| |
| |
| |
10
'Sjoch Tessa, ik haw fan 'e moarn wat rjemme fan 'e molke skept en slachrjemme kloppe. Ik smyt der in leppelfol reade beien yn. Yt mar lekker op. Reade beien binne goed foar 't bloed, witst dat? Bist wat skraal en bleek om 'e holle de lêste tiid, of bist ûngesteld?'
'Nee, dat net.' Ik sjoch nei de naden yn 'e houten tafel, dêr't griis stof yn huzet, nei de grutte en lytse ljochte rûnten yn it hout, allegear stimpels fan kopkes en pannen. Ik krij it leppeltsje út it kopke en nim in hap fan de reade fruchtsjes út it wytwolken béd.
Se freget oft ik ûngesteld bin. It is as kringt de fraach ynienen pas echt ta my troch. Wat bedoelt se? Hoe komt se der by? Under de tafel lis ik de hân op 't liif. Ik sil dochs net yn ferwachting wêze? Dy gedachte falt my raar op 'e lea. Net earder is dy mooglikheid by my opkommen. Justerjûn net, en fannacht net. Wêrom no ynienen wol? Kaam it fan Sjerda? Seach se my frjemd oan, of ferbylde ik my dat?
'Fielst dy wol goed?'
'Ja bêst.' Ik besykje in pitsje fan in frucht út 'e naad fan de tafel te peuterjen.
'It heart net sa oertsjûgjend.'
'Ik fûn niiskrekt in deade mûs ûnder myn bêd, it krioele derop fan de maitsen. Ik kin wol wer kokhalzje as ik deroan tink. Miskien sjoch ik dêrom wol bleek.'
'Hoe kaam dat ding dêr?'
'Ik fertink Brucht derfan.'
'Leart er it dan noait ôf?'
'It wurdt earder slimmer.'
| |
| |
De tillefoan rattelet neist Sjerda yn 't finsterbank. Se set grutte eagen op, dat docht se altyd as de tillefoan giet. Der wurdt hast noait belle.
'Mei Sjerda.'
'Ja, dy is hjir. Tessa, jim mem.' Se stekt de hoarn oer de tafel hinne nei my ta.
'Mei my. Wat is deroan?'
'Do moatst thúskomme. Brucht hat krekt belle, hy is noch op skoalle, syn fyts stiet dêr op 't slot, it kaike is fuort. Hy sei datsto der mear fan witst. Yn it keukenslaad leit it reservekaike, do moatst it him bringe.'
'Dat doch ik net.'
'Tessa, do hast my wol heard! Do komst nó thús.'
'Wêrom bringt mem it der sels net hinne, mem hat it fytsen ek leard net?'
'Túúút-túúút-túúút...' Se hat de hoarn derop smiten.
'Sa, dêr bin ik of. Mei ik hjir fannacht sliepe Sjerda?'
'Dan moat ik dêr earst mei jim mem oer prate. En dat liket my op dit stuit net it juste momint. Wat wie deroan?'
'Brucht is syn fytskaike kwyt, syn fyts stiet by skoalle op 't slot en hy wol dat ik him it reservekaike bring.'
'Meist letter de beien wol sykje, moarn of sa.'
'Nee, hy rêdt him de kont mar. Lit mem it der mar hinne bringe, se is mâl genôch mei him om tolve kilometer foar him te fytsen.'
Sjerda seit neat mear.
'Ik haw myn skoalboeken by my, ik lit se hjir bliuwe.'
'Wêrom? Al dy boeken hjir?'
'Ik mis soms samar boeken. Se ferdwine samar, myn skiednisboek en myn Frânske grammatika binne beide fuort. Ik
| |
| |
fertink Brucht derfan, miskien wol er dat ik minne sifers helje, dan kinne heit en mem wer op my omseure. Hy wit net dat it averjochts wurket, want dy wille gun ik him net. Dêrom wol ik it Frânsk foar moarn ek goed leare, ik krij in mûnlinge beurt.'
'Begjin der dan fuort mar mei. Jeroen hat justerjûn ek noch oan 't sykjen west. Learen is belangriker.'
'Ik wol leaver earst even in skoftsje beisykje om dy deade mûs en dat gedoch mei mem kwyt te reitsjen.'
'Goed, doch dat dan mar. Hjir hast noch wat beien.' Se smyt noch in leppelfol beien yn 'e lêste slachrjemme. 'Ik wurd bang fan dyn bleek gesicht.'
'Wreed hear,' sis ik, 'earst dy swiete slachrjemme en dan dy soere beien dy't op 'e tonge lizzen bliuwe. Mei ik se heel trochslokke, helpt it dan ek foar 't bloed?'
'Even trochsette Tessa, oars bist ek net fan sâlt.'
Ik lit in bei knappe tusken de tosken, de mûle lûkt my by elkoar. Hieltyd mear beien lit ik knappe, ik kôgje op 'e hulen om as is it kaugom. It oerbleaune prúmke wol net fuort, ik knyp de eagen ticht, it slagget al.
Sjerda laket. Op har foarholle en ûnder har eagen rinne fine swarte streekjes, der sit stof yn 'e tearen. Krekt as yn 'e tafel. Se sjocht ta 't rút út. Ik fyn it altyd leuk om nei har te sjen, nei dat moaie hierrige gesicht. De pupillen binne no heel lyts, swarte stipkes yn helder blau. Om 'e holle hat se in doek mei blomkes, hjir en dêr springt der in reade lok ûnder wei. Boppe op 'e doek leit in oprôle spinreach. Se set de hân ûnder it kin, trije grutte, blauwe ieren krûpe deroerhinne. Hjir en dêr sit in fealbrún plakje tusken it hier, fierder allegear lytsere skeinspruten.
| |
| |
Myn hân lûkt wer nei 't liif. As ik earst mar ûngesteld west ha. Stel dat ik... dat kin dochs net? Wy hawwe neat brûkt, wêrom soe it eigentlik net kinne? Ik fernim dat ik yn panyk reitsje. Sjerda keart de holle krekt nei my ta. It liket wol as sjocht se dwers troch my hinne.
'Kin in minske fan 'e iene op 'e oare dei feroarje fan in aardich persoan yn in ûnaardich persoan?' freegje ik samar ynienen, miskien om mar fan dy ûndersykjende eagen ôf te wêzen.
'Wat bedoelst? Wa bedoelst dêrmei?'
'It kaam samar ynienen yn my op. Ik freegje it nergens om.'
'Miskien wol, as der wat foarfallen is. Is it in man of in frou?'
'In minske.' Ik ûntwyk har eagen.
Sjerda sjocht nei bûten en stoarret lang foar har út. Soe se myn fraach fergetten ha? Ynienen wurde de pupillen grut en it liket ek wol as wurdt se wat reader om 'e holle. In swart skaad strykt oer de muorre. Se spat oerein, de stoel falt achter har del. In pear tellen letter stiet Jeroen yn 't gat fan 'e doar. 'It past no net Jeroen, Tessa en ik moatte wat beprate. Wachtsje, ik sil de skieppetsizen even krije.'
Even reitsje syn eagen mines, ik kear de holle ôf. In skoft letter sjoch ik twa skaden oer de muorre gean, it achterste mei in pet op. Dy pet wie my niis net iens opfallen, syn wanhopige eagen sille alle oandacht wol lutsen hawwe. De lêste happen haw ik net preaun, mar it skaaltsje is leech. As de bûtendoar tichtslacht, skrik ik op 'e nij. Sjerda komt deryn, se rint fan 't oanrjocht nei de tafel en wer werom, it fjoer spat har ta de eagen út. Wat is der mei har, wêrom seit se neat? It past net by har om lilk te wêzen en neat te sizzen. Ik gean by de tafel wei.
| |
| |
'Wachtsje noch even Tessa, wy sieren krekt sa noflik te praten. Witst echt net watst dêr niis mei bedoeldest?'
'Nee, ik frege my allinne mar ôf oft soles bestiet.'
'No, dan wit ik it ek net. Wat oars, ik haw de skuorre reage, it hynder krijt in kreas plakje. Wolst it sjen?'
'Hast dan al in hynder kocht?'
'Ik haw juster mei in man út 'e hynstewrâld belle. Ik koe him noch fan eardere tiden. Syn soan Klaas hat de fokkerij fan him oernommen. Der rint in hynder by him yn 't lân, dat er wol ferkeapje wol. Syn buorfamke ried der altyd op, mar se is ferhuze nei Maastricht. It bist skynt heel mak te wêzen, der sit in goed karakter yn, sei er. It is in Fries.'
'Ik wit neat fan hynders, ik wit net hoe't in Fries derút sjocht, ik wit allinne dat ik alle hynders moai fyn omdat se sa sterk binne en fan dy prachtige koppen hawwe. Mar ik leau wol dat ik der bang fan bin.'
'Dat is elkenien dy't noch noait op in hynder sitten hat, it moat wenne. Je moatte earst fan hynders hâlde, dan giet dy angst fansels wol oer. Goed Tessa, ik wit net watsto wolst, mar ik nim straks in bad. Ik haw fan 'e moarn al ier en betiid amers wetter út 'e reinwettersbak yn it skieppebad lege. De sinne hat der de hele dei op skynd, it wetter sil ûnderwilens wol lekker waarm wêze. Ik sjoch der echt nei út om der even yn om te driuwkjen. Giest mei dy leant út, dan lit ik dy earst sjen hoe kreas oft de skuorre oprêden is. Ik haw in skud slein, it hynder hat no in echte stâl.' Sjerda stapt yn 'e learzens. 'It wie in hele put wurk om it skud goed stevich fêst te krijen. Dat moat al, want as in hynder syn dei net hat en hy fielt him tefolle opsletten, dan kin er it raar yn 'e leant sette.'
Wy rinne nei de skuorre, Sjerda foarop. Alle leearen as ik
| |
| |
fan it hûs nei de skuorre rin oer it smelle paadsje troch it gers by de roazen en oare blommen lâns, foarby it beiehok, ûnder de appel- en parrebeamen troch, dan fiel ik my feilich. It útsicht op de ald skuorre, dêr't de sinneblommen en stokroazen heel bot har bêst dogge om de heechste te wurden, makket my bliid. Allinne Sjerda en ik besteane noch mar. Der binne ek altyd in protte fûgels by har op it hiem, it liket wol dat de fûgels it by har krekt sa nei't sin hawwe as my. In pear grutte wite wolken rôlje oer elkoar hinne boppe de fruchtbeammen. Ik rûk blommen en gers.
'Ik hie de skuorre ommers skildere,' sis ik. 'Hy hinget no ynliste by ús op skoalle.'
'Dat fernuveret my net, it wie in prachtich skildetij.'
Wy stappe troch de lytse skuordoar. It duorret even foar't ik alles goed ûndersldede kin, it skerpe sinneljocht fan bûten sit my noch yn 'e eagen. Stadich komme de balken, de stâl, de pakken strie en it rustige lânark foar 't ljocht.
'Doe't ik hjir fan 'e middei mei de reagebal omavensearde, krige ik ynienen de rook fan hynders yn 'e noas, ik hearde se sels wrinzgjen. Wycko stie foar my, ik koe him snuven hearre. En do wolst it net leauwe Tessa, mar ik guide as in bern. Ik fielde even deselde pine wer as fan it momint dat se my fertelden dat er ôfmakke wurde moast.' Se rint nei de oare leant fan 'e skuorre en sjocht troch it rútsje it lân oer.
Omdat alles oprêden is, liket de skuorre helte ljochter. De twa rútsjes wienen earst griis fan 't stof en de spinreagen. Sels tusken de hoannebalken is it slejin. Sjerda stapt troch twa stripen ljocht, dêr't gouden plúslees yn omdûnsje, nei de grutte sleuordoarren. Ik pale it houten skud beet en besyk- | |
| |
je der beweging yn te krijen, it sit sa fêst as in hûs. Straks stiet dêr in hynder. Soenen wy mei elkoar opsjitte kinne? Ik sjoch nei de brede sterke rêch fan Sjerda, oan alles is te sjen dat it in hynstefrou is. Heel oars as my.
De skuordoarren komme hast noait iepen, de skoattels wolle min strike. Sjerda skuort deroan. 'Ik haw se der hjoed noch ôf hân, skjirre en yn 't fet set,' seit se, 'mar it giet noch like stiif as wat.' Ynienen sjitte se los. Sjerda set de doarren wiid iepen, it ljocht springt yn 'e skuorre. 'Sa, no kin der mar frisse lucht yn komme, it rûkt hjir moassich, nei opstood stof en skimmel.'
De greide leit foar ús, geel fan 'e bûterblommen, mei midden yn 't lân de twa fruchtbeammen: in swiete appeltsjebeam en in parrebeam. 'Moarn moatte de skiep hjir mar yn, it oare stik is by de woartel om 't ôf kealfretten.'
Ik nim my foar om dit stik lân de oare kear te skilderjen mei de skiep deryn. Soenen skiep bûterblommen wol lekker fine, freegje ik my ynienen ôf.
'Do witst wêr't ik straks bin, hjir om 't hoekje achter de skuorre, yn 'e grutte tobbe. Net ien dy't my dêr fynt. Moatst even meikomme en fiele hoe lekker waarm oft it wetter wurden is, hoefolle macht oft de sinne hat. Dat ferjitte wy minsken wolris even.'
De deade mûs is fier fuort, ynienen haw ik wer nocht oan learen. Moarn wol ik Toonstra net teloarstelle.
'Ik kar earst mar even, dan haw ik dat dien,' sis ik.
'Do kinst ek hurd fan gedachten feroarje. Mar ik bin der flak foar.'
Wy rinne de hoeke om, se bliuwt foar de tobbe stean en sjocht my oan: 'Stek dyn hân der mar yn, toe mar, fiel mar.'
| |
| |
It wetter fielt hearlik waarm oan. Sjerda sjocht my sa bliid en gelokkich oan, dat ik derfan yn 'e war reitsje. As se wist wat ik mei Jeroen dien hie, soe se dan ek sa nei my sjen, fol fertrouwen, soe se my dan it wetter fiele litte? Soe se in hynder foar my kocht ha? Ik rin by har wei, ik bin it net wurdich. Ik kin har net mear yn e eagen sjen. Siik bin ik fan mysels, ik bin smoarch, gemeen. Sjerda wurdt skjin, de smoargens lost op yn't waarme wetter. Nei tsien dûspartijen bin ik noch net skjin. Stel dat ik yn ferwachting bin... Hy sei dat der neat fan komme koe. Hy seit wol faker wat. Tiger sjit my foar de fuotten lâns. Ik lit him rinne. Folgjende wike moat ik ûngesteld wurde. As ik it net wurd? Wat dan? Sjerda, Fyt... heit... mem... de minsken yn it doarp, op skoalle, ik hear se flústerjen. Jeroen en Fyt by elkoar wei... Sjerda soe it noait achter my sykje.
Ik gean op 'e stoepe sitten by de achterdoar.
In flinter kopketûmelet boppe oer de blommen hinne. Ik knyp de eagen ticht.
Ik wit net iens oft Sjerda my hjir noch wol hawwe woe as se wist wat ik allegear dien haw. Ik bin noch folle gemener as Brucht.
Neist my stiet in roazebeam tsjin 'e muorre. ik sjoch nei de skerpe puntsjes op 'e tûleen. Myn eagen litte de toarnen net los. ik brek in tûlee ôf mei ien roas der oan. It fielt as slaan ik Sjerda yn't gesicht, se wol ommers net dat je blommen plukke. Ik lûk de stûl mei de skerpe trijehoekjes oer myn boppe-earm. Twa reade spoaren rinne parallel neist elkoar. It docht my goed, dat bloed. Ik meitsje ek in spoar op 'e oare earm. De sinne hat macht, it bloed droeget op. De sinne kin ek kleuren feroarje, it bloed wurdt donkerread. Foardat Sjerda komt, spiel ik it derôf, mar no noch net. It jout my treast, bloed.
|
|