'Wat neamsto wrâldfrjemd? Ik freegje my ôf wa't hjir wrâldfrjemd is, do en de minsken yn 't doarp of Sjerda. Sjerda libbet ticht by de natuer, se is frij.'
'Ik sjoch it al wer oankommen, dyn spinsels hâldst mar foar dy. Myn iennichste rêding is jild, om my frij en ûnôfhinklik fiele te kinnen.'
'Om rommel oan te skaffen dy'tst net noadich hast, om slaaf fan nutteleaze, djoere rotsoai te wurden. Om kasten fol klean, sjaaltsjes, skuon, taskes en oare ûnbestimde brol oan te skaffen. Stuollen en leasten dy't je it útsicht ûntnimme, je brekke je de bonken oer de troep. Ast ophâldst fan keapjen kinst twa dagen minder wurkje yn 'e wike. Mei parfum allinne kinst tsien jier foarút, mar dan is de lucht der allang ôf, dat ferjitst. Abonneminten, it fitness-sintrum, kappers, allegear fergriemerij. Pak de fyts ynstee fan de auto, lit dy trochwaaie, belibje de natuer, lerekt as Sjerda.'
'Sjerda is gele, se is kontaktearm, frustrearre. Se krûpt as oansketten wyld achter de toarnbeistruleen en betinkt der in ynteressante reden foar. Der is mar ien yn dit hele doarp dy't yn har leaut en dat bisto omdat dy dat goed útkomt, dan kinst de alternativeling úthingje en ûnderwilens lekker lui wêze.'
'Do en alle oaren fersmoargje de wrâld... och, wat jout it ek, elk is frij om te dwaan wat er wol.'
Fyt krijt de spegel fan 't taffeltsje neist har, se makket de finger wiet en strylet de wynbrauwen glêd.
'Net ien begrypt watsto dêr te sykjen hast en wat dat bern, dy Tessa, dêr moat is my ek in grut riedsel. Is dat fanke soms ek al sa bysonder? Kin dat al op dy leeftyd? Hoe âld is se, fjirtjin?'
'Tessa is har leeftyd fier foarút. Se tinkt sels nei. Dat soe ek