oare jonges lieten it har goed smeitsje, mar hja mochten it net ite. En as hja it nou fuort de earste deis net stean lieten, dan hoegden se der letter net oer to bigjinnen. Doe gyng Daniël nei foaren op 'e meltzar ta, de keamerhear, dy't har bitsjinje moast. Moedich stie er dêr, in smelle, bihindige knaep, foar dy hege hear en frege oft hja frij mochten fan fleis en wyn. Dizze spizen wiene net neffens de wet fan har God, dat as hja ynpleats griente hawwe mochten en wetter út 'e saed...?
De meltzar hearde der al nij fan op: sok skoander iten, itselde dêr't de kening fan krige en dêr't sa'n flyt op dien wie! Mar it wie oars ek wer flink fan sokke jonge jonges, dat hja sa foar de eare fan har god opkamen en dat hja soks freegje doarsten. Hy woe syn bêst wol foar har dwaen, mar doe't er der oer praette mei Aspenas, woe dy der neat fan witte. De kening hie sels foarskreaun hwat hja ite moasten en dat mocht hy sa mar net foroarje. As de trije jier om wiene, moasten se foar him forskine en as hja der dan minder útseagen as de oaren, dan koe it him, Aspenas, it libben kostje. Nebukadnezar wie strang, as er murk dat syn feinten de wetten brieken. Mar de jonge Daniël liet it der noch net by sitte. As hja it nou ris tsien dagen mei har bisochten en jow har griente ynpleats fan fleis en wetter ynsté fan wyn, dan koene se altyd noch sjen hoe't it like, of't hja der wier minder útseagen. De meltzar glimke. Dy fjouwer jonges, dêr koe mannich man noch in foarbyld oan nimme. En it wie sa, dy tsien dagen dat koe noait folle kwea, dat ieten se wol oer yn trije jier. Hy naem it fleis en de wyn foar har wei en sette griente en wetter op. Noch noait, sels net yn it hús fan har âlden to Jeruzalem, hiene se sa lekker iten...
Doe't de tsien dagen om wiene, kaem Aspenas sels om har to skôgjen. Hy sette har njonken de oaren en doe die it bliken dat hja der neat minder útseagen, ja, dat hja earder noch glânziger wiene as har maten en Aspenas joech har frij om to-nei altyd wetter en griente to brûken ynpleats fan 'e offerspizen. De fjouwer jonges wiene tige tankber; hja namen it as in teken dat God har ek yn it frjemde lân seingje woe, en al de trije jier dat hja yn oplieding wiene, diene se goed har bêst. En it wie net sa'n bytsje dat Aspenas har leare liet: de tael en it skrift fan 'e Chaldéërs, de wittenskip fan biswarders en tsjoenders, it geheimskrift fan 'e stjerren, alles dat yn 'e boeken fan Babel stie.
Oan 'e ein fan 'e trije jier brocht Aspenas har sels foar de kening. Nebukadnezar praette mei allegearre apart, mar it die al gau bliken dat de fjouwer freonen mear wisten as alle oaren en yn in hiele bulte dingen mear as de wizen sels. Alle fjouwer kamen hja as pages yn tsjinst fan 'e kening en dy hie Daniël en Sadrach, Mesach en Abed-Nego heger as alle oaren.
Mar ek de Heare seach yn gunst op syn trouwe tsjinners del en seinge har yn it nije wurk en Daniël joech er fisioenen to sjen en dreamen út to lizzen. Sa hie Nebukadnezar, sûnder dat er it sels wist, in profeet des Heare oan syn hôf.