De Hillige Histoarje. It Alde Testamint (Deel 1)
(1949)–Ulbe van Houten– Auteursrecht onbekend
[pagina 411]
| |
oars as destiids de wrede hearskers fan Assyrië en Babel. It kaem net yn him op om hiele folken út har lân wei nei frjemde streken to bringen: elk folk dat him ûnder syn skepter deljoech en op 'e tiid skatting bitelle, liet er yn syn wêzen en hja hiene alle frij om eigen goaden to tsjinjen. Soms, as it sa útkaem, boude er har forfallen timpels wer op, op bitingst dat hja to-nei ek foar him bidde en offerje soene en sa tocht er ek, dat it goed wêze soe as der to Jeruzalem wer in timpel kaem foar de Heare. It moast in machtich god wêze, dy't dêr yn dat lytse Juda wenne en it soe him wis gjin skea dwaen as er him in hûs en in folk biskikte, lyk as er eartiids hawn hie. Dat hy praette der oer mei syn riedshearen en net lang neitiid waerd yn alle stêdden dêr't Joaden wennen, in proklamaesje bikend makke, dêr't yn stie: ‘Sa seit Koares, de kening fan 'e Perzen: de Heare, de God fan 'e himel, hat my alle keninkriken fan 'e ierde jown en Hy hat my hjitten Him in hûs to bouwen to Jeruzalem. Hwa't dan fan syn folk oerbleaun is, lit dy optsjen nei Jeruzalem en bouwe it hûs fan 'e Heare, de God fan Israël. En elk dy't ré is om nei Juda to gean, him sille de lju fan syn stêd helpe mei sulver en mei goud, mei fé en mei wijjeften foar it hûs fan dy God, dy't to Jeruzalem wennet’.
It wie foar de ballingen yn Babel in greate dei, doe't hja de oprop fan 'e kening liezen. Hoe faek hiene se net mei triennen tocht oan it âlde lân, dêr't de timpel stie en dêr't de Heare wenne boppe de cherubim en dêr't ien kear de Messias hearskje soe oer alle folken fan 'e ierde? Hja hiene altyd noch de hope hawn dat it folk fan God dêr wer hinne gean soe, ien kear, hwa wist yn hokker fiere takomst - en nou wie it sa fier, nou al, sûnder dat hja der om frege hiene. Nou mocht it! Hja koene it noch hast net leauwe, mar it stie der, swart op wyt, mei it segel fan Koares derûnder. Fansels bigriepen se wol, dat it net maklik wêze soe om dêr fier yn it lytse Juda in nij libben to bigjinnen; to'n earsten soene se it der minder hawwe as yn Babel, dêr't se nou al hast fyftich jier wenne hiene en dêr't hja gâns efterlitte moasten. En foaral de jongerein, dy't it âlde lân noait sjoen hie en yn 'e frjemdte berne wie, soe it swier falle. Mar dochs woene se de reis oangean. It gyng net om har sels, it gyng net iens om 'e kening, dy't miende dat er mei hwat offers de gunst fan God keapje koe - it gyng om 'e takomst fan har folk, it gyng om de Heare, dy't har rôp ta de greate reis, ta in hillich wurk. Foar Him moast al it oare wike. Né, net de kening fan Perzië rôp de mannen fan Juda op, it wie de God fan Israël dy't syn fordwaelde keppel wer thús bringe woe! Hy wie syn folk noch net forgetten; en dêrom sloech har it hert sa wyld en dêrom blonken yn har eagen de blide triennen... Mar doe't de earste blidens hwat bikommen wie, doarsten se dochs lang net allegearre de reis nei Juda oan. Guon hiene hjir yn Babel har wurk en bidriuw en dêr koene se net sa mar útbrekke; oaren wiene ryk wurden en hiene huzen en lân en fé en de romte fan slaven, wer oaren wiene yn Babel berne en fielden neat foar dat earme Juda en foar de strange tsjinst fan dy machtige God. Men koe der maklik oer prate, men wist hwat men yn Babel hie en net hwat men yn Juda krige! It wiene ek suver allinne mannen fan Juda en Benjamin dy't har opjoegen om mei; dy fan it tsien-stammenryk, dy't al sa folle earder yn ballingskip gien wiene, koene der alhiel net mear ta komme. En dochs, doe't alles klear wie en alle famyljes ynskreaun wiene, waerd it noch in hiele karafaen: mei de froulju en de lytse bern der by noch oer de fjirtich tûzen. In hegepreester gyng mei, Jozua de soan fan Josadak en fjouwer tûzen preesters en dan noch in lyts tal Leviten en poartewachters en timmerslaven, genôch yn elk gefal om de tsjinst waer to nimmen yn 'e timpel dy't se bouwe soene. De measte oaren wiene gewoane minsken: boeren en ambachtslju en lytse keaplju, dy't de saken der oan joegen en dy't de earmoede yn Juda leaver hiene as de skatten fan Babel. Tige rike lju wiene der mar inkelden by en op fjirtich tûzen minsken wiene der mar sels tûzen ezels en in mannich hynders en kamielen. Dat fier wei de measten moasten it hiele ein rinne, fiif lange moannen oanien; mar dêr sieten se net oer yn: it wie al moai dat hja wer nei it âlde lân werom mochten en dat hja net mei lege hannen kamen. Hwant al it goud en sulver dat | |
[pagina 412]
| |
Nebukadnezar meinommen hie, alle skalen en bekers en kannen en alle offer-ark út 'e earste timpel, hie Koares har meijown en elk hie fan freonen en goe-kunde iten mei krige foar de reis en sulver en goud en wijjeften foar de timpel, krekt sa't de kening it bisteld hie.
Hja trieken op ûnder de lieding fan Serubbabel, in man út it hûs fan David en fan Sjesbassar, dy't de kening ta lânfâd bineamd hie. Nei in lange mars kamen se wurch en bliid yn Juda oan en sloegen se de tinten op by Jeruzalem. Mar de jonge, hastige minsken, dy't tochten dat it nou fuort daliks mar op in bouwen gean soe, murken al gau dat dat net koe. Der lei noch wol gâns lân foar wyld om 'e âlde stêd hinne, mar dat wiene de bêste stikken net en it oare wie suver allegearre al fordield. It wie in nuver folkje, dat dêr wenne tusken de bergen en yn 'e smelle dellings: minsken dy't net mei fuortgien wiene yn 'e tiid fan Nebukadnezar en dy't dus ek by Juda hearden, mar ek gâns Samaritanen en Edomiten en rûch folk út 'e toarre steppen, dy't har hjir nei wenjen set hiene. Dy tsjinnen fansels allerhanne goaden en fan tiid ta tiid brochten se in offer oan it gouden keal to Bethel, om't hja nou ienris yn dit lân wennen en dus de god fan it lân ek hulde dwaen moasten. Mar allegearre mienden se dat hja de âldste rjochten hiene en hja seagen dy ballingen út Babel mei skeane eagen oan. Dat it duorre wer moannen en moannen ear't elk in dak boppe de holle hie en in hoekje groun om der fan to libjen en sa lang moast it wurk wachtsje. Mar doe't lang-om-let alles regele wie, net sûnder skeel en muoite, koe it dan oangean en alle man dy't in stik ark tille koe, triek nei Jeruzalem. Alderearst waerd it greate brânoffer-alter boud, op itselde plak dêr't it stien hie yn 'e timpel fan Salomo. Doe't it klear wie - en der wie hiel hwat to suverjen en op to romjen ear't it sa fier wie! - waerd it fuortdaliks ynwijd en sûnt dy deis rikken alle dagen de offers wer ta eare fan God en waerden de hillige feesten wer fierd dy't Mozes al foarskreaun hie. En dêrmei bigoun dan it greate wurk: de bou fan 'e timpel. Lyk as yn 'e dagen fan Salomo, reizgen der boaden nei Tyrus en Sidon en bistelden dêr fan it bêste sederhout: de beammen waerden kappe op 'e Libanon en dan flotten handige skippers it hout nei Joppe. Út dy havenstêd wei waerd it mei folle muoite nei Jeruzalem sleept; it duorre tiden en tiden ear't de earste frachten der wêze koene. Yn dy tuskentiid lykwols, sieten se to Jeruzalem net stil en bigounen se mei de founeminten yn oarder to meitsjen. Stien wie der genôch om Jeruzalem hinne en bûtendat siet der noch hiel hwat yn 'e groun fan 'e earste timpel. Dat yn koarte tiid wie de grounslach fan it hûs ré en yn it twadde jier, yn 'e twadde moanne, waerd de earste stien fan it timpel-gebou lein.
Sok in blide dei koe fansels net ûngemurken foarbygean en wer teach elk dy't koe nei Jeruzalem. Der waerden rike offers brocht en der wie muzyk fan trompetten en symbalen en doe't de preesters mei lûde stim de Heare priizge hiene, foel al it folk yn en fier oer de bergen klonk it lûd jûchhei... Mar der wiene ek minsken by, dy't de mûle net nei jubel stie, de âlderen, dy't de ûndergong fan 'e earste timpel noch meimakke hiene en dy't it leed en de illinde fan dy dagen noch net forgetten wiene. Hjir stiene se by de founeminten fan 'e twadde timpel en hja wiene ek wier wol tankber dat de Heare har dit dochs jaen woe, mar yn gedachten seagen se wer de flammen slaen út it earste hûs. Om har hinne wie it bliid jûchhei fan it folk, mar it wie as hearden se wer de wylde striidrop fan 'e Chaldeërs, it kletterjen fan wapens, it dreunen fan 'e bilen op doarren en poarten. Wis, hja gunden it folk de wille wol, mar sels koene se net sjonge: it wie har as gyngen se wer de mars nei Babel oan, as soene wer de swipen fan 'e driuwers oer har bûgde rêggen gean. En doe't de muzyk al lûder waerd, koene se it net mear goedmeitsje en bigounen se to skriemen, earst sunich, doe al lûder en forheftiger. Mar yn 'e jubel fan al dy oaren waerd it lûd fan har gûlen wei...
De dagen dy't folgen gyng it wurk wer fierder. Stadich mar wis riisden de muorren omheech en elk die mei moed syn swiere plicht. Hwat hindere it dat de sinne ûnbarmhertich baernde, dat de dagen to | |
[pagina 413]
| |
lang wiene en de nachten koart, as it hillich hûs fan God mar dijde ûnder har warbere hannen? Nou soe it net lang mear duorje, dan wie de timpel klear, dan hie de Heare syn twadde hûs yn it formidden fan syn folk. En doe, midden yn it greate wurk, kaem der hwat tusken en lei alles stil! It folk fan it lân en de Edomiten en Arabieren dy't yn Juda wennen en de Samaritanen út it Noarden kamen by Serubbabel en fregen, oft hja net mei bouwe mochten oan 'e timpel. Hja wennen hjir nou al sa lang, founen se, dat hja der dochs ek by hearden en hja wiene ek wol genegen om de Heare to tsjinjen en to offerjen. Dat hja tagelyk ek noch har âlde goaden tsjinnen en dat hja oan't nou ta noch noait in slach dien hiene om 'e forfallen timpel wer to bouwen, dat seine se der mar net by! De Samaritanen pleiten der sels noch op, dat hja de Heare al lange jierren tsjinne hiene - mar dan neffens de rigels fan Bethel, de tsjinst fan it gouden keal, dy't de Heare in grouwel wie. Serubbabel en Jozua seine har rjocht út dat der fan meibouwen neat komme koe. Wie Israël net krekt yn ballingskip rekke om't hja altyd wer de goaden en de Heare beide tsjinje woene? Wie al dit leed net oer har kommen om't hja syn wet forwurpen hiene en syn timpel ûntwijd? Soene se dan nou wer yn it selde kwea forfalle en wer ôfwike fan 'e âlde sede en fan 'e strange wet? En bûtendat: hie kening Koares hàr net de opdracht jown om it Godshûs to bouwen? Hie er hàr it goud en sulver fan 'e timpel net tabitroud? Hàr en oars gjin ien?
De Samaritanen wiene forgrime, doe't hja sa ôfstegere waerden. Wiene hja dan safolle minder as dy ballingen út Babel, dy't hjir noch mar in jier as twa wennen en dy't krekt diene as hiene se der noait wei west? En as hja net mei dwaen mochten oan 'e offertsjinst, as hja dy God to Jeruzalem net earje mochten, soe syn grime dan net tsjin har oplôgje en soe Er har dan net slaen mei honger en sykte, mei ûnwaer en misgewachs? Né, as hja net meidwaen mochten, dan wie it better dat der alhiel gjin timpel kaem! En fan dy tiid ôf bigounen se de mannen fan Juda op alle menearen to pleagjen en doe't dat net genôch holp en it wurk noch altyd trochgyng, kochten se de hege amtners fan 'e kening om, dat dy de bou forbeaën. It kaem sa fier dat it hiele wurk, dat mei safolle moed en kriich bigoun wie, stillei. As in hún stiene dêr de keale muorren, noch lang net ôfboud en sûnder glâns en sier. En salang't kening Koares regearre oer Perzië en ek noch ûnder it regear fan Cambyses, bleau it sa. It like wol oft de timpel noait klear komme soe en oft de Heare, de God fan Israël, gjin hûs wer ha soe to Jeruzalem! Mar doe't de jierren forrounen en doe't de ballingen de moed al lang opjown hiene, tocht God oan har en joech Er útkomst. Twa profeten, Haggaï en Sacharia, bigounen it folk moed yn to sprekken en wiisden har op har plicht. ‘Klim op 'e bergen’, rôp Haggai, ‘en fier hout oan en bou dit hûs, en Ik sil der myn gefallichheit oan hawwe en forhearlike wurde, seit de Heare. Hwant ik haw de droechte roppen oer it lân en oer de bergen, oer it nôt en oer it druvesop, oer de minsken en oer de beesten. En hwerom? sprekt de Heare der heirskaren. It is omdat jim skrept hawwe op jim lân en boud hawwe oan jimme eigen huzen, mar myn hûs hawwe jimme gewurde litten, dat it oan pún leit’. Doe skammen se har, de mannen fan Juda en Benjamin en sûnder dat hja har steurden oan 'e tsjinstanners, bigounen se mei nije moed to bouwen. En foar alle man dy't bang wie en klage dat it dochs wol neat wurde soe, hie de profeet Sacharia in hearlik Godswurd: ‘De hannen fan Serubbabel hawwe dit hûs grounfêste, syn hannen sille it ek ôfbouwe, dat jimme witte meije dat de Heare my ta jim stjûrd hat...’
Noch ien kear bisochten de tsjinstanners om it wurd op to kearen en de lânfâld fan ‘Oer-de-Rivier’, de provinsje dêr't Juda by hearde yn 'e tiid fan 'e nije kening Darius, kaem sels to Jeruzalem om to sjen hoe't it der foar stie. Serubbabel en syn helpers lieten har lykwols net wer fan it stik bringe: Hja seine dat kening Koares har frij jown hie to bouwen en dat er har sels oplein hie om de timpel klear to meitsjen. Yn ien fan 'e regearingsgebouwen yn 'e provinsje Babel soe wis it keninklik edikt noch wol to finen wêze, dat | |
[pagina 414]
| |
er jown hie yn syn earste jier. De lânfâd stjûrde daliks in boade nei de kening en doe't der ûndersyk dien waerd yn 'e archiven, die it bliken dat de ballingen gjin wurd to folle sein hiene. Kening Darius stjûrde birjocht dat it ôfskrift fan it edikt fan Koares foun wie en hy lei de lânfâd op dat er soargje moast dat gjin-ien de mannen fan Juda mear lestich foel. En dat net allinne, mar hja moasten har fan dei op dei helpe mei jongfé en rammen, mei sâlt en oalje en wyn, ‘dat hja de God fan 'e himel swietrokige offers offerje meije en bidde foar it libben fan 'e kening en syn bern’. En sà is it doe fierder bard: gjin lânfâd noch Samaritaen weage it mear om in hân nei de ballingen út to stekken, gjin Edomyt noch Arabier brocht mear klachten tsjin har yn en yn it sechste jier fan Darius wie alles klear en waerd de nije timpel ynwijd mei sang en klang en de romte fan offers. Dat jier foar it earst waerd to Jeruzalem it feest fan Peaske wer fierd lyk as it hearde neffens de wet fan Mozes...
Der wie greate blidens by de ballingen út Babel, doe't de timpel klear wie. Hast tweintich jier wie der forroun sûnt de greate karafaen yn Juda oankommen wie, mar nou wie it dan dochs sa fier, nou hie de Heare syn hûs wer to Jeruzalem, nou woe Er wer wenje yn it formidden fan syn folk. Hwat hindere it, dat dit twadde hûs sa moai net wie as it earste, dat Salomo boud hie? Hie de profeet net sein dat alles goed komme soe en dat de hearlikheit fan dizze twadde timpel greater wurde soe as dy fan 'e earste? Wis, dat moast allegearre noch en it like der nou noch net folle op, mar hja twivelen net dat it sa komme soe. Nou wie Juda noch in diel fan it greate Perzyske ryk, in lytse úthoek fan 'e provinsje Oer-de-Rivier, mar ien kear soe it de haedstêd wêze fan hiel de wide wrâld. Dan soe der wer in kening sitte op 'e troan fan David, in kening, dy't de ‘heidenen hoedzje soe mei in izeren skepter’. Hwa wist hoe gau dat al net wêze soe?
En wylst de mannen fan Juda dreamden fan in ljochte takomst, fan in Messias dy't komme soe yn keningshearlikheit, fan wylde heidenfolken dy't bûgden foar de God fan Israël, stie der yn 'e keningsstêd Susan in machtich fijân op, dy't hiel it folk fan Israël, yn Perzië en yn Juda, fordylgje woe... |
|