En yn 'e faeije stêd siet kening Sédekia op 'e troan en siddere foar de wraek fan 'e Chaldéër. Hwerom hie er it ek weage en brek syn fasalle-eed? Hie er mar net nei syn tsjinners, de foarsten fan Juda, harke! Dy hiene him tsjin Babel opset en him foarpraet dat de Farao fêst komme soe om him to helpen, mar de Farao kaem net! Egypte soe altyd helpe, mar it kaem der noait fan! As dit nou de ein ris waerd, it bigjin fan de ûndergong? En hy liet, syn rie to'n ein, de profeet Jeremia roppe, in Godsman, dy't ek to Jeruzalem wenne en dy't him altyd warskôge hie om net tsjin Nebukadnezar to bigjinnen. Hy frege hwat him der fan tocht. Jeremia sei dat der mar ien wei wie: de poarte iepensette en de kening fan Babel hulde dwaen. En as hja dat net woene, as hja oan 'e ein ta folhâldden, dan soe de stêd ûndergean en de kening en syn tsjinners soene falle troch it swurd! Sédekia woe it wol, it like ek him it bêste ta, mar soks koe er allinne net dwaen, de foarsten hiene ek hwat mei to sizzen en dy woene gjin praet fan oerjaen hearre.
Hwant nou noch, mei de Chaldéërs foar de muorren, leauden se fêst dat alles goed komme soe. Juda wie it âlde Godsfolk, de timpel wie it hûs des Heare, de Heare soe wis fanwegen komme en dy greatske heidenen slaen. En it wurd fan Jeremia, dy sombere profeet? Dêr hoegde fansels gjinien him oan to steuren, dat wie in forrieder dy't it tomûk mei de fijân hâldde; hwa wist waerd er der net foar bitelle!
En net lang hie de stêd noch bisingele west, doe like it der op dat hja gelyk krije soene: op in goede dei seagen de soldaten op 'e muorre, dat it leger fan 'e Chaldéërs ôfmarsjearde, it Suden yn. De foarsten laken breed. Hwer bleau dy Godsman nou mei syn praetsjes? De Chaldéërs wiene fuort en Jeruzalem wie frij. Hy moast him skamje, dy Jeremia, dat er sokke dingen sein hie. En doe't de profeet op in goede dei de poarte út soe, om 't er foar saken nei Bethlehem moast, hâldden se him oan. ‘Dû wolst dyn freonen, de Chaldéërs efternei’, seine se, ‘om oer to rinnen nei de fijân’. It joech neat oft Jeremia der tsjin ynlei, hja namen him mei en setten him yn it tichthús en kening Sédekia doarst der neat fan to sizzen.
Fansels krige de profeet mei koarten dochs gelyk; it leger fan Nebukadnezar kaem werom en op 'e nij waerd de stêd ynsletten. Nou koene de foarsten dan mar sjen dat hja mis west hiene en dat Jeremia it goed sjoen hie. Mar ynpleats dat hja har ûngelyk wêze woene, forhellen se it op 'e profeet en setten se him yn in oare finzenis: in soarte fan tsjustere kelder dêr't in pear djippe kûlen wiene. It wie in freeslik plak om to sitten: der foel gjin strieltsje ljocht nei binnen en as er ien misstap die, koe er yn 'e djippe kûle falle en stjerre yn it sûgjend slyk. Dat hy doarst suver gjin stap to forsetten en sels as er him deljoech om to sliepen op 'e kâlde, klamme flier, doarst er him net forwege. Mar sels yn dy greate need forgeat de Heare syn tsjinstfeint net.
Op in kear liet de kening Sédekia him út 'e kelder helje en frege oft er dan alhiel gjin hope mear wie? Noch ien kear sei de trouwe tsjinstfeint des Heare him it oardiel oan. ‘Der is in Godswurd, o kening: Jo sille yn 'e hân fan 'e kening fan Babel jown wurde, dat jow nou daliks de stêd oan him oer en hy sil jo it libben sparje. Mar as Jo de poarten net iependogge en oan 'e ein ta stride, dan sil er jo in wrede dea stjerre litte!’ Sédekia huvere. As er mar doarst, dan soe er him deselde deis noch oerjaen, mar hy skamme him foar de foarsten fan Juda. Miskien wie Jeremia to somber en foel it allegearre noch hwat ta. Yn elk gefal soe er de profeet net straffe; de man miende it goed, dat leaude er fêst. En doe't de Godsman him mei klam frege om in oar plak as dy donkere kelder, dêr't er alle ûren fan 'e dei yn deadsgefaer wie, foun er dat ek goed. Jeremia waerd oerbrocht nei it Foarhôf fan biwar, dêr't er him frij biwege koe en dêr't er sels noch prate koe mei de soldaten fan 'e wacht en mei boargers dy't dêr boadskip hiene.
It duorre lykwols net lang, doe hearden de foarsten dat Jeremia yn it foarhôf noch profetearre tsjin 'e mannen fan 'e stêd. Forgrime gyngen se nei de kening ta. ‘Kin dat nou sa mar’, fregen se, ‘dat dy forrieder it folk fan Jeruzalem opstokelet om nei de fijân oer to rinnen? Tsjin elk dy't it mar hearre wol, seit er, dat hja oerrinne moatte nei de Chaldéërs en dat hja oars omkomme sille troch it swurd of troch de honger, of troch de pest. Wylst wy in striid op libben en dea tsjin de heidenen fiere, fait dy man ús yn 'e rêch oan en makket er