me mocht, dy't by de kening yn tsjinst wie, It hindere neat dat der yn hiele Susan gjin seal wie, dy't safolle minsken bergje koe: yn it greate keningspark, tusken de wytmarmeren pylders, makken se in tinte fan wite en bûnte en blauwe kleden. De gasten leine op gouden en sulveren divans op in flier fan marmer en bûnte stien en der wie wyn by de rûs yn gouden bekers. Mar in stiif en deftich feest soe it dochs net wurde, hie de kening hjitten en nimmen, ek de lytse lju net, soene mei lêst oan tafel sitte. Dat dy't it wyndrinken troch-en-dei wend wiene, hoegden net op 'e kening to wachtsjen en de oaren, dy't der sa goed net oer koene, mocht neat oantwongen wurde.
Ahasfearos mijde him sels ek net en de sawnde deis wie er suver dronken. Hy bigoun to bearen oer syn macht en rykdom, oer syn goud en syn sulver en op it lêst oer syn froulju en oer de jonge keninginne, Fasti. ‘Ik sil jim sjen litte’, rôp er lûd, ‘dat ik foar jimme, myn trouwe tsjinstfeinten, alles oer haw: ik sil Fasti helje litte, dat elk mei eigen eagen sjen kin hoe moai en jong hja is’. Hy wonk en sawn keamerjonkers gyngen om de keninginne to heljen út it frouljushûs, dêr't hja mei de froulju fan Susan feest fierde.
Djip bûgden de sawn jonkers foar de hege frouwe en doe, sa mijen as hja koene, seine se har boadskip. Oft de keninginne daliks komme woe en de gouden kroan opsette: de kening wachte op har en woe har sjen litte oan syn gasten. De jonge frou riisde oerein; har wangen gloeiden en har donkere eagen fonkelen; hja trille fan lilkens. Hwat miende de kening wol? Hja wie dochs fêst gjin slavin, dy't er to pronk sette koe foar al dy dronkene mânlju? As hy, Ahasfearos, dan net wizer wie, dan soe de keninginne wizer wêze. En heech en koel, en sa lûd dat elk fan har gasten it hearre koe, sei se: ‘Gean hinne en siz tsjin jim hear, dat Fasti net komme wol!’ Doe gyng se sitten en it feest gyng fierder as wie der neat bard.
De sawn keamerhearen stiene noch by har stoel en trillen suver. Dat koe se dochs net miene, dy dappere jonge frou? Noch noait hie ien it weage om tsjin 'e kening to sizzen: Ik wol net! en nou syn eigen frou! It wie fansels ek net moai, hwat de kening woe, it hearde sa net, mar dêrom koe men der noch net tsjin yn gean! Hwat de kening seit, dat moat trochgean. En as hja net tajoech, dan koe it har it libben kostje. Noch ienkear fregen se, twingend, smeekjend suver. En jitris seach de hege keninginne har oan. ‘Gean, en doch hwat ik jim hjitten haw’. Doe gyngen se, de sealen en de gongen troch en oer de paden fan it park en seine de kening oan, dat Fasti net komme woe...
Ahasfaeros skamme him net; it kaem net yn him op, dat syn frou better wie as hysels en dat hja him biwarje woe foar dizze slimme skande. Hy bigriep net iens, dat as Fasti kommen wie, de minsken der letter skande fan sprekke soene. Hy wist op dat stuit mar ien ding: dat in frou syn gebot net achte hie, dat de keninginne opstien wie tsjin de kening en dat er har swier straffe moast. Hy frege de sawn riedshearen dy't njonken him sieten, hwat er syn frou dwaen moast. De sawn wize mannen hoegden har net lang to birieden. Hwat Fasti dien hie, seine se, wie tige slim. Hwant net allinnich, dat hja har man en kening oerhearrich west hie, mar hja hie it dien op it feest, dêr't alle froulju by wiene. Dat as dit kwea net straft waerd, dan soene alle froulju yn Perzië opstean tsjin 'e man en der soe skeel en rûzje komme yn alle huzen. ‘Dat ús rie is sà, o kening: jo moatte Fasti ôfsette as keninginne en dat moat fêstlein wurde by in wet dy't net wer ynlutsen wurde kin, in wet fan Meden en Perzen.’
En sa't de sawn wizen ret hiene, de jouns fan it feest, sa foel de oare moarns it bislút fan 'e kening. Hja hellen Fasti op en namen har de gouden kroan fan 'e holle en sleaten har op yn ien fan 'e keamers fan it twadde frjouljushûs. Dêr moast se bliuwe, iensum en forlitten oan har deadsdei ta. De kening hat har noait wer sjoen.
It wie in jiermannich letter. De tocht nei Grikelân wie net in greate oerwinning wurden, sa't Ahasfearos hope hie, mar it wie útroun op skea en skande en op in great forlies oan minsken en jild. Dagenlang siet de kening yn syn paleis, forgrime en bitter en yn dy tiid krige er langst nei Fasti. Nou seach er wol yn dat hja in flinke frou wie en hy skamme him oer hwat er dien hie. Soms hie er in frjemde langst om har komme to litten en to freegjen, oft alles wer goed wêze soe tusken