| |
| |
| |
6
'Hat Sjerda ek in amer foar de beien?'
'Witst Tessa, sis mar gewoan do tsjin my, dat Sjerda-dit-en-dat is sa omslachtich. Bist gjin bern mear.'
'Okee, as it my slagget. Hast in amer Sjerda?' Ik moat laitsje, it heart gek.
'Yn 't waskhok. Krij dy wite, dy is it skjinst.'
Oer de wite amer leit in grize laach stof, ik pak de bjinder en meitsje him bûten by de kraan skjin. Dan helje ik noch ien en meitsje dy ek skjin.
'Ik gean dy kant fêst út!' rop ik troch de doar. 'Ik nim twa amers mei.'
'Goed, dan meitsje ik it iten even sa fier hinne klear, dat ik it straks sa opsette kin. Bliuwst ek te iten?'
'Ja.'
Ik rin nei 't beiehok, dat Sjerda ferline jier yn elkoar timmere hat. Se hat in houten ramt makke en dêr gaas tsjinoan en oerhinne spikere, it is wol tweintich meter lang. De oare beibeamkes, neist it hûs, binne foar de fûgels. De beien yn it nije hok brûkt se om sjem en beisoer fan te meitsjen en soms ferkeapet se wat oan 'e winkel. Der binne wol tsien strúkjes bykommen, sjoch ik no, net allinne reade beien, ek swarte en krúsbeien steane der. Der sit noch net folle oan, hjir en dêr skimeret wat swart en read tusken it grien, it is de muoite net wurdich om derhinne. By de strúk dy't it readst is, set ik de amer del. It sjit lekker op, nei in skoftsje hear ik de beien al net mear fallen, se komme yn in sacht bêd telâne. Mei twa hannen tagelyk pak ik de stringen fan de tûken, de struken hingje der swier fan. Guon hingje op 'e grûn, de beien binne be- | |
| |
spat mei modder. As Sjerda komt, haw ik de amer al heal fol. 'Der sit in protte oan fan t jier. It hok hat syn tsjinst bewiisd. Hearlik dat je net mear hoege te sjen hoe't de fûxgels alles opfrette, dat je se even hingje litte kinne. Oars wienen se goed en wol ryp en fuort wienen se al wer.'
Se pakt de lege amer by my wei en rint nei it beamke njonken my.
'Ik haw kofleis opset, it moat oardeloere soarje, de woartels en ierpels steane klear op it oanrjocht. Tinkst der mei om dat ik dy oer in oere opset? Hearlik om wer ris mei dy te iten, it smakket folie lekkerder asto der bist. Earlik sein ha 'k al yn gjin fjirtjin dagen mear waarm iten hân.'
Ik hear de beien yn har lege amer fallen. Doffe plofkes binne it.
'Se moasten der noadich ûf, mar ik krige de guit net te pakken de lêste dagen. Je moatte der ek nocht oan hawwe. Ik leau dat ik wat oer dy ynsiet Tessa. Do wiest sa stil de lêste tiid en omdatst hjir net mear kaamst, tocht ik: der sil dochs net wat mei har wêze, sykte of sa. Ik woe eins leaver net belje, jim mem hâldt der net fan dat ik dat doch en ik wol ek gjin beslach op dy lizze.'
'Ik hie earder komme sillen, mar...'
'Ik bin allang bliid dat it goed mei dy giet en datst hjir no bist. Hoe giet it op skoalle, slagget it dy om mei al dy seiskes oer te gean nei it tredde jier?'
'Dat hear ik oer fjirtjin dagen. Moarn hawwe wy in toets en dizze wike noch trije. Ik haw it Ingelske grammatikaboek meinommen.'
'As wy twa amers fol hawwe, hâlde wy op en ruts ik se wol allinne, dan kinsto straks foar 't iten begjinne te learen.'
| |
| |
'Moarn kom ik wer, dan help ik ek. Ik nim myn boeken mei, it wol hjir better as thús.'
'Moatst mar witte, as jim mem it...'
'Us mem kin it op-en-del krije en Brucht heiendal.'
'Is it sa slim op 't heden?' Se út de earmen sakje.
'Waard Sjer... ik bedoel, bisto wolris pest doe'tst jong wiest?'
'Bedoelst om it hier?'
'Nee... of ja, ik bedoel...'
'Dat hier hat my heel wat ellinde besoarge, it hat myn libben bepaald. It is begûn doe't ik in jier of santjin wie, ik wurke op in kantoar en ik die tagelyk in jûnsoplieding oan 'e analisteskoalle. Ik haw op in lyts skoftsje nei altyd allinne wenne.'
'Woe Sj... woest net trouwe?'
'Ik haw troud west, fiif moanne, doe is Arnold stoarn. Dêrfoar ha 'k jierren in LAT-relaasje mei him hân, foar de begripen fan doe heel modern dus. Ik hie graach bern ha wollen, hy woe it ek wol, mar... och dat is sa'n lang ferhaal.'
'Ik wist net dat Sjerda troud west hat.'
'Doe't ik santjin wie hie 'k ferkearing, mar doet dy hiergroei begûn, hoegde dy jonge my net mear. De minsken hienen net allinne de gek mei my, mar ek mei him. Hy fertelde my soms wat guon tsjin him seinen oer my. It wienen de wreedste dingen, hy koe der net oer en makke it út. Ik koe 't my wol foarstelle, ek al die it noch sa sear. Ik wie gek op him. Letter ha 'k noch it ien en oar meimakke.'
Der komt neat mear. Ik sjoch nei har gesicht dat boppe it beibeamke útkomt, se hat de lippen stiif op elkoar, it is krekt as hat se gjin mûle mear.
'Hoe bist hjir op dit plak te wenjen kommen?'
'Arnold wenne hjir. Hy hie in hege funksje by 't Ryk, mar
| |
| |
de lêste jierren rûn er tsjin himsels oan, hy krige problemen. Hy sliepte nachts net mear en koe him net konsintrearje op syn wurk. op 't lêst bleau er thês en waard er hieltyd depressiver. Yn 'e oarloch hat er yn in Dútsk kamp sitten, dat begûn allegear wer op te spyljen. Hy is op 't lêst ôfkard en krige in útkearing. Doe't er stoar, hat er dit spultsje oan my neilitten.'
Ik set myn ammerke neist harres, wy sykje fan deselde beam. 'Komst by my stean? Dat fyn ik fijn.'
'It wie in rêstige man, hy prate net folle. Der kaam ek selden ien by him oer de flier. Meastal siet er te lêzen as er ldear wie mei't fee. Yn 'e wykeinen wie ik altyd by him, troch de wike wenne ik yn 'e stêd. Op myn fiifentweintichste learde ik him kennen, nei in... in minne perioade. De earste kear dat ik hjir oer de reed fytste en dêr by de hikke útkaam, seach ik syn hynder yn 't lân stean, Wycko. It hynder kaam op my ta en ik aaide him oer de holle, hy liet it gewurde. Dat joech my treast. It waard in gewoante fan my om it hynder op te sykjen as ik it net mear oankoe. Yn dy tiid fielde ik my faak sa beroerd, dat ik myn appartemint útflechte om't ik bang foar mysels waard. Bûten kaam ik dan wat ta rêst, wat fierder oft ik by de minsken wei wie, wat better oft ik my fielde. It hynder makke my ek rêstich, hy rûn al nei de hikke ta as er my oankommen seach, it miste hast noait. Arnold seach watfoar kontakt oft wy hienen en ik mocht op Wycko ride. Jierren letter, doe't ik der sels oan ta wie, krigen wy in relaasje. Hy wie al lang ferlyfd op my, mar ik moast neat mear fan manlju ha.' By fersin smyt ik myn beien yn har amer.
'Ja toe mar, smyt se mar yn myn amer.' Se laket.
'Ik bleau wol op mysels wenjen, op 'e lêste fiif moanne nei,
| |
| |
doe't er slim siik waard. It fertrouwen yn 'e minsken wie ik al heel jong kwytrekke. It gefoel dat ik sa wer oan kant set wurde koe, koe ik my net út 'e holle sette. Arnold hie der muoite mei, hy woe graach dat ik myn wurk opsei en by him ynluts, foaral doe't it psychysk net goed mei him gong. It wie in fijne man. Mar ik wist, as ik it wurk opsizze soe, dat it heel slim waard om oait wer oan 'e slach te kommen. Wa woe ien ha mei sa'n uterlik as my? Letter wurke ik op in laboratoarium yn 't sikehûs. Dat wie better. It kantoar wie net goed foar my, de hiergroei waard allinne mar slimmer en ik fielde de hele dei eagen op my. Op it laboratoarium rekken se samar oan my wend, se akseptearren my. Ik hoegde it sikehûs net yn te bloedprippen, dat woe in oar wol foar my dwaan. Doe't Arnold slim siik waard, woe ik net dat er nei in ferpleechhûs brocht waard, ik haw ûntslach nommen en him fersoarge. Hy hie al dy jierren sa goed foar my west, ik wie bliid dat ik wat werom dwaan koe. As hy der net west hie, wit ik net oft ik hjir no wol stie te beisykjen. Wy trouden om't er my it jild en it pleatske ta ha woe. Folle famylje hie er net, twa omkesizzers. Wy hawwe hjir in moaie tiid hân, ek de lêste fiif moanne. Yn 'e oarloch hat er de ferskrildikste fernederingen ûndergean moanen, dêrom koe er ek sa maklik noch in boskje hier hinne sjen. Pas letter begriep ik dat, doe't er my oer syn kampjierren fertelde. De bûtenkant fan in minske wie foar him ûnbelangryk. Nei syn dea woe ik hjir net mear wei.'
'Wat hie er foar sykte?'
'Longkanker.'
'Ik haw myn famkesnamme holden. Hy hite Haarsma.' Se laket even en sjocht my op 'e spesjale Sjerda-manier oan, mei in brede laits en ljochtsjende eagen. 'Dat hier wie, doe't ik
| |
| |
jong wie, sa'n obsesje fan my dat it jierrenlang al myn frije tiid yn beslach nommen hat. Ik woe der alles oer witte. De dokters seinen dat it in hormonale kwestje wie en dat der neat oan te dwaan wie. Dat ik begûn, sadree't ik fan 't kantoar thús kaam, alles te lêzen dat mei hormoanen te krijen hie. Op 't lêst wist ik safolle fan anatomy en syktelear ôf, it ynteressearre my ek hieltyd mear, dat ik my ynskriuwe liet foar in jûnskursus medysk-analiste. Ik helle it diploma en sollisitearre nei de earste de beste baan dy't him foardie. It slagge, ik krige wurk yn in sikehûs. Letter haw ik meidien oan eksperiminten tsjin hiergroei, mar ik waard der siik fan. Ik wie mysels net mear, ik rekke yn 'e war troch al dy hormoanen. Se wienen doe lang sa fier noch net as no. Ik rekke swier oerspand. Doe't ik thús siet, krige ik noch mear tiid om te pikerjen en de bibleteken plat te rinnen. Myn libben draaide noch mar om ien ding, om hier. Hele dagen stie ik foar de spegel, ik helle de frjemdste en pynlikste dingen út mei mysels: hars, skeare, eigen makke ekstrakten, brâne. Oant de dei kaam dat ik it beslút naam in libben te lieden sonder minsken. Ik bemuoide my doe trouwens al hast mei net ien mear, dus dat wie net sa'n grutte omkear. Mysels te akseptearjen, dat wie 't slimste. Fegetearje, dêr kaam it earst foaral op del, en my deis ferstopje.' Ik skamje my in bytsje. De problemen dy't ik mei Brucht en mem haw binne neat by wat Sjerda allegear meimakke hat. Ynienen sjoch ik oars nei it hier fan Sjerda. De amers reitsje hieltyd foller.
'Bist der stil fan, of net Tessa? Dyn amer is al hast fol, der kin net folle mear by. Krij mines oars mar, dan sjoch ik even by 't fleis.'
Se rint fuort en komt net wer. Ik sykje troch mei de holle
| |
| |
fol gedachten, se springe fan it iene yn't oare. Krekt as myn hannen, hieltyd fleane se wer nei in oare tûke. Rêstich sykjen is der net mear by.
As ik de achterdoar iepen doch, komt in hearlike rook fan fleis my temjitte. Sjerda set krekt twa boarden op 'e tafel. 'It fleis is noch net earlik gear, kinst noch wol in skoftsje leare foar 't iten, dan begjin ik mei de beien.'
It learen wol net, alle sinnen moat ik twa of trije kear oerlêze. 'Wêrom hast gjin hynder mear? Wat is der mei Wycko gebeurd?' freegje ik har.
'It hynder moast ôfmakke wurde, hy wie siik, it wienen de terms. Hy hie tefolle pine, ik wie der doe kapot fan. Dat woe 'k net wer meimeitsje. Mei in ko soe ik in minder sterke bân ha, tocht ik. En dat is sa, in ko is ôfstanliker. Boppedat jout er molke, dat is ek wol maklik. Mar de lêste tiid tink ik der wol wer ris oer om in hynder te keapjen. It soe foar dy ek leuk wêze. Ast my wat helpst him te fersoargjen, soe it bêst kinne.'
Ik sjoch har benijd oan.
'Hoe liket it dy ta?'
'Wol moai, mar ik wit it net, ik haw noch noait op in hynder sitten.'
'Dat hindert neat. It moat ommers altyd ien kear de earste kear wêze.'
Sjerda rûtst mei in foarke de beien fan 'e stâltsjes, ik folgje ôfwêzich de beien dy't de panne net helje en oer de houten flier rôlje. Dêr sille se wol lizzen bliuwe oant se opdroege of platwâde binne. Mem soe der allang achteraan flein wêze. De gedachte oan har makket my yn ien klap wer helder.
| |
| |
Wat soe se derfan fine dat ik it hynsteriden lear? Ik kin it better mar net sizze de earste tiid.
Sjerda giet oerein en draait it fleis om.
Stadichoan krije de wurden yn myn Ingelske boek betsjutting. Ik ferlies my deryn oant Sjerda de pannen op 'e tafel set.
'En? Kenst it al?' freget se.
'Ik moat it noch in kear oerlêze, mar it is te begripen gelokkich.'
'Dan hellest diskear in acht. Sille wy ite? Sleep mar op. Hjir is de moster foar by de woartels.'
'Dat mei ik noait ha fan ús mem.'
'Wol witte, do bist sels baas. Wat in dei net?' seit se. 'Einlings ha 'k wer ris in gefoel dat ik libje.'
'Mei my itselde. Amen,' sis ik.
Se sjocht my even oan en glimket.
'Sil ik ynkoarten dan mar ris om my hinne sjen om in hynder?' freget se as ik mei de fyts yn 'e hân stean om nei hûs te gean.
'It liket my heel leuk, ik wol it hynsteriden graach leare.'
'Dat dogge wy dan. Ofpraat.'
'Okee. Hoi, oant moarn.'
'Komst moarn wer?'
'Ja, noch even helpe mei de beien.'
It hynder hâldt myn gedachten in skoftlang sa bot dwaande dat ik de rúzje mei Brucht even kwyt bin. Djoke is achter yn 't lân, diskear komt se net. Soe se har ferret fiele troch de konkurinsje dy't se straks kriget fan it hynder? As ik by de twadde hikke bin, sjoch ik Jeroen oankommen. Ik kin
| |
| |
him net foarbyfytse, ik moat de hikke iepen dwaan. It liket wol as fytst er ynienen hurder.
'Dat komt moai út,' ropt er út 'e fierte, 'kin ik de hikke foar dy iepen dwaan.'
Hy set de fyts tsjin in beam en nimt my it tou út 'e hannen. Ik pak hurd myn fyts.
'Wat sil dit sa hurd? Hâld ik de hikke net moai foar dy iepen? Haw ik neat fertsjinne?' Hy palet myn fyts beet.
'Lit los, ik moat nei hûs, ik haw al rúzje thús.'
'Ien tút kin der wol ôf net? Wachtsje even! Dat kinst my net oandwaan Tessa, om samar fuort te fytsen.'
Hy makket myn hân los fan 't stjoer.
'Ik wol nei hûs, toe, ik bin al te let.'
Hy leit myn fyts yn 't gers.
'Kinst my net yn 'e kjeld stean litte, ik haw twa wike op dy wachte, withoefaak ha 'k nei 't hoekje west om te sjen oftst der ek oankaamst.'
'Ik wol neat mei dy Jeroen, ik...'
'Do wolst wol, mar do doarst net. Meie wy net fan elkoar hâlde? Fan wa net? Gjinien sjocht ús hjir. Ik bin hjir krekt hinne fytst, der wie gjin minske yn 'e wide omkriten te sjen. Wês earlik Tessa, wy binne al heel lang ferlyfd op elkoar. Ik seach it fan 'e middei by Sjerda wol oan dyn eagen. Kom even by my, toe doch net sa raar.'
'Nee Jeroen, ik wol it net. Lit my no gean.'
Hy is fuort. Ik rin nei de sleat en lit de fuotten yn 't wetter sakje, it einekroas skop ik oan 'e kant. Mei de hannen skep ik wetter út 'e sleat en spiel it oer 't gesicht. Hearlik kâld fielt it oan, de wangen gloeie my, it is as stean ik yn 'e bran.
| |
| |
It bloed ldoppet my oeral, yn 'e holle, it boarst, it liif. Ik doar net nei hûs. Hoe moat ik se thús ûnder eagen komme nei wat der gebeurd is? Ik lit my op 'e knibbels sakje en stek de hannen yn't wetter, mei de wetterplanten ros ik se skjin. Dan jou ik my yn 'e wâl del om te sjen hoe't it einekroas stadich wer nei elkoar ta krûpt, it plaie weromnimt. Dit wie it dus, dêr't Jos en Anita sa geheimsinnich oer dogge, wat sa spannend wêze moat. Ik begryp it net.
It liket lang lyn dat er hjir wie.
'Dus mefrou sit hjir?!' Ferlamme fan skrik sjoch ik om. Ik hie him net oankommen heard, hy moat it lêste eintsje rûn ha. In fyts hearre je oankommen op it ûnsljochte paad. 'Sit se te poatsjebaaien! Doochsto wol? En ik kin dy mar wer ophelje. Stomme slet. Mem hat Sjerda belle, dy sei datst allang thûs wêze koest. Wiest in oere lyn al fuortgongen sei se, hiest seker in ôfspraakje. Wie Jeroen ek ûnderweis? Heit is thús, hy is lilk.'
Hy rint fuort en palet in ein fierderop de fyts út it gers. Slet... sei er. Wêrom libje ik. Ik wol dea. Ik doch de broeksboksen nei ûnderen en sjoch oft de klean allegear goed sitte. Brucht hat it net sjoen, dan hie er wat sein. Hy hie him noait stilholden, it soe syn lêste wêze. Wat soe Sjerda tinke dat ik noch net thús wie? Soe se de link mei Jeroen lizze? Jeroen moat allang by har wêze, ik haw hjir skoften by de feart sitten. As Jeroen mar gewoan docht. Ik haw myn ferstân net. Ik doch mar wat.
Heit en mem sitte by de tafel.
'Wêr hasto sa lang sitten? Heit hat om healwei njoggenen in ôfspraak, dat rêdt er no net mear troch dy. Wy woenen
| |
| |
even mei dy prate, it kin hjir sa net langer, do hast in fierstente grutte mûle de lêste tiid en datst net mei Brucht opfytse wolst liket ek nergens nei. Wat moatte de buorlju der wol net fan tinke, jim altyd in meter achter elkoar oan de dyk del te fytsen. Wat tochst, der wurdt al safolle praat.'
'Wêrom seist neat?'
'Wat moat ik sizze?'
'Wêrom wolst net mei Brucht opfytse, Tessa?' freget heit.
'Hy docht ferfelend.'
'Wêr is Brucht?' Heit sjocht mem oan.
'Boppe. Ik haw him krekt de trep opgean heard.'
'Helje him der mar by. Wachtsje! Ik rop him wol.'
As heit derby is, docht Brucht oars, senuwachtiger. Hy past ek better op syn wurden. Ik hear heit yn 'e gong roppen.
As Brucht yn 'e keamer is, begjint er:'Asto beloofst datst aardich tsjin Tessa dwaan silst, fytst se wer mei dy op. Of net Tessa?'
'Ik doch wol aardich tsjin har.'
'Moarn begjinne jim beide op 'e nij. Jim hâlde op mei dat bernachtige gedoch. En wat wie dat mei Jeroen, Tessa? Is dat dyselde fint dy't ek altyd by Sjerda komt, dy studint dy't mei Fyt troud is? In wike lyn wie er noch by ús op 'e saak om te freegjen oft der wurk wie. Do bist dochs net ferlyfd op him wol?'
Ik fiel my heel licht wurden. It swit brekt my út.
'Heit krijt gjin antwurd.' Dat is mem.
'Nee,' sis ik, 'ik bin net ferlyfd.' Ik liich net.
'Goed,' seit heit, 'ik leau dy. Dan bemuoit Brucht him fan no ôf oan mei syn eigen saken en hy hâldt syn frjemde plaatsjes foar him. Begrepen?'
| |
| |
Brucht seit neat. Hy sjocht read fan lilkens. De tillefoan rattelet. Mem giet der hinne: 'Houkje Simonides.'
'Ja, dy is wer thús,' hear ik har sizzen.
'Dat is wier, ja, se is wer te plak. Goed, goejûn.' Se is like koartôf as oars, mar diskear fyn ik it net slim.
'Dat wie Sjerda. Se woe witte oftst al thús wiest.'
'Moai, dan is alles útpraat. En Tessa hâldt har fatsoen in bytsje tsjin mem.' Hy sjocht net nei my, hy sjocht op syn horloazje en rint by de tafel wei.
'Hoe let bist thús?' freget se.
'Foar tolven.'
In skoft letter hear ik de foardoar tichtgean.
Ik moat sjen dat ik boppe kom, op myn keamer. Wat moat Sjerda wol net tinke? Ik doar net oerein te gean. Sitten bliuwe is noch minder. Sa ûnopfallend mooglik rin ik derút. It bliuwt stil achter my as ik de trep op gean.
Ik nim my foar om de hele jûn op myn keamer te bliuwen. Gau doch ik de klean út en waskje my helendal. Myn ûnderbroek tropje ik yn it lege bôlepûdsje dat noch yn 'e rêchsek sit. Moarn kin ik him ûnderweis wol ergens kwytreitsje. Noch noait ha 'k mysels sa hate as no. Ik doch in skjinne spikerbroek en in skjin T-shirt oan.
As ik de boeken foar de oare deis by elkoar sykje, kin ik it skiednisboek en it Frânske grammatikaboek net fine. Alles skuor ik oer de kop, de laden fan it buro, de least gean ik boerd foar boerd bylâns. Nergens. Ik helje de kessens út 'e stoel, ek net. Dan bliuwt der noch ien mooglikheid oer: op bed, mislden ûnder it dekbêd of kessen. Brucht sil wol wer in oanfal fan kreativiteit hân ha. As ik it dekbêd iepenflap sjoch ik in brieflke op myn kessen lizzen.
|
|