bel, hwannear't jo bikend hawwe dat de himel hearsket. Mar harkje nou nei my en wêz net lilk dat ik jo ried jow en hâld op mei jins sûnden en biwiis genede oan de earmen, hwant as jo jo bikeare, dan sil dizze ramp net oer jo komme en jins frede sil forlinge wurde.’
Nebukadnezar wie djip ûnder de yndruk fan Daniëls wurden en de earste wiken like it wol, as wie er in oar minske wurden. Hy die syn bêst om it goede to sykjen foar syn folk; de earmen die er lyk en rjocht en hy strafte dy't in oar fordrukke woe. Mar doe't der moannen foarby gien wiene en der neat bysûnders barde, doe forgeat er it wer en foel tobek yn it âlde kwea. Daniël wie wis in wiis man en hy soe dy dream wol goed ûtlein hawwe, mar hy hie it dus dochs to somber ynsjoen. Of it moast wêze dat dy god him bitocht hie en him sparre...
Dat doe't der in jier forroun wie nei dy wûndere dream, libbe de kening wer krekt as to foaren en wie er wer like greatsk. Op in dei stie er heech op it platte dak fan it keningshûs. Oan alle kanten, sa fier as syn eagen gyngen, seach er de huzen fan 'e stêd: de wide pleinen, de griene parken, de blinkende timpels. Hwat in stêd, tocht er, en hwat in rykl En sa mar yn-ienen fleach it him oan en mei in útset lûd rôp er: ‘Is dit net it greate Babel, dat ik boud haw troch de macht fan myn rykdom en ta ear fan myn hearlikheit?’
Al dy tûzenen, dêr ûnder op 'e strjitten, de slaven en de soldaten, de amtners en de keaplju, hearden dy greatske fraech net, mar hy hie de wurden noch amper sein, doe wie it antwurd der al. Út 'e blauwe himel boppe him foel in stim: ‘O kening Nebukadnezar, it keninkryk is fan dy nommen en dyn plak sil wêze by it fé yn 'e greide en dû silst gêrs ite mei dyn bisten en sawn tiden sille oer dy hinnegean.’
Op it selde stuit waerd de kening net goed mei de holle; hy skuorde himsels de klean fan 'e lea en syn tsjinstfeinten koene neat mei him wurde. Hy harke net iens mear nei har en it wie as koe er net mear prate; bytiden âlle er as in kou en hy skopte en sloech nei elk dy't him helpe woe. Gjin dokter noch biswarder wist rie ta dizze kwael en it waerd aloan slimmer. De bêste spizen hie er in ôfgriis fan en hy koe oars net ite as de krûden fan it fjild. Al gau koene se him net mear binnendoarren hâlde en de ein wie dat hja him bûten brochten en him fêstbounen yn it gêrs. Dêr wie er doe noch op it bêst, tominsten salang't der net ien by him kaem; syn hier en burd waerden lang as de moannen fan in liuw en syn neilen waerden as dy fan'e gieren. It wie freeslik om him oan to sjen en de tsjinners dy't him kend hiene yn syn gloarje, bisauden har as hja him seagen.
Mar doe't de sawn tiden om wiene dy't de ingel sein hie - nimmen wit mear oft it wiken, of moannen, of jierren west ha - seach de Heare nei him om en kaem syn forstân wer yn him. Hy skamme him djip dat er dêr sa stie: neaken en smoarch en mei forwyldere hier en lange fûgelneilen en hy seach forheard nei it koperen keatling dêr't er mei boun wie. Hwa bin ik? tocht er en dêrmei wist er alles wer: syn greatske wurden op it dak fan it paleis en it antwurd dat út 'e himel foel. Mar tagelyk kaem him ek wer yn it sin hwat Daniël sein hie: dat er wer better wurde soe en dat er wer sitte soe op 'e troan fan Babel. In greate blidens wâlle op yn syn hert, hy sloech de eagen op nei de himel, en tanke de Heare, dy't him wer oannaem en him it keningskip weromjaen woe.
Doe seach er om him hinne en wonk syn tsjinners. Rêstich sei er: ‘Meitsje my los, ik bin wer better’. Hja seagen oan syn eagen dat it wier wie en bliid brochten se him yn it keningshûs; dêr wosken se him en skearden en salven him en deselde deis siet er wer op 'e troan en die syn keningswurk. Gjin-ien dy't it net wist, soe it him oansjoen hawwe dat er dy moarns noch yn it lân roun en gêrs iet mei it fé, sa steatlik siet er dêr yn 'e bûnte mantel en sa forstannich praette er oer de dingen fan it ryk. Kening Nebukadnezar hie de skande, dy't oer him kommen wie, net wer forgetten en nei syn fornedering wie er suver in oare man wurden: rêstiger en foaral démoediger en hy foel net wer yn sokke swiere sûnden as foar syn sykte. Wol bleau er oan syn dea ta in heiden en tsjinne er de goaden fan Babel, mar hy paste wol op dat er de grime des Heare net wer geande makke en dat er him net wer bisûndige oan syn tsjinstfeinten. En de Heare seinge him en syn ryk en joech him, al syn libbensdagen, frede en greate eare.