En wer foel de stilte oer de wide delling en al dy eagen gyngen bang nei de oune dêr't yn tsjûke wolkens de reek útsloech. Dy't yn dy gleone flammen foel, wie op it selde stuit dea. En dat wie miskien noch net ienris it slimste: mar dat syn lichem oan jiske tarre en op 'e wyn forwaeije soe en dat der gjin rêst foar him wêze soe en gjin plak yn it deade-ryk, dat makke de fjûrdea noch heite slimmer. Mar fansels, net ien soe it weagje en gean tsjin it strang bifel fan 'e kening yn.
En dêrmei bigoun de musyk. It wie oft in stoarm fan lûden oer de flakte gyng en tagelyk foelen dy tûzenen minsken oer de groun en oanbeaën it gouden byld. De kening seach it oan en it hert sloech him fan greatskens. Út alle provinsjes fan it greate ryk wiene se kommen, út alle folken, út alle stammen en op syn wurd foelen se del en earen se syn god. Noch noait, sa lang't de wrâld bistien hie, wie der sokssahwat bard! Dit wie moaijer as in oerwinning op it slachfjild; dit wie om noait wer to forjitten! Hy hie net iens fornommen, mei al dy biddende minsken foar him, dat earne yn in hoeke fan it wide fjild trije jonge mannen rjochtop stiene...
Mar hwat de kening ûntkommen wie, hiene syn tsjinners mar al to goed sjoen en daliks gyngen se nei him ta. ‘O kening’, sprieken se, ‘der binne trije mannen út it lân fan Juda, dy't jo oer it bistjûr fan Babel steld ha, Sadrach, Mesach en Abed-Nego; dy mannen hawwe jo, o kening, net achtslein, jins goaden earje se net en hja wolle it gouden byld net oanbidde dat jo makke hawwe’.
Kening Nebukadnezar wist net hwat er hearde. As dat wier wie, as dy trije mannen dy't er út it stof forhege en yn sok in heech amt set hie, him dit oandien hiene... Mar it koe net, it moast in misbigryp wêze. Hja hiene miskien net goed harke, of der wie oars hwat tusken kommen, dat hja syn byld net eare hiene. Hja hiene de dea fortsjinne foar har ûnachtsumens, mar hy soe har de kâns jaen om it noch goed to meitsjen. ‘Bring se daliks foar my,’ gebea er.
Mar doe't hja foar syn troan-sit stiene, rjocht en moedich, kaem de twivel yn him op. Hiene se it dochs mei sin dien, dy trije Joaden? Woene se miskien allinne mar bûge foar har eigen god en hiene se syn goaden en syn byld net yn tel? Strang seach er har oan en driigjend sei er: ‘Is it mei opset sin, Sadrach, Mesach en Abed-Nego, dat jim myn goaden net earje en it gouden byld net oanbidde, dat ik makke haw? Nou dan, as jimme ré binne om oer de groun to fallen en myn gouden byld to oanbidden, dan sil foar jimme trijen de musyk noch ien kear spylje. Mar as jimme dan wer net oanbidde, dan sille jim wurpen wurde yn it lôgjende fjûr en hwa is de god, dy't jim út myn hannen forlosse soe?’
Hy tocht net oars as de trije jongemannen soene foar him delfalle en de seame fan syn mantel fetsje en om genede smeekje. Ynpleats seagen se him rjocht yn 'e eagen en moedich antwurden se: ‘Wy hoege jo, o kening, net to antwurdzjen op jins fragen. En oft ús God, dy't wy earje, ús forlosse kin út it fjûr en oft Er ús rêdde sil út jins hân, o kening, of net - mar jo meije witte dat wy jins goaden net earje sille en it gouden byld dat jo oprjochte hawwe net oanbidde’.
It wie stil. Sels de Chaldéërs dy't har oanbrocht hiene, huveren by dizze wurden. Noch noait hie in minske sa tsjin de kening sprutsen, noch noait hiene se him sa lilk sjoen. Hja seagen hoe't it bloed him nei de wangen fleach, en hoe't er blau yn it gesicht waerd. It like hast as soe er der yn wei bliuwe. Mar dêrmei hie er himsels wer yn 'e macht. Wyt blonken syn tosken yn it donker burd, doe't er it fonnis spriek: ‘Stook de oune sawnris gleoner as gewoan en byn dizze mannen en wij se der yn!’ Doe riisde er oerein en skean oer it lân mei greate, forwoedene stappen, roun er op 'e oune ta. Yn alle haest sleepten in keppel slaven him de keningsstoel nei...
Rjocht foar de doar gyng er sitten en makke him breed yn 'e hege stoel. Dy trije Joaden soene it gewaer wurde dat de kening fan Babel him net sa mar hune lit. Hy seach nei de slaven dy't yn in lange rige it hout oandroegen, hy telde de kuorfollen dy't hja yn 'e flammen smieten en it hert tilde him fan wrede wille. Sa lang wachte er, dat der gjin reek mear to sjen wie en dat de razende flammen heech út 'e oune sloegen. Doe wonk er de soldaten, trije linige, brede keardels, de sterksten fan 'e kenings-