| |
| |
| |
4
Der rinne in protte learlingen foar my en ek fierderop op it skoalplein. Anita en Jos haw ik fan my ôfskodzje kinnen, ik bin bliid dat ik allinne bin. Hurd rin ik nei it fytsehok om se foar te bliuwen. It wol net nei 't toanielspyljen hjoed, myn earmen en fuotten fiele te swier oan en de wurden wurde ôfknypt yn 'e keel. Gau doch ik de fyts fan 't slot, mar ik skuor him te hastich út it rek. De fyts dy't derneist stiet fait om, myn traper rekket fertize yn de speaken. Ik skuor en wrot om se út elkoar te krijen. Te wyld. As de oare fyts op 't lêst ûnferwacht lossjit, lit ik him falle.
'Kinst dy fyts net wer even fatsoenlik delsette?' ropt in jonge achter my. Ik doch krekt as hear en sjoch ik him net en rin hurder.
'Trut,' ropt er my lûd achternei.
It leafst wie 'k op 't plein al opstapt, mar fytsen is dêr ferbean. Ik lavearje om elkenien hinne, de lûden ketse op my ôf. It liket wol as binne se bang har it wurd ûntnimme te litten, as wolle se net oan harsels oerlevere wêze, sa lûd en fluch prate se. Guon laitsje te heech en te oerdreaun. Mear as oait haw ik it gefoel dat ik der net by hear, dat ik net ien fan harren bin. Mar by wa hear ik dan wol? Thús bongelje ik der ek mar wat by as Brucht en mem beide yn 'e hûs binne. As heit der is, is it in bytsje oars, ik fernim dat ik him net yn 't paad sit. Hy hat net in hekel oan my. Soms tink ik dat er my wol lije mei as er freonlik en wat nijsgjirrich nei my sjocht. Mar dat docht er noait lang, gau sjocht er dan wer nei de tillevyzje, of palet er de krante of bellet mei in klant. De kear dat er tsjin in klant yn 'e haven fan Syl
| |
| |
sei: 'Dit is myn dochter, se mei der wol wêze fynst ek net?' joech my in raar gûlerich gefoel, hy aaide my ek oer 't hier. Ik wit noch wêr't wy stienen, healwei de tredde steiger. Hy wie oan 't hanneljen mei in klant oer in syljacht dat dêr te keap lei. 'Sa'n dochter soe 'k ek wol ha wolle, ja,' sei de man en hy naam my helendal op, fan ûnderen nei boppen. It makke my bliid, mar tagelyk ek bang. Bang dat ik wer wat ferkeards dwaan soe, dat ik it wer ferpeste soe. Ynienen woe ik fuort, fier by dy twa wei yn dy djoere pakken. De jûns yn 'e hûs doarde ik heit net oan te sjen, it wie krekt as hie ik wat krigen dêr't ik gjin rjocht op hie.
Eins bin ik altyd wol in bytsje huverich foar him. Miskien komt it om't ik bang bin dat hy my ek ûnferskillich behannelje sil. Dêrom gean ik him út 'e wei. It kin ek wêze dat ik him tefolle bewonderje om hoe't er derút sjocht. Hy hat prachtich swart hier, rûge wynbrauwen en in snor, dy't al in bytsje griis wurdt. Hy sjocht der as in echte man út. It sil wol net allinne fan syn uterlik komme, ek hoe't er praat en hoe't er docht is bysonder. Ik bewonderje him net omdat er mei mem troud is. Hy fynt it libben leuk, dat kinst oan alles sjen, ek oan hoe't er rint. Hy rint heel licht en fearjend, de earmen slingerje los by him lâns, en hy sjocht alle kanten út. Hy steurt him nergens oan, ek net oan mem mei har aaklike buien, hy docht gewoan syn dingen sonder oan himsels te twiveljen. Hast alles docht er trouwens bûten ús om, dat is net leuk. Al kin ik it my foarstelle. Net allinne wurkje, mar ek leuke dingen, lykas út iten gean mei klanten of sakerelaasjes, reizen meitsje nei oare lannen, boaten besjen en seesile mei kollega's. By syn eagen sitte tearen, by syn mûle ek, mar net fan wurgens of ferfeling. As er laket
| |
| |
moat ik wol nei him sjen, mar hy laket hast noait mear. Thús teminsten net. Hy stelt ek net mear fragen, dêr is er mei opholden. Mem sil der wol wat fan sein ha. Oars frege er soms hoe't it op skoalle gong. Mem stelt no de fragen, miskien docht se dat wol omdat it oars te stil yn 'e hûs wurdt. Hy docht faak as heart er har net. Hy knypt de eagen ticht achter de krante as der wer wat komt dat him net oanstiet en hy docht se net earder wer iepen as wannear't se stil is. Dan lêst er wer fierder. Ik begryp him wol, mar tagelyk ek wer net. Hy hoecht net altyd te dwaan as hat er neat mei ús te krijen, dan hie er net trouwe moatten en bern krije. Hy moat antwurd jaan op fragen: wêr't er sa let wei komt en mei wa't er út te iten west hat. Oaren fynt er belangriker as ús, dat ferwyt se him. As mem snoad wie, gong se har eigen gong ek, dan wienen wy teminsten fan it geseur ôf. Miskien wie se dan ek wat faker fuort en hie se in better sin.
In ein foar my fytse twa jonges, se jeie knap oan, se lizze plat oer 't stjoer. Ik sjoch achterom, it âldwiif dat ik niis ynhelle ha slingeret dêr noch krekt sa om. Ik rekke har hast by 't ynheljen, de fytstassen besloegen it heale paad. Brucht syn falske wurden komme my wer yn 't sin. De hele dei ha 'k mei dat haatlike praat fan him ompankoeke. Wat hat er sjoen? Bûten dy iene kear yn 't lân is der neat foarfallen. Brucht kin dat net sjoen ha, of hy moat yn 'e beamwâl sitten hawwe, achter de toarnbeistruken. Dan moat er ús bestrúnd ha. Soe er dat doarre?
De lêste jierren siet Jeroen hast noait mear oan my. Foarhinne gekjage er altyd mei my, hy kidele my helendal troch of smiet my yn 't hea. Ien kear goaide er grutte toppen hea op my, ik smoarde hast. Ik koe net wer ophâlde fan hoastjen
| |
| |
en moast derfan spuie. Hy hold my soms ek boppe de sleat, en die krekt as soe er my falle litte. Dêr hat Sjerda in stokje foar strutsen doe't se it in kear tafallich seach. Hy is doe ek mei syn oare grapkes opholden. De lêste tiid sjocht er my soms sa frjemd oan, it liket wol as leit him dan wat op 'e lippen, as wol er wat sizze, mar betinkt er him wer. En dan rint er hurd fuort, krekt as is er lilk. Miskien wurdt er wol ferlegen op syn âlde dei. In eigenskip dy't absolút net by him past, trouwens. Ik begryp it net sa't er docht, mar dat sil him wol oan my lizze. Oaren skine alles te begripen en alles mar normaal te finen. It leit him oan my, ik wit it, ik bin ek ien mei in gebrûksoanwizing. Mem seit it faak genôch, se sil wol gelyk hawwe. Ik fiel my net lekker as Jeroen sa docht. Ik wit dan ek net mear hoe't ik dwaan moat en wat ik tsjin him sizze moat. It praten wol net mear. Ik moat heel lang neitinke oer wat ik tsjin him sizze sil en as ik dan wat betocht haw en ik sis it, heart it sa ûnnoazel, krekt as mien ik net wat ik sis. As komme de wurden net by mysels wei. It leafst soe 'k dan weiwurde, ferdwine. Datselde gefoel ha 'k op skoalle ek faak. It gekke is dat ik dat noait by oaren fernim, elkenien praat altyd mar foar it faderlân wei en docht mar, sonder nei te tinken. Soms is it krekt as ûntgiet my wat, as wit ik net wat al of net belangryk is. Se antwurdzje ek heel faak net as ik wat sis. Ik tink der wolris om oft it ek by oaren gebeurt, oft dy ek gjin antwurd krije. It komt wol foar, mar lang sa faak net as by my. Sokke tiden doch ik as bestean ik net, as bin ik der wol, mar tagelyk ek wer net. Of ik doch as bin ik samar in willekeurich minske, net mysels. Dan haw ìk de pine der net fan, mar dyjinge dy't dêr tafallich sit. Dat helpt.
| |
| |
Thús doch ik it ek as mem allinne mei Brucht praat as wy mei ús trijen binne. Dan spylje ik it spultsje as sit myn lichem dêr en is de ynhâld even fuort.
By Sjerda ha 'k dat noait. Dêr hoecht it net. Der is mar ien op dizze wrâld dêr't ik my by thús fiel, dat is by Sjerda. By Jeroen wie dat earder ek wol sa, mar de lêste tiid net mear, nei't er my samar fêstpakte yn 't lân en mei my begûn te frijen. Ik seach it net oankommen. Hy like wol gek. Sjerda wit der neat fan. Dat moat ek net! Se fertelde lêsten ûnder it teedrinken dat er oerspand wie, dat it him mei de stúdzje net meisiet. Miskien dat er dêrom sa nuver die, dy kear. Brucht achterfolget my faker, hy loert altyd op my. Mar hy doarde noait by Sjerda te kommen.
Al heel faalt hie 'k sjoen hoe't Sjerda Djoke molk. Har hannen jeie de molke skomjend yn 'e amer, it makket sa'n grappich gelûd. Djoke fynt it wol goed, se stiet altyd heel geduldich te wachtsjen oant se klear is. Eins moat ik 'hy' tsjin Djoke sizze, Sjerda docht it ek. Mar dat is sa frjemd. Djoke is in frou, in wize frou. Sjerda leit ûnder it melken altyd de holle tsjin har oan, har eagen glimme dan. Se hat nocht oan melken, seit se. Soms sitte switdrupkes op 'e foarholle en ûnder de noas op 'e reade hierkes. Samar hat se de amer fol. 'Wolst it ek leare, Tessa?' frege se op in kear. It like my moai wurk. It liket sa feestlik, dy skomjende wite molke yn dy sinken amer. Jeroen woe it my wol leare, sei er. Tegearre gongen wy nei't lân. Hy bûn Djoke oan 'e fierste hikke fêst. Hy hong krekt sa tsjin 'e ko oan as Sjerda en mei ien hân die er foar hoe't je de molke út in oer krije koenen. 'Moatst fan boppen ôf beginne te knipen, by 't jaar, tusken tomme en wiisfinger moat de measte druk wêze en dan
| |
| |
knypst mei de hele hân de molke derút.' Doe brûkte er de oare hân der ek by. Dan luts er oan it iene en dan oan it oare oer, de molke skeat mei fine skerpe speten yn 'e amer, it brûsde deroer. Nei in skoftsje gong er stean, hy hie de tuolle yn 'e iene hân en de oare hân lei er by my yn 'e nekke. De hân wie waarm en fochtich fan it melken, hy trille in bytsje. Op 't lêst begûn er sels ek helendal te triljen. Wy seagen elkoar oan, heel lang, it like wol as woenen ús eagen elkoar net mear loslitte. Ik fielde my ticht by him, as siet der neat mear tusken ús yn. Hy liet de tuolle falle, lei beide earmen om my hinne en hy drukte my stiif tsjin him oan. Skoften stienen wy dêr sa. It wie as hienen wy mar ien lichem. Dat gefoel waard hieltyd sterker. Hy tute my op 'e foarholle en op 'e mûle. Hy treau syn tonge yn myn mûle en tilde myn T-shirt omheech, doe makke er myn beha los. Syn hannen gongen in skoftsje oer myn bleate boarsten, doe oer myn liif nei ûnderen. Dat woe ik net, ik treau de hannen fuort. Samar ynienen liet er my los. Djoke beweegde net, se wachte. Ik seach Jeroen syn boarst hurd op en del gean. Wat ûnhandich rûn er wer nei Djoke en gong er op 'e tuolle sitten. It like wol as wist Djoke dat der wat net doogde, want se fergeat mei de stuit te slaan wylst der allegear miggen op har sieten. It wie as fielde it bist har like skuldich as ús. Nei in skoftsje gisele se wer mei de sturt om 'e kont hinne en wat se oars hast noait docht, se tilde de poat op mei spantou en al. Hieltyd wer. Jeroen naam de amer ûnder de ko wei en sette him in eintsje fierderop. 'Hy moat earst ta rêst komme en dan meisto,' sei er. Syn stim hearde oars as oars, hy seach my net oan. Hy joech my de tuolle oer. Ik gong op it wibelige ding sitten. Doe begriep ik wêrom't Sjerda
| |
| |
en Jeroen tsjin 'e ko oan hongen. Ik die it ek om net om te fallen. Ik krige in oer beet en begûn te knipen en te lûken, mar it woe net, der kamen mar in pear drippen út. Ik skamme my dat Jeroen it seach. Ik woe fuort, mar ik wist net wêrhinne. Ik doarde Sjerda net ûnder eagen te kommen.
'Moatst earst fan boppen knipe tusken tomme en wiisfinger en dan de oare fingers derby brûke. Net lûke! It is in handichheidsje, ast de slach ien kear te pakken hast, ferlearst it net wer.' Hy aaide my oer de rêch.
As der alris in pear tinne straaltsjes achter elkoar út kamen, dan duorre dat noait lang. It swit rûn my ûnder de earmen wei. Doe't Djoke my ûnferwacht fûl mei de sturt yn 'e eagen sloech, tûmele ik om. Ik koe de eagen net mear iepen hâlde, de triennen rôlen my by de wangen del. De holle brânde en skrynde my fan dy wrede sturt.
'Dat kin ferhipte sear dwaan, mar ast it melken straks yn 'e macht hast, sjochst de sturt wol op 'e tiid oankommen, dan bist derop ôfjage.' Jeroen holp my oerein. 'Kom mar even,' sei er. Hy loek my wer tsjin him oan. 'Ik sil Djoke gau dien melke, dan besykje wy it letter wolris wer,' sei er. 'En stil hin, neat sizze hjiroer, it bliuwt tusken ús. Do fûnst it dochs ek fijn?'
Ik rûn fuort. Ik ldom oer in hikke en seach net mear om. Ik seach nei myn fuotten, hoe't se oer hege en lege pôltsjes gers stapten of in kwak stront mijden. Gjin gedachte woe my mear yn 'e holle hingjen bliuwe. It wie as kaam ik nergens wei en gong ik nergens hinne. Brucht hat it miskien wol sjoen, oars hie er dy opmerking fan 'e moarn fêst net makke. Mar ek as er it net sjoen hie, koe er it likegoed wol sizze. Hy is goed yn 't ligen. Ik wit it net mear... leagens
| |
| |
rûgelje him samar ta de mûle út en hy fantasearret der hele ferhalen omhinne as it moat. It is in talint, mem hat gelyk. Net allinne op eksakt gebiet, it is in taal- en aktearwonder. Mem hat syn gefoel foar drama miskien noch net ûntdutsen, mar dat komt noch wol, want se hat in iepen each foar har jonkje.
Wat te skerp nim ik de bocht om 't hûs hinne, no rint der al wer in fytsspoar troch it túntsje, in read fetplantsje ha 'k yn twaen spjalt. 'Kinst net op it paad bliuwe!' Ik hear it har al roppen. Se stiet mei de teepot yn 'e hân by de tafel. Brucht krijt in kopke tee fan har. Ik set myn fyts net tsjin Brucht sines oan yn 'e garaazje, ek al wol heit dat noch sa graach. Syn fyts haatsje ik ek. Sil ik him op 't slot sette en it kaike yn 'e feart goaie? Ik wit dat ik it net doar... hy soe my noch folle mear narje. Miskien kin ik it op skoalle in kear dwaan, dêr soe er sa gau net oan my tinke. Lit him ek barste mei dy rotfyts, mei alles. Ik hoech syn gemene streken net oer te nimmen. Noch twa jier en dan giet er nei Grins te studearjen, dan bin ik fan him ôf. Ek al is it foarútsicht net leuk om allinne mei mem te wêzen, it is altyd noch better as mei dy twa tagelyk.
Ik hingje de jas oan 'e kapstok, want dêr heart er. Myn jas wol. Brucht mei sines oer de stoel smite. Brucht is in jonge, jonges kinne net jassen oan 'e kapstok hingje, se ferjitte dat. Dêr binne it jonges foar.
'Wêrom seist neat ast deryn komst?' freget mem.
'O ja, dat is ek sa, hoi,' sis ik as ik mei in kopke tee nei dy hoeke fan 'e tafel rin dêr't ik Brucht net oan hoech te sjen. Myn eagen treffe sines ûnderweis krekt even, ik woe sjen
| |
| |
hoe't er deroan ta wie. Mis. It hie net moatten, der lûkt in falsk glimke oer de pûkelkop.
'Se woe net mei my opfytse fan 'e moarn, mefrou hie wer ris lêst fan kapsoanes. Ik bin te min foar har,' seit er.
Ik rier yn 'e tee en sjoch nei de sûker dy't op 'e boaiem fan myn kopke hurd yn 'e rûnte giselet.
'Wêrom wolst net mei Brucht opfytse, wat binne dat foar nuvere kluchten?' freget mem. Se hat it fealblauwe joggingpak oan, dêr't heit san glûpende hekel oan hat. Beide hannen lizze plat op it taffelsldeed.
'Hy fytst te hurd. Ik kin him net byhâlde,' sis ik, ik fiel dat myn hert fûlder begjint te slaan. Ik sjoch út 'e eachhoeken wei dat er der sin oan hat.
'Dan moatsto wat stadiger fytse Brucht, Tessa is in famke, se hat lang safolle net yn 'e bouten as dy.'
Dat fait my net ôf. Se sjocht freegjend nei Brucht.
'Dan fal ik om, se wie fan 'e moarn net foarút te brânen, se wie te let. Ik seach har wol oer 't skoalplein rinnen, de bel wie allang gongen.'
'Leuk om te klikken, flinke fint is er, stoere jonge hear,' sis ik. 'Wiest te let?' Mem giet stean en hellet de teepot. Brucht krijt in nij kopke. Ik hâld my stil. Se set de teepot te plak en rint nei de keuken. Mazzel, se ferjit har fraach. Ik tear de hannen om it kopke en drink mei koarte lytse slokjes.
'Witst wol wêrom't der in earke oan in kopke sit?' freget er. Ik begjin lûd te sloarpen. Mem komt der wer yn. 'Tessa, hâld dêrmei op.'
'Wit mem wol dat se ferlyfd is?' freget er ynienen. 'En net op de earste de bêste, it is in filosoof.'
Se sjocht nei my. It bloed fljocht my nei de wangen.
| |
| |
'Op Jeroen,' seit er, 'dy aparteling dy't mei Fyt troud is en ek by de Hierfrou komt.'
'Ik haw my al heel faalt ôffrege watsto dêr altyd te sykjen hast. It is dy dochs net om dy Jeroen te dwaan wol? Hoe âld is dy fint?'
'Brucht is gek, wist mem dat noch net? Hy is in sadist, in liichbeest. Hy wol bloed sjen, noait hat er genôch.'
'Brucht seit soks net samar.' Se sjocht wanhopich om har hinne.
De lêste tee út myn kopke smyt ik Brucht lyk yn t gesicht, tagelyk spat ik by de tafel wei. Stroffeljend oer in stoel krij ik de kruk fan 'e doar te pakken. As ik derút fleane sil, fiel ik him oan myn trui skuorren. Hy lit him boppe op my falle en huft my op 'e rêch om. 'As ik blierren op myn holle krij, bist noch net fan my ôf, dan wit ik noch wol wat oars,' raast er. Hy fielt oan syn gesicht en giet stean.
Mem stapt oer my hinne nei de keuken.
Mei in wiet waskhantsje komt se werom, se jout it oan Brucht. Hy drukt it tsjin 'e holle, even is dy gemene kop fuort.
'Fan dy krij ik gjin hichte,' seit se. 'Wêr't dit allegear op útdraait...'
|
|