ek skele dat syn eigen soan him sjoen hie mei in oare frou, as hy de wille der mar fan hân hie. Dy jonge soe it wol wer ferjitte en tinke dat er him mislden fersind hie.
Brucht set de foet op de iel, drukt even fûl ta en palet de iel by de sturt. Hy lit him yn 'e plestyk tas sakje. It wie de grouste en de langste iel út 'e fûke. Hy hat de fûke wer krekt sa te plak lein, Jan soe it noait fernommen hawwe. Hy hat Jan Snoek syn gesicht al foar him as er mei de iel oanskiten komt. Echt wat foar syn heit om him op san manier foar skut te setten. Hy docht it ek net! Hy sil wol gek wêze. 'Sjoch Jan, hjir is de iel wer, dy't ik út 'e fûke helle haw, ik haw him allinne mar even liend...' Ho, mislden is dat noch net iens sa'n gek idee. Hy kin krekt dwaan as hie er in graphe úthelje wollen mei Tessa. As Jan freget oft er wol faker ielen út syn fûken hellet, dan seit er gewoan dat er dat noch noait earder dien hat. Heit liicht sels ek faak genôch. As er Jan jûn bellet en hy krijt op 'e donder, sil er heit ek wolris even ûnder de noas wriuwe wat er allegear fan him wit, wat se oer him sizze yn it doarp.
'Brucht? Wat dochsto dêr boppe? Wolst even in flesse fla foar my helje?' Ha je har wer te seuren.
Hy rint nei ûnderen mei de plestyk tas.
'Wat hast yn dy tas?'
'Neat.'
'Wol! Der sit wat yn, dat kin ik sa wol sjen. It beweecht.'
'Wol mem it sjen?' freget er, der komt in eigenaardich glimke om syn mûle.
'Hjir, in iel.' Hy hyst har de iel oan. It bist krôlet him yn in bocht.
'Hâld op! Wat mankearret dy. Wat moatsto mei in iel!'