foar my. Maitsen. Ik flean de keamer út. In skoft lang stean ik hymjend op 'e oerloop om by te kommen. It ding sil derwei moatte. Ik sammelje moed by elkoar, ik pale in badhandoek en tear him mei de eagen ticht om de shit hinne. Hurd smyt ik it ta 't daldinster út. Kokhalzjend stean ik even letter foar de spegel, de triennen spatte my yn 'e eagen. Ik waskje de hannen trije kear en nim in slok kâld wetter.
'Tessa,' ropt se, 'ik haw de tee klear.'
'Ik hoech gjin tee,' raas ik lûd werom. Myn stim slacht oer. Ik pale in ûnderbroek út 'e kast, wat toiletguod en myn tosleeboarstel en lis it boppe op 'e boeken.
'Hoe komt dy deade mûs ûnder myn bêd?' freegje ik as ik mem yn 'e gong tsjinkom.
'Dan is de kat fan de buorlju stikem wer nei boppen slûpt, dat ferfelende bist ûntleomt my wolris faker.'
'Brucht sil wol wer in lollich sin hân ha. Mar lit mar, mem leaut my dochs net. Ik gean nei Sjerda. Ik bin al te let, ik soe har helpe mei de beien.'
'Wat hast mei dy mûs dien?'
'Bûten, ta 't rút út goaid.'
'Wat sit der yn dy rêchsek, hy stiet der spand fan.'
'Ik sykje in oar leosthûs.'
'Wat is dat foar ôfwaaid praat.'
'Ik bin siik fan Brucht.'
'Tochst dat ik it fijn fyn dat jim...'
'No hoi. Miskien sliep ik fannacht wol by Sjerda.'
'Do komst thús te sliepen. Bist net wiis!'
'Moat je dêr net wiis foar wêze?'
'Der is gjin sprake fan.'
'Ik soe har helpe. Ik kin dêr wol leare, better sels.'