De sûnde fan Haitze Holwerda
(1983)–Ulbe van Houten– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 103]
| |
1Yn 'e keuken, op syn wenstich plak by de tafel, siet Haitze Holwerda te wachtsjen; de froulju wiene yn 'e hutte, de ûngetiders ferklaaiden har foar de reis nei hûs. It siet hjir suver aardich; nei al de drokten fan dit lêste moarnsskoft kaam men wer wat ta jinsels. En no wie de ûngetiid dan oan 'e kant. Men koe der net by, dat it no al wer fjouwer wike lyn wie, dat hja begûnen. It wie skealik foar de manlju, mar dat wie no ienkear it aventoer fan 'e ûngetiid: it hie krekt like goed fiif of hast seis wike duorje kinnen en dan hie hysels de skea hân. En sa as dit jier kaam it faaks nea wer. Dat der koe in goed miel op stean, dizze lêste dei; de Bilkerts mochten hjoed har bêst noch ris dwaan. En dêrmei kaam it folk der ek yn en skikten se te plak. Har lûde stimmen foelen stil fan ûntsach: dit like net min. Der wie noch gjin iten op tafel en deselde bûnte pannen stiene ree, mei itselde itersark, mar it tafelkleed, dizze kear, wie wyt en feestlik en yn 'e midden stiene in mannich flessen klear. Bier en limonade! ‘Dut likent maar best!’ sei Beert. De boer glimke. Net ien fan 'e oaren sei wat, mar sûnder erch skikten se tichter by en seagen nei it finster dêr't de froulju lâns komme moasten. De faam kaam der krekt oan mei in behindige panne. ‘Hjir is 't begjin,’ lake se en dêrmei wie se de doar al wer út. De sterke rook fan spekfet dreau troch de keamer. De manlju snúfden en rieden op 'e stoel. In heamiel, dan ferwachte men wat besûnders, wat oars as sljocht-hinne-en-wer. Hindrik Kuken, de rûne eagen stiif op 'e panne, sei súntsjes de nammen fan 'e goede | |
[pagina 104]
| |
spizen dêr't men spekfet ta brûkt: orten - boanen - gort - potstruuf - dikstruuf - struuf... Hy hie der sels gjin erch yn, mar syn lippen ferweegden as mompele er in frjemd, foartidich gebed... De froulju kamen der wer oan, dizze reis mei twa wide skalen dêr't de walm ôfsloech. Ierpels! Al wat hja tocht hiene, dat net. Nei wiken fan ûngetiderskost de earste nije ierpels, lyts en rûn en justjes blomd: krekt sa't it hearde te wêzen. ‘Buttergele,’ sei Beert. Wa hie dat hjir socht, yn 'e greidhoeke en dan sa ier al. Yn it gebed behelle de boer wat fan ‘een goede oogst’ en ‘deze eenigszins feestelijke maaltijd.’ It hearde hast wat frjemd en lykwols wie der gjin wurd te folle mei sein. In koaningsmiel wie it. Hja setten der har ta, breed en noflik en fergeaten in koart set alles: it wurk fan dit lêste skoft, de wurgens dy't har noch yn 'e lea siet, de bui dy't opsetten kaam: sok ieten nammers, soe men der it rjochte geniet fan hawwe, frege de hiele minske. Om 'e smaak hiene se trochite kinnen, mar men moat no ienris in ein meitsje. ‘Ik kin niet meer op,’ suchte Hindrik, ‘maar myn fet kin ik niet recht kwyt worre...’ ‘Tryntsje, krij efkes in skjinne panne.’ ‘O, ni, frou. Gyn drokte om mij. Waar niet.’ Hy hâlde de panne al op 'e kant en behimmele it lêste stealtsje fet mei de rûne leppel. ‘Beter de maag bedurven as goed eten weg, saai ôns Klasybep altyd. En der hou ik my ok maar an.’ Holwerda dielde de flessen om: bier foar de manlju en limonade foar Geale en de froulju. Hja skonken hoeden de wide glêzen fol. Sytse moast de jonge helpe. Dy seach ferhearlike nei it read en kraaljend focht. Hy naam in fikse swolch. ‘Wat is dat lekker. Sok guod haw ik noch noait earder hân.’ Dêr laken se doe ris smaaklik om en pleagen him goedmoedich. ‘Kom,’ sei de boerinne, ‘wy sille de brij helje.’ | |
[pagina 105]
| |
Wylst hja fuort wiene, rekken de manlju oer it waar te praat. No't de slimste honger bestille wie krigen se der erch yn hoe tsjuster it waard. It wie al spitich dat it sa trof, mar sa koene de ûngetiders de weiden net meinimme. It wie net te weagjen. Fansels koene se dizze bui earst ôfskûlje, mar der koe mear los komme, it hie al sa lang droech west. De Kukens stimden it mei, it wie begrutlik, no moasten se it hiele ein rinne. Mar dat wie fan letter soarch: de brij kaam earst noch. ‘Gesondheidsbrij,’ kundige de boerinne oan doe't hja de panne del sette. En net sûnder reden wie se der grutsk op; in frisse reade kleur hie it en fan 'e fine groat en de grutte rezinen stie it suver stiif. De goede rook joech op 'e nij wer honger. Swijend, de reade gleone koppen boppe de walmjende pannen, ieten se. En nei it miel, no't it wurk net langer dreau, wie der in menútmannich tiid te bekommen en namen se it lêste út 'e glêzen. Tsjerk wie de earste dy't oerein gie. ‘Jim witte it wurk, yn 'e skuorre? En de ûngetiders woe ik wol dat efkes mei nei foaren gyngen.’ ‘Ja boer,’ seine se tagelyk. Temûk seagen se elkoar oan. Hindrik loek de wynbrauwen omheech ta in lêste fraach: stiene se der no foar, no't it der op oankaam, betrouden se him de lieding ta? De beide oaren knikten behindich. Doe trapen se achter de boer oan, de foarste gong troch nei de opkeamer. Hja bleauwen sawat ûnwennich foar de tafel stean: wat skruten hast yn dit wiid en stimmich fertrek. Mei de finsters op it suden dêr't de bui omheechkaam en mânske beammen foar de glêzen, like de opkeamer noch tsjusterder as de keuken niis. ‘Nim in sit mannen.’ Hast gemiensum klonk it; hja hiene him wol ris oars heard dizze fjouwer wike op Baerda-Hûs! Beert en Ytsen kamen rjocht foar him oer te sitten, Hindrik naam it plak oan 'e ein fan 'e tafel. Foar Holwerda lei in boekje iepen nêst in dûnker glimmend kistke; in flesse stie yn in rûnte fan romers. Beert en Ytsen seagen der begearich nei. Hindrik glimke flau. | |
[pagina 106]
| |
Hy wie net min, dy lytse greidboer: earst in bêst miel iten, in goed glês bier, in romerfol... en ta beslút it jild. Mar yn dy fûke sylde hy net. ‘Ik sil ris ynskinke. Wy hoege ús net te ferhaastjen, jim kinne sa dochs net fuort.’ ‘De boer maakt 't âns hest te bot,’ sei Beert. Holwerda lake. Kom, kom, de ûngetiid koe mar ienris dien en hja mochten dochs wis wol in slokje? ‘Der mâge wy gyn ni op sêge!’ Hja preauwen, neffens de regels, mei de hiele mûle. Dit liigde der net om. En justjes ferbûke harken se nei de boer dy't wûnder praatsk wie foar syn dwaan. Oer it waar hie er it en dat de ûngetiid sa bêst beslein wie en dat gjinien soks fan te foaren tocht hie. Hja joegen him koart beskie: jawis boer - ni boer - dat saaien wy fanoffen nag teugenander - mar rjocht der op yn gean diene se net. Yn 'e stilten tusken har koarte sinnen boldere it yn 'e fierte. ‘Om súd hewwe se swaar weer,’ sei Ytsen. Hindrik siet strak nei de boer te sjen. It waard tiid dat er fanwegen kaam, dat lyts mantsje; dizze praterij oer waar en wurk dat brocht gjin seadden oan 'e dyk. It siet hjir goed en hja hiene dêrmei de twadde romer leech - sels hie er de earste noch heal ynstean! - mar men woe no dochs wol ris witte wêr't men oan ta wie. Holwerda taaste op 'e nij nei de flesse. ‘Niet meer. Wij motte de rais aanstôns doen kinne...’ ‘Dat sil wol wat tafalle. Ik sil...’ Hindrik lei in brede hân oer de fine romer hinne. ‘Dan kin ik der neat mear oan dwaan... As jim dan perfoarst net mear ha wolle dan kinne wy no ôfrekkenje.’ | |
2Hja skikten rjochter op 'e stoel, de trije mannen. Hjir hie er no | |
[pagina 107]
| |
dat hiele skoft op oan-praten; no moasten se op har iepenst wêze. Fan Hindrik Kuken syn gesicht waard it lêste spoar fan syn wenstich glimke wei; hy beluts wyt om 'e noas en de tearen stiene skerp yn syn smel gesicht snien. It soe him neat ta komme te fallen, dy boer! En lykwols, as men der goed ynkaam... hjir sieten se no foar him oer, trije grutte keardels, wat lang en licht miskien, mar taai en sterk en elk foar oar trije sokke behindige mantsjes treast en mei dat kistke foar him op 'e tafel hie er alle troeven yn hannen. It wie net earlik, net rjocht... Mei in skerpe klik sprong it slot los; achter it skuttend deksel dat skean omheech stean bleau, gyngen Holwerda syn hannen troch papier en sulver. ‘Fjouwer wiken, dat is fjouwer kear njoggen... dat wurdt dus de man seisentritich gûne.’ Hy telde de briefkes op 'e tafel út, foar elk trije fan tsien en op elk steapeltsje seis nije gûnen. De manlju hiene gjin each fan him ôf; hja seine neat. ‘Ik leau dat it der sa is.’ En noch ferroerde Hindrik Kuken him net. Hy soe dochs mear te sizzen hawwe, dy âld boer; hy koe dochs net miene dat er har sa maklik oer koe? Der wie in stilte. De klok oan 'e muorre tikke lûd. Holwerda seach har ferheard oan. Hy siet rjocht-op, de beide hannen oan it kistke mei jild. Hy kichte. ‘Ik sei, ik leau dat wy sa lyk binne. As jim it efkes neitelle wolle.’ Hindrik Kuken makke de lippen wiet. ‘Motte wy hierút begripe dat de boer ôns nije week niet weer ferwacht?’ ‘Dat wie de bedoeling!’ ‘Dan loof ik niet dat ôns reken soa útkomt.’ ‘O, nee?’ ‘Ni. Wij waren foor fijf weken besteld; de boer sil 't fast nag wel wete?’ ‘Ik wit net better as sá. Ik haw jim hierd foar de ûngetiid, net foar langer!’ | |
[pagina 108]
| |
‘Maar wy waren goed met Koaistra ôfpraat. Hierepan, myn maten...’ ‘Dat kin allegearre sa wol wêze, mar ik haw it jim goed fiele litten dat ik oars woe.’ ‘Der ston niks fan in 'e brief.’ ‘Ik haw it sein! Fuort de earste deis al.’ ‘De boer het 't niet said. Jou hewwe d'r op ompraten, maar d'r is niks ôfsproken doe. Ik saai nag: at de boer âns wil mot-y 't nou sêge. Maar doe is d'r feerder niet over praat. Dat wy hewwe recht op nag 'n week; dat is negen gulden...’ ‘En de kost,’ foel Ytsen út. ‘Man,’ boarste de boer los, ‘wolle jim my dan net begripe, wolle jim dan alhiel gjin reden ferstean? Dat is ommers domdryst, sok freegjen!’ Ferheftich prate er op har yn. It wie dochs syn skuld net dat de ûngetiid sa gau dien wie; hy koe dochs gjin trije grutte manlju leanje en de kost jaan as der gjin wurk foar har wie? Hja moasten it ûnmooglike net fergje! ‘Wij frage allenig ôns recht.’ ‘Rjocht!’ smeelde Holwerda. ‘Jim kinne der wakker moai mei oankomme. Rjocht! It is jim om jild te dwaan, jild dêr't jim neat foar dien ha.’ ‘Wij wille d'r foor werke!’ Hindrik liet in lange earm op 'e tafel falle en sprate de fingers út fan syn brune, ilige hân. ‘Wij wille alles doen, ôns hannen staan nergens ferkeerd foor.’ Achter syn kalme, bedaarde sprekmenearen trille opkommende lilkens. ‘Ik sil jim krekt sizze wêr't it op stiet: ik wol jim net wer ha!’ En jitris besocht Hindrik it yn goedens. ‘Der is de boer frij in, fansels; maar dan motte wy dochs eerst de saak goed beprate. At de boer ôns ôfkope wil, dan...’ ‘Ofkeapje? Wa praat hjir fan ôfkeapjen? Ik haw it yntiids sein, jim hawwe nearne mear rjocht op! Dêr leit it jild.’ Alle trije begûnen se no tsjin him op te sprekken; har stimmen klonken lûd en skril. Mei in ferachtlik gebeart fersmiet er har arguminten. | |
[pagina 109]
| |
‘Ik wol der net iens mear oer prate - út!’ De wjerljocht sprong foar de ruten lâns. De tonger boldere lûder. ‘Wij houwe ôns nooit stil,’ sei Ytsen. Beert Kuken seach stiif nei it jild op 'e tafel. It ûntkaam Holwerda net. Hy moast hoek hâlde, dan wûn er it. Beert koe no al hast net fan dat jild ôfbliuwe. ‘Jo kinne it by jo stekke,’ wiisde er. Beert ferweegde net. Hy seach skean nei syn broer en fan Hindrik wer op 'e boer. ‘At 't nou 's soa kon,’ stammere er, ‘at wy d'r nag negen gulden overhine kregen... en wy lieten die fergoeding foor de kost fâle... dat waar dan ôns ska... Wy wille niet onskiklik weze.’ En lykwols wie it net earlik. Der wie rekken op makke. Mar hy moast jild ha, hy koe net mei lege hannen thús komme. Hy moast it ris witte, dy rike boer, hoe't it wiif der thús op wachte, hoe't hja skrept hie, en op it lân omkrûpt, dat hy mar neat yn it foar hoegde op te nimmen. Hy skrille op fan Holwerda syn lûd. ‘Seisentritich! Gjin sint mear. It leit der no noch!’ Hast sûnder erch stiek Beert de hân út. Syn fingers roerden it papierjild. ‘Hoe mot dat nou mannen? Wij kinne niet sonder niks...’ ‘Hoe't 't mot?’ fjurre Hindrik werom, ‘soa mot 't!’ Syn earm skeat ûnferhoeds út en mei in inkelde hantgreep skuorde er Beert it jild ûnder de hannen wei en smiet it oer de tafel. It sulver sloech oan it izer fan it kistke. ‘Dat geld nimstou niet an. Dou fâlst my ôf!’ Holwerda wie wyt fan lilkens. ‘Hâld do dy der bûten! Nim dat jild Beert, it kin no noch!’ ‘Beert!’ moanne Hindrik. En dêrmei sprong Beert oerein. ‘Ni,’ rôp er heas, ‘ik doen 't ok niet. Ik wil 't niet eens meer hè! Maar gemeen is 't; deur alles hine gemeen.’ Hja stiene no allegearre. ‘Wa seit hjir fan gemien?’ hime de boer. Hy krige gjin andert. | |
[pagina 110]
| |
Ytsen hong oer de tafel, flak foar him. ‘Ons geld! Wij motte ôns geld hè!’ ‘It leit der ommers!’ ‘Dat is te min!’ ‘Dan hoege wy der net mear oer te praten!’ ‘Frek dan!’ raasde Ytsen. ‘Dou fals klain kring fan 'n graidboer...’ Syn opkroppe woede sprong los yn in rige fûle flokwurden. De boer koe gjin wurd útbringe. Hindrik en Beert praten om 'e nocht op Ytsen yn. ‘Wat geeft soks nou? - Dou maakst 't d'r minder met! - Hou dyn groate bek nou! -’ ‘Mij stil houwe! Ik sil 't him ansêge, die fine...’ De flikker fan 'e wjerljocht sprong troch de skymrige keamer. Ytsen wie stil. Yn dy pear tellen tusken fjoer en tonger fûn de boer it wurd wer. ‘Der út. Allegearre der út...’ Syn stim waard wei yn it droanen fan 'e tonger. Stappen stampten troch de gong; de doar fleach iepen. De boerinne stie op 'e drompel. ‘Wat dogge jim hjir? Hoe kinne jim sa? Mei dit waar!’ ‘Hâld dy stil!’ snuorre de boer. ‘En jimme, der út! Foar it lêst: der út!’ Hindrik Kuken rûn by him lâns nei de doar. ‘Wy gane. De boer sil eerstdaags wel meer fan ôns hore.’ ‘Fuort! Dyn eigenwize praatsjes haw ik neat mei nedich.’ Beert, wylst er foar it alderlêst oer de tafel seach, folge syn broer. En jitris fleach it Ytsen oan. ‘Durst ôns in dut weer tun 'e deur út jage! Ik sil dij...’ Hy ûnderhelle de fûst. Foar't er taslaan koe stie de boerinne foar him. ‘Ytsen!’ ‘Ja frou,’ stammere er. Mei lange trêden rûn er de gong troch. Yn it waskhok smieten se de blau-pûden oer it skouder, dy't ynpakt stiene foar de thúsreize. Troch it bûthús naam Hindrik de foarstap. In momint stiene de stâlen yn it ljocht: de tonger foel der fuortdaliks oer hinne. ‘Jimme kinne der net troch,’ klage de boerinne. ‘It mei net... | |
[pagina 111]
| |
it giet om dea... Haitze, sis dochs dat se wachtsje.’ Yn 'e skuorre bleauwen se stean by Tsjerk en Sytse. Hindrik stiek in hân út. Hy woe wat sizze, mar achter him, oer de skuorreed kamen de boer syn ferwoedene stappen. ‘Der út haw ik sein. Gjin geklets hjir mear!’ Yn it foarbygean raamde er in foarke by de golle wei. Ytsen seach om hin hinne om in wapen. Beert skuorde him mei. ‘Kom.’ Mei grutte stappen rûnen se it hiem oer. De bui wie flak boppe har; oer de lannen kaam de rein oansûzjen. Hja wiene by de homeie doe't it oer har hinne sloech, in fûle, tichte slachrein. En oanienwei, troch dat grize reingerdyn, flikkere de wjerljocht. ‘'t Is gyn weer,’ hime Beert. ‘Wy motte werom.’ Hindrik wiisde mei de hân nei de skuorre. Foar de iepen mendoarren, yn 'e measte rein, stie de boer, de foarke daagjend foarút. As seach er wat hja fan doel wiene, kaam er op 'e homeie ta. Boppe it trelit fan lûden hearden se him razen. Hja draaiden har om. Foaroer, de hannen op 'e koarden fan 'e sek stoepen se de reed út. Tagelyk wie it allegearre fjoer. De tonger knettere. Gjin tel wie der tusken. ‘Dat slaat in,’ rôpen se alle trije. Oer it kramtried fan it jisterstek fersprong in blauwige flam. Haitze Holwerda stie deun by it stek, ûnbeweechlik, rjochtop yn 'e stjelpige rein. ‘Hy kon wel doad wille,’ rôp Beert. ‘'t Is him in 'e kop sloegen!’ sei Hindrik. Boppe it rûzjen fan 'e rein hearden se stimmen: Haitze - Kom hjir - Yn 'e skuorre - Beer! Dat wie it lêste dat hja hearden fan Baerda-Hûs. Hja rûnen sa hurd as hja koene. Frjemd, op har bûgde rêgen, dûnsen de sekken... | |
3Gjin oere nei dat stoarmich ôfskie fan Baerda-Hûs en dy úttocht by rein en tonger, hiene se de Syl al lang wer hân en seagen se | |
[pagina 112]
| |
de sinne op 'e dakken fan Marsum blinken. Sa gau kin hjir it waar feroarje en sa gau is men in fiks ein fuort, as men selskip hat en stof ta praten. En dat lêste stie it har nammers net oan. Iderkear kaam it har wer yn it sin, dat toaniel yn dy steatlike opkeamer; hja seagen him wer sitten mei de hannen yn it jildkistje, hja seagen him foar de skuorre stean, in skym yn 'e grize rein, hja hearden de boerinne wer roppen. Hy hie wat op syn gewisse, dat mantsje. Dat er har foar de tiid dien jûn hie en har dy njoggen gûne fan 'e hûd skuorre woe, dat wie slimmernôch, mar it koe jin net ienris botte nij dwaan; it wie in greidboer, mar dat er har by sok waar de doar útjage hie, dat wie troch alles hinne! Alhoewol, Ytsen hie der sels skuld mei oan. Sok flokken en swarren, wêr wie it goed foar? It kaam net te pas fansels, mar men makke it der ek minder mei. En dêr krigen se doe hast wurden oer ûnder elkoar. De Kukens hâlden út dat Ytsen te folle sein hie en dy lei der fûl tsjin yn. Te folle sein? Earder te min. Hja soene noch wat oars heard hawwe, as er alles der útsmiten hie dat him op 'e tonge lei en dat er, út fatsoen, swijd hie... Mar faaks hie er al te folle sein: op 'e hûd hie er ha moatten en as hja him ynpleats bysprongen wiene, dan wie it ek oangien. ‘Dat is gekkepraat,’ sei Hindrik, ‘en dat weetst sels ok wel!’ ‘Ja,’ foel Beert him by, ‘die boer mag weze wat-y wil, maar útfloeke... ‘Welseker! Jim motte it nag foor him opnimme. 't Sil 'n besteneen weze! At jim ankum jaar weer soa'n plakky wete...’En dêrnei sei er in skoft neat mear. Stúmsk rûn er tusken de beide bruorren yn. Hindrik Kuken seach him skean oan. Dit koe sa dochs net. Hja koenen dochs gjin rûzje meitsje om dy boer? ‘Kom mannen soa mot 't niet! Dut is nou eenkeer gebeurd; ik loof niet dat 't goed waar, maar 't helpt niks at wij d'r over nakaarte.’ ‘Nou goed dan,’ sei Ytsen, ‘'t waar meskien te bot. En evenwel | |
[pagina 113]
| |
het 't my goed deen, dat ik my 's úttierd hew. 't Most d'r dochs eenkeer fan komme. 't Sat my an bovenen toe... Ik loof ik had te feul út 'e Bibel hoord...’ Dêr hie fansels it ien en oar tsjin ynlein wurde kinnen, mar de Kukens lieten it dit kear sa mar. Yn dat stik wie der net mei him te praten. ‘t Is beter dat wy ôns berade over dat geld.’ ‘Dat mot' wy hè.’ ‘Wis, maar hoe?’ ‘Dou motst 't sêge,’ sei Beert. ‘'t Is fan dij útgaan...’ Hindrik glimke. No wie it dus wer oan him ta. ‘Ik hè d'r over nadocht; faker as een en twee keer en ik loof dat ik d'r raad op weet. Temînsen at wy 't eens worre kinne. Ik wou aanstôns in Marsum bij Heroma an; dou weetst wel Beert, de deurwaarder. Wy kinne him goed, wy hewwe d'r twee winters snoeid en de man waar ôns niet ongenegen...’ Ytsen seach him ferheard oan. ‘Dou durst 't wel an!’ ‘Ik weet niet,’ twivele Beert. It wie wier wat Hindrik sei, mar it gie him dochs stûfernôch. Koe dat sa mar, as arbeiders, mei suver neat om by te setten en dan it rjocht oanspanne tsjin in boer dy't it oan jild noch neat stie? ‘En soks is duur werk, dat wete wy allegaar wel.’ Hindrik naam op 'e nij it wurd. Hja moasten him beleaven goed begripe: it wie syn doel net en lit it fuortdaliks mei de doarwaarder opfoarderje! Nee, mar as menhear Heroma ris foar har skriuwe woe... net in offisieel stik ynienen, in gewoane brief, mar al mei syn namme en titel der boppe... Dat soe de hiele wrâld net kostje - as er syn sin sei, soe sa'n man der neat foar ha wolle! - en it holp wis mear as dat hjasels skreauwen. ‘Dou hest gelyk,’ sei Ytsen. ‘'t Mot altyd weze.’ ‘En âns mot een fan ôns d'r hinne... Maar ik niet!’ ‘Ik kom d'r niet,’ sei Ytsen der oer hinne, ‘ik wil gyn hooifork in 'e bilg hè.’ ‘Dan gaat 't an,’ stimde Beert mei. It soe foar him opkomme om | |
[pagina 114]
| |
der hinne, dat fernaam er wol, en dêr hie er ek gjin sin oan. Mar likegoed bleau it in nuodlik ding: de doarwaarder brûke tsjin in boer. Hja hiene dat jild dochs mar oannimme moatten... Mar dan hie Hindrik ek wer gelyk, dan hiene se alhiel gjin ferhaal mear... Hja rûnen flugger, no't it beslút fallen wie en mei gauwens stiene se foar it âlderwetske hearehûs mei de hege stoepe. It wie Hindrik dy't oan 'e bel loek en it wurd die tsjin 'e faam. ‘Is menheer thús?’ ‘Ja. Woene jim him sprekke?’ ‘As 't skikt worre kin, graag.’ Hja seagen har nei troch de lange gong. ‘'n Knappe maid,’ mompele Ytsen. De bruorren gyngen der net op yn. Hja fielden oer de wiete klean; fan bûten wie it al moai ferdroege, hja koene gerêst foar menhear ferskine. ‘Wolle jim mar meikomme?’ Hja fûnen Heroma yn in ljochte achterkeamer, dy't útseach op it tún; hy siet mei de rêch nei har ta, mar riisde fuort oerein doe't hja der ynkamen. ‘De Kukens! Ut St. Anne alhiel... En in tredde man...’ ‘Ytsen Tulner; ôns maat. Wij hewwe in 'e ongetiid weest.’ ‘Ah; dus op trochreis. En wat wie it boadskip?’ ‘Dat is niet in twee woorden te sêgen,’ glimke Hindrik, ‘maar ik sil soa kort mooglik...’ ‘Dan sille wy earst sitten gean!’ Wylst er stuollen reesette foar de skriuwtafel, lieten de Kukens de eagen gean oer it bekende tún. Alles like fris en libben nei de rynske rein. Ticht by it finster, mei troch har goede soargen, droech in iere parrebeam oerdiedich frucht. ‘No mar!’ Hindrik Kuken sette út ein mei syn ferhaal. ‘Wij hewwe in 'e ongetiid weest bij 'n boer tussen Boksum en Blessum, de man hyt...’ ‘Haitze Holwerda faaks?’ | |
[pagina 115]
| |
‘Ja, hy sit yn 'e Rie, dat sadwaande haw ik him wol ris meimakke yn in kommisje... Wy wiene it net altyd iens.’ ‘Wij konnen 't ok niet eens worre, overdâg.’ En Hindrik Kuken spûn it ferhaal fan har ûnderfiningen fierder, foar syn dwaan koart en lykwols sûnder wat oer te slaan. Sels it heamiel stipte er oan en de traktaasje yn 'e opkeamer - ‘dat waar met 'n doel, menheer!’ - en sa kaam er op 'e rûzje en hoe't hja fan it hiem reage wiene. ‘En it waar noadweer, dat weet menheer sels--’ Hy siet sedich mei de holle foardel, mar dat er it knap foarbrocht hie, dat wie dêrom wol wis. De doarwaarder tyspele mei in poatlead boppe in opskriuwboekje. ‘Ik woe noch in pear dingen freegje.’ Behindich roerde er in pear punten oan dy't him net dúdlik wiene, mar Hindrik stie ek dat ferhoar mei glâns troch. ‘En wat wie de bedoeling no? Moat ik it jild opfoarderje?’ ‘Dat nou daliks niet! Wij wille menheer fansels niks foorskrive, maar ik docht... wy kinne menheer nou eenkeer goed... ik saai tun myn maten, laat ôns 's frage of menheer 's foor ôns skrive wil. 't Hoeft niet soa offisjeel, 'n gewoane brief, maar met menheer syn naam d'r wel op...’ Heroma siet in set te prakkesearjen. Hja hiene gjin each fan him ôf. ‘Goed,’ sei er op it lêst, ‘ik wol it wol besykje. As ik dan de sifers efkes ha mei?’ Hindrik sei se him foar. ‘En wat foar de kost, wat moat ik der foar neame?’ ‘Ik weet niet, wy hewwe 't d'r al over had, ik sou sêge der most menheer niet over beginne, 't Is ôns te doen om die negen gulden meer... Wij wille niet 't aldermeeste frage... Dat wy dochten, dat most menheer maar niet noeme. Maar d'r hoeft derom niet in, dat wy d'r ôfsien hewwe. At-y nag wat geve wil...’ ‘Dus dat net!’ Hy sette in foarse streek en riisde oerein. ‘Wat binne wy in 'e skuld?’ ‘Neat. As it sa ta kin, en dat sil wol losrinne, dan neat.’ | |
[pagina 116]
| |
‘Dan motte wy menheer frindlik bedanke! Is saai al tun Beert, menheer Heroma sil ôns 't fel niet over de oren hale. - Maar dut is al heel rejaal! Wy waren âns wel genegen en snoei d'r ankum winter in paar skoft foor; menheer mot dinke, 't is ôns heel wat wirg...’ ‘Dat begryp ik. Mar dat hoecht net. En wy hiene it der yn 'e hûs al oer hân, dan it fan 't winter mar ris oergean soe.’ Hindrik seach him suver ferheard oan. ‘'t Past ôns fansels alheel niet om ôns op te dringen, en nou temînsen niet, maar at ik menheer rade mâg, dan liet ik 't niet overgaan. De tún is d'r waar te goed foor. 't Mot op 'e tiid syn onderhoud hewwe...’ ‘Ik sil der my oer besliepe. It bêste!’ En jitris setten se de stap der yn, nou ta it twadde en langste ein. ‘Ik bin blij dat wy 't maar deen hewwe,’ sei Beert. En dêrmei foelen se yn in berekken, hoenear't it der op it gaust wêze koe. ‘At 't goed gaat,’ miende Hindrik, ‘kin 't nag foor de sundeg.’ En yn dat foarútsicht foel dat lêste ein harren koart en licht. |
|