dat dat minske him hjir nou ek noch lestich foel! ‘As de Heare jo net helpt’, sei er bitter, ‘hwer sil ik jo dan wei helpe? Kin ik wyn en moai omdiele as de terskflier skjin is en de wynparse leech?’ Mar hy bleau dochs stean om nei har klachten to harkjen. ‘Och myn hear de kening’, gûlde se, ‘myn buorfrou is by my kommen en hat tsjin my sein: Jow dyn soan, dat wy him hjoed ite meije, dan sille wy moarn myn soan deadzje en him ite. Doe haw ik nei har wurden harke en wy hawwe myn soan sean en him iten, mar nou't ik kommen bin om hàr soan to slachtsjen, nou wol se der neat fan witte en hja hat him forburgen’. Kening Joaram roun hastich fierder. Achter him klonk noch it jammerjen fan dy frou: ‘Doch my rjocht, myn kening! Siz dat hja har jonge jaen moat!’ Hy seach net mear om. In mem dy't har eigen bern iten hie, dêr hie er gjin wurden foar. Dat it sa fier komme koe yn 'e haedstêd fan Israël. It wie Elisa syn skuld. Elisa profetearre mar, mar it wûnder kaem net. En ûnder it gean skuorde er út wanhoop de keningsmantel stikken. It folk op 'e muorre seach forheard nei it swarte rou-klaed dat er om 'e heupen hie. In kening, dy't roude om har leed en honger. Hja krigen it der neat better om, mar it die har dochs goed.
Mar Joaram, de soan fan Achab, tocht al net mear om rou en om boete. ‘Sà mei de Heare my dwaen en sà der ta, as ik Elisa, de soan fan Safat, hjoed de holle net ôfslaen lit’. En as de profeet der net mear wie, gyngen de boaden nei it kamp fan 'e Arameërs. Der soene gjin lytse bern mear slachte wurde yn 'e stêd fan Samaria! Doe rôp er in soldaet en stjûrde him foarút nei it hûs fan 'e Godsman, dat er net mear ûntkomme koe.
Mar de profeet Elisa tocht der net oer om fuort to gean. Hy siet rêstich yn syn hûs en om him hinne stiene de âldsten fan Samaria en fregen, oft der nou noch gjin Godswurd wie. Kaem de Heare nou noch net mei syn oardielen oer de heidenen? Moast it noch slimmer wurde yn dizze faeije stêd? En wer woe Elisa har moed ynsprekke, mar ynpleats sei er: ‘Gean nei de doar en hâldt de wacht, hwant nou sjoch ik dat de kening, dy moardnerssoan, in boade stjûrd hat om my de holle ôf to kapjen. Lit him der net yn, hwant it lûd fan syn heare fuotstappen is fuort achter him.’ De âldsten doarsten neat to sizzen en wachten oft it wurd fan Elisa útkaem. Hja hoegden net lang to wachtsjen, doe wiene der stappen yn 'e strjitte en ear't hja noch by de doar komme koene, stie kening Joaram yn 'e keamer. Syn eagen sochten de profeet en snijend sei er: ‘Nou, sok kwea komt der fan 'e Heare; hwat sil ik dan noch langer op 'e Heare wachtsje?’ De profeet riisde oerein. Syn donkere eagen blonken bliid. It wie oft er fiere fisioenen seach en lûd rôp er: ‘Hear it wurd des Heare: Moarn om dizze tiid sil in mjitte moai mar in sikkel jilde en twa mjitten koarn ien sulverstik yn 'e poarte fan Samaria’.
It waerd stil yn 'e wide keamer. Dit wie dan einlings it wûnder dêr't hja sa lang al op wachte hiene. Noch ien dei, noch ien lange nacht en der soe de romte fan iten wêze. Hjoed gau in ezelskop noch tachtich sikkel en moarn soene se yn 'e stêd in sekfol nôt keapje foar in inkele sikkel. It wie hast to moai om it to leauwen, mar as Elisa it sei... Hja seagen allegearre nei de kening. Mar ear't Joaram noch hwat sizze koe, naem de offisier, dy't njonken him stie, it wurd. ‘Sjoch’, spotte er, ‘al soe de Heare finsters yn 'e himel meitsje, dan koe dit ommers noch net!’ En daegjend seach er om him hinne, as woe er sizze: Gjin godsman makket my hwat wys! Elisa seach him oan. Doe sei er, lûd en earnstich: ‘Dû silst it foar dyn eagen sjen, mar der net fan ite’.
Doe't hja allegearre fuort gien wiene, de kening en syn tsjinner en de âldsten fan 'e stêd, bleau er allinne achter. Hy koe it him net yntinke, hoe't it koe, sa'n omkear yn sa'n koarte tiid, mar hy twivele net. God hie it him sjen litten en God soe syn wurden wier meitsje. Noch ien nacht en dan kaem de forlossing...
Dyselde jouns, doe't it tsjuster wie, flechte it leger fan 'e Arameërs de kant op nei de Jordaen. De Heare hie har in lûd hearre litten fan weinen en hynders, it lûd fan in greate legermacht en yn alle haest teagen se fuort. Har tinten en in part fan 'e hynders, har ezels en de greate bút, alles lie en se yn it kamp op 'e heuvels stean. Gjin inkelde fijân bleau der achter by de stêd fan Samaria, mar yn 'e stêd wie der gjin ien dy't it wist...
Yn dyselde nacht, deun by de hege muorre,