fjochtsjen, moat net romje as hie er de slach al woun!
De oare moarns kaem der in profeet des Heare by Achab. Sûnt it offer op 'e Karmel hie Izébel it net mear weage om de profeten des Heare to deadzjen en forskate wiene út har hoalen en skûlplakken wei kommen. Doe't Achab de Godsman oankommen seach, waerd er suver kjel. Hwat hong him nou wer boppe de holle? Mar dizze kear hie de profeet in goed wurd foar Achab: ‘Sa seit de Heare: hastû juster dat machtige leger fan Benhadad sjoen? Sjoch, Ik jow se hjoed noch yn dyn hân, datstû witte meist dat Ik de Heare bin!’
Achab leaude it daliks. ‘Troch hwa dan?’ frege er bliid en forheard. De profeet antwurde: ‘Troch de jonges fan 'e lânfâlden.’ Achab knikte. ‘Mar moatte wy dan oanfalle?’ De profeet antwurde: ‘Ja, jo moatte bigjinne.’
It wie Achab hast to great en to wûnderlik. Hjir siet er, opsletten yn syn eigen stêd, forslein en fornedere, en dizze selde dei soe er hiel dat machtich leger forslaen. Hwat in eare soe dat wêze! ‘Dat jim witte meije dat Ik de Heare bin...,’ hie de Godsman sein. Dat lêste, dêr tocht Achab al net mear oan. De eare fan God, dat telde er net, as er de striid mar woun en de greatske fijân slaen mocht. Mar it wie noch sa fier net en út alle macht bigoun er syn mannen ré to meitsjen foar de greate slach.
Op 'e gleone middei, doe't de sinne op it heechst wie en yn it leger fan Aram gjinien oan fjochtsjen tocht, gyng de poarte fan Samaria iepen en teagen de jonges fan 'e lânfâlden (twa hûndert twa en tritich man sterk), de stêd út. In machtich leger like it net en om 'e fijân net yndachtich to meitsjen, hiene se de skerpe wapens ûnder de wide mantels. Doe't Benhadad de tynge krige, wie er sahwat dronken. Krekt as de foarige deis siet er wer oan 'e wyn en nei de mislearre oanfal fan juster, dronk er noch mear, om 'e sinnen to forsetten. ‘Dus’ sei er grimitich, ‘der komt folk út 'e stêd’. Hy sette de wynbeker del. ‘Likefolle oft hja om frede komme of om to fjochtsjen, gryp se libben en sleep se hjir foar my.’ Nou soe er dochs noch syn wraek hawwe oer dy mislearre slach. En dêrmei joech er him wer oan 'e sterke wyn.
En wilens kamen de jonge mannen fan Achab al tichter by, net oars as wiene it oerrinders, dy't genôch fan 'e oarloch hiene. Mar doe't de Arameërs op har takamen, om har nei it kamp to fieren, griepen se ûnforhoeds it swurd en houden der wyld op yn. Noch ear't de Arameërs wisten hwat se der oan hiene, wie har forhoede al útinoar slein en stoarme de fijân al op har tinten los. De offisieren diene al har bêst om de flechtsjende soldaten to kearen, mar doe kaem Achab sels mei syn sawn tûzen man by de berch del. It waerd sa'n panyk, dat kening Benhadad net ienris by syn wein komme koe en op in los hynder flechtsje moast. Alle wapenreau, alle tinten en alle hynders hast foelen de Israëliten yn hannen.
Dyselde deis noch kaem de profeet op 'e nij by Achab en sei: ‘Gean hinne, sterkje jo en wit hwat jo to dwaen stiet; hwant mei forrin fan in jier sil de kening fan Aram wer tsjin jo opkomme.’ Achab hie net oars forwachte en hiel dat jier riste er him ré ta de kommende striid.
Sadré't de winter oer wie en alle wegen droech, teach Benhadad wer it Súden yn. Dizze reis wie er der noch better op klear: de twa en tritich keningen, dy't hwat to folle om har sels en to min om har hear tocht hiene, wiene ôfset en ynpleats hie nou elke stam in lânfâd, dy't fjouwer ôfdielingen soldaten leverje moast yn tiid fan oarloch. It hie ek mis west, tocht kening Benhadad, dat hja doe in oanfal op Samaria weage hiene; it wie in sterke stêd en dy God fan Israël, dat stie bikend, wie in echte berchgod. Nou soene se yn 'e flakte slach leverje en dan wiene de goaden fan Aram wis sterker.
It slagge Benhadad net om wer in ein yn Israël op to tsjen; net iens sa fier fan 'e grins, by it stedtsje Afek, wachte Achab him op, fansels wer yn in sterke berchstelling. Sels dagen leine de beide legers foar inoar oer: Benhadad woe allinne yn 'e flakte fjochtsje en Achab woe mar net fan 'e berch ôfkomme.
De sawnde deis kaem de profeet wer by Achab en spriek: ‘Omdat dy Arameërs sein hawwe dat Ik in god fan 'e bergen bin en net in god fan 'e flakte, dêrom sil Ik hiel dy mannichte yn dyn hân jaen, dat jim witte meije dat Ik de Heare bin.’ Achab wie tige bliid. Dat dy heidenen de namme des Heare húnd hiene, dat koe him it measte net skele; hy foun it al lang moai dat er it winne soe.