Elisa en de Arameërs
Net iens sa lang nei dy wûndere reis fan Naäman foelen de binden fan Aram op 'e nij yn it lân fan Israël en dizze kear wie it net sa mar in strooptocht yn fredestiid, mar in echte oarloch. De kening sels wie mei optein en yn koarten tiid sieten se fier oer de grins en makken se har ré ta in greate oanfal.
Doe't it sa fier wie, kaem Elisa fan wegen. Hy gyng nei de kening fan Israël en fortelde him krekt hwat de fijân fan doel wie en hwêr't er him legerje woe. Kening Joaram liet it him gjin twa kear sizze en mei in flugge mars wie er de fijân foar. De Arameërs makken fuortdaliks nije plannen, mar dy brocht Elisa ek oer en sa gyng it slach op slach. Altyd as de kening fan Aram in set dwaen soe, foun er de fijân op syn wei; elke kear as er op it leger fan Joaram oanfalle woe, wie dy krekt op tiid ôftein; elke mars wie om 'e nocht, alle plannen mislearren, elke oanfal wie in stjit yn 'e romte.
De kening fan Aram wie razend. Earst tocht er dat it sa trof, mar al gau bigriep er, dat der hwat oars achter sitte moast. Hy rôp syn offisieren gear en strang sei er: ‘Is der net ien fan jimme dy't my sizze kin hwa't de forrieder is, dy't al myn plannen oan 'e fijân oerbringt?’ Ien fan 'e tsjinners naem it wurd. ‘Né, mynhear de kening, net ien fan ús hâldt it mei Israël, mar dy godsman Elisa, dy wit alles en hy forhellet syn kening de wurden dy't jo yn jins binnenste keamer sizze!’
Nei alles hwat de kening fan Aram oer Elisa heard hie en oer dy greate God fan Israël, leaude er it daliks. Der wie mar ien wei op: hy moast dy profeet yn hannen sjen to krijen en him twinge om ynpleats Aram to helpen. En as er dat net woe, út bangens net en net foar jild, dan moast er stjerre. Hy stjûrde der spionnen op út om gewaer to wurden hwêr't de Godsman tahâldde en op in joun kamen se by him en seine: ‘Elisa is op trochtocht en hy sliept fannacht to Dothan, in stêd dy't hjir net sa fier ôf leit’. De kening wie gau biret. Dyselde nachts triek in ôfdieling Arameërs mei weinen en hynders op nei Dothan en gyng yn stelling op 'e heuvels om 'e stêd. Doe wachten se rêstich de dei en it ljocht ôf om mei Elisa ôf to rekkenjen.
De oare moarns bitiid makke de profeet him ré ta de reis en al gau stie er mei syn tsjinner bûten de poarte. It earste hwat hja seagen op 'e heuvels dêr't hja oer moasten, wiene de Arameeske soldaten. De profeet roun bidaerd fierder. Der wie yn it minst gjin reden om bang to wêzen, hwant om 'e Arameërs hinne, noch heger op 'e heuvels, seach er in leger mei hynders en weinen fan fjûr: in leger fan ingelen. Sa dúdlik seach er dat, dat it net ienris yn him opkaem dat syn tsjinner it miskien net sjen koe. En doe hearde er njonken him de jongfeint sizzen: ‘Och, myn hear! Dy Arameërs... Hoe komt it nou mei ús?’
‘Kom’, sei er en ûnder it gean bea er, oft de Heare de eagen fan syn tsjinner iepenje woe. It barde ek sa't er frege en doe wie de jonge ek net bang mear. Rêstich rounen se op 'e fijannen ta dy't fan 'e berch ôfkamen. Elisa seach har mar amper. Hy hie in plan, sa frjemd en sa nuodlik, dat it oars net slagje koe as de Heare moast in wûnder dwaen. ‘O God’, tocht er by himsels, ‘lyk as jo niist dy jonge de eagen iepene hawwe, kinne jo dizze Arameërs mei blinens slaen. Lit har neat bigripe en meitsje dat hja my net kenne!’