giet om it heil fan stêd en folk, dan mei gjin boarger him foar syn plicht wei-wine. Dat nou rôp er alleman op, dy't fan dizze swiere sûnde wist, om nei foaren to kommen en to tsjûgjen.
It wie dea-stil op it plein. Elk wachte oan't in namme neamd waerd en elk hope mar, dat it net ien út syn sibbe of kunde wie. It bleau lang stil en de spanning waerd hast ûndraechlik. Doe kamen twa mannen nei foaren en gyngen njonken Naboth stean. Hy koe har wol; it wiene net fan de bêsten, mar as boargers fan de stêd hiene se rjocht fan praten. ‘Witte jimme der fan?’ frege er, ‘En hawwe jim biwiis?’ De beide mannen bûgden. ‘Sa is it’, seine se earnstich. Gjin ien koe it har oansjen dat it allegearre forrie wie en dat hja it jild foar har leagens al bard hiene. Sa't hja dêr stiene, rjocht en strang, liken it twa fromme mannen dy't in ôfgriis hiene fan it kwea en dy't it allinne to rêdden wie om it heil fan 'e stêd en om 'e eare fan God.
Ien fan de beide forrieders naem it wurd. Lûd en strang klonk syn stim oer it stille plein: ‘Ik biskuldigje Naboth, de man dy't hjir foar jim stiet, dat er in swiere sûnde dien hat. Hwant hy giet foar in from man en in rêstich boarger, mar in pear dagen lyn hat bliken dien hwat er yn wierheit is: in dogeneat en in rebel. It muoit my, dat ik it sizze moat, mar Naboth hat God en de kening flokt en myn maet en ik binne ré om it mei in eed to bifêstigjen.’
Naboth waerd sa wyt as in deade, doe't er dy wurden hearde. Hy wist dat er ûnskuldich wie, hy bigriep dat it oars net wie as komplot om him to deadzjen en dat dizze beide skurken in falske eed dien hiene, mar hy bigriep ek dat neat him mear rêdde koe. Hjir sieten oaren achter, minsken mei jild en macht; miskien wie dit de wraek fan Achab. Sa moast it wêze: hy waerd formoarde om't er doe syn wyngert net misse woe! Sa fier wie it dus kommen yn Israël dat hy stjerre moast, om't er Gods wet net brekke woe. En it wie in kening, dy't sokke dingen die. Mar as er dan dochs it libben net rêdde koe, dan soe er to-minsten stjerre as in earlik man: hy soe se de wierheit sizze, dy twa falske tsjûgen en dy leffe âldsten, dêr om'e eare-tafel.
Hy spriek, sa't er noch noait dien hie, rjuchtút en skerp, mar it joech him neat. De âldsten en de notabelen stokelen it folk op en hja harken hast net iens nei him. Dit wie de dei fan syn fijannen en de oaren doarsten neat to sizzen. De ein wie, dat Naboth, as oproerling, ta de dea foroardiele waerd en dat ek syn soannen mei him stjerre moasten. Bûten de stêd waerden se stiennige.
Dyselde oerdeis noch ried in ruter de poarte fan Jizreël út: hy brocht oan Izébel birjocht dat Naboth net mear libbe en dat ek syn soannen stoarn wiene. Hja gyng sels nei Achab ta om it him to fortellen. Har eagen blonken. ‘Goed birjocht!’ sei se bliid. ‘Gean hinne en nim de wyngert fan Naboth ta in erflike bisitting, hwant Naboth libbet net mear, mar hy is dea!’
De âldsten en notabelen fan Jizreël hiene har wurk goed dien. Kening Achab koe de sier-tún oanlizze, dy't er al sa lang bigeard hie. Izébel hie har wraek hawn oer in tsjinner des Heare, de beide falske tsjûgen hiene har bloedjild bard. It wie gjin lytse som, mar de keninklike skatkist wie der goed foar. Der soe noch dagen-lang oer nei-praet wurde to Jizreël en dan soene de minsken it wer forjitte en alles soe gewoan syn gong gean.
Mar de jouns fan dy freeslike dei, doe't de Heare syn eagen gean liet oer de doarpen en stêdden fan Israël, doe seach er ek it bloed fan Naboth en syn soannen op it fjild by Jizreël en syn grime baernde tsjin Izébel en tsjin Achab as in fortarrend fjûr...
It wie de dei nei de moart op Naboth en Achab hie de reis al makke út Samaria wei nei Jizreël. Hy wie kommen om syn nijste oanwinst, de stellen wyngert, to bis jen. Mei syn offisieren, Jehu en Bidkar, ried er de paden lâns. Oan Naboth en syn wrede dea tocht er net mear. In boer, dy't him misledige hie, wie stiennige; in kening kin nou ienris net ynsitte oer elken-ien dy't deade wurd yn syn ryk. Fleurich en wol-to-moede ried er troch de wyngert.
En doe ynienen waerd er bleek fan skrik: foar syn wein op it paed stie de profeet Elia. Hy socht om wurden, mar ear't er noch hwat sizze koe, sei Elia: ‘Dus, dû hast deaslach dien en ek de wyngert al yn bisit nommen? Sa seit de Heare: ‘Ik haw justerjoun it bloed fan Naboth sjoen en it bloed fan syn soannen en Ik sil it dy for-