De rook fan it lân
(1994)–Ulbe van Houten– Auteursrechtelijk beschermdDe earste beide printingenDe earste printing fan De rook fan it lân ferskynde yn 'e oarlochsjierren by T. van der Wey te Ljouwert. It is in boekje fan 92 siden, printe op krantepapier en byienhâden troch trije nytsjes. It jier fan ferskinen wurdt der net yn neamd, en ik bin dat ek net út oare boarnen gewaar-wurden. Neffens de Ferantwurding fan 'e twadde printing ferskynde de earste ‘yn 'e besettingsjierren’, Van Houten hat it grif sels ek net | |
[pagina 198]
| |
krekt mear witten. Neffens twa ferskillende opjeften yn 'e argiven fan it FLMD ferskynde it boekje yn 1943 - dêr sille wy it dan mar op hâlde. De earste printing befettet acht ferhalen, it binne de earste acht fan dizze tredde printing. Lykas earder sein wienen dy ferhalen byinoar-swile út KFS-publikaasjes. De twadde printing kaam yn 1965 út by Laverman te Drachten. In royale bondel fan 192 siden mei in hurd kaft en in stofomslach ûnt-wurpen troch Meinte Walta. In hiel ferskil mei de earste! Dy twadde printing hat ien ferhaal minder as de earste, nammentlik Tillefoan, en fjouwer mear, de lêste fjouwer fan dizze tredde printing. Wêrom't yn 'e twadde printing Tillefoan weilitten is, ferantwurdet Van Houten net yn syn Ferantwurding, hy seit allinnich dat in ‘inkel-de skets’ weilitten is, net wêrom. Kwaliteit kin de reden net west hawwe, liket my ta. De Ferantwurding is nammers doch by de gatten om ticht. Der wurdt ferteld dat de samling, fergelike by de earste printing, útwreide is mei in tal ferhalen, mar hy neamt mar trije derfan, net it ferhaal Spul om Douwe. Ek wurdt net meidield dat it ferhaal Ferlerne Soan in oare titel krigen hat, nammentlik Reis nei Hûs. Net sa'n handige om-neaming, want der wiene al twa titels mei it wurd ‘reis’ deryn. Boppe-dat past dy orizjinele titel folle better by dit drakerige ferhaal. Van Houten hat yn 'e twadde printing net de folchoarder fan 'e earste oanholden, mei dy nije fjouwer der gewoan achteroan, hy hat groepkes makke. Dat hat er dien om't er de kronologyske folchoarder fan dy stikken net mear wist, mar ek ‘om't in yndieling yn groepen ferhalen my sa goed wol talike.’ De groepkes binne: (1) De Beam, (2) Fakânsje, Spul om Douwe, Reis nei Hûs (= Ferlerne Soan), Sabbats-reis, (3) Maaie, De Wraak, Lêste Reis, (4) Dinastike Krisis, Brief nei Ka-nada, (5) Ein fan 'e Mars. Feitlik giet it dus om trije groepkes, want (1) en (5) bef etsje mar ien ferhaal. Groep (4) befettet ‘bewegingsferhalen’, mar fierder begryp ik fan Van Houten syn rubri-searring neat. Ik haw my der dêrom neat fan oanlutsen. | |
De tredde printingDizze tredde printing ferskynt yn 'e rige Klassiken en is útjûn yn oerienstimming mei de regels dy't dêrfoar ôfpraat en fêstlein binne. Ien | |
[pagina 199]
| |
fan dy regels is: útgean fan 'e earste printing yn boekfoarm. Dy regel is wis ek mei it each op De rook fan it lân oannommen, want it wie bekend dat Van Houten by it printreemeitsjen fan 'e tekst fan 'e twadde printing tige oan it ‘ferbetterjen’ west hie. Yn 'e saneamde Ferantwurding fan 'e twadde printing wurdt net al-linnich heale of hielendal gjin ynformaasje jûn, der wurdt ek sa skrik-lik yn lygd dat men it suver net foar mooglik hâldt. Van Houten skriuwt oangeande de tekstpresintaasje: ‘It sprekt fansels dat yn dizze bondel de nijste sta vering brûkt is, mar fierder is der net yn feroare dat makket; allinne Ein fan 'e Mars is ynkoart.’ Ik tink, as men foar elke feroaring dy't Van Houten oanbrocht hat in sint rekkent, dan hat men in knappe flesse jenever. Ik haw de earste side fan De Beam en fan Fakânsje yn printing ien en twa meiïnoar fergelike en ik telde sa'n fjirtich feroaringen de side. It kinne fansels yn oare ferhalen wat minder wêze. It wie my by it resinsearjen fan De rook fan it lân2 al opfallen dat Van Houten ôfgryslik oan it verschlimmbessern west hie. Ik stuite op sokke knoffelige sinnen dat ik tocht dat der wat mis gien wie by it printsjen en dêrom de earste printing der by naam. It die bliken dat Van Houten oer 't generaal syn krêftige styl fersloppe hat. Earlikheids-halve moat sein wurde, dat der ek wolris in echte ferbettering oanbrocht is. Fan dy korreksjes haw ik destiids sein: ‘Foar in part moatte dy feroaringen de sinbou wat byspikerje en foar in part de bedoelings fan 'e auteur ferdúdlikje, (mei it each op 'e nije, minder yntelliginte lêzersgeneraasje?),’ ‘Tagelyk falt op dat troch dizze ynfoegingen de styl stiver en stadiger wurden is. Van Houten fynt, by neier ynsjen, sinnen dy't kompleet makke binne mei persoansfoarm, sinbinende en sinferbân oanjaande wurden blykber moaier as de folkstalige, mear primitive en analytyske konstruksjes. Sinnen dy't, lykas yn it deistich praat, sûnder mear njonkeninoar set waarden, hat de auteur no oaninoar fêst keppele’ (De Tsjerne 1965, 476, 477). Ik haw dêr op dit pas neat oan ta te heakjen as de algemene opmerking: skriuwers moatte letter net mear yn har wurk omgrieme. As in wurk ôf is, is it skeppingsproses ta in ein kommen en dat kin letter oangeande dat wurk nea wer opstart wurde. De skriuwer is letter gjin skriuwer mear, of miskien skriuwer fan in oar wurk dat er ünder hannen hat, mar nea wer de skriuwer fan dàt wurk, fan dat wurk is er de hoeder en noeder. | |
[pagina 200]
| |
De boarnen foar de teksten dêr't dizze tredde printing op basearre is, binne: De rook fan it lân (1943), Fryske Sketsen (1934: Spul om Douwe), De Wraak (Frisia-rige nr. 1, 1937), Ein fan 'e Mars (1945), Tinkboek by it 50-jierrich bestean fan it Kristlik Frysk Selskip (1958: Brief nei Kanada). | |
De taalBûten omstaverjen is der oan 'e tekst net folle wizige. Van Houten wie ien dy't wol flyt die op syn styl en taal, dat folle ûngerjochtichheden sitte der net yn. In lyts tal printflaters (it ynstee fan is, trijersom ynstee fan trijeresom) is stilswijend ferbettere. Der binne wolris oanhellings-tekens taheakke en wolris weilitten. Twaris is in grammatikale flater korrisjearre, te witten in bindejonges drave is feroare yn in bindejon-ges draaft en in kloft soldaten komme is wizige yn in kloft soldaten komt; kinne ynstee fan kenne is net beskôge as in taalflater, mar as in slip of the pin. Oer gefallen as lânnen en trêdde, dêr't de (bedoelde) útspraak him min út ôfliede lit, is advys frege oan 'e Wurdboekstêf fan 'e Fryske Akademy. Datselde jildt fan sjucht, fljucht, rjuchtensfh. en fan steich, teiken. Der is keazen foar lannen/tredde, sjocht ensfh. steech en teken; dat mei om't Van Houten dy foarmen ek keazen hat foar de twadde printing. It slimste probleem wie de alinea-yndieling. In alinea is in ôfrûne tekstpart dat bestean kin út ferteltekst, praat of in mingsel fan dy beide. Ornaris is in utering fan in personaazje part fan in grutter gehiel, fan in petear of fan in beskriuwing. Fierwei de measte skriuwers be-handelje lykwols elk oanpart oan in petear as in aparte alinea, krekt as soe it ynhâldlik gjin direkt ferbân hawwe mei it foargeande en it neikommende. Teoretysk is dat ferkeard, mar yn 'e praktyk (typogra-fysk) is sa'n wisânsje wol ferhelderjend foar de lêzer. De editoriale kommisje hat in kompromis útsteld - dat in poerseldene kear ek troch skriuwers sa yn 'e praktyk brocht wurdt - te witten: elk oanpart oan in petear begjint op in nije rigel, mar der wurdt net ynsprongen. By Van Houten syn teksten wie it noch wer mear komplisearre, om't er soms petearparten op in nije rigel begjinne lit, en soms yn 'e ferteltekst fer- | |
[pagina 201]
| |
frisselt, mei as meast ferfelend type: in nije alinea begjint mei petear en giet troch mei ferteltekst. Hoe't men de regel ek tapast by dat lêste type alinea, typografysk soe it ynkonsekwint lykje. Men hie der yn teory foar kieze kinnen om dan Van Houten syn ali-nea-yndieling mar gewoan te folgjen, hy liket ommers in tige persys skriuwer te wêzen. Mar neier besjoen is Van Houten wat de alineabehandeling oangiet sa konsekwint net as it op it earste gesicht liket en twad, it docht bliken troch fergelykjen mei de bewarre bleaune hân-skriften fan Ferlerne Soan en Ein fan 'e Mars dat de setters nochal ei-genmachtich oan it feroarjen west ha. De printe teksten binne dus net betrouber wat de alinea-opbou oanbelanget. Ik haw de knoop doe mar trochslein en dien wat neffens my de yn-tinsje fan Van Houten wie: foarsafier't soks gjin betizing jout, haw ik it petear opnommen yn 'e alinea. Soks kin foaral as de persoanstekst ôf-wiksele wurdt mei ferteltekst en it sadwaande dúdlik is wa't it wurd nimt. Giet it om ‘keale’ persoanstekst, dan haw ik de uteringen op in nije alinea begjinne litten en ek ynsprongen om gjin steurend typografysk ûnderskied te krijen mei oare alinea's dy't mei persoanstekst begjinne. | |
WurdferklearringIt tiidwurd ‘kattelje’ komt as njonkenfoarm fan ‘kwattelje’ ek foar by S.R. Sipma en S. van der Burg, bekende Fryske skriuwers. It sil dus gjin fersin of printflater wêze.
Tr. Riemersma |
|