wol, dat de Heare hjoed jins hear hy jo wei nimme sil?’ Hy antwurde: ‘Ik wit it ek wol; swij jimme mar.’ It foel him sels ek swier om oer sokke dingen to praten.
Hja wiene noch net folle fierder, doe't Elia stean bleau en sei: ‘Bliuw hjir dochs to Bethel, hwant nou stjûrt de Heare my alhiel nei Jericho.’ It wie sawn ûren rinnen, de berchwegen lâns, mar wer sei Elisa: ‘Sa wier as de Heare libbet en jo libje: ik sil jo net forlitte.’ En wer gyngen se to-gearre en seine net folle, mar tochten nammersto mear!
Doe't hja to Jericho wiene, wisten ek dêr de profeten hwat der barre soe en wer krige Elia in iepenbiering: hy moast noch fierder, oer de rivier de Jordaen. Noch ien kear bisocht er om Elisa kwyt to wurden, mar foar de tredde kear biswarde dy him, dat er him net forlitte soe. Elia sei der neat mear fan; it skynde net Gods wil to wêzen dat er dizze lêste dei op ierde allinne wie!
Hja kamen by de Jordaen, op in plak dêr't it wetter djip wie en nimmen der troch rinne koe. Mar Elia teach syn mantel út en rôlle dy op; ien slach op it wetter en troch de brûzjende rivier kaem in smel, droech paed. De profeten fan Jericho, dy't har efternei gien wiene, seagen út 'e fierte, hoe 't hja der troch rounen en oan 'e oare kant achter de strûken wei waerden. It wetter streamde wer gewoan fierder, lyk as wie der krekt to-foaren gjin machtich wûnder bard...
Oan 'e oare kant de rivier rounen de beide mannen fierder. Sa fier't hja sjen koene lei it fjild forlitten en iensum; gjin frjemde eagen soene Elia sjen op syn lêste reis. Hy fielde dat it nou gau komme soe en syn hert wie bliid en tankber. Hwat noait in minske barre mocht, útsein dan Henoch yn 'e âlde tiid - dat woe God him nou jaen: alle pine en smaed fan 'e dea soe him bisparre bliuwe en hy soe sa mar yn Gods blide himel yngean. En yn 'e blidens fan dizze wûndere ûre, tocht er ynienen oan Elisa, dy't strak weromgean soe, it swiere libben yn, mei al syn noed en striid. Hy soe heech yn 'e himel wenje, frij fan alle leed en lêst, mar Elisa moast hjir bliuwe, by in dwers en sûndich folk. En hy hie oars net dien, op dizze lêste reis, as bisykje om him kwyt to reitsjen. ‘Siz my’, sei er earnstich, hwat ik dy dwaen sil, ear't ik weinommen wurd.’ Hjir, yn dizze wide iensumheit, sa deun by God en de himel, sa koart nei dat wûnder by de Jordaen, fielde er dat gjin wûnder him to great wêze soe. Elisa koe mar freegje! Mar Elisa, de profeet des Heare, bigearde gjin wûnder. Hy hie mar ien forlangst; hy woe in great profeet wurde en it wurk fan Elia oernimme ta heil fan syn sûndich folk. Fan oare dingen hie er gjin forlet en in wûnder, om syn leauwe to sterkjen, soe er aenstouns ommers sjen! ‘Ik bigear oars net as in dûbeld diel fan jins geast.’ Elia bigriep daliks hwat Elisa miende. In dûbeld diel krige de âldste soan fan syn heite bisit: sa woe Elisa fan alle profeten yn Israël de greatste wêze en dy't it tichtst by God stie. Miskien soe God it him jaen, mar it wie net hwat, dêr't hysels oer biskikke koe! ‘Dû hast in swier stik bigeard’, sei er, ‘dat net oan my stiet to jaen. Mar dit sit it teken wêze: astû my sjochst as ik opnommen wurd, dan sil it dy
barre, mar sa net, dan hat God it oars biskikt.’
En fuort dêrnei, wylst hja noch to-gearre praetten, barde it greate wûnder. Der briek in ûnwaer los en in greate stoarm en ynienen wie it om Elia hinne allegearre fjûr: it liken hynders fan fjûr en in fjûren wein en sa fear de trouwe tsjinstfeint fan God nei it heite-hûs dêr boppe.
Elisa seach it en hy wie bliid dat er nou syn bigearte krije soe, mar tagelyk wie der ek it leed om't er Elia, syn hear, nou misse moast. En ek dat wie it slimste net, mar dat Elia der nou net mear wie om 'e striid tsjin de Baäls to fieren, dat it folk him misse moast, dat folk dêr't er mear foar dien hie as in kening mei legers en weinen! En lûd rôp er: ‘O myn heit, myn heit: wein fan Israël en syn ruters!’
Doe skuorde er syn mantel yn twa stikken, by wize fan rou-bitoan en seach om him hinne. Yn it gêrs, foar syn fuotten, lei de mantel fan Elia. Bliid naem er him op. Tonei soe er dy mantel drage as in teken dat de geast fan Elia op him rêstte en altyd, sa faek as it wurk him swier foel, soe er tinke oan dizze himelfeart.
Mei greate stappen roun er de kant op nei de Jordaen. Nou wie alles oars, nou wie er net langer de man fan it twadde plan, in tsjinner fan in machtich profeet, mar nou seach it folk fan God op him om help en