syrië tôge wie, stjûrde Sanherib dochs syn soldaten noch.
It kaem goed út, dat Jeruzalem in sterke stêd wie en dat Hizkia de lêste jierren de muorren en poarten noch wer forsterke hie. De Assyriërs bisochten dan ek net om de stêd mei stoarm to nimmen en hja diene it har ek net oan tiid om it lang to bilegerjen. Hja wiene altyd noch bang dat de kening fan Egypte mei in great leger komme soe, wylst har eigen legers al gâns biklonken wiene en to fier fan it eigen lân ôf leine. Mar as hja it in bytsje snoad oanleine, miskien koene se dan dy Judéërs sa bang meitsje, dat hja de stêd oerjoegen. Dat sa kaem it, dat op in goede dei de greatfizier fan Sanherib mei noch in pear hege amtners foar de poarte fan Jeruzalem stie. It wie dúdlik dat hja net kamen om to striden, mar dat hja in boadskip oer brochten fan har hear en Hizkia wiisde trije fan syn tsjinners oan om har to wurd to stean, boppe fan 'e muorre ôf.
De greatfizier die sels it wurd; hy rôp sa lûd as er koe en mei opset sin brûkte er de tael fan Juda, dat ek de soldaten op 'e muorre him hearre koene. Hwant as it der op oan kaem, hie er gjin boadskip oan Hizkia alderearst, mar oan it folk yn 'e stêd om dat bang to meitsjen en om har op to stokeljen tsjin har hear. Hy kaem der dan ek tige moai mei oan, de falske Assyriër. Hwerom wiene de mannen fan Jeruzalem dochs sa bang fan de greate kening, fan Sanherib? Hwerom sieten de poarten sa stevich ticht en hwerom wie der sa'n soldate-folk op 'e muorre? O, hy bigriep it wol: hja wiene bang dat hja út har lân brocht wurde soene en fuortfierd nei Assyrië, lyk as it ek gien wie mei it folk fan Israël. Mar wie dat dan sa slim, dat de greate kening har meinaem nei in lân dat neat minder wie as har eigen, nei in lân fan nôt en druven, in lân fan oalje en hunich, in lân fan keppels en wynbergen? Dêr, yn Assyrië, koene se rêstich libje en hjir yn Jeruzalem, hjir wachte har in wrede dea.
Of leauden se miskien noch hwat Hizkia har wysmakke, dat hja net stjerre soene, mar dat de kening fan Egypte har forlosse soe? Moast men der net om laitsje? Egypte, dat wie gjin sterke stêf om op to steunen - it wie oars net as in brutsen reid en dy't der op line, krige de skerpe punt troch de hân! Mar Hizkia sei miskien dat er op 'e Heare bitroude? Ek dat soe him neat jaen! Hoefolle greate, machtige riken hiene de Assyriërs al net oerwoun? As dy goaden it net hâlde koene tsjin Sanherib, hwat soe dy god fan it lytse Juda dan bigjinne? En bûtendat, koe it net ris sà wêze, dat dy god forgrime wie op syn eigen folk, lyk as er wol faker west hie? As har eigen god nou Sanherib ris roppen hie om har to straffen, hwat dan? Wie it dan net fierwei it bêste om net mear nei Hizkia to harkjen, mar de poarten iepen to setten en har to skikken ûnder de skepter fan Assur?
It waerd stil doe't de greatfizier syn boadskip sein hie. Net ien doarst in wurd tsjin him sizze, mar hwat er sein hie heakke yn it hert fan dy soldaten as in angel yn in woune. As it nou ris wier wie, hwat dy Assyriër sei? En de tsjinners fan 'e kening gyngen nei it paleis mei toskuorde klean en fortelden him hwat de greatfizier sein hie. Hizkia waerd kjel, doe't er it hearde. Net fansels om't er de moaije wurden fan 'e Assyriër leaude, mar allinne om't er him sa goed bigripe koe, hwat de soldaten der fan tochten. Hy seach mar ien ûtwei mear: hy moast bidde ta God. En ek hy toskuorde de mantel en mei de rou-doek om 'e heupen gyng er nei de timpel en geat er syn hert foar de Heare út.
Doe stjûrde er boaden nei Jesaja, om to freegjen oft dy ek in Godswurd hie en oft der útkomst komme soe. Jesaja antwurde: ‘Sa seit de Heare: Wês net bang foar de kening fan Assyrië, hwant ik sil him weromgean litte nei syn lân en dêr sil er falle troch it swurd’. Doe wist Hizkia dat syn gebet forheard wie en rêstich wachte er ôf hwat de Heare dwaen soe. It wurd fan Jesaja kaem nei en net lang dêrnei reizge de greatfizier yn alle haest nei syn hear. Der waerd sein dat in kening út Egypte úttein wie om Sanherib oan to fallen en nou woe er witte, hwat er dwaen moast.
Noch ien kear bisocht Sanherib it mei Hizkia. Dizze kear liet er him brieven bringe, brieven dêr't er de Heare yn lastere en syn hillige namme yn húnde en Hizkia gyng mei de brieven nei de timpel en spraette se út foar God. Mei ynmoed smeke er oft de Heare him helpe woe, de Heare, dy't ommers machtiger wie as de goaden fan alle oare lannen, dy't oars net wiene as hout en stien, it wurk fan minskehannen.
Doe't er thús kaem, wie der ek it antwurd