'Kinst in oplieding folgje yn 't maatskiplike wurk of soksawat. Sosjaal of opbouwurk, pedagogyk om myn pat. Miskien kinst it brûke by de opfieding fan de bern. Boppedat praatst ris mei oare minsken dy't mislden ek wol pubers hawwe.'
'Dan hoechsto myn problemen net mear oan te hearren, bedoelst dat?'
'Asto altyd alles negatyf ûtlizze wolst, bin ik no mei dy útpraat! Op dy manier praatst ek tsjin Tessa. Moatst har wat mear fertrouwe, doch wat leaver tsjin har, dan silst sjen...'
'Do litst har moai gewurde, dat kostet de minste enerzjy. Leaf dwaan is maklik as it je neat skele kin wat der fan ien terjochte komt. Leaf dwaan leit dy wol as der mar froulju yn 't spul binne.'
'Ik miende dat wy in pear dagen lyn ôfpraat hienen dat wy op 'e nij begjinne soenen, dat wy it ferline rêste litte soenen. Sa slagget dat noait. Do wurkest der net oan. Ast hieltyd mei deselde ferwiten komst, joust my gjin inkele kâns, dan kin ik no fuort de boel ek wol by elkoar pakke.'
'Wolst Tessa ophelje en mei har prate? Dan begjin ik mei 't iten. Binnentroch op 'e fyts is it net sa fier.'
'Ik bin benijd watfoar minske oft dy Sjerda is. Dat Tessa sa wiis mei har is, dêr bin ik echt bliid om!'
'Tessa is wiis mei alles wat oars as gewoan is. Krekt as mei dy fint, dy Jeroen no wer, ik haw wol heard dat it in apart apostel wêze moat en as ik heel earlik bin fyn ik dy freondinnen fan har ek neat, Anita en Jos. Dy piercings fan Jos fyn ik in walchlik gesicht. Se rookt ek fan dy rommel, witst dat wol? De eagen steane har like frjemd yn 'e holle as wat.'
'Lit Tessa mar rinne. Do wolst alles foar har regelje, mar se is lang net gek. Dy kin har wol rêde. Se eksperimintearret,