'Dat hat er net sein. Sjoch mar net sa kjel, ik hie helendal net de yndruk dat der wat slims te rêden wie, hy hearde sa ûntspannen.'
'Wat sei er noch mear?'
'Neat. Net mear oer ynsitte. Der hinget al wer sa'n moai skilderij fan dy boppe yn 'e gong. Prachtich, dy âld skuorre. Foaral de kleuren.'
'Dat wist ik net, dat er dy ophongen hie.'
'Wat nuver datst dat sels net iens wist.'
'Brugman frege my wol oft er dat skilderij eventueel brûke mocht, miskien hinget it der noch mar krekt.'
'Sjoch mar even. Wêrom bist hjir?'
'Myn Frânske grammatikaboek bin ik kwyt, “Grammatica Frans” stiet derop, foar it twadde jier. Toonstra hat my hjirhinne stjoerd om in nijenien te heljen.'
'Ik belje de bibleteek wol even. Gean sitten.'
De smelle fingers fleane oer de sifers fan it tillefoantastel. Ik hear net wat se seit. It is neat foar heit om nei skoalle te beljen, dat hat er noch noait dien. Mem soe dat earder dwaan. Der ldoppet wat net. Hy sil dochs net witte wat der tusken Jeroen en my gebeurd is? Stel dat Brucht ek in briefke by him op it kessen lein hat. Mar dan moat mem...
'It boek leit ldear, kinst it wol ophelje.'
'Goed.'
'Hee Tessa, moatst echt nergens oer ynsitte hear. As der wat slims gebeurd wie dan hie 'k it wol oan syn stim heard en dan hie er dy wol ophelje litten.'
'Okee, ik hoopje it dan mar. Bedankt. Hoi!'
Heit soe nei Durgerdam, dêr lei in boat te keap, fertelde er oan mem. Hy kin hjir noait sa hurd wer wêze, meastentiids