| |
| |
| |
5
'Ik bliuw jûn by Sjerda te iten,' sis ik as ik wer stean en myn ldean te plak lûk.
'En dyn húswurk dan?'
'Ik haw neat op.'
'Al wer net? Mei al dy seizen hoecht der neat te gebeuren of do bliuwst sitten.'
'Ik bliuw net sitten, dêr soargje ik wol foar. Mem bliuwt sels sitten, achter de blompotten.'
'Bist eigenwiis en brutaal. Ik sil der jûn mei heit oer prate datst altyd sa'n grutte bek hast. Wêrom sikest dyn leeftydsgenoaten net op?'
'Dy sykje my net op. Wêrom lit mem my net gewurde, ik bemuoi my ek net mei mem har saken.'
'Mei sa'n siferlist fleane de stikken der oars net ôf.'
'Sa fier hat mem it ek net skopt...'
Klets. Myn holle fljocht oerdwers. Se sjocht my mei skrik yn 'e eagen oan, der sit ek wat fan angst by. Is se bang dat ik har weromslaan sil? Ik draai my om en gean nei boppen. De doar fan 'e keamer hear ik pas tichtgean as ik al op 'e oerloop bin.
Ik tropje it Ingelske grammatikaboek yn 'e rêchsek. Moarn hawwe wy in toets, dêr wol ik in foldwaande op helje. Se fynt my dom, mar gek bin ik net. Se moat net miene dat ik ek mar ien jier langer as noadich is yn dit hûs wenjen bliuwe sil.
Mei in kâld, wiet waskhantsje fei ik my om 'e holle en oer de earmen en spuitsje der wat deodorant ûnder. Fuort dêrnei sto ik by de trep del. Yn ien haal skuor ik de jas fan 'e kapstok en lit ik de foardoar achter my mei in klap yn 't slot
| |
| |
falle, dan wit se mar dat ik fuort bin. Is Sjerda har iten lekkerder as mines, freget se alle kearen as ik sis dat ik by Sjerda te iten bliuw. Ja, folie lekkerder, sis ik as se it my wer freget. Ik rin mei de earen op skerp oer it tegelpaad nei de garaazje, elk momint ferwachtsje ik har achter my, se hâldt net fan tichtsmiten doarren.
'Is dy Jeroen der ek?'
Dêr hast it al. Ik sjoch net om, ik rin gewoan troch.
'Ik frege dy wat.' Se rint achter my oan.
'Ik bin net paranormaal begaafd!'
Krije we dat straks hieltyd wer: is dy Jeroen der ek? It is krekt as moat ik neitinke hoe't ik de fuotten delset, sa nuver beweech ik my ynienen. It út my net laid, har ferwiten, ik rin der stuiterich fan. No hat se har sin ek noch. Ik wurd lilk op mysels. Ik moat my tsjin har wapenje, oars bin ik nergens, dan hat se macht oer my. As se dat troch hat, is it te let. Jûn op bed sil ik deroer neitinke hoe't ik derboppe stean kin, hoe't ik my gedrage moat by har.
'Hoe let bist thús?' Ik haw de garaazjedoar beet.
'Dat sjoch ik noch wol, ik yt by Sjerda.'
Se seit neat werom. Frjemd.
As ik op 'e fyts sit, betink ik dat it har al wer slagge is, dat ik foar de safolste kear mei de hûd fol ellinde nei Sjerda ûnderweis bin. Ik begryp net wêrom't se oer myn sifers ynsit. It giet om dyn takomst, seit se alle kearen wer. Wêrom wol se dat ik it yn 'e takomst goed haw, as it har no gjin barst skele kin hoe't ik my fiel? Alles giet by har om letter. Ik libje no, minske! Se wol my thús hâlde, mar se docht noait leuk of gesellich. Miskien moat ik wol bliid wêze dat se Brucht oanbidt, dan hat sy ek wat. Miskien moat ik har dat gunne.
| |
| |
Miskien moat ik it stimulearje. Dat soe leuk wêze, soargje dat se noch mear fan him hâldt. Hoe dogge je dat? Och, wat kin 't my ek skele, ik wol net iens dele yn har oandacht. It jout ferplichtings. Ik bin no frij. Ik meitsje mysels wol ymmún foar har. Ik haw Jeroen en Sjerda wol. Miskien moat ik my ek wer wat mear mei Anita en Jos bemuoie, dan ha 'k noch twa dêr't ik hinne flechtsje kin. Se wol my opstoke tsjin Sjerda, troch te sizzen dat Sjerda net doocht. Se seit dat in minske him net heart ôf te sonderjen, dat je der foar elkoar wêze moatte! Neffens har is Sjerda minskeskou of se hat in foby omdat se net nei de winkel doart. As Sjerda minskeskou is, dan hawwe minsken as mem it dêrnei makke. Sjerda moat net oan my sjen dat der wat mei my is. Se is hierskerp. Wat sis ik? It komt fêst fan 't hier, fan al dy ekstra teisterkes dy't se oeral te sitten hat, dat se alles altyd sa gau trochhat... Noch trije wike dan is it simmerfakânsje. Mei it baantsje yn it restaurant by de haven en Sjerda wat te helpen op 'e grientetún hoech ik net folie thús te wêzen. Sjerda seit dat se it fijn fynt dat ik der bin. As Sjerda dat seit dan is dat sa, dêr hoech ik net oan te twiveljen, se liicht noait. Se seit allinne dingen dy't se mient en oars hâldt se har stil. Se sei ek in kear dat it har bliid makket as ik bliid bin. Plus kear plus is plus. Oarsom is it ek sa. By mem is it min kear min, dat is ek plus. Negatyf plus. Ik begryp der neat fan, Sjerda is net iens myn mem. Mem is min en heit is plus, it botst, min kear plus is min. Dat kloppet al wer. In fûgel fluitet heech en fel. 'Hoi fûgel!' rop ik. Hjir kin net ien my hearre, ik bin yn it boskje. Ik sjoch him, hy sit deastil yn 'e beam en sjocht my ek oan. 'Ik doch dy neat, fûgeltsje,' rop ik omheech. 'Ik bin dyn freon.'
| |
| |
It fytst swier, it asfalt is oergongen yn losse modder, ik moat op 'e trapers stean om ekstra kracht by te setten. It earste ein giet wol, mar dan is it hast net mear te dwaan, ik lit my fan 'e fyts falle. De lêste pear meters nei de hikke ta rin ik. It hert giet my tekear fan't swiere traapjen, of sit der ek angst by? Bin ik bang dat Jeroen by Sjerda is? Stel dat er der is, ik haw him nei dy kear by Djoke yn 't lân net wer sjoen. It is fjirtjin dagen lyn.
It tou om 'e hikkepeal is net los te krijen, it liket wol as hat it pluzige guod wiet west en is it dêrnei krompen by't opdroegjen. Mar it hat yn skoften net reind, betink ik ynienen. Hastich en senuwachtich lûk ik oan 'e knoop wylst ik hieltyd omsjoch, as ferwachtsje ik dat Jeroen elk momint te foarskyn komme kin. De knoop rekket los. Ik set de hikke krekt fier genôch iepen om der mei de fyts trochhinne te kinnen. Allegear flinters fleane yn ien kear omheech út it beamke neist de hikke, Sjerda hat it ferline jier plante. It is in flinterbeam, se hawwe him fûn. In blauwe libelle is hastiger, as in pylk sjit er oer in droege sleat by de beamwâl lâns. Hjir begjint de oare wrâld, myn wrâld. As ik mar ienkear by dizze hikke bin, dan liket it wol as krije Brucht en mem gjin gryp mear op my. Der is hjir mear lucht. Feilich, fris, fijn, iepen, ik betink der allegear wurden foar en sis se lûdop. Sjerda is hjir al, by de flinterbeam, tusken de beammen, yn 't lân, oeral. Bist dêr Tessa? Fijn! Ik hear har stim. Sels de fûgels sjonge hjir oars, blider as by ús thús. It is ien en al tsjilperij om my hinne. Sjerda fluitet ek faak. Hast altyd hat se in goed sin. Inkeld net, mar dan hat se de smoar op Jeroen yn.
'Een vrouw die fluit is het fatsoen uit,' sei mem op in kear.
| |
| |
'Een vrouw die fluit is een wouw die haar blijdschap uit,' flapte ik denút. Ik begryp noch net hoe't ik dêr sa hurd op kaam.
'Mei de fyts yn 'e hân rin ik troch it hele lân,' sis ik lûdop. Ik laitsje. Ik wurd in bytsje holderdebolder yn 'e holle, lekker gek, krekt as Sjerda. Mei Sjerda kinne je hearlik laitsje. Djoke komt deroan, se bongelet oerstadich op my ta. Se docht as kin it har allegear neat skele, dat is Djoke ta de knobbelpoaten út. Mar dêrom is dat net sa, se lit my noait yn 'e steek, of it moat sa wêze dat se oan 'e oare kant fan 't lân is. Eigenwiis is se al, want se wol net neist my rinne, se fottelet altyd in meter achter my oan, op har eigen ôfstân. As ik kontakt mei har ha wol, moat ik stean bliuwe. Dan bliuwt sy ek stean, mar se sil de kop net in sentimeter heger tille. De swarte, wiete, drôve eagen wolle neat kwyt. Hoe't it dêr yn dy kowekop om en ta giet, dêr sil ik noait achter komme. Der sit ek hast gjin ljocht yn dy grutte swarte pupillen. It libben is har wol goed, it sil har tiid wol duorje: sliepend, wjerkôgjend en kealjend. It keal slikket se skjin as it der is, hast automatysk, mar dêrnei liket de bân wol ferbrutsen. Letter yn 't lân besnúft se it noch in pear kear as wie 't in hikkepeal. De molke lit se wol streame, like goed foar de minsken, dêr makket se gjin ûnderskied yn. Maklik, sa'n libben fan bestean en net bestean. Dat soe 'k ek wol wolle. Wol ik dat? Hat it altyd sa west mei Djoke? Ek doe't se in kealtsje wie? Ik aai har oer de kop, tusken de deagoede eagen. Ik lis de earmen om har hals en hingje in heel skoft tsjin har oan. Se dreamt har troch it libben hinne. Waarmte en rest fan Djoke krûpe yn my. Ik bin der wer.
It hûs is leech en yn 'e skuorre of op 'e bou is se ek net. Ik
| |
| |
rin nei alle ûthoeken fan it hiem, sjoch achter de beibeammen, yn it apel- en parrehôf: nergens is Sjerda te finen. Se kin op 'e tún wêze, dêr't se earder de bou hie, in apart stik grûn, mei hege ike-, elze- en wylgebeammen deromhinne. Der leit in planke oer de feart om der te kommen. In pear wike lyn hat se dêr in nij hinnehok timmere. De hinnen hawwe no in eilân foar harsels, se kinne yn 'e grûn ommoudzje sonder it hiem oer de kop te skuorren. Net ien dy't har dêr steurt, allinnich in neidiel is dat wy se út 'e keuken wei net mear sjen kinne en dat se net mear om ús hinne skarrelje. As Sjerda se foer jout, giet se dêr faak even op in beamstobbe sitten om fan de hinnen en hoanne te genietsjen. Foarsichtich rin ik oer de planke, op guon plakken is er snotteglêd fan it moas dat derop groeit. De planke leit altyd yn 't skaad fan 'e hege beammen.
Net earder as wannear't ik om it hinnehok hinne rin, sjoch ik har lizzen. Dat docht se faker, samar ergens har deljaan. In pear hinnen moudzje njonken har om, der leit modder op 'e iene helte fan 't gesicht. In pear tellen bliuw ik stean. Se sil dochs net... Ik lit my troch de knibbels sakje, it boarst giet op en del, heel stadich. De mûle hinget in bytsje iepen. Ferromme doar ik wer te sykheljen. Ik gean neist har op in beamstobbe sitten. Se is fier fuort, yn deselde wrâld as dy fan Djoke, net ien kin har dêr reitsje. Mar dêr hat Sjerda gjin lêst fan. Se is baas oer harsels.
Ik bestudearje har gesicht. Wannear soe al dat hier kommen wêze? freegje ik my ynienen ôf. Hie se dat as bern ek al? Sjerda praat noait oer harsels. Wat wit ik eins fan har? Neat. Allinne dat se heel goed en grappich is. It hier op 'e foarholle, op 'e wangen, it ldn, ûnder de noas liket donkerder
| |
| |
as oars. It sil wol komme om't se yn't skaad fan 'e beammen leit. Yn 'e sinne is it ljochtread, hast trochsichtich, it liket wol poddehier. Net it soarte poddehier dat ik wolris by oaren sjoen haw, it is tichter en langer. Under de noas en op it kin sit it measte, in pear lange sitte dertusken. Ik soe it oanreitsje wolle, deroerhinne strike. Sil ik it dwaan? Stel dat ik it doch, dat ik my net ynhâlde kin. Ik bring de hân boppe har holle, se kniperet in kear mei de eagen en lûkt oan 'e earm. Gau lûk ik de hân werom. Stel dat al it hier der samar op in dei ôf wêze soe. Keale Sjerda. Ik moat der net oan tinke. Soe it allegear yn ien kear kommen wêze? Op 'e earmen en skonken hat se ek in protte, ûnder by de ankels binne it suver lytse pôltsjes. Noch noait ha 'k har yn in rok rinnen sjoen, altyd hat se in lange broek oan. Inkeld, as it heel waarm is, strûpt se de boksen wolris op.
De spikerbroek leit wol yn 'e sinne, de klompen lizze in eintsje fierderop, dy docht se meastal út as se har deljout. De geitewollen sokken binne fan ûnderen swart. Faak rint se bûten op sokken as se hurd wat dwaan moat, in ôfdroechdoek fan 'e line helje of soksawat, se fynt it dan net de muoite wurdich om de klompen oan te dwaan. En as se buten is en hurd wat út 'e hûs wei helje moat, docht se de klompen net út. Ik sjoch mem al.
Se leit op 'e rêch. De mouwen fan de swarte trui, dy't se hast altyd oan hat, raffelje behoarlik. In hin teantet nei har ta en pikt in siedsje op, krekt neist har holle. Hy docht noch in pear stappen, stiet even stil, skokt in pear kear mei de kop hinne en wer en nimt it koartste paad. Heel proastich tripket er oer har hinne. Sjerda prúmket wat mei de mûle en leit de hân op it plak dêr't de hin krekt oerstutsen is.
| |
| |
In eintsje fierderop leit de rustige, wyt gimmelearden panne, mei in lêste kykje yn fet bestjurre ierpels, de pikgatsjes fan de hinnen sitte deryn.
Hieltyd lûke myn eagen wer nei Sjerda, wylst de iene nei de oare fraach boppedriuwen komt. Ik kin hast net mear wachtsje oant se wekker wurdt. Gek eins dat ik har hast noch noait wat frege haw oer de tiid dat sy jong wie. Ik skrik. Allegear rocheljende lûden komme har út 'e keel wei. Ik gean oerein en jou my in eintsje fierderop langút yn 't gers del, mei de rêchsek as kessen ûnder de holle. Sjerda sakket op 'e nij wei yn dreamelân. As ik nei de strakblauwe loft stoarje, betink ik dat ik likegoed myn Ingelske grammatika even leare kin. Ik pale it boek út 'e tas en sykje om in plakje mei steun yn 'e rêch. It wurdt de swiete appeltsjebeam. Dêrwei haw ik it each ek noch op har. Soms lûkt se oan in foet of beweecht se wat mei de mûle, se sobbet of kôget. Dan wer leit se skoften deastil. Ik tink my yn hoe't it wêze soe, as Sjerda der net wie. De wrâld soe leech wêze, heel leech. Ik soe der sels ek net mear wêze wolle. Sjerda is in sinnefrou, as ik by har bin, is it krekt as skynt de sinne altyd. Ik moat oan Jeroen tinke, dy is der ek noch foar my. Om mei te praten. Net om mei te frijen, dat wol ik net wer. Ik moat him út 'e wei gean sadree't de kâns der is dat ik allinne mei him bin. Hy is troud. Hy moat noait wer oan my komme, dan binne dy problemen de wrâld út, dan kin Brucht net mear driigje en kin ik Sjerda wer gewoan oansjen. Jeroen sil him wol trije kear betinke foar't er it wer docht. Ik besykje om net oan problemen te tinken as ik by Sjerda bin, dat wol ik sa hâlde. Se freget my ek hast noait wat oer thús. Sjerda begrypt alles wol, se sjocht it oan je gesicht. Sels hâldt
| |
| |
se ek net fan problemen. Fan no ôf oan sil der neat mear bestean tusken Jeroen en my. It is foarby, finito, dat beloof ik Sjerda en mysels en Jeroen derby, oft er it no leuk fynt of net. Dan hoege wy ús nergens mear drok om te meitsjen. Ik wol net dat Jeroen en Fyt skiede troch my. Net oan tinke. Ik moat Jeroen net mear oansjen, syn eagen dogge it, dy meitsje my yn 'e war. Se binne de lêste tiid net mear te ferdragen. Soe er ferlyfd op my wêze? Hy hat it altyd oer 'grinzen' en 'frijheid'. Je moatte je eigen grinzen kenne en dy oanjaan, seit er. Dat lêste sil ik fan no ôf dwaan, dan bin ik wer frij. Twa miggen yn ien klap. Klear is Kees. Dêr kin er neat op tsjin hawwe, it binne ommers syn eigen wurden. It primêre gefoel dêr giet it om, seit er. Net om wat ús oplein wurdt of wêr't de technology ús ta oanset of ta twingt. As er my dan ek mar net ta wat oanset dat ik net wol. Sjerda draait har op 'e side. As Sjerda der net by is, is de spanning tusken ús te snijen. It iennichste dat der dan foar my oerbliuwt is fuortgean, safier mooglik by him út 'e buert.
Sjerda skopt en slacht om har hinne, se docht de eagen wiid iepen en fearret ynienen omheech. 'Tessa... bisto hjir,' preuvelet se, 'ik dreamde oer dy.' Se faget mei de hân oer de foarholle.
'Wie Sjerda wer ris slûch?'
'Ja, ik wie der dronken oer, dat ik tocht ik jou my hjir mar even del.' Se rost oer de linkerearm. 'De earm is my der doof fan. Wat fijn datst der bist. Sil ik tee sette?'
Sjerda giet earst oer de planke.
'Jeroen ha 'k hjir ek al yn gjin tiden mear sjoen, ik begriep der neat mear fan. Jimme binne fansels frij om te kommen en te gean wannear't jim wolle, mar dochs, in mins bliuwt
| |
| |
in mins, je hechtsje je samar wer, foar't je it yn 'e gaten hawwe.'
Ik bin bliid dat se foar my op 'e planke rint en dat se net achteromsjen kin.
As wy it hiem oprinne, sjoch ik Jeroen syn fyts tsjin 'e muorre stean. De grutte, swarte fytstassen dêr't er altyd de boadskippen foar Sjerda yn hat, hingje driigjend oer it pakjedrager. Likegoed lûkt dat rare gefoel my troch it ûnderliif. It liket wol as haw ik neat oer myn lichem te sizzen. Hoe moat ik my straits gedrage? Wat moat ik tsjin him sizze? Hoe sil er dwaan?
'Dat is apart, dêr hast Jeroen ek noch. No binne jimme der beide wer. Ik tocht al dat...' Se makket de sin net ôf. Jeroen sit by de tafel, de teepot stiet op it steltsje, geel ljocht skynt út de trijehoekjes.
'Ik frege my al ôf wêr't jim sieten,' seit er, 'mar ik hie sin oan tee, dat ik tocht ik set alfêst mar in bakje, se sille wol komme. Ik seach oan dyn fyts datst hjir ek wiest, Tessa.' Hy sjocht my mei oplutsen wynbrauwen oan, in apart glimke leit om syn mûle. Ik jou my op 'e reiden stoel del, yn 'e hoeke by 't rút, neist it houtkacheltsje. Hy moat him omdraaie as er my sjen wol. 'Komst hjir net by de tafel te sitten?' freget er. Gau sjoch ik Sjerda oan.
As er de kopkes fan 't teetaffeltsje hellet, rekket er even myn earm oan.
Sjerda hat it sjoen. Hy giet mei de kont tsjin 't oanrjocht oan stean, oan alles is te merken dat er him fermakket. Sjerda giet oerein. 'Ik wit net mear wat ik soe... ik soe wat pakke,' seit se. Brucht syn gekoanstekkerige holle komt my yn 't sin: ik wit wat jim útfrette...
| |
| |
'Soest de huning helje,' seit Jeroen. Hy makket him los fan it oanrjocht en jit ús tee yn. Sjerda seit neat as se de pot mei huning midden op 'e tafel delset. Ik gean op 'e stoel neist dy fan Jeroen sitten. Hy set de knibbel tsjin mines. It jout neat: hoe't ik de foet ek delset, hieltyd fiel ik syn knibbel wer. Soms drukt er der fûl mei of beweecht him hinne en wer. Ik lûk beide fuotten safier as 't kin oerdwers. Ofwêzich draait Sjerda it lid fan 'e huningpot en stekt it stokje deryn. Stadich draait se it om en hâldt it boppe har kopke. Mei ús trijen folgje wy de lange goudgele tried dy't oan 'e ein swierder en breder wurdt en yn 'e hite tee sakket. De huning lost fuort op. Noch krekt kin ik my ynhâlde om net omheech te springen, hy lei de hân even op myn knibbel, doe't Sjerda net seach.
'Ik moat oan de waaks-teory fan Descartes tinke,' seit er, syn stim trillet in bytsje, 'as ik nei dy huning sjoch.'
'Wolsto straks even foar my te boadskipjen?' freget Sjerda. 'Dan kinne Tessa en ik de reade beien sykje. As Tessa dat wol fansels en it oan tiid hat.'
'Goed,' seit Jeroen, 'mar dan kom ik net earder as jûn nei iten hjir wer, want ik moat itensiede foar Fyt.'
'Allinne foar Fyt? Krijst sels ek wol wat, nim ik oan.' Sjerda sjocht him raar oan, it liket wol as hatet se him op dit momint. It leafst knyp ik de eagen ticht. Ik hear nei it metaalachtige tikjen fan 'e wekker op 'e planke achter my. Ik doar my net te bewegen. Hy praat no oer in baantsje foar twa dagen, wat er krekt allegear fan doel is, mis ik. Hy giet stean en jit op 'e nij tee yn. Ik fernim dat er nei my sjocht as Sjerda my wat freget. Ik haw de fraach net goed heard. Sjerda út it gewurde. Ynienen fernim ik dat ik in hekel oan him krij.
| |
| |
Hoe kin er sa dwaan mei Sjerda rjocht foar ús? Komt it ek fan Brucht, troch dy opmerking? Of hat it mei Sjerda har hâlding te krijen? Jeroen laket en praat oan ien tried wei troch. Wêrom laket er sa oerdreaun en docht er sa drok? Hy sit net in tel stil, hieltyd bin ik bang dat er my wer oanreitsje sil. Ik sko de stoel in ein nei achteren. Sjerda giet stean, se sjocht Jeroen strak oan. 'Komst even mei?' freget se.
|
|