'Fuck you!' ropt er achterom, mar hy fytst gelokkich troch. De ôfstân wurdt grutter... 'Toe mar,' himet it yn my, 'gean mar fuort.'
'Trochfytse,' sjit it troch my hinne as er omsjocht. Hy bliuwt stean. Hy keart de fyts om en komt op my ta.
'Ik wit wol wat do en Jeroen mei elkoar útfrette!' ropt er as er hast oan my ta is. Hy stiet foar my.
Ik lûk de fyts tsjin my oan en tear mysels dûbeld oer 't sadel, sadat ik him net mear oan hoech te sjen en dat ik it rare gefoel yn 'e mage net mear sa bot fiel. Ik druk fûl op it sadel... Hy kin it net sjoen hawwe, it moat in nije stok wêze om my te slaan. Dit hat er fan doel west, ik sjoch it oan syn gesicht. Fan spanning gûnzet it my yn 'e earen. Ik wachtsje op mear. Der komt neat.
Hy fytst fuort. Hy hat syn doel berikt. Oare fytsers snuorje by my lâns, rêgen en tsjillen. Griene, swarte, reade rêgen. Ljocht hier, donker hier, krold, slûk, dikke en meagere nekken, alles stoot om my hinne. Net ien bliuwt even stean om te freegjen wat der mei my is. Ik fiel in klap tsjin 'e boppeearm. Guon roppe wat, in pear laitsje, ien skelt: 'Trut, oan 'e kant! Stiest yn 't paad.'
It gers foar my wurdt fealer. Ik wit wat do en Jeroen útfrette... Ik kin it net ferkeard ferstien hawwe, hy sei it lûd genôch. Hy liicht, hy kin it net sjoen ha. Wêrom docht er sa? Der moat in reden wêze. Jaloers? Hy hat alles wat ik ek haw. Mem oanbidt him, hy is de bêste fan 'e ldasse. Freonen hat er ek. Wat wol er? Domwei narje? Je moatte je spegelje kinne oan in oar, sei Jeroen op in kear tsjin Sjerda. Ik begriep it net. Hy hat it my útlein. Brucht spegelet him oan my, hy lûkt him oan my op, wat ûngelokkiger as ik my fiel wat lokkiger as