Dy sit ûnderwilens op in beamstobbe, ticht by de foardoar, deselde stobbe dy't er der twa jier lyn al út dolle soe. Hy blaast rûntsjes yn 'e loft en sjocht se nei.
'Hie ik my dêr krekt in anonym tillefoantsje. Ien dy't my fertelde dat ik dy yn 'e gaten hâlde moast! Wêr slacht dat op?'
'Dat slacht nergens op.' Jeroen smoart hast yn 'e reek. 'Wie 't in manljus- of in frouljuslûd?'
'In tuskenbeiden lûd, in nuvere, aaklike stim.'
'Gekken kinne je oeral oantreffe. Guon minsken jouwe allinne mar ynhâld oan har bestean troch in oar it libben soer te meitsjen.'
'Wy hawwe noait earder lêst fan soksoart grappen hân. Der moat in oanlieding wêze. Ik wol hjir graach mear fan witte.'
'Guon minsken hawwe gjin oanlieding noadich, begryp dat no, Fyt. Hjoed pakke se dy en moarn in oar. Der sit gjin logika yn, as se mar in slachtoffer hawwe dan binne se al tefreden. Niiskrekt hiest it noch oer kwea-aardige egoïsten. Je hawwe ek guon, dy hoege der sels net iens better fan te wurden as se mar...'
'Besparje my dyn geëamel. Ik wol witte watstó allegear foar dingen by d' ein hast de lêste tiid.'
'Net folle, dat hast niiskrekt al sein.'
'It alderleafst skopte ik dy hjir fan dy stobbe ôf.'
Jeroen giet oerein: 'Ik gean al, mei alle plesier.'
'Bliuw noch mar even, ik sil earst besykje út te fûgeljen wêr't dat tillefoantsje weikomme kin. Ik moat mar even by de Hierfrou sjen.'
'Kinne wy earst net ite?'
'Dat makkesto ûnderwilens ldear.'