden hawwe.' Se leit de pannen skean foar heit. Se is de earste dy't it senuwsloopjende tikjen ferbrekt, mar ik wit net oft ik der bliid mei bin. 'Moat ik dat skoandere iten allegear fuortgoaie?'
'Bakst it moarn op of dochst it op bôle,' seit heit.
Se sjocht ferneatigjend nei him, mar it jout har neat, want hy sjocht nei buten. Se steapelet mei in protte bombaarje de pannen en boarden op, raamt de messen en foarken by elkoar, smyt se yn 'e ierpelpanne en rint dermei nei de keuken.
Mei in te fûle klap bedarret in flesse fla midden op 'e tafel. Ik fiel it iten yn 'e mage sitten.
Der komme trije skaaltsjes neist te stean, mines jit se oan 'e kop ta fol, har eigen foar de helte. Heit mei it sels dwaan. Se giet oerein en rint nei de keuken. Mei it fleske Davitamon komt se werom. In read piltsje falt út har hân wei yn myn fla. Se smyt ek ien yn har eigen. Dan komt it potsje by heit telâne. Hy lit it stean dêr't it stiet.
It piltsje lost oan 'e rânen op, de fla der om hinne wurdt rôzeread. Mei de leppel druk ik it nei de boaiem.
'Griem net sa om, Tessa, ik wol de tafel oprêde, it hat my
| |
| |
sa stadichoan lang genôch duorre troch dat gedoch mei dy.'
'Wat my opfalt, Houkje: do litst Tessa net in tel mei rêst, dêr moat elk minske op 'en duer wol stapelgek fan wurde.'
'Ik wurd ek faak genôch gek fan jim, mar dat skynt net belangryk te wezen.'
'Ik haw al sein datst derút moast. Pak wat oan watst leuk fynst, dan sjochst mislden sels ek yn datst dy drok makkest om neat, dan binne dit futiliteiten.'
'Wat neamsto futiliteiten?'
'No even net wer. Witst ek hoe let oft Brucht jûn thúskomt?'
'Dat hat er net sein.'
'Ik wol net dat er wer foarút yt, hy kin op ús wachtsje. Under iten hawwe wy even de gelegenheid om wat by te praten.'
'Dat leit him net oan ús.'
'Ik wit it.'
Brucht fytst foar 't rút lâns. Hy hat in fjoerreade kop. Ik gean by de tafel wei.
'Even wachtsje Tessa,' seit heit, 'it duorret net lang. Wy moatte in pear dingen mei elkoar beprate.'
Mem krijt wer lêst fan it bekende senuwtrekje om 'e mûle. Brucht smyt de doar wiid iepen.
It gele etterpuntsje op syn kin falt noch mear op no't er sa read om 'e holle is. It hier kleeft him oan 'e foarholle fêst. Hy goait de jas op 'e stoel.
'Jas ophingje en hjir fuort wer komme,' seit heit.
It liket wol as sitte de hannen en fuotten net goed oan him fêst, sa nuver slingert er dermei.
'Wy prate dit ôf,' begjint heit as Brucht werom is, 'do en
| |
| |
Tessa litte elkoar fan no ôf oan gewurde, jimme hoege en moatte neat mear mei elkoar. Yn dit stadium jout dat allinne mar ellinde. Der hoecht mar in mich fan Tessa nei Brucht te fleanen en jimme hawwe al rúzje. Brucht set net ien foet mear oer de drompel fan Tessa har keamer en oarsom komt Tessa ek net by Brucht op 'e keamer.'
'Heit soe har freegje oft se myn fytskaike pikt hat.'
'Alles is no útpraat.'
'Ik wit seker dat se myn fytskaike...'
'Do hast my wol heard! Do kinst wer fytse net? Hast de iel werombrocht?'
'Ja.'
'Moai, dan sil ik no mei Jan belje. Tessa, do nei boppen, do hast repetysjes moarn. Brucht, hjir bliuwe!'
Wat dat mei dy iel is, begryp ik net. Sadree't ik boppe bin, skuor ik it boek ûnder it kessen wei en sykje yn 'e ynhâldsopjefte it wurd 'Bevruchting' op.
|
|