wend wie om foar de striid in Godsman to hearren, dan soe dat nou ek. En profeten hie er genôch, dêr hoegde it net om oer to gean. De kening moast foaral net miene, dat hy, Achab, sa'n heale heiden wie.
Sûnt Elia doe de preesters fan Baäl deade hie, hie er sels in hiele rige profeten yn tsjinst nommen en dy koe er nou komme litte. Fansels koe dat mei gjin mûglikheit yn 'e keningsseal, - der wiene fjouwer hûndert - mar flak by de poarte, op 'e terskflier hiene se de romte. It soe hjoed noch wêze, en yn styl!
En sa sieten se dan op 'e terskflier fan Samaria, de beide keningen en seagen it défilé fan 'e profeten oan. Yn brede rigen kamen se op Achab ta, de lieder, Sédekia, de soan fan Kenaäna, foarop, net oars as in offisier oan it haed fan 'e troep. Hy bûgde djip en wachte hwat de kening to sizzen hie. Achab foun it prachtich: in leger profeten, dy't profetearren op syn bifel! It soe to bisjen stean, oft Josafat oait safolle byinoar sjoen hie, en dy gyng dan oars foar in tige from man. ‘Siz my’, sei er, ‘sil ik optsjen tsjin Ramoth yn Gilead, of moat ik it litte?’ Hja hoegden net lang op antwurd to wachtsjen: in skille stim rôp: ‘Tsjoch op, hwant de Heare sil it yn jins hân jaen.’ En dêrmei foel it hiele koar as ien man yn, dat it davere oer it fjild: ‘Tsjoch op, hwant de Heare sil de stêd yn jins hân jaen.’
Bliid seach Achab nei Josafat. ‘Hawwe jo it heard? Nei safolle jierren wurdt Ramoth wer in stêd fan Israël.’ Mar de kening fan Juda wie sa gau net bliid. Dit stie er net, mei dy fjouwer hûndert mannen, dit wie to massael en hwat al to moai. Hy leaude der neat fan, dat dizze fjouwer hûndert de geast des Heare hiene: hja bitochten it sels en seine hwat de kening graech hearre woe. Mar as gast fan Achab koe er net bêst sizze, dat er al dy profeten foar bidragers oanseach en dêrom sei er allinne mar: ‘Is hjir noch net in profeet des Heare yn 'e stêd, dy't wy freegje kinne?’
Achab biluts der suver fan. Dat wie nou krekt hwat foar sa'n man út Juda! Fjouwer hûndert profeten hiene him de oerwinning ta-sein en nou wie it noch net goed. In profeet des Heare! ‘Ja’, sei er wreevlich, ‘der is noch al ien: Micha, de soan fan Jimla, mar dy haetsje ik, hwant hy profetearret noait goed fan my, mar altyd kwea.’ Hy hope mar dat Josafat der nou ôfsjen soe, mar dy hâldde fol; hy woe dochs graech dy iene ek noch hearre. Doe koe it fansels net oars en Achab stjûrde ien fan syn tsjinners út om Micha to sykjen. It wie forlerne tiid, tocht er spitich, mar hy koe Josafath net foar de holle stjitte. En yn elk gefal hoegden se har dit wachters-skoft net to forfelen, hwant de profeten dêr foar har rekken al mear yn ekstase. De oanfierder, Sédekia, hie himsels in pear hoamen makke en mei de holle foaroer, dounse er op Achab ta. ‘Sa sille jo de Arameërs stjitte en to-neate dwaen.’ En fuort dêroer hinne, in machtich sprek - koar, foelen al de profeten yn: ‘Tsjoch op nei Ramoth yn Gilead en it lok sil mei jo wêze...’
Ûndertusken hie de boade Micha foun en togearre rounen se nei de poarte ta. It wie in goedmienend man, dy tsjinner fan 'e kening, mar fan de wiere profesije hie er net it measte forstân; hy miende, dat sa'n Godsman profetearje koe hwat er sels woe en dat de goaden har dêr dan nei skikke moasten. En dêrom sei er freonlik: ‘Jo meije jo wol goed bitinke, hwant alle profeten hawwe goed foar Achab sprutsen, dat wêz jo nou ek skiklik en sprek ek goed.’ Micha seach him forheard oan. ‘Sa wier as de Heare libbet, dat de Heare wol, dat sil ik sprekke en oars neat!’
Swijend rounen se fierder. De hoveling woe neat mear sizze; as dy Godsman dochs gjin rie oannimme woe, soe er him de eare net mear oandwaen. Stiif knypte er de mûle ticht en hy seach de oare kant út. It hindere Micha net, hwant de geast des Heare wie oer him kommen en, tusken de hege, sombere huzen yn 'e smelle strjitten fan Samaria seach er frjemde, fiere fisioenen. De himel seach er iepen en alle ingelen en geasten stiene om Gods troan en rieplachten oer kening Achab, hoe't hja him lokje soene nei Ramoth, nei de striid en de dea... En dêrmei foroare it hiele byld. Hy seach in fiere stêd, earne oan 'e oare kant de Jordaen, en op 'e heuvels dêr om hinne swalken de mannen fan Israël, in keppel bange skiep sûnder hoeder. Doe wist Micha, de soan fan Jimla, dat Achab stjerre soe yn 'e slach om Ramoth. Syn gesicht stie strak, doe't er de terskflier op-