1
It is al de fyfde kear dat se de púnreed útrint. By de hikke oan 'e ein bliuwt se stean, se leit de hân boppe de eagen en stoarret oer it iepen fjild. Neat. Net ien te sjen. En se hie noch sa hope dat Tessa hjoed komme soe. By it wekker wurden hie se san foargefoel. Al fjirtjin dagen hat net ien fan beiden mear west, Tessa net, Jeroen likemin.
It sinneljocht fait op 'e linkerkant fan har gesicht. Op 'e oare helte, dêr't wat mear skaad oer leit, falt it hier sa bot net op. In reade tekken bedekt suver de hele holle.
De hân sakket stadich nei ûnderen. Se fielt har wurch as se weromgiet nei hûs. Underweis strykt se hieltyd mei de hân oer de mûle. Dat docht se faker as se djip weisakket yn prakkesaasjes. Ien kear stroffelet se hast oer in stikje beton dat út 'e reed omheechstekt. Se rint nei de skuorre, dy't apart stiet fan it boufallige hûs, en jout har del op 'e reinwettersbak. It lid jankt even gemeen. Nei in skoftsje giet se wer oerein, it sit net noflik op it kâlde rûne lid, se giet op 'e kont yn 't gers sitten tsjin 'e muorre oan. Omdat se te djip yn gedachten is fernimt se Tiger net, de reade boarre, dy't him krûperich om har ankels hinne krôlet. Se passe moai by elkoar, sy en de kat, al is it hier fan Sjerda kiekt in tintsje djipper read. Oan snorhierren mankearret it har likemin.
De skiep bletterje, se sjogge stiif nei har mar se krije gjin oandacht. In tûkje fan 'e breidswale dy't by de âld muorre omheechklimt en yn 'e daksgoate in bêd makke hat, kidelet har yn 'e nekke. Se skoot it oan 'e kant en draait it achter in grouwere tûke.
In moai skoft letter sakket de holle har op it boarst, it sinne-