'Doch dy Wibrafolder mar by 't âld papier,' seit Houkje. Se har de lêste wurden ek opfongen. 'En ik wol graach datst dy brief noch even foar my opsikest,' seit se foar 't se yn 'e auto stapt. Se sjocht him even heel nuver oan.
Hy leit de folder op 'e steapel.
'Wy binne hjir foar 't iten wol wer,' heart er syn heit noch sizzen foar't er de autodaar tichtklapt. Mar de doar giet ek wer iepen: 'As wy wer thús binne, moat ik mei dy prate.' Wat wit er? Wêrom seach mem my sa nuver oan, begjinne se no beide? Hy sjocht de blauwe Vectra krekt salang nei oant er út it sicht ferdwûn is. Dan giet er hurd yn 'e hûs en fljocht de trep op. Boppe betinkt er him net mear, hy skuort de doar fan Tessa har kleankast iepen en har de slave-earmbún yn ien haal te pakken. Hy sjocht Tessa har blide gesicht wer foar him doe't se it papier derôf helle. Hy leit de earmbân sa op 'e richel del dat er der foar in tredde part oerhinne stekt.
No dy brief noch. Der sil wol sa'n soarte brief tusken it âld papier sitte.
Sjerda sit op 'e reinwettersbak mei it briefke fan Tessa yn 'e hân. It is betiid, it gers is noch wiet. In spin har in web makke rusken de piip fan 'e reinwettersbak en de muorre, se besjacht it keunstwurk, der sitte daudrippen yn. Soe it fan deselde spin wêze, dy't ek oer wetter rinne koe?
Se ferwachtet in blauwe auto op it hiem en Tessa moat itselde foargefoel hân ha, want se woe de natuer even yn.
Se teart it briefke iepen dat Tessa har joech foar't se fuortgong, se woe perfoarst dat se lies wat deryn stie.
Sjerda har eagen glide oer de wurden: