fan Bethel. En ek dizze kear kaem it wurd fan 'e profeet nei: dyselde deis noch foelen twa bearen op 'e jonges oan en forskuorden twa en fjirtich. Sa learden de mannen fan Bethel dat God net mei Him spotte lit en dat Er foar de eare fan syn feinten opkomt. Der wie yn 'e hiele stêd net ien, dy't in hân nei him útstekke doarst en hy teach it Noarden yn, earst nei de Karmel, de berch fan Elia en letter nei Samaria, dêr't er him nei wenjen sette.
Mar al hie er dan syn hûs yn 'e keningsstêd, dat woe net sizze dat er noait bûten de poarte kaem; fan tiid ta tiid reizge er it lân troch en learde er it folk en brocht er de Heare offer. En oeral hast mochten de minsken him graech lije en fregen se him om rie as hja yn noed sieten.
Sa barde it op in kear, doe't er wer by in groep profeten wie, dat in earme widdou by him kaem. Hja hie har man forlern en libbe mei har twa jonges, dy't noch net âldemôch wiene om de kost foar har to fortsjinjen. En lyk as wie har lot noch net swierdernôch, sûnder man en sûnder fortsjinst, drige der de lêste dagen in nije slach. Der stie noch altyd in âlde skuld dy't bitelle wurde moast, mar al sparre se har sels en har jonges it brea út 'e mûle, dan noch koe se gjin jild oerhâlde om hwat ôf to biteljen. Hja hie de skuldeasker frege oft er noch in pear jier tiid dwaen woe: letter, as de jonges greater waerden, kaem alles wol wer yn oarder, mar de man woe der gjin praet fan hearre. In hurde en wrede keardel wie it en hy woe op slach syn jild ha; as hja dan net bitelje koe, dan wist er wol better rie: dan naem er har beide jonges mei en dy soene syn slaven wurde. Op dy menear kaem er dan dochs noch oan it jild.
De earme frou wie wanhopich, doe't hja it hearde. It wie net neffens de wet, mar hwat joech dat, as sa'n man it bigrepen hie? Der barde sa folle yn Israël, dat tsjin Gods Wet wie en de earme lju moasten it altyd bilije. Hja seach oars gjin útwei as Elisa moast har helpe. ‘Och, myn hear’, sei se, ‘jo hawwe myn man wol kennen en jo witte dat er in profeet wie en dat er de Heare freze en nou sit ik der sa slim foar!’ En mei triennen yn 'e eagen die se it forhael. It bigreate Elisa tige en hy sei daliks: ‘Ja, ik haw ek gjin jild, mar ik wol jo al helpe. Siz hy hwat jo yn 'e hûs hawwe.’ De frou antwurde: ‘Ik haw oars neat as in salvefleske mei oalje.’ Elisa tocht nei. It wie net folle, dat bihindich fleske mei oalje, mar it wie altyd hwat en olive-oalje wie prizich dat jier. En dizze profete-frou hie ek noch hwat, dat mear wurdich wie as oalje: hja hie har leauwe en in sterk bitrouwen op God.
En earnstich sei er: ‘Gean hinne en freegje al jins buorlju om fetten; tink der foaral om dat jo net to min krije. Gean dan yn 'e hûs, doch de doar op it slot en jit oalje yn 'e fetten en set oan 'e kant hwat fol is.’ Hja makke der fuortdaliks wurk fan en yn koarte tiid hie se in hiele rige fetten yn 'e hûs; lytse en greate, kannen en krûken, alles dat se sa gau mar liene koe. Doe die se de doar ticht en naem it fleske mei oalje. De beide jonges setten in fet foar har del en hja bigoun to jitten. Har hert bounze, mar hja twivele net. Hja seach net op doe't it earste fet fol wie en de jonges it foarsichtich oan 'e kant setten. En it twadde en it tredde en altyd noch roun út dat lytse fleske de tinne oalje-striel. Hja seach net op. Hja tocht mar oan ien ding: dat alle fetten fol moasten en dat dit nou in seine fan 'e Heare wie. Hja wie sa tankber! En al mear fetten rekken fol, har bihindich hûs bigoun to lykjen op in winkel. Op it lêst, doe't der wer in fet oan 'e kant set wie, brochten de jonges gjin legen-ien oan. ‘Toe jonges’, sei se, ‘bring wer in fet.’ Mar der wiene gjin mear. En dêrmei stie yn it lytse fleske de oalje-stream stil. Hja die it har net oan tiid om nei har skatten om to sjen, hja rekkene net, mar bliid en tankber gyng se nei Elisa en fortelde it him. De profeet rekkene àl. Hy frege hoefolle fetten der wiene en doe sei er: ‘It is jowes, al dy oalje. Forkeapje it, bitelje de skuld en fan hwat der oerbliuwt kinne jo en jins soannen libje.’ Sa barde dat doe en it forhael fan dit greate wûnder gyng troch alle doarpen en stêdden fan Israël.
Op in oare kear barde it, dat Elisa wer to Gilgal kaem en dat alle profeten dêrre by him kamen om nei syn wurden to harkjen. Hja sieten allegearre foar him en doe't er it selskip oerseach, foel it him op, dat hja der min ûtseagen. Dat wie nammers gjin wûnder: it wie hûngersneed yn it lân en sokke tiden hiene de profeten, dy't meast