hiele ierde is, oars net as yn Israël. Ik kin dy god neat jaen, mar jo binne syn tsjinner: nou dan, nim in geskink fan my oan’. Elisa skodholle. As it in Israëlyt west hie, dy't better wurden wie, dan hie er profetelean nimme mocht, hwant de profeet moat libje fan it folk dat er tsjinnet, mar dit wie in oar gefal. Dizze man wie in heiden en hy moast noch leare, dat de God fan Israël syn genede net foar jild jowt en dat in profeet yn dit lân hiel hwat oars wie as in dokter yn Aram. ‘Sa wier as de Heare libbet’, sei er, ‘ik sil it net oannimme’. En doe't Naäman oanhâldde, bleau er op syn stik stean en wegere goud en sulver.
De Arameër stie forslein. Hy hie noait tocht dat der sokke profeten wiene. It moast wol in great god wêze, dy't sokke tsjinners hie. Mar as er dan de godsman net earje mocht, nammerstomear soe er dy god hulde dwaen. ‘Lit my dan in lêst ierde jown wurde’, spriek er, ‘sa folle as twa mûldieren drage kinne, hwant fan nou ôf sil ik gjin brânoffer noch slachtoffer mear bringe oan oare goaden, mar allinne oan 'e Heare’. Elisa sei it him daliks ta. Hy wist fansels wol, dat men yn Damaskus de Heare ek wol tsjinje kin sûnder ierde út Israël - is de hiele ierde sines net en binne alle lannen net fan Him? - mar dat koe dizze heidenske Arameër noch net witte. Faeks soe er letter alles better bigripe. Mar nou mocht er de ierde hawwe en yn Damaskus in alter bouwe fan wijde groun út Gods eigen lân.
Mar Naäman hie noch in fraech. ‘Yn dizzen lykwols mei de Heare my forjaen: as myn hear, de kening fan Aram, nei de timpel fan Rimmon giet, om to oanbidden, dan moat ik mei en linet er op myn hân. As ik my dan mei him bûch foar it byld fan Rimmon, allinne om de kening to helpen, dan hoopje ik, dat de Heare my dat forjaen wol’. Elisa wist net hwat er hjir op sizze moast. Foar in Israëlyt soe it sûnde wêze, mar mocht er dizze frjemdling dêr hurd oer falle? As er it net die, soe er syn kening oerhearrich wêze en foar in forrieder gean. It wie in slimme fraech en hy hie noch noait earder soks meimakke. Mar de Heare wie barmhertich en soe Hy, dy't in heiden better makke, ek dit net forjaen? ‘Gean yn frede’, sei er.
En doe't er de weinen hearde foar syn hûs lâns, op reis nei de stêd fan Damaskus, wie er bliid en tankber, dat er dit greate wûnder dwaen mocht, ta eare fan Israëls God, dy't de God fan alle folken is.
Mar der wie ien yn it hûs fan Elisa, dy't net bliid en net tankber wie: de tsjinstfeint Gehazi. Hy koe der net by, dat syn hear net better op 'e slach past hie. Dêr woe dy Arameër him it hûs fol goud en sulver tôgje en Elisa naem it net oan. ‘Sa wier as de Heare libbet, ik sil it net nimme!’ Fansels, doe't er dat ienris sein hie, koe it net mear oars: sok in eed yn des Heare namme kin men net brekke. Mar hy, Gehazi, hie gjin eed dien, hy wie noch frij man; Elisa koe swarre, mar hy ek. ‘Sa wis as de Heare libbet, ik sil him eftemei gean en ik sil wol hwat oannimme!’
En sa hurd as er koe, draefde er de poarte út en de wei op. In foech ein bûten de stêd helle er de weinen yn. Naäman seach him oankommen en sprong hastich fan 'e wein. ‘Is it goed?’ frege er. As Gehazi doe sein hie: ‘Ik bin de feint fan 'e Godsman en ik mei wol hwat oannimme’, dan soe Naäman him in great geskink jown ha en miskien soe Elisa it net sa slim foun ha. Mar Gehazi koe it wer net litte, om it hwat ekstra moai to meitsjen. Net foar himsels frege er hwat, mar út namme fan Elisa en sadwaende makke er syn hear biskamme. Hwat moast Naäman wol tinke fan in profeet, dy't sward hat dat er neat nimme sil en dy't dan fuort letter om hwat freget?
‘It is goed’, sei er mei in djippe bûging; ‘mar myn hear Elisa hat my stjûrd om tsjin jo to sizzen: Sjoch der binne twa profeten by my kommen út 'e bergen fan Efraïm; och jow har fan jo skatten in talint sulver en twa pakken klean’. Naäman tocht fansels dat de boade wier fan Elisa stjûrd wie en, tankber dat er nou dochs hwat werom - jaen koe, sei er: ‘Nim twa talinten’.
Gehazi waerd der hast kjel fan. Ien talint wie al gâns in sek fol sulver, dat hoe soe er oait sa'n som binnen de poarte krije! Mar ek dêr wist Naäman rie op. Hy joech de tsjinner twa fan syn feinten mei en sa, as in machtich hear dy't twa dragers meinimt, kaem er de poarte troch. It jild forburch er yn in hûs en doe gyng er rêstich nei Elisa ta. It wie him net oan to sjen hwat er dien hie. Mar lykwols wist de profeet it dochs. ‘Hwer hastû west?’ sei er strang. Sûnder him to bitinken antwurde Gehazi: ‘Jins