koene dy frjemde tekens net leze en wisten de wurden net, lit stean hwat se bitsjutten. En wer waerd de jonge kening bleek en ek de gasten sieten forslein. It joech net folle dat hja nei de beker taestten om har bangens fuort to drinken, it holp net dat hja praetten mei skrille, bange stimmen - op 'e wite muorre stiene de fjouwer donkere wurden dy't nimmen leze koe.
En dêrmei gyng de doar fan 'e troanseal iepen en in frou kaem op 'e kening ta; rêstich roun se tusken de tafels troch, steatlik yn har donkere rouklean, en foar Belsazar bleau se stean. It wie syn mem en hy bûgde djip foar de hege keninginne. Hwerom kaem se hjir op dit wylde feest, dat sa wreed forsteurd wie? Hy wonk, dat hja frij-út prate koe en harke nei har wurden. ‘O kening’, spriek se, ‘libje yn ivichheit! Tink jo dochs net bang om dat skrift dat de wizen net léze kinne en wurd net bleek, o kening. Der is in man yn jins keninkryk yn hwa't de geast fan 'e hillige goaden is, hwant yn 'e dagen fan 'e greate kening Nebukadnezar hat it bliken dien dat er forstân hat om dreamen út to lizzen en om riedsels op to lossen en om forburgen dingen oan it ljocht to bringen. Dêrom hat de kening Nebukadnezar, jins heit, him steld ta in oerste oer alle wizen fan Babel. Dat lit dy man, Daniël, roppen wurde en hy sil it wis útlizze’.
Belsazar hie wol earder fan Daniël heard, de profeet út Juda, dy't sok in heech amt hawn hie yn 'e dagen fan Nebukadnezar, mar dy't letter oan 'e kant set en yn it forjitboek rekke wie. Hy wist ek wol dat er dreamen en soks útlizze koe, mar yn 'e earste skrik om dizze wûndere hân, hie er net oan him tocht. Dat hy wie bliid, dat syn mem it him yn it sin brocht hie en stjûrde fuortdaliks boaden út om him to heljen.
Daniël kaem daliks, doe't de kening him roppe liet. Rêstich gyng er de greate feestseal yn en bûgde foar de kening. Jierren lyn hie er sa foar dy oare kening, foar Nebukadnezar, stien; mar doe wie it keninkryk fan Babel noch great en machtich, nou wie it oars net mear as in stik fan in stêd en de fijân foar de poarten. En by al syn greatskens en al syn sûnden wie Nebukadnezar in wiis man, dy't as it wêze moast nei goede rie harkje woe, mar dizze jonge kening, dy't feestfierde mei de fijân yn 'e stêd, hwat wie dêr noch fan to hoopjen? It soe gjin moedich boadskip wêze, dat de God fan 'e himel foar Belsazar hie! ‘Daniël’, sei de kening, ‘ik haw fan dy heard dat de geast fan 'e goaden yn dy is en dat der ljocht en bigryp en treflike wysheit yn dy foun wurdt. Nou dan, astú dit skrift op 'e muorre léze kinst en it my útlizze, dan silstû klaeid wurde yn poarper, mei in gouden keatling om 'e hals en dû silst de tredde hearsker wêze yn myn keninkryk’.
En wer waerd it stil yn 'e wide seal, doe't Daniël him omkearde en de fjouwer wurden lies. Hy wist daliks hwat dy frjemde figuren bitsjutten en hwat de Heare to sizzen hie. En earnstich spriek er: ‘It is my net to dwaen om jild en eare en in heech amt, o kening, mar lykwols sil ik it skrift foar jo léze en de útlizzing bikend meitsje. De alderheechste God hat destiids Nebukadnezar op 'e troan fan Babel set en him eare en macht en hearlikheit jown; hwa't er woe dy deade er, hwa't er woe dy hâldde er yn it libben; hwa't er woe dy forlege er en hwa't er woe dy forhege er. Mar doe't syn hert tilde fan greatskens en syn geast heechmoedich waerd, doe waerd er fan 'e troan fan syn keninkryk ôfstjitten en hja joegen him gêrs to iten as de oksen en syn lichem waerd wiet troch de dauwe, salang oant er wêze woe dat God, de Allerheechste, hearsker is oer it keningskip fan 'e minsken en it jowt oan hwa't Er wol. Jo lykwols, o Belsazar, hoewol't jo al dy dingen wisten, hawwe jo forhege tsjin de Heare fan 'e himel en út it gerei fan syn hûs hawwe jo en jins machtigen, jins froulju en jins bywiven dronken; de goaden fan sulver en goud, koper en izer, hout en stien, dy't neat sjogge en neat hearre, dy hawwe jo priizge, mar de God dy't jo it libben jown hat en by hwa't al jins wegen binne, hawwe jo net forhearlike. It is dy God, o kening, dy't dizze wurden foar jo skreaun hat, op 'e muorre fan jins paleis. Dit nou binne de fjouwer wurden: Mené, mené, tékel, ûfarsin, dat is: teld, teld, woegen, oan stikken. Mené: jins dagen binne teld en God hat der in ein oan makke; tékel: Hy hat jo woegen en jo binne to licht bifoun; ûfarsin: