hawwe. Dat ik sil wol in mobile tillefoan oanskaffe moatte, dêr kin ik no net mear foar wei. Myn ôfkear fan dy twingende apparatuer moat ik mar even ferjitte. Fyt sei dat ik dizze kâns net slûpe line mocht. Om Fyt allinne al woe ik net wegerje, dat begrypst tink ik wol, oars ha 'k helendal gjin plak mear yn 'e hûs, se kin my bytiden al hast net snuven hearre.'
'Moai, dat heart goed. Miskien datst dan dyn skripsje ek ris ôfmakkest. Wat drokker oft in minske it hat, wat mear 't him út 'e hannen komt. Mar ik wol no earst Tessa-en-dy belje.' Jeroen rint derút. Hy siket in amer. Der steane twa, beide binne read fan 't beisykjen.
Tessa is net út syn gedachten. Yn skoften hat er him net sa goed field. Mei twa hannen tagelyk lûkt er de beien fan 'e tûleen.
'Jeroen!'
'Ja!'
'Kom hjir!'
Ut 'e fierte wei sjocht er al dat se de bokkeprúk op hat.
'Ja?'
'Ik wie noch net helendal mei dy útpraat niis. Kom wat tichterby.'
Hy docht noch in pear sunige stappen. Sjerda sjocht him in skoft oan sonder wat te sizzen. Se stiet op 'e stoepe, hy moat by har opsjen.
'Wat is deroan? Wat dochst no wer frjemd ynienen?'
'Niiskrekt yn 'e hûs bekroep my even in heel nuver gefoel. Do bliuwst dochs wol mei dyn hannen fan Tessa ôf, hin?'
'Hoe komst dêr no wer by? Sjochst my foar sokke dingen oan?' Mei wiid iepen eagen sjocht er har oan.
'As je mei minsken te dwaan hawwe, moatte je altyd op je