net as hwat hy graech hearre woe? Hja koene it wakker moai sizze, dy gelearde mannen, en hja ieten en dronken der goed fan, mar hy fortroude se mar heal!
Sa lei er lang to tinken yn 'e stille keamer by it ljocht fan 'e gouden lamp. It wie al let, doe't de sliep him oermânsk waerd en de oare moarns wie er al bitiid wer wekker. Hy wie klam fan swit en it hert sloech him, sa frjemd hie er dreamd. En nou't er der goed oer neitocht, leaude er fêst dat it net sa mar in dream wie, mar dat it hwat bitsjutte. It moast in dream wêze dy't him sels oangyng, it hie hwat to meitsjen mei de takomst fan syn ryk, miskien wie it wol it antwurd fan 'e goaden op syn fragen fan 'e foarige jouns. Yn elk gefal moast er nou de wizen komme litte. It soe him al binije hwat hja hjir fan makken.
En doe ynienen bitocht er him, dat dit in moaije gelegenheit wie om de wizen to hifkjen. As er har nou ris oplei om him net allinne de bitsjutting, mar ek de dream sels to fortellen? De útlizzing, dat koe men dochs noait neigean, dat koene se sels wol optinke, mar de dream, dy wist er noch skoan; fan datoangeande koene se him neat wysmeitsje.
En wylst de boaden de stêd trochgyngen om de wizen nei it keningshûs to bieden, bitocht de kening hwat er krekt sizze soe. As hja de dream net wisten, dan wie it dúdlik dat it allegearre bidragers wiene en dat hja net yn forbining stiene mei de goaden. Mar dan hiene se him al dy jierren mar hwat wys makke en dan woe er se gjin dei langer de kost jaen. En as hja it al fortelle koene, dat hiele frjemde gesicht dat er sa dúdlik foar him sjoen hie, dan koe er har ek fierder fortrouwe en dan soe er har leanje sa't allinne in great kening it kin.
Hy siet op syn hege troan, doe't hja de seal ynkamen, in lange rige wize mannen, yn bûnte mantels en mei plechtige gesichten It mocht ek wol, tocht er, hwant it gyng om har libben hjoed. Doe't hja him de earbiwizen brocht hiene en foar syn troan stiene, sei er: ‘Ik haw in dream dreamd fannacht en myn geast is ûntdien en wol dy dream witte’. De foarman fan 'e wizen bûgde djip en sei: ‘O kening, libje yn ivichheit. Siz ús de dream en wy sille jo to witten dwaen hwat it bits jut’. De kening seach har skerp oan. Syn donkere eagen flikkeren driigjend. Hie er it net tocht? Hja wisten de dream net! En strang sei er: ‘As jimme my earst de dream en dan de bitsjutting net sizze, dan sille jimme yn stikken houd en jim huzen ôfbrutsen wurde. Mar as jimme de dream en de bitsjutting beide to kennen jowe, dan sille jim geskinken en hege eare krije. Dat fortel my nou earst de dream...!’
De wizen, hoewol't hja it hast bistoaren fan 'e skrik, forlutsen gjin spier. Hja diene krekt as hiene se de kening net goed bigrepen. En rêstich sei de foarman fan it gilde: ‘Lit de kening ús de dream sizze en wy sille him fortelle hwat er bitsjut’. En doe wist Nebukadnezar genôch. Hja skynden to mienen, dy moaije mannen, dat it hwat tafalle soe, dat hy, de greate kening net miende hwat er sei. ‘Ik hear it al’, sei er bitter, ‘jim wolle tiid winne, alhoewol't jim sjogge dat myn bislút fêst stiet. Siz my daliks de dream en, sa net, dan stiet jim fonnis fêst’.
De wizen bigriepen dat it dizze kear net tafalle soe en dat it gjin sin mear hie om der om hinne to praten. Mar noch ien kear woene se bisykje de grime kening op oare gedachten to bringen. ‘De dream, o kening, kinne wy jo net sizze, hwant dat wit gjin inkeld minske op ierde en noch noait hat in kening, hoe great en machtich ek, soks fan syn tsjinners ferge. Hwant dreamen komme fan 'e goaden, dy't net op 'e ierde wenje en gjin wize, noch wiersizzer kin har neirekkenje. De kening bigeart in saek dy't ûnmûglik is;’
Doe lôge de grime fan 'e kening forheftich op. Altyd hiene se him wysmakke dat hja de geheimen fan 'e goaden wisten en nou't er har ien kear in forburgenheit frege, doarsten se him yn syn gesicht to sizzen dat er har op hwat ûnmûgliks ferge! Mar nou wie syn geduld dan ek oan 'e ein! Dit folk wie it brea net wurdich dat hja ieten. Dyselde deis noch waerd de wet bikend makke dat alle wizen fan Babel yn stikken kappe wurde moasten en de kening lei Arjoch, de kommandant fan 'e keningswacht op, dat er gjin ien forjitte mocht.
En sa kaem it dat Arjoch en syn soldaten dyselde moarns noch kloppen op 'e doar fan Daniël. Hy mocht dan al gjin lid fan it gilde fan 'e wizen wêze, yn elk gefal wie er in wiis man en hie er leard. Yn