wiene. De wrede frou lake. Nou lei it keninkryk fêst yn har hannen: gjin prins soe oait it swurd tsjin har útlûke en elk dy't it weagje doarst en siz der hwat fan, dy gyng der ek oan.
Doe't it nijs to Jeruzalem bikend waerd, huveren de minsken fan safolle wredens. In frou, dy't lytse bern as bisten slachtsje liet, in beppe, dy't har eigen beppesizzers formoarde, dat wie sa freeslik, dêr wiene gjin wurden foar. Mar der wie net ien, dy't it har flak yn it gesicht sizze doarst, al dy leffe mannen fan Juda bûgden har ûnder it jok fan Athalia. En hwat joech it ek noch, dat hja yn it forset gyngen? De prinsen koene se it libben net wer jaen en Davids hûs wie dochs ûtstoarn.
En wilens siet de lytse Joas feilich yn it hûs fan 'e hegepreester, yn ien fan 'e timpelgebouwen en gjin ien yn Jeruzalem wist der fan. De deis dat de lytse prinsen deade waerden, wie de frou fan 'e hegepreester, Joséba, krekt yn it keningshûs. Hja kaem der wol mear, hwant hja wie ek in prinses, in dochter fan kening Joaram, en doe't hja fornaem dat de lytse prinsen ophelle waerden, bigriep se daliks dat Athalia der achter siet. Fansels koe se neat tsjin de moardners bigjinne, mar har earste gedachte wie: Ik moat alteast ien fan 'e jonges rêdde. It hûs fan David mei net ûndergean! Myn man soe it my noait forjaen, as ik nou myn kâns net waernaem! Yn alle haest naem se de earste de bêste dy't se krije koe: de lytse Joas en brocht him mei syn minne yn 'e bêdde-keamer. It wie in great en rommelich fortrek, dêr't de bédden opburgen waerden dy't der oer wiene en dêr't hast noait ien kaem. De minne fan 'e lytse prins hie it net maklik: hja moast der foar soargje dat er net gûlde en dat fait net ta mei in bern fan in jier. Elke kear as er oansloech krige se him op en as it net oars koe, hâldde se him de mûle ticht. Sadré't der in goede gelegenheit wie, brochten se him oer nei de timpel en namen Joséba en har man him by har yn. Jojada de hegepreester, wie tige bliid dat er de jonge prins great-bringe mocht, al hoe gefaerlik it ek wie. Sels lange jierren bleau er by har en hja soargen foar him, as wie it har eigen soan. Noait mocht er bûten boartsje, noait wie er by oare bern en altyd as der ien kaem, moast er de keamer út.
Doe't er sawn jier wie naem Jojada it bislút om him kening to meitsjen. Hy wie noch wol tige jong, mar sa koe it net langer. Elke dei koe it útkomme en dan soe Athalia him dochs noch deadzje en hie alle noed en soarch om 'e nocht west. Al hoe biswierlik it wie, it moast nou wêze. En God, dy't kening David tasein hie dat er altyd in soan to Jeruzalem op 'e troan ha soe, dy soe de lytse prins biskermje as de greate dei kaem. Mar ek al bitroude er op Gods help, dêrom die de hegepreester sels net minder syn bêst. As de lytse Joas op 'e troan soe, dan moast Athalia stjerre. Mar ek dat doarst Jojada op him nimme. It gyng om 'e takomst fan Davids hûs, it gyng om Gods biloften en de wrede keninginne hie de dea mear as fortsjinne. Yn 'e sels jier dat hja oer Juda hearske hie, hie se mear kwea dien as Izébel yn har hiele libben. Ek it folk hate har en as er it goed oanlei, soe gjin ien it foar har opnimme.
Op in goede dei bea Jojada de offisieren fan 'e keningswacht by him yn 'e timpel en fortelde har it geheim. Hja wiene daliks ré om to helpen en mei in eed yn des Heare namme biloofden se, dat hja alles dwaen soene dat de preester har oplei. Doe stelden se in dei en rôpen troch hiele Juda fortroude en fromme mannen op, om dan yn 'e timpel to wêzen. It wie krekt de tiid fan ien fan 'e greate feesten, dat dan wie it neat net frjemd dat der gâns folk fan bûten kaem.
Sa kaem dan einlings de stelde dei en al yn 'e iere moarn wie it drok op it timpelplein. It wie oars as gewoan, dizze Sabbath en it folk tocht dat der hwat bysûnders barre soe. De hiele wacht stie by it Foarhôf klear en by it paleis, dêr't oars de measte wachten stiene, wie nou neat to sjen. Alle soldaten droegen it skyld en de skerpe spear en elk dy't to ticht bykaem waerd weromstjûrd.
En doe swaeiden de brede doarren iepen en Jojada, de hegepreester kaem nei bûten. Hy wie yn fol ornaet, sa't it hearde op 'e hege feesten, mar njonken him, yn 'e lytse keningsmantel, bleek en ûnwennich tusken al dy soldaten, roun in jonge fan in jier of sawn. It waerd stil op it timpelplein en alle eagen gyngen nei dy frjemde, stille jonge, mei syn greate, donkere eagen. Hja seagen hoe't de preester him in hân joech en him