De rook fan it lân
(1994)–Ulbe van Houten– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 190]
| |
UntsteanDe ferhalen binne foar it meastepart skreaun yn 'e tritiger jierren en publisearre yn Yn ús eigen tael, it orgaan fan it Kristlik Frysk Selskip, of yn 'e ‘folksboekjes’ dy't it KFS destiids útjoech om de Friezen oan it lêzen te krijen. Ien fan dy ferhalen út it Selskipstydskrift, De Wraak, is yn 1937 ek nochris apart útjûn, nammentlik yn 'e Frisia-rige. In oar ferhaal út dy jierren, Spul om Douwe, hat Van Houten bydroegen ta de sammelbondel Fryske Sketsen (1934), dat in tableau fan 'e âldere en jongere troupe fan proazaïsten joech. Doe't Van Houten yn 'e oarlochsjierren in boekje mei ferhalen gearstalde ûnder de titel De rook fan it lân - in titel dy't him oan 'e hân dien wie troch E.B. Folkertsma - naam er de ferhalen Spul om Douwe en De Wraak net op. Nei alle gedachten omdat dy beide maklik te besetten wienen foar it lêzerspublyk en net de kâns rûnen om te ‘fersiljen’, lykas de oaren. Dy earste printing hat gjin foaropwurd, dat it bliuwt rieden, mar wat ik neam liket my in foar de hân lizzend seleksjekritearium. Syn alderearste ferhaal, Simmer, dat publisearre waard yn Yn ús eigen tael 1931, hat Van Houten ek net opnommen yn syn earste en twadde bondel. Nei alle gedachten omreden fan it tekoart oan kwaliteit. De komposysje is net sa konsekwint en it ferhaal is yn it begjin nochal eamelich. Om dy reden is it yn 'e tredde ek net opnommen. It nijsgjirrige fan dit ferhaal is, dat de figuer fan 'e wetige boer dy't it noait nei 't sin dien wurdt hjir al yn hear en fear beskreaun wurdt. Yn 1941 set Van Houten syn ferslach fan 'e fiif oarlochsdagen maaie 1940 op papier. De tekst hie ûnder de titel Einfan 'e Mars datselde jiers ferskine sillen, mar de tastimming fan 'e Dútsers liet op him wachtsje. Der is sawat in jier fergriemd en doe kaam fan Den Haach de meidieling dat der in Dútske oersetting komme moast foar de beoardieling. Utjouwer en skriuwer ha doe besletten om te wachtsjen op 'e befrijing. De útjouwer hie it wurk yntusken al set, dat it koe yn 1945 rillegau ferskine. Yn 1945-'46 publisearret Van Houten yn De Stim fan Fryslân twa ferfolchferhalen dy't op aventoeren yn it lêst fan 'e oarloch betrekking ha. It earste bestiet út twa, it twadde út sân ôfleveringen. Dy fer- | |
[pagina 191]
| |
halen hat Van Houten net opnommen yn 'e twadde printing. Se hawwe itselde euvel as Ein fan 'e Mars, se binne te kronykeftich. Dy ferhalen wurde likemin opnommen yn 'e tredde printing. Dan komt der neityd noch mar ien ferhaal, Brief nei Kanada, skreaun foar de jubileumútjefte fan it Kristlik Frysk Selskip yn 1958. Dat lêste ferhaal komt wol in hiel ein achteroan. Men soe ornearje, hy wie al lang útskreaun, mar it KFS hat him ûnder druk set om in by-drage te leverjen. It is in tige útweakke ferhaal dat op 'en minsten de helte koarter kinnen hie. Inkeld om't Van Houten it yn syn twadde bondel opnommen hat, wurdt it yn 'e tredde ek werprinte. Fierders hat Van Houten noch ris in Krystferhaal foar bern publisearre en losse fragminten út wat letter De Hillige Histoarje wurde soe. | |
KarakterVan Houten is en bliuwt de man fan De sûnde fan Haitze Holwerda en by it lêzen fan 'e samling ferhalen hat men de oanstriid om te be-hurdzjen yn 'e sûnde en oeral te sykjen om ‘Haitze-figueren’. It ûnderhearrich meitsjen fan 'e ferhalen oan it ‘Haitze-konsept’ slagget in stikhinne. De boeren fan Sabbatsreis en Spul om Douwe binne Haitze net wanlyk, en datselde jildt fan de boer út De Beam. Dat is no wol net sa'n smjunt, mar dy sit dan ek dea te gean. Men kin tusken dy boeren en Haitze allerhande parallellen oanwize, mar... dan hat men doch noch mar trije ferhalen teplak skikt. De oare njog-gen litte har net sa maklik yn it skaad fan 'e Sûnde pleatse. Men sil om dy reden besykje moatte om in oar sintraal tema te fi-nen. Fansels is it de fraach oft dat der wier ‘is’. De gearhing yn in roman, fers, of ferhaal is net in objektyf feit, mar fierhinne in skepping fan 'e lêzer en dat jildt noch slimmer fan in fersebondel, in ferhale-bondel of in oeuvre. Dat nimt net wei dat it de muoite wurdich wêze kin om te sykjen om dat wat weromkeart en beskiedend is of de grûn-toan foarmet. Wat my gauris opfalt yn 'e ferhalen fan Van Houten is in beskate knoffelachtichheid of stumperachtichheid fan 'e personaazjes. In gaadliker term wie grif it ‘underdog-karakter’ fan 'e personaazjes, mar dy term wol ik leaver (noch) net brûke. Ik wol probearje út te gean | |
[pagina 192]
| |
fan it har net rêde kinnen yn sitewaasjes en sjen hoefier't ik dêrmei kom. It skoalfoarbyld fan ien dy't him net rêde kin mei de materiële dingen is de korporaal yn Tillefoan dy't it ferskil net wit tusken in tille-foan en in skille. De sersjant út Ein fan 'e Mars koe syn broer wêze. De toan fan dat ferhaal is folle earnstiger, de sersjant hat ek mei ûnwit-tend folle gruttere materiële en minsklike problemen te meitsjen, mar hy hat likemin greep op 'e saak en sit ferdwaald yn 'e wrâld syn pantsje rats op te kôgjen. Yn Sabbatsreis, Dinastike Krisis en Spul om Douwe komme manlju foar dy't net opwoeksen binne tsjin in frommes, respektivelik de tsjinstfaam, de frou en de dochter. Alle trije besykje se op in slûch-slimme wize har tsjinpartij te glêd ôf te wêzen. Yn Sabbatsreis besiket de boer syn faam te behinderjen mei de trein te reizgjen troch psalm 119 te lêzen, de dûmny yn Dinastike Krisis skriuwt de namme fan syn soan op in briefkaart en smyt dy op 'e bus om syn frou foar 't blok te setten, de boer út Spul om Douwe seit dat de bannen fan syn dochter har fyts leech steane, om har te beletten nei har feint te fytsen. Yn alle trije gefallen mislearret de opset. Even in sydsprong nei de Sûnde. Haitze is fansels krekt sa'n eigen-wize en wetige boer as de hjirboppe neamden, en krekt as harren is er ûnredsum, net echt tsjin 'e saken opwoeksen en ien dy't by einslu-ten oan 'e koartste ein lûkt. It is in like gemiene as masterlike trúk fan Van Houten om dizze smjunten fan boeren as stakkerts foar te stellen, sadwaande komt de lêzer yn 'e ferlieding om har sympatyk te finen. It ferhaal Fakânsje hat ek in haadpersoan dy't him net rêde kin. It probleem dêr't er himsels foar set hat, is ek net simpel: hy moat of wol de ferkearing útmeitsje mei in faam dêr't er oars wol respekt foar hat. Mar út earlikheid oan himsels moat dêr doch in slim set fan wêze. Hy krijt te let troch dat it begrutsjen mei it fanke dat ynienen opwâlet yn wêzen selsmeilijen is. Ik fyn dit it knapste ferhaal út 'e bondel, de psy-chology is tige goed. Sa binne manlju, wier, ridderlik oan it uterste ta. Klaas Bosma, haadfiguer fan De Wraak giet de kant op fan in underdog, mar goed besjoen is hy doch mear de knoffelhakke, dy't mient dat er it tsjin de grutte boeren yn 'e kant stelle kin, mar dy't him troch syn ligerijen en draaierijen by einsluten toant as in stumper. Tsjamke dy't syn Lêste Reis makket om in plakje as skoalmaster te bemachtigjen, krijt te hearren dat it him net wurdt. Dyselde jûns fynt | |
[pagina 193]
| |
er de ôfskriuwer fan syn faam. It liket Job wol. Mar in ferliezer, of in stakkert wurdt Tsjamke dêrmei doch net. It rint him tsjin, diskear, en dat mei ferfelend genôch wêze, it leit him sa te sjen net oan syn eigen tekoartsjitten. De oare fjouwer ferhalen - De Beam, Ferlerne Soan, Maaie en Brief nei Kanada - fyn ik gjin ûnredsume persoanen yn. De Beam is in idylle, dy't tinken docht oan it earste ferhaal út Wadman syn Yn 'e lytse loege. Ferlerne Soan is in draak, mar in kostliken ien. Maaie is in lof-tich ferhaal en Brief nei Kanada in te útweakke bewegingsferhaal. - Echt fier kom ik net mei it bringen fan alle ferhalen op 'e neamer fan 'e onredsumens. Dêrom wol ik de ferhalen noch oars besjen, nammentlik troch te freegjen: wêr leit de krêft fan Van Houten. Dat betsjut - foar de wissichheid - fansels: wat sprekt my oan? wat bliuwt my by? Wat my bybliuwt út Ein fan 'e Mars is, dat ha 'k al neamd, de sersjant dy't mei it pantsje op 'e knibbels tsjin in beam oan sittend mei lange tosken syn andyvjerats opkûget. Mar der hie my wat òars bybliuwe moatten, de eangst fan dy soldaten foar de dea, it desoriïntearre wêzen fan 'e ûnderofsieren dy't lieding jaan moatte. It wurdt wol skreaun, mar it sprekt net út it ferhaal. Wat my ek bybliuwt is de ein fan Ferlerne Soan, as skreaun wurdt: ‘Dyselde nachts, yn 'e stêd, yn in frjemde keamer, sliept Tsjamme mei in frjemd, jong frommes...’ Dat dûbele ‘frjemd’ is kostlik - en in teken fan 'e ûnmacht fan Van Houten om dy werklikheid te beskriuwen; 'frjemd - stêd - jong frommes', de ivige klisjees fan 'e streekroman. Sa krij ik faaks doch grûn ûnder de fuotten, ommers, wat my yn it knappe ferhaal Fakânsje steurt, is de reden wêrom't de haadfiguer op in oar frommes ferslingere rekke is, nammentlik omdat sy fioele spi-let. Hea ja, dat is sa'n foar de hân lizzende opposysje mei syn faam, dy't fansels gjin fioele spilet, net iens mûlharp, dy't hûsfaget en bêdopmakket en strykt en fan kultuer neat ôfwit. It is al wer dy klisj-ee-tsjinstelling tusken it plattelân en de stêd. Ik fyn dy tsjinstelling noch ienris werom, te witten yn Dinastike Kri-sis. Dûmnysmefrou hat beswier tsjin 'e namme Sjouke foar har earst-berne. Dêr soe se net mei oankomme kinne by har âlden, har âlden dy't doch al sa sitten ha te hâlden en te kearen doe't dûmny dy't doe noch studint wie him by de Fryske beweging joech... Mar as men hjir neier op trochtinkt, dan doocht it net, wat dûmnysmefrou seit, it is net | |
[pagina 194]
| |
autentyk, it is praat dat de skriuwer har ynskúnt, praat dat net op 'e realiteit betrekking hat, mar bedoeld is om de foaroardelen fan 'e plattelânske Friezen tsjin stedske Hollanners te aktivearjen. Wat bliuwt my by oan moais? De skildering fan 'e boer yn Sabbats-reis, dy brede epyske ynset, dêr soe men oergeunstich op wurde. ‘Lykas altyd sneintemoarns út tsjerke wei, siet Gjerryt Bouwes Kingma te lêzen yn 'e wide milkeamer fan 'e âld pleats. Tichter by de santich as by de sechstich, siet er lykwols stiif rjochtop...’ Dy folute namme, dy beknopte bysin..., ik fyn dat machtich. It is wòl âlder-wetsk, it is út 'e âlde doas, mar hoe sil men fan âldere literatuer genietsje as men de eigentiidske noarmen ferabsolutearret en it moaie fan earder net sjèn wol? En dy âlde wrotters út De Wraak, Ferlerne Soan en Lêste Reis, dy bliuwe my ek by. Eigentlik giet it om ien en it-selde stel âldelju yn dy trije ferhalen. It mantsje en it wyfke binne de trouwe wrotters en bodders, tefreden mei it plak dat har taskikt is, needrich wêr't needrichheid fereaske wurdt en benammen net op-stannich. Lis ik posityf en negatyf njonkeninoar, dan moat de konklúzje wêze dat Van Houten op 'en bêsten is as er skriuwt oer doarpslju en de dingen fan it doarp. Komt er dêrbûten, dan ferslacht er yn in karikatuer of syn beskriuwing wurdt machteleas (Ein fan 'e Mars). It is in sletten wrâld dy't Van Houten skildert, dêr't elk minske de him taskikte rjoch-ten en plichten yn hat. De goedens en rjochtfeardigens fan dy wrâld wurdt troch Van Houten net yn 'e kiif steld, oarsom, troch opstannige figueren negatyf te beskriuwen, befêstiget er dy wrâld as prinsipieel goed. De ferlerne soan ut it ferhaal mei dy titel dy't yn 'e grutte wrald ferkeard hat, soe mei 'ferljochte eagen' dy wrald fan tefredenheid en berêsting trochskôgje kinne, mar Van Houten hat in karikaturale smjunt fan dy jongfeint makke. Klaas Bosma, yn De Wraak, hat it protest wol yn him, mar Van Houten beskriuwt him as in gearmjuksel fan in onfatsoen, in blast en in stumper. De ‘underdog’ ûnderstelt in oare wrâld as Van Houten sines, in te-skuorde wrâld, dêr't minsken yn ûndergeane. Van Houten tekent de harmoanyske wrâld mei wanklanken dy't út harsels wol wer fer-klinke. De stjonkerts falle wol ta, de ferliezers kinne om har eigen knoffelichheden glimkje, en dy iene trochtrape smjunt dy't mei heite jild útnaait, dy komt noait yn Fryslân werom, dêr hoege wy echt net oer yn noed te sitten. | |
[pagina 195]
| |
It is fansels net de werklikheid fan 'e tritiger jierren, dy't Van Houten sketst - de wrâld wie doe ek gjin doedelsek -, it is in idyllysk byld, en dus mei opsetsin iensidich, mar as men it stikel-opsetten bedimje kin, is it wol hearlik toevjen yn sokke ferhalen. | |
WurdearringDer binne resinsjes fan it apart ferskynde ferhaal De Wraak, fan Ein fan 'e Mars en fan De rook fan it lân2. Fan 'e earste printing dêrfan haw ik gjin resinsjes fûn. Ik sil it relevantste neame (en ik staverje om). Oer De Wraak hawwe û.o. W. Kok en F. Schurer gear west. Kok seit: ‘De wrantelige stimming komt by Klaas Bosma troch op himsels tige lytse dingen ta in ferheftige útbarsting, hast like hommels as syn lytsman wurden yn it ein. Mar it is psychologysk oannimlik makke en wy belibje it fûl mei. It beskôgjende en riddenearjende dat Van Houten sa tige eigen is en dat tagelyk it karakteristike en it swakke fan syn skriuwen is, fynt men hjir net sa sterk as oars wolris en it ferbrekt de spanning net. Der sit ek mear aksje en beweging yn as ornaris en de tekening is skerp en krekt’ (De Stim 1937, 483). Schurer: ‘Ulbe van Houten is gjin skriuwer dy't der mar wat hinne smyt, mar him aloan rekkenskip jout fan wat er fertelt. Dit boekje jout moaie stalen fan syn fertelkeunst, benammen yn it beneikommen fan in sfear: tige goed is de ferhâlding tusken Klaes en syn heit werjûn yn it taferiel om 'e iters-tafel. Der is my mar ien ding yn 'e wei: de skriuwer fertelt wol ris te-folle. Hy moat leare oer te slaan. It sil de spanning en it tempo fan syn proaza, dat no al ûnder it goede fan Fryslân neamd wurde kin, opdriuwe’ (Yn ús eigen tael 1937, 124-125). Ein fan 'e Mars wurdt troch Y. Poortinga fan sein: ‘Dochs hat de novelle wol tige syn spanning, mar dan net dy fan it oan-en-oanjaan fan in slach, mar dy yn 'e siel fan Wytse Wouda en syn maten, mei oan 'e ein de frjemde reaksjes op 'e kapitulaasje, dy't wer sa wûndere krekt registrearre binne’ (boarne net bekend). Neffens F. (Folkertsma?) is Ein fan 'e Mars ‘in earlik, in beskieden en in ynbannich boek’ (Friesch Dagblad, 31.10.45). De resinsjes fan de twadde printing fan De rook fan it lân wurde foar it meastepart tekene troch in ‘omsjen yn tankberens’. De be- | |
[pagina 196]
| |
sprekkers ontrinne inoar net folle yn it neamen fan sterke en swakke punten. In pree is syn taalgebrûk: ‘Ulbe van Houten is in ras-ferteller, dy't sfear wit te skeppen en dy't syn taal wit te brûken. Syn Frysk is geef sûnder argaïstysk te wurden’ (H. Keuning, De Stiennen Man, okt. 1965); ‘Van Houten as proazaïst falt alderearst op troch syn taalgebrûk, dat like hoeden as sierlik neamd wurde mei, mei typearrin-gen altyd krekt yn 'e roas’ (F. Dam, Drachtster Courant, 16.11.65); ‘Syn styl is fyn beslipe, syn taal sterk byldzjend’ (D.M. van der Woude, Friese Koerier, 23.11.65); ‘Hja [de ferhalen] bewize stik foar stik it talint fan de skriuwer, dat net allinne oer in geweldige taalbe-hearsking mar ek oer humor beskikt’ (Jeh. Terpstra, De Stim fan Fryslân, 08.10.65). Wurdearre wurdt twad de beskriuwing fan persoa-nen: ‘Hy kin feiten en persoanen yn inkelde halen dúdlik en raak op papier krije. Syn wurk is natuerlik en minsklik en der spilet in kostlike humor trochhinne’ (D. van der Ploeg, Frysk en Frij, 24.09.65); ‘Dêrby is er in minskekenner, dy't benammen each hat ek foar de tragyske kanten fan libben en maatskippij en net minder foar de ôfstân sa't dy ûntstean kin tusken de generaasjes. In fine, mylde humor krûdet dit wurk...’ (F. Dam, Drachtster Courant, 16.11.65); ‘Dat hij binnen deze beperkte ruimte toch tot grote prestaties weet te komen, zit him niet, als vaak bij Brolsma, in de liefdevolle uitbeelding van de Friese achtergrond, in de couleur locale, maar in de persoonsuitbeelding, in het opheffen van de figuren naar het algemeen menselijke vlak. Het dramatische gebeuren bij Van Houten staat natuurlijk wel in verband met de gebeurtenissen die zich afspelen, maar het vindt plaats in het innerlijk van zijn personen; het is af te lezen uit hun doen en laten, hun spreken en hun zwijgen, hun gebaren en hun gedachten’ (G.A.G. Meerburg, RONO, 28.12.65). Foar de deugden oer steane ek tekoarten, ien dêrfan is de kompo-sysje: ‘Van Houten syn krêft leit mear yn 'e sfearbeskriuwing as yn 'e strakke opbou fan it ferhaal. Benammen mei it slot hat er, sa't it liket, wol ris muoite’ (H. Keuning, De Stiennen Man, okt. 1965); Tr. Rie-mersma hat krityk op 'e bou fan Lêste reis, Maaie en De Wraak (De Tsjerne 1965, 479-481). In twadde punt fan krityk betreft de behein-dens: ‘Dizze bondel is net oer alle boegen like sterk. Sa fynt men by-gelyks in kontrast tusken de beide novellen De wraak en Ein fan 'e mars. De wraak, skerp en helder formulearre mei in sterke kompo-sysje en dêrtsjinoer Ein fan 'e mars, dat lang dy kwaliteiten net hat. | |
[pagina 197]
| |
Dêr docht út bliken dat Van Houten net bûten syn eigen wrâld komme moat. Hy is as skriuwer wrâldfrjemd en it ferhaal fan de mobi-lisaasje spilet yn in wrâld dy't winliken bûten syn eachweid leit’ (D. van der Ploeg, Frysk en Frij, 24.09.65); ‘No't dizze ferhalen hjir sa gearbrocht binne, komme wol in pear fasetten en lijnen yn syn wurk dúdliker nei foaren. Ek de grinzen derfan. Der is hast gjin ûntjouwing te merkbiten; de tema's, dy't yn De sûnde fan Haitze Holwerda beskreaun waarden, komme yn dizze ferhalen hieltyd wer oan 'e oarder’ (J. Noordmans, Leeuwarder Courant, 25.09.65); ‘Wat zijn stof betreft waagt Van Houten zich bepaald niet op glad ijs, zijn gegevens bestaan uit zaken die hij zelf heeft beleefd of van zeer dichtbij meegemaakt. (...) Dit geeft enerzijds een stempel van echtheid, maar anderzijds blijft de ruimte, waarbinnen deze auteur zich beweegt, hierdoor nogal beperkt’ (G.A.G. Meerburg, RONO, 28.12.65). Apart moat neamd wurde it sosjale aspekt fan it wurk fan Van Houten dêr't D. Kooistra en Tr. Riemersma op komme. Kooistra wurdear-ret de ferhalen wat dit oanbelanget posityf: ‘En yn dizze ferhalen krijt Haitze Holwerda der foar myn gefoel in diminsje by. Hy wurdt objekt fan sosjale krityk dy't der net om liicht’ (De Gouden Tiid, des. 1965). Riemersma syn oardiel oer ferhalen as Sabbatsreis is negatyf: ‘Ja, ik haw der argewaasje fan, it tsjûget net fan goede smaak as jo meun-sters as dizze boeren foarstelle as ûngefaarlike sirkusbisten, dy't keunstkes fertoane en dêr't jo je slop om gnize kinne. Doe't Van Houten syn ferhalen skreau, rûnen de rôfdieren noch yn 't wyld, en hoe!’ (De Tsjerne 1965, 479). |
|