'Tessa, komst ek noch of sitst dêr mar wat te sliepen?' Se ropt. Fiif minuten lyn hie 'k de auto al fan 't hiem riden heard, mar ik koe de moed net opbringe.
Ik fiel it bloed yn 'e fuotten stekken by 't rinnen, it komt fan 't ôfknipen fan 'e hoksen. It is as rin ik op spjelden.
'Sa, dêr haw ik even best mei ôfweefd. Ik tocht fuort al by mysels: dizze dame moat der mar net yn. Dêr stie de holle my absolut net nei. Ik fielde my krekt sa lekker roazich en sûzerich nei dat waarme bad. Minsken, minsken, wat sit dat sloof grôtfol argewaasje, ik skrok derfan. Dat moat se dan mar moai op Jeroen ôfreagearje, ik bin net mei har troud. Tessa, wachtsje even! Wat is deroan?' hear ik Sjerda yn 'e fierte sizzen, it lûd gûnzet fuort, hieltyd fierder.
'Ik fiel my net sa lekker ynienen...' sis ik, as ik wer wat bykom. Ik bin sa bang, sa ferskriklik bang, it leit my op 'e lippen, mar de eagen fan Sjerda hâlde my tsjin. Se binne te goed, te earlik.
'Wêrom wie Fyt lilk?' freegje ik.
'Do trillest. Dit kin sa net... dit moat oars mei dy.'
'Ik fiel my al wer goed. Wêrom wie Fyt lilk?'
'Se hie tillefoan krigen fan 'e middei, anonym. Ien fertelde har dat se Jeroen yn 'e gaten hâlde moast, dat... wat is deroan...'
'It wurdt my sa swart foar de eagen.'
Sjerda leit de hân op myn holle en begjint te drukken. 'Djip sykhelje, lizzen gean, toe gau.'
Ik hear in hege fluittoan, alles draait om my hinne. Ik sakje. Der is neat mear ûnder my. Djip, hieltyd djipper sakje ik.