dudlikernôch fiele litten, dat hy ek wol hwat fan 'e bút krije koe!
Mar doe't Daniël net nei har útstellen harkje woe en al har gemiene streken strang strafte, waerden se to riede om him by de kening oan to bringen. Fansels koene se net bêst tsjin Darius sizze dat Daniël to earlik wie en to rjochtfeardich, en dat er dêrom stjerre moast, mar hy soe ek wol ris hwat forkeards dwaen, miskien noch wol mear as de oaren - dat hie men ommers altyd mei sokke fromme lju! - en dêr soene se dan wol ris wurk fan meitsje. Wiken oan-ien rieden se Daniël nei, suver by dei en by nacht biloerden se him en doe wisten se it dan: hy die neat dat net neffens rjocht en regel wie en der wie gjin ûnrjocht noch misdied by him to finen.
Men soe tinke, dat hja doe respekt foar har fijân krigen en har skammen oer har eigen gemienens; ynpleats waerd har grime noch greater. In man dy't op sok in heech plak stie en dan noch earlik wie, dat koe gjin wegen út! Hja wiene it der oer iens dat Daniël dea moast; de fraech wie allinne mar: hoe?
Mar ek dêr wisten se wol rie op. Dy Judéër dy't sa krekt wie yn syn wurk en sa trou foar de kening opkaem, wie ek bysûnder trou op it stik fan 'e godstsjinst. Alle dagen die er trije kear in gebet op it dak fan syn hûs yn in keamer dy't de finsters hie op it westen, de kant fan Jeruzalem oer. As der nou ris in wet makke waerd dat sok bidden forbean wie, en dêr stie de deastraf op as men it al die - dan roun er der fêst yn; sa goed koene se him nou wol dat er dat noait litte soe, sels net al hong syn libben der oan.
Mei de mannemacht gyngen se nei Darius ta en bûgden djip foar de kening. ‘Al de foarsten fan it ryk en alle steedhâlders binne to riede wurden om in wet to meitsjen dat yn tritich dagen gjin minske bidde mei ta hokker god en gjin forsyk dwaen oan hokker man, as allinne oan jo, o kening. Fansels wolle wy gjin ien fan 'e goaden yn syn eare komme en as de moanne om is kin elk de god earje, dy't er wol en syn skea wer ynhelje, mar wês jo ien moanne ús iennichste god! Dan sil al it folk witte dat jo in great kening binne en it ryk fan Perzië sil sterker wêze as ea to foaren. En as dy wet dochs skreaun wurdt, lit der dan ynset wurde dat elk dy't it gebot fan 'e kening net hâldt, yn 'e kûle fan 'e liuwen wurpen wurde moat. Mar fansels net ien sil sa dwers wêze en weagje dat...’ Kening Darius bigriep net dat it har allinne to rêdden wie om Daniël dea to krijen. De wet sels like him noch al nuver ta en hy seach de needsaek der net fan yn, mar oan 'e oare kant wie it in hege eare foar him en as de steedhâlders en de trije foarsten der foar wiene, dan soe it ek fêst gjin kwea kinne. Binammen Daniël hie er heech en as dy der net tsjin wie, lyk as de mannen seine, dan moast it wol goed wêze. Sa tekene er de nije wet. Doe't ien kear syn namme en syn segel der ûnder stie, wie it in ‘Wet fan Meden en Perzen’ wurden, dy't noait wer foroare en noait wer ynlutsen wurde koe. En hy wist net de greatske kening, dat er mei eigen hân it dea-fonnis tekene hie fan syn trouste tsjinner en syn bêste freon...
It duorre net lang, doe stiene de steedhâlders wer foar syn troan en noch djipper bûgden se as de earste kear.
‘O kening, libje yn ivichheit’, seine se. ‘Hawwe jo net in gebod tekene dat alleman dy't dizze moanne hwat forsykje soe oan hokfor god of minske, bihalve oan jo, yn 'e liuwekûle wurpen wurde soe?’ De kening antwurde: ‘Dat is in útmakke saek, in wet fan Meden en Perzen, dy't net ynlutsen wurde kin’.
Doe seine de foarsten: ‘Daniël, ien fan 'e ballingen út Juda, hat jo, o kening gjin acht slein, noch it gebot dat jo tekene hawwe, mar hy is nei syn boppeseal gien en op syn knibbels fallen en trijeris hat er syn god oanroppen, lyk as wie der gjin wet fan 'e kening útgien. As it in gewoan man west hie, miskien dat wy dan swijd hiene, mar dy't sok in heech amt hat en in foarbyld jaen moat en dan sokke dingen docht, dy moat syn straf drage’.
En doe bigriep kening Darius it hiele falske komplot. Allinne om Daniël ta in fal to bringen, hiene se doe dy wet opsteld en hy, forbline dat er wie, hie der syn namme ûnder set. Sa ûnnoazel wie er der ynroun en nou wie it to let! Hy hate se, dy hiele binde dy't dêr stie mei har skynhillige troanjes, mar hy koe der neat fan sizze: de wet wie wet yn it ryk fan Perzië en dêr koe sels in kening neat oan foroarje!
Mar hy liet it der dochs net by sitte; Daniël