hulde. Mar lang diene se har gjin plechtichheden oan tiid: der moast noch hiel hwat dien wurde ear't Jehu kening wie oer it hiele ryk.
It earste dat hja diene wie, dat de poarten ticht kamen, dat gjinien de stêd útglûpe koe om Joaram birjocht to dwaen. En doe kaem it swierste noch: de reis nei Jizreël en de striid tsjin de beide keningen. It hiele leger koe net mei: it soe fiersten to lang duorje en hoe koe er witte, oft hja allegearre it mei him hâldden? In lytse, krigele troep mei hynders en weinen dêr't er op oan koe, dat waerd it bêste. En dan moast it sa gau mûglik, ear't ien to Jizreël der noch fan wist; hoe gauwer it syn bislach krige, hoe mear kâns dat it sûnder in lange en bloedige oarloch koe. Koart en klear joech er syn tsjinners bistel.
Gjin ûre letter, doe rieden se al, it Westen yn. Op 'e foarste wein stie de nije kening...
Yn Jizreël sieten de beide keningen en wachten op nijs fan it leger. It gyng goed mei Joaram, hy sterke al moai wer oan en de wounen wiene sa goed as ticht; as it sa troch gyng soe er al gau wer mei dwaen kinne.
En doe ynienen kaem der nijs, mar oars as hja tocht hiene. In soldaet, dy't de wacht by de poarte hie, kaem de keamer yn en sei: ‘O kening, de skyldwacht op 'e toer sjocht in binde kommen, it Easten út wei’. Kening Joaram bitocht him net lang. In binde, dat koe oars net bitsjutte as dat de striid op 'e nij bigoun wie; it wie allinne de fraech mar oft Jehu it woun hie of forlern. ‘Stjûr in ruter út’, sei er koart, ‘en lit him daliks weromkomme, dat ik witte mei oft it goed nijs is of net’.
In telmannich letter, doe draefde der al in ruter troch de poarte en út'en fjouwerjen it fjild oer. De wachter op 'e toer seach him nei, hoe't er al lytser en Iytser waerd en einlings to-loar gyng yn 'e stofwolk dy't de binde opjage. Hy wachte binijd dat er wer foar it ljocht komme soe, mar hy wachte om 'e nocht.
Doe't de hynsterider syn hynder ynhâldde, deun by de wein fan Jehu, frege er: ‘Sa seit de kening: Is alles goed?’ Jehu hie sels de leijen en ûnder it riden wei rôp er: ‘Hwat hastû der mei to meitsjen oft it goed is of net? Swaei om en folgje my!’
De boade seach om him hinne. Achter him lei de stêd mei toer en poarte en om him hinne wie it wide fjild, mar it hie gjin sin om to flechtsjen. Démoedich swaeide er syn hynder en joech him achter Jehu oan. Niistkrektsa noch wie er in tsjinner fan Joaram en nou ried er mei yn Jehu's troep ta de oanfal op syn hear. Mar lang siet er der net oer yn: hy koe net oars en miskien soe Jehu it wol winne en dan wie it sa it bêste. En to Jizreël brocht in boade it nijs oan 'e kening: ‘De wachter seit: Hy is by har kommen, mar sjoch, hy komt net werom’. Kening Joaram koe it him net bigripe, mar miskien wie der him hwat oerkommen, of faeks hie er it hynder to slim jage. Hy stjûrde jitris in boade út en doe't ek de twadde net werom kaem, fleach it him oan. Hie Jehu sok great nijs, dat er it him sels fortelle woe? Of hiene de Arameërs in greate oerwinning bihelle en wie dizze lytse binde alles, dat der fan syn kriichsmacht oer wie? It koe hast net, mar yn elk gefal woe er it witte. Hy wonk in tsjinner. ‘Slach yn’, gebea er en ek Ahazia liet syn wein foarkomme. Hja diene it har net oan tiid om op in menner to wachtsjen, mar sprongen der daliks op en namen sels de leijen. Joaram forgeat syn wounen en dat er him mije moast...
Hja troffen Jehu njonken it lân dat fan Naboth west hie. ‘Is it goed, Jehu?’ frege Joaram. En boppe it ratteljen fan 'e weinen út rôp Jehu: ‘Hoe soe it goed wêze sa lang't jim mem Izébel it lân ûntwijt mei har tsjoenderijen?’
En doe bigriep kening Joaram alles. ‘Forrie, Ahazia’, rôp er en mei skuorde er de hynders om. Mar it wie al to let. Jehu smiet de menner nêst him de leijen ta en spande de stielen bôge. Krekt doe't de skrille hynders tasetten skeat er; de pylk rekke Joaram yn it hert en hy foel yn 'e bak fan 'e wein. Doe namen se it lyk en smieten it op it stik lân fan Naboth. Dêr hiene, jierren lyn, de hounen it bloed fan Naboth slikke: dêr slikken se nou it bloed fan Achab's soan...
Yn dat trelit mei Joaram slagge it Ahazia om to ûntkommen en hy jage it fjild oer, it Noarden yn. Syn hynders wiene farsk, en hy tocht noch dat er it rêdde soe. Mar doe't er, gâns in ein fan Jizreël, by in steile heuvel opried, kamen Jehu en syn maten sa tichteby, dat hja him ek rekken. Jehu