kommandearjen wend. Dy Elia, dat moast in machtich man wêze, mar mei syn fyftigen koene se him wol oer. Gâns in ein bûten de stêd, op in hichte njonken de wei, seagen se Elia sitten. Hy flechte net en smeke net om genede en de haedman makke him suver lilk. Dêr siet er dus, prinshearlik op 'e berch, dy rebel, dy't it tsjin de kening yn 'e kant sette doarst! Hy loek it swurd en mei syn swier soldate-lûd rôp er: ‘Dû man fan God: de kening seit kom hjir!’
Elia hearde it en in wylde grime lôge yn him op. Hy gyng wol foargoed yn 'e wegen fan syn mem Izébel, de nije kening, dat er nou al syn moardners op Gods feinten ôfstjûrde. Ien kear, nou al wer lange jierren lyn, hie er him bang meitsje litten fan in boade fan Izébel; dizze kear gyng er net op 'e flecht, foar gjin fyftich man. En dy offisier dêrûnder, mei syn flikkerjend swurd, miende dy nou wier, dat er Gods profeten kommandearje koe? ‘Man-fan-God’ hie er roppen, mar sa't hy it útspriek, hearde it krekt as rôp er: ‘Fjûr-fan-God’. En sa mar yn-ienen wist Elia hwat er dwaen moast en strang rôp er: ‘As ik dan Fjûr-fan-God bin, dan mei der fjûr fan 'e himel falle en fortarre dy en dyn fyftich!’
Hy hie de wurden hast noch net sein, doe flikkere de wjerljocht del en deade de haedman en syn fyftich soldaten. Elia seach se dêr lizzen en syn hert bounze. Sa machtich wie syn God en sa genedich, dat Er it roppen fan syn tsjinstfeint hearde en de fijannen sloech mei syn ljochtsjend fjûr. Nou koe it folk dan sjen, dat God de Heare machtich is en oars net ien! En nou koe kening Ahazia it dan mar sjen, dat Elia's God sterker wie as de migge-god fan Ekron! Hwa wist soe er him nou net bikeare en soe God him noch forjaen. Achab hie him ek in kear fornedere doe't er him it oardiel oansein hie en doe hie de Heare him ek sparre.
Mar Ahazia, doe't er hearde hwat der bard wie, bikearde him net. Ynpleats bihurde er syn hert en wer stjûrde er in haedman mei fyftich soldaten om Elia op te heljen. De dea fan dy earste fyftich telde er net en yn syn forblining weage er der jitris fyftich minske-libbens oan.
De twadde offisier wie noch dryster as de earste en noch mear forgrime op Gods profeten. Dy tsjoender dêr boppe op 'e berch krige him net yn 'e macht en noch lûder as de earste rôp er: ‘Dû man-fan-God kom daliks ûnder!’ Elia joech itselde antwurd, en jitris foel it fjûr fan God út 'e loft en deade de haedman mei syn soldaten.
En noch altyd siet de profeet op 'e berch en seach del op al dy deaden. Leaude er it dan noait, dy kening? Moasten der noch mear falle, ear't er bilies jaen woe? Soe faeks syn hiele leger stoarmrinne tsjin dy iene Godsman? Hoe koe in man, dy't al sa fier hinne wie en dy't elke ûre stjerre koe it tsjin God yn 'e kant sette?
Kening Ahazia leaude it net, ek net nei dizze twadde ramp. Ear't de joun noch fallen wie triek der wer in ôfdieling soldaten de poarte fan Samaria út, nei de berch dêr't Elia siet. De profeet seach har kommen; de spearen flikkeren wreed yn it ljocht fan 'e lette sinne. Dus noch joech er it net oer, dy soan fan Izébel. Moast er nou jitris bidde om Gods wraek? Moasten wer fyftich sterke keardels stjerre om 't har hear him net bûge woe foar Israëls God? Mocht er sa wol? Hy wie in man fan fjûr en stoarm, en de Heare soe him wis wer hearre, mar hy doarst hast net mear! De haedman stie by de berch, deun by de deaden. Mar dizze tredde offisier wie oars as de beide earsten. Hy liet syn soldaten ûnder stean en allinne gyng er nei boppen. In ein fan Elia ôf liet er him falle. ‘O Godsman’, smeke er, ‘jo hawwe fjûr fan 'e himel bidden en it hat dy beide mannen mei har fyftich fortard, mar och, lit myn libben en it libben fan myn soldaten kostber wêze yn jins eagen en sparje ús.’
En noch ear't Elia him op in antwurd bitinke koe, spriek de Heare ta him: ‘Gean mei him en wês net bang!’ Bliid gyng Elia oerein en mei de haedman gyng er nei it keningshûs. Hy wie net bang; rjocht en strang stie er foar it bêd fan 'e sike kening en sei him it oardiel oan. ‘Sa seit de Heare, omdatstû boaden stjûrd hast nei Baäl-Sébub, de god fan Ekron - lyk as wie der gjin God yn Israël om dy to freegjen! - dêrom, it bêd dêrstû opklommen bist, silstû net wer ôfkomme, mar dû silst de dea stjerre.’
Ahazia, hoewol't er Elia hate en alhoewol't er noch net ta ynkear kommen wie, doarst neat werom to sizzen. Hy liet Elia