boppe dy karavanen fan illinde, hongen op brede wjokken de roppige gieren: dy wisten wol rie mei de útfalders. Dat hwa't heal koe, dy strompele mei, op seare fuotten en mei iepen ankels, hwant op dizze reis gou mar ien inkele wet: rinne of stjerre.
Sa kamen se nei wiken yn it fijannige lân en elke groep krige in doarp ta-wiisd om to wenjen. Swier moasten se arbeidzje yn 'e gleone sinne, mar nei dy bloedige reis wie sels it swierste wurk in seine en mei'er tiid wende it. Nei jierren forgeaten se it eigen lân, hja learden fan 'e bern de frjemde tael en mar inkelen bleauwen ûnwennich nei it âlde lân en tsjinnen yn 'e frjemdte de Heare. Mar letter stoaren de âlderen en de jongerein wist net folle mear fan dat lytse, fiere lân tusken de Jordaen en de Westlike sé. Israël en de God fan Israël - dat wie neat mear as in moai forhael dat de âlde minsken fortelden, jouns as it wurk op it lân birêdden wie. Oan't ek dat ophâldde en hja alhiel opgien wiene yn it frjemde folk. It ryk fan 'e tsien stammen wie forgien en forgetten en allinne yn it lytse Juda, dêr't de stêd Jeruzalem lei, hie de Heare noch in eigen folk. Dêr rikken alle dagen de offers noch yn 'e timpel fan Salomo en dêr rôpen de preesters syn hillige Namme oan. En dêr siet noch altyd in kening op 'e troan út it hûs fan David, mar ek dêrre wie it al lang net mear as eartiids yn 'e dagen fan David en Salomo. Der soe in tiid komme, dat ek it folk fan Juda fuort fierd waerd nei in fier lân, noch fierder as Assyrië, en ek om har sûnden en, krekt as Israël, troch eigen skuld...
Yn it earstoan nei de fal fan Samaria, lei it lân fan Israël wyld en forlitten. It lân waerd net biboud en kaem om yn it ûnkrûd; de wyngerts forwylderen en de huzen foelen yn pún en troch de doarpen gyngen nachts de wylde dieren. Doe krige it lege lân wer nije biwenners; Salmanassar liet der frjemde stammen hinne bringe, oeral wei, fan folken dy't er oerwoun hie. Dy setten har nei wenjen yn it âlde lân fan Israël; hja houden de groun en weiden de keppels en snoeiden de forwyldere fruchtbeammen en libben der fan, sober, hwant it bêste moasten se nei Ninevé bringe, by wize fan skatting.
Fansels koene se daliks net alles bibouwe, dêr wiene se to min-machtich foar en hiele stikken leine noch foar wyld. En dêr huzen de wylde dieren noch, de foksen en de jakhalzen en de liuwen, dy't soms yn 'e nacht nei de doarpen trieken en de skiep en 'e geiten forskuorden. Soms foelen se de minsken oan en op it lêst waerd it in swiere pleach, sa folle wiene der. Hja offeren har goaden en beaën om help, mar it joech neat en hja hiene gjin wapens om op 'e jacht. De inkelde Israëliten dy't noch yn it lân oerbleaun wiene, koene der ek neat tsjin bigjinne en hja seine: ‘Eartiids, doe't ús folk hjir forkearde kamen de liuwen hjir net. Miskien is ús God wol forgrime, dat jim yn syn lân wenje en oare goaden tsjinje’. Dat woe dat frjemde folk wol oan en hja wiene ek wol genegen om de god-fan-itlân to offerjen, mar hja wisten net hoe't er tsjinne wurde woe. Hja diene de boade nei Ninevé en fregen de kening oft der net ien fan 'e preesters weromkomme mocht, dy't ek fuortfierd wie nei Assyrië. Dat foun de kening goed, en hy stjûrde in preester, ien dêr't er op oan koe en dy't tige foar de Assyriërs wie. Fansels wie it net in echte preester des Heare, dy wiene mar allinne mear to Jeruzalem, mar it wie ien dy't foartiid to Bethel tsjinne hie yn 'e timpel fan Jerobeam. De man wie tige bliid dat er wer werom mocht en stelde mear preesters oan, mar hy bleau fansels de hegepreester en learde it folk de tsjinst fan it gouden keal. Doe wiene de lju yn Israël to-freden, de god-fan-it-lân krige syn eare en offers wer en njonken him tsjinnen se har eigen goaden ek noch. Sa joegen se elk sines en mienden dat de goaden har nou wol seingje soene. Dat dy tsjinst fan it gouden keal de Heare yn 'e himel in grouwel wie, dat koene se net witte. Letter hâldde de pleach fan 'e liuwen op en dat namen se as in teken dat alles yn oarder wie en dat dy god
har net mear gram wie.
Doe't der gâns jierren oer forroun wiene, fielden se har thús yn it nije lân. Hja bisochten soms wol om freonskip to sluten mei it folk fan Juda, mar dy woene gjin gemienskip mei har hawwe. Juda, dat wie Gods eigen folk en dy koene har net ôfjaen mei dit folkje oeral en nearne wei, dat it keal fan Bethel en de goaden fan 'e heidenen tsjinne. Dat hja sels de Baäls ek offeren en Gods wet net achten, dat seine se der fansels net by. Alle ieuwen dat hja njonken elkoar wennen, it folk fan Juda