Oer skriuwer, boek en útjeften
De skriuwer
Ulbe van Houten (Boksum 1904 - Sint Anne 1974) hat mar in lyts oeuvre neilitten, mar it measte dêrfan is ek by jongere lêzers noch yn eare. Syn roman De sûnde fan Haitze Holwerda (1938) is er yn ien slach ferneamd mei wurden en bleaun. Syn lyts tal ferhalen wurdt no foar de tredde kear printe. Inkeld syn neifertelling fan 'e bibel, gauris wurdearre as ‘bernebibel’, liket no net mear oan te sprekken.
Yn 1955 hat de skriuwer foar syn De Hillige Histoarje de Gysbert Japicx-priis krigen. Der is him by dy gelegenheid te hâlden jûn dat de lêzers tidigen op nij wurk. Dat is him lykwols net wurden, Van Houten wie nea net produktyf en al rillegau útskreaun.
Van Houten is in typyske fertsjintwurdiger fan 'e Fryske skriuwerswrâld: berne yn in arbeidershúshâlding, goed leare kinne en nei de ‘arbeidersuniversiteit’ - de kweekskoalle -, niget oan it Frysk, lid fan in selskip en dan sels ek stikjes skriuwe foar folk en taal. Dat twa fan syn ferhalen in ‘bewegings’ûnderwerp hawwe, is grif net tafallich.
As skoalmaster hat er mar ien plak hân, Sint Anne, earst oan 'e legere skoalle, dêrnei oan 'e mulo. Hy hat him grif tige thúsfield tusken de Bilkerts. Faaks mei men soks ek wol ôfliede út it feit dat yn syn roman en yn inkelde ferhalen Bilkerts oan it wurd komme. Wat it Frysk oangiet, hat er tarre moatten op wat er as jonge en feint opstutsen hie te Boksum en omkriten.
Van Houten wie in tige nommel en noflik minske en in skoalmaster dêr't de bern fan hâlden. It docht bliken út syn korrespondinsje mei útjouwers dat er wat de fersoarging fan syn literêr wurk oangiet sa noflik net is as men faaks miene soe. It komt him tige krekt en as de útjouwer wat al te eigenmachtich syn gong giet, dan hâldt Van Houten him net stil mar seit wêr't it op stiet. Oan alles is te fernimmen, hy is wiis mei syn wurk en it is him net likefolle wat dêrmei bart.